Charlotte Brontë

Ut Wikipedy
Charlotte Brontë
skriuwer
Charlotte Brontë, foto 1854
Charlotte Brontë, foto 1854
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Lord Charles Albert
Florian Wellesley
Currer Bell
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk
berne 21 april 1816
stoarn 31 maart 1855 (38 jier)
wurk
taal Ingelsk
sjenre Roman, Poëzy
bekendste
  wurk(en)
Jane Eyre (1847)
Villette
jierren aktyf 1844-1853


Charlotte Brontë
Portret fan George Richmond

Charlotte Brontë (Thornton, 21 april 1816Haworth, 31 maart 1855) wie in Britske skriuwster.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sy hie twa susters dy't ek ferneamde skriuwsters wiene: Anne en Emily. Ek wie der in broer: Branwell Brontë. Harren heit Patrick Brontë wie in predikant fan Iersk komôf. Charlotte brûkte it pseudonym Currer Bell.

Yn 1831 folge sy lessen yn Roe Head en wie twaris in skoft gûvernante. Yn 1842 gong sy mei hat jongere suster Emily, mei wa't se in priveeskoalle begjinne woe, nei it pensjonaat Heger yn Brussel dêr't hja fereale waard op direkteur Constantin Héger. In protte fan har ûnderfinings ferwurke se yn har romans, benammen yn it ferneamd wurden Jane Eyre (1847).

Neidat har suster Emily ferstoarn wie, waard Emily's ferneamde roman Wuthering Heights útbrocht ûnder redaksje fan Charlotte.

Charlotte troude yn juny 1854 mei de helppredikant fan har heit, Arthur Bell Nichols. Noch gjin jier letter stoar sy krekt as Emily oan tuberkuloaze. Neffen in protte biografen soe hja lykwols stoarn wêze oan de gefolgen fan hyperemesis gravidarum.[1]

Yn 1857 ferskynde har biografy Life of Charlotte Brontë, in wurk fan kollega-skriuwster en freondinne Elizabeth Gaskell. It boek is fral rjochte op de ferhâlding tusken Charlotte's identiteit as skriuwster en har rol as dochter, suster en (troude) frou.

Bekendste wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jane Eyre
  • The Professor
  • Shirley
  • Vilette
  • Poems (Currer, Ellis en Acton Bell)

Ferfilmings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jane Eyre

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oxford University Press: The death of Charlotte Brontë