Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2025
Siden fan de wike yn 2025
[boarne bewurkje]Wike 1
In oark (útspr.: [oərk], likernôch "oar-k" of [wark], likernôch "ûark"; meartal: oarken, útspr.: [ˈwarkn̩], likernôch: "ûar-k'n") is in mytysk wêzen dat nau besibbe is mei, of synonym oan de eardske. Hoewol't de oarken tebekgeane op in breed ferskaat oan histoaryske literatuer en folksferhalen, komt it byld dat yn 'e tweintichste iuw yn 'e popkultuer fan dit wêzen ûntstien is, streekrjocht út 'e wurken fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien. Dyselde helle de yn 'e ferjitnis rekke oarken yn 'e moderne tiid wer foar it fuotljocht. Mar wat wichtiger wie, hy stelde harren yn syn boeken The Hobbit en The Lord of the Rings foar as brute, aggressive, ôfwearzige en oer it algemien boasaardige wêzens, dy't yn alles it tsjinstelde binne fan 'e wize en goedaardige, hoewol soms arrogante en heechmoedige elven. De oarken fan Tolkien waarden neitiid oernommen troch oare fantasyskriuwers en teffens troch rollespullen en fideospultsjes, lykas Dungeons & Dragons, Warhammer en Warcraft.
Wike 2
De Snieman, yn it oarspronklike Deensk: Sneemanden, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1861, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr og Historier: Anden Række ("Nije Mearkes en Stoarjes: Oarde Rige"), yn 'e mande mei seis oare mearkes (Tolve oer de Post, De Toarre, Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst, De Stien fan de Wize, Yn it Einehok en De Goadinne fan de Nije Iuw). De Snieman is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar it waard yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.
Wike 3
It Kustterritoarium (Russysk: Приморский Край, Primorskij Kraj), ynformeel ornaris de Kust neamd (Russysk: Приморье, Primorje), is in territoarium (kraj) fan 'e Russyske Federaasje. It leit yn it Russyske Fiere Easten, yn it uterste súdeasten fan Sibearje, ynklamme tusken Sina en de Japanske See. It Kustterritoarium hat ek in koarte grins mei Noard-Koreä. De haadstêd en teffens grutste stêd is Vladivostok. Yn 'e mande mei stêden oan 'e Swarte See en de See fan Azov binne de havens fan it Kustterritoarium de seldsume Russyske havens dy't winterdeis iisfrij bliuwe. It Kustterritoarium waard yn 1860 troch it Keizerryk Ruslân anneksearre; earder makke it diel út fan Bûten-Mantsjoerije, dat ta it Keizerryk Sina hearde. As bestjoerlike ienheid waard it yn syn hjoeddeistige foarm yn 1938 oprjochte. It Kustterritoarium hie yn 2021 rom 1,8 miljoen ynwenners.
Wike 4
De Sarsy (Ingelsk: Sarcee; Sarsy: Tsúùt’ǐnà), ek wol Tsuu T'ina neamd (in ferbastering fan harren autonym), binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta wennet. Harren taal, it Sarsy, heart ta de Atapaskyske taalfamylje. Histoarysk ûnderholden de Sarsy in bûnsgenoatskip mei it folle gruttere folk fan 'e Swartfuotten (Blackfeet). Hjoed oan 'e dei binne der noch sa'n 1.300 Sarsy, dy't in eigen reservaat ûnder de reek fan 'e stêd Calgary hawwe.
Wike 5
Flodder is in Nederlânske komeedzjefilm út 1986 ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Huub Stapel, Nelly Frijda, Tatjana Šimić en René van 't Hof. It ferhaal giet oer de asosjale húshâlding Flodder, dy't ferhúzje moat út in hûs yn in efterbuert dat op fergiftige grûn blykt te stean. De gemeente beslút om harren by wize fan sosjaal eksperimint in nije wente ta te wizen yn 'e fillawyk Zonnedael. Dat liedt ta gaos as de Flodders wegerje om har oan it nije fermidden oan te passen. De titel fan 'e film ferwiist sawol nei de namme fan it gesin as nei in losse flodder, mei it efterlizzende idee dat de Flodders nettsjinsteande har foarkommen eins net botte gefaarlik binne. Flodder kin mei syn absurde sitewaasjes en polityk ynkorrekte humor sjoen wurde as in satire op 'e Nederlânske wolfeartssteat. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in ûnbidich súkses yn 'e bioskopen. Dat joech oanlieding ta de mediafranchise Flodder, mei't der oer deselde húshâlding noch twa ferfolchfilms en in tillefyzjesearje makke waarden.
Wike 6
De Kanadeeske lynks (wittenskiplike namme: Lynx canadensis) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx). Dit bist is lânseigen yn it grutste part fan Kanada en fan 'e Amerikaanske steat Alaska, wylst it ek foarkomt yn 'e Rocky Mountains en de krite direkt bewesten de Grutte Marren yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. De Kanadeeske lynks is in middelgrutte karnivoar, dy't benammen de Amerikaanske hazze (Lepus americanus) bejaget. Hy falt op troch syn bûtenproporsjoneel grutte, swier behierre poaten, de "bakkeburden" oan wjerskanten fan it kin en de toefkes op 'e punten fan 'e earen. De Kanadeeske lynks is nau besibbe oan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), en moat net betize wurde mei in oar lid fan it lynkseskaai dat yn Noard-Amearika foar in diel yn itselde gebiet foarkomt, de reade lynks of bobcat (Lynx rufus).
Wike 7
Hercule Poirot (útspr.: [ɛʁˈkyl pwaˈʁoː], likernôch "ech-kúl pwa-choo") is in fiktive privee-detektive, dy't betocht waard troch de Ingelske skriuwster Agatha Christie. Yn 'e mande mei Miss Marple is hy ien fan har meast ferneamde personaazjes, al is yn syn gefal bekend dat Christie har eigen skepping net lije mocht. Poirot is in Belch dy't foarhinne as plysjeman wurke. Hy is de haadpersoan yn 33 romans, 51 koarte ferhalen en 2 toanielstikken, dy't fan 1920 oant 1975 oer in perioade fan 55 jier publisearre waarden. De ferhalen oer him binne gauris adaptearre ta harkspullen, films en tillefyzjesearjes, en Poirot is dêrby spile troch in ferskaat oan ferneamde akteurs.
Wike 8
Miami Beach is stêd en baaiplak yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. It heart ta de stêdekloft fan Miami, mar is in selsstannige gemeente dy't bestjoerlik los stiet fan dy gruttere, oanbuorjende stêd. Miami Beach leit op in stikmannich foar in diel natuerlike en foar in diel keunstmjittige barriêre-eilannen foar de eastkust fan it Floarida-skiereilân, en wurdt ynklamme tusken de Atlantyske Oseaan yn it easten en de Biscaynebaai yn it westen, dy't de stêd skiedt fan Miami. De súdlike wyk South Beach fan Miami Beach foarmet yn 'e mande mei de binnenstêd fan Miami en de haven fan Miami it kommersjele hert fan súdlik Floarida. Sels stiet Miami Beach benammen bekend as in toeristyske bestimming, omreden fan syn strannen. Neffens in offisjele skatting út 2019 hie de stêd doe krapoan 89.000 ynwenners.
Wike 9
Jacques Cartier (Frânske útspr.: [ʒak kaʁˈce], likernôch: "zjak kach-tjee"; Bretonsk: Jakez Karter; Saint-Malo, 31 desimber 1491 – dêre, 1 septimber 1557) wie in Frânsk seeman en ûntdekkingsreizger fan etnysk Bretonsk komôf. Tusken 1532 en 1542 makke er trije reizen nei it noardeastlike kustgebiet fan Noard-Amearika, dêr't er as earste de Saint Lawrencebaai yn kaart brocht en de rivier de St. Lawrence folge oant yn it binnenlân. Dat gebiet neamde er it "Lân fan 'e Kanada's", nei de beide grutte Irokeeske delsettings dy't er seach op 'e plakken dêr't no de stêden Kebek en Montreal lizze. Dêrmei is Cartier de nammejouwer fan Kanada. Hy naam it streamgebiet fan 'e St. Lawrence yn besit foar de Frânske Kroan en lei dêrmei de grûnslach foar de lettere Frânske koloanje Nij-Frankryk, dêr't de hjoeddeistige Frânsktalige Kanadeeske provinsje Kebek út fuortkomt.
Wike 10
It Tinkteken foar Lincoln (Ingelsk: Lincoln Memorial) is monumint yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. It is boud is ta eare fan Abraham Lincoln, de sechstjinde presidint fan 'e Feriene Steaten, dy't de slavernij ôfskafte en yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika fersloech. It Tinkteken foar Lincoln stiet oan 'e westlike ein fan 'e National Mall en waard tusken 1914 en 1922 yn neoklassisistyske boustyl set. It is 24 oeren deis iepen foar besichtiging en is ien fan 'e meast besochte besjensweardichheden yn Washington, mei yn 2019 7,8 miljoen besikers. It Tinkteken foar Lincoln is op 'e noed fan 'e Amerikaanske National Park Service.
Wike 11
Zane Grey (folút: Pearl Zane Grey; Zanesville (Ohio), 31 jannewaris 1872 – Altadena (Kalifornje), 23 oktober 1939) wie in Amerikaansk skriuwer, toskedokter en filmprodusint. Hoewol't er ek yn oare sjenres aktyf wie, is er fierwei it bekendst wurden troch syn pionierswurk op it mêd fan 'e westernroman. Guon fan syn bekendste wurken binne Riders of the Purple Sage út 1912, ien fan 'e earste echte westerns, it trijeris ferfilme Desert Gold, en fierders Code of the West en Knights of the Range.
Grey hie dêrmei grutte ynfloed op 'e mytefoarming oer it Wylde Westen. Syn boeken wiene tige populêr, net inkeld yn 'e Feriene Steaten mar ek om utens, en hy wie ien fan 'e earste auteurs dy't troch har skriuwwurk miljonêr waarden. It skriuwen gie Grey ôf dat it slydjage, dat hy hie úteinlik in oeuvre fan mear as 90 boeken. Doe't er yn 1939 stoar, lei der by syn útjouwer noch sa'n steapel manuskripten, dat der oant 1963 elts jier noch in nije roman fan him útkaam. Yn totaal ferkocht er mear as 40 miljoen boeken. Njonken de ynfloed dy't Grey op syn lêzers hie, foarme er ek in grutte ynspiraasjeboarne foar lettere westernskriuwers. Boppedat krigen in protte fan syn wurken twadde libbens as film- en tillefyzjeadaptaasjes, dêr't er oant hjoed de dei ta de Amerikaanske kultuer yn it bysûnder, mar ek de Westerske kultuer yn it algemien mei beynfloedet.
Wike 12
De 1920-er jierren, ek oantsjut as de tweintiger jierren en de jierren ’20, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1921 en duorre it oant en mei 31 desimber 1930, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1920 oant en mei 31 desimber 1929. Dit earste desennium fan it Ynterbellum krige yn it Ingelsk de bekende bynamme fan 'e Roaring Twenties, letterlik de "Brullende Tweintiger Jierren", in oantsjutting dy't ferwiist nei de ekonomyske oplibbing nei de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch, de maatskiplike en kulturele fernijings yn it Westen en de algemiene positive ynstelling dy't it desennium dominearre. Wylst guon dielen fan 'e wrâld, benammen yn East-Jeropa, ôfglieden nei faksisme mei totalitêre rezjyms, oerhearske yn Noard-Amearika en West-Jeropa oer it algemien it optimisme. Dêr kaam abrupt in ein oan mei de beurskrach fan 1929, dy't it begjin fan 'e Grutte Depresje en de oergong nei de 1930-er jierren foarme.
Wike 13
De Amerikaanske Marine (Ingelsk: United States Navy of U.S. Navy, ôfkoarte ta USN) is ien fan 'e tûken fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, de kriichsmacht fan 'e Feriene Steaten fan Amearika. It is in marine en ien fan 'e acht unifoarmearre tsjinsten fan de Feriene Steaten. De Amerikaanske Marine hat (de reserve ynbegrepen) in sterkte fan krapoan 430.000 man, en beskikt oer in totaal fan 430 marineskippen. It is dêrmei de grutste en sterkste marine fan 'e wrâld. Bestjoerlik ressortearret de Amerikaanske Marine ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. De marine waard yn 1775 oprjochte as de Kontinintale Marine, en hat sûnt yn likernôch santich oarloggen en oare konflikten fochten. De ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine wurdt fersoarge troch de Amerikaanske Marine-akademy te Annapolis.
Wike 14
Hainan (Sineesk: 海南; Mandarynske pinyin-transliteraasje: Hǎinán; Kantoneeske jyutping-transliteraasje: Hoi2naam4; Hainaneesk: Hái-nâm) is it grutste eilân fan Sina, dat foar de kust fan 'e provinsje Guangdong yn 'e Súdsineeske See leit. Sûnt 1988 is it eilân ek in provinsje op himsels: de lytste en súdlikste fan Sina. Behalven Hainan sels rekkenet it Sineeske regear ek trije ûnbewenne eilannegroepen yn 'e Súdsineeske See ta de provinsje, dy't ferspraat lizze oer in ôfstân fan tûzenen kilometers. Gjin inkeld oar lân yn 'e wrâld erkent dy oanspraak en ferskate oare lannen yn Súdeast-Aazje hawwe eigen oanspraken op 'e eilannen. De befolking fan Hainan bestiet foar mear as fjouwerfyfde út etnyske Han-Sinezen, dy't foar it meastepart Hainaneesk sprekke, in dialekt fan it Hokkineesk. De grutste lânseigen groep fan Hainan wurdt foarme troch de Li of Hlai, dy't krapoan 16% fan 'e befolking útmeitsje. Neffens de folkstelling fan 2020 hie Hainan doe goed 10 miljoen ynwenners. De haadstêd en tagelyk grutste stêd fan it eilân en de provinsje is Haikou, oan 'e noardkust. Sanya, oan 'e súdkust, is it bekendste baaiplak fan Sina en in wichtige binnenlânske toeristyske bestimming foar miljoenen Sinezen.
Wike 15
It Prinsdom Oranje (Frânsk: Principauté d'Orange, útspr.: [pʀʌ̃sipo:'te: do:'ʀɔ̃ʒ], likernôch: "preons-si-poo-tee doo-rânzj; Oksitaansk: Principat d'Aurenja, útspr.: [prinsi'pat do'rεnʒa], likernôch: "pryn-si-pat doo-ren-zja) wie in ûnôfhinklik minysteatsje oan 'e rivier de Rône yn súdlik Frankryk. It bestie fan 1163, doe't de Hillige Roomske keizer Freark I it Boergondyske Greefskip Oranje ferhefte ta in soeverein prinsdom binnen it Hillige Roomske Ryk, oant 1713, doe't it foargoed yn Frânske hannen kaam en opgie yn it doetiidske Keninkryk Frankryk. Fan 1530 ôf wie it Prinsdom Oranje in besitting fan ferskate tûken fan it Hûs Nassau. Begjinnend mei Willem fan Oranje ûntstie dêrtroch in bân mei de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen dy't wol wat wei hie fan in personele uny. De namme fan it Hûs Oranje-Nassau, it Nederlânske keningshûs, giet werom op it prinsdom, en sa ek it feit dat oranje de nasjonale kleur fan Nederlân is.
Wike 16
It Shedd Aquarium (eins it John G. Shedd Aquarium) is in iepenbier akwarium en dolfinarium yn 'e Amerikaanske stêd Chicago. It omfiemet 19 miljoen liter wetter en 32.000 bisten fan 1.500 ûnderskate soarten, ynkl. fisken, seesûchdieren, fûgels, slangen, amfibyen en ynsekten. It gie iepen yn 1930 en wie lange tiid it grutste binnendoarakwarium fan 'e wrâld. It wie ek it earste akwarium mei in permaninte kolleksje seefisken dat fier fan 'e see ôf lei. It Shedd Aquarium is fêstige yn 'e binnenstêd fan Chicago, oan South Lake Shore Drive, fuort oan 'e igge fan 'e Michiganmar, en makket mei it deunby steande Field Museum en Adler Planetarium diel út fan 'e Museum Campus Chicago. It wie yn 2005 it bêst besochte akwarium yn 'e Feriene Steaten, yn 2007 de bêste besochte attraksje fan Chicago, en mocht yn 2015 mear as 2 miljoen besikers ferwolkomje. It gebou fan it Shedd Akwarium hat sûnt 1987 de status fan monumint.
Wike 17
De Semityske talen, foarhinne ek wol de Syro-Arabyske talen neamd, foarmje in taalfamylje wêrfan't de talen sprutsen wurde yn it Midden-Easten, Noard-Afrika, de Hoarn fan Afrika en op Malta. De namme fan 'e groep ferwiist nei de Bibelske persoan Sem, ien fan 'e soannen fan Noäch, dy't de stamfaar fan 'e Middeneastlike folken wurden wêze soe. Der binne sa'n 107 Semityske talen, de útstoarne talen ynbegrepen. De noch libbene talen fan 'e famylje telle anno 2018 wrâldwiid mear as 350 miljoen memmetaalsprekkers. De grutste talen binne it Arabysk (eins in dialektkontinuum dat bestiet út in grut tal ferskillende sprektalen), Amhaarsk, Tigrinja, Hebriuwsk, Tigreesk, Arameesk-Assyrysk en Malteesk. Under de Semityske talen binne guon fan 'e ierst (skriftlik) oerlevere talen út 'e minsklike skiednis, lykas it Akkadysk. Oare tige ynfloedrike útstoarne Semityske talen binne it Fenisysk, Arameesk, Syrysk en Geëz.
Wike 18
The Bridge on the River Kwai is in Amerikaansk-Britske histoaryske oarlochsfilm en anty-oarlochsfilm út 1957 ûnder rezjy fan David Lean, mei yn 'e haadrollen William Holden en Alec Guinness. De titel betsjut "De Brêge oer de Rivier de Kwai". De film waard basearre op 'e roman Le Pont de la Rivière Kwaï, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle. It ferhaal folget in kloft Amerikaanske en Britske kriichsfinzenen, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch de Japanners ynset wurdt om in spoarbrêge oer de rivier de Kwai te bouwen. Hoewol't de film gebrûk makket fan 'e histoaryske setting fan 'e oanlis fan 'e Birmaspoarwei yn 1942 en 1943, binne it fierdere ferhaal en de personaazjes frijwol folslein fiktyf. The Bridge on the River Kwai krige doedestiden oerweldigjend positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bêste films aller tiden. It wie de meast opbringende film fan 1957 en wûn sân Oscars, trije Golden Globes en fjouwer BAFTA's, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Dramafilm.
Wike 19
De waskbear (wittenskiplike namme: Procyon lotor) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e lytse bearen (Procyonidae) en it skaai fan 'e waskbearen (Procyon), dat lânseigen is yn Noard- en Midden-Amearika. Dit bist komt tsjintwurdich lykwols as eksoat ek yn Jeropa, Japan en Kaukaazje yn it wyld foar. De waskbear is in middelgrut bist mei in langhalige lichemsfoarm en in grize pels, dat tige werkenber is troch syn ringsturt en syn swarte masker. De namme komt fan syn oanwenst om syn fretten foar it opiten ôf te spielen yn wetter. Waskbearen binne omnivoare nachtdieren, dy't bekendsteane om har yntelliginsje en har handigens mei har foarpoaten, suver lytse hantsjes allyk. In mantsjes hjit in bear en in wyfke is in sûch, krekt as by bargen. De IUCN klassifisearret de waskbear as net bedrige.
Wike 20
Zendaya Coleman (útspr.: [zɛn'de:jə], likernôch: "zen-dee-juh"; folút: Zendaya Maree Stoermer Coleman; Oakland (Kalifornje), 1 septimber 1996) is in Amerikaansk aktrise, model, sjongster en dûnseresse fan mingd Afro-Amerikaansk en Dútsk etnysk komôf. Se lit har efternamme faak falle en brûkt dan har selden foarkommende foarnamme as artystenamme. Zendaya begûn al tige jong op te treden as dûnseresse en aktrise en briek yn 2009 troch mei de haadrol fan Rocky Blue yn 'e tillefyzjesearje Shake It Up. Ek hie se haadrollen yn 'e komeedzjesearje K.C. Undercover en de dramasearje Euphoria. Om utens waard se benammen bekend troch har filmrollen yn 'e superheldefilms Spider-Man: Far from Home en Spider-Man: No Way Home, de filmmusical The Greatest Showman en de science fiction-film Dune.
Wike 21
Yn it monoteïsme wurdt God foarsteld as de iennichste god, it Opperwêzen, de skepper-god en it wichtichste foarwerp fan leauwe en ferearing. It ferskil tusken de monoteïstyske God en in willekeurige oare god wurdt werjûn troch it gebrûk fan in haadletter. Yn 'e teology wurde oan God ornaris eigenskippen taskreaun as alwittendheid, almacht, rûnombywêzigens en in ivich bestean sûnder begjin of ein. Ofhinklik fan 'e foarm fan monoteïsme dy't de leauwende oanhinget, kin soks begrepen wurde yn oerdrachtlike sin of yn letterlike sin. Yn 'e regel wurdt God beskôge as in (ymmaterieel) wêzen fan geast dat transendint is (bûten de natoer stiet, oftewol boppenatuerlik is). Guon religyen omskriuwe God sûnder geslacht, wylst oaren tradisjoneel oantsjuttings as "Hy", "Him" en "Heit" brûke en dêrmei (alteast ymplisyt) útgeane fan manlikens. Binnen it monoteïsme besteane ferskate filosofyen, lykas it teïsme, it deïsme en it panteïsme, dy't justjes ferskillende opfettings oer God hawwe. It ateïsme is in filosofy dy't draait om it ûnleauwe yn it bestean fan God.
Wike 22
Folle Spul om Neat, yn it oarspronklike Ingelsk: Much Ado About Nothing, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't it ferhellet oer de swierrichheden dy't twa pearkes ûnderfine op harren wei nei it houlik. It stik wurdt yn 'e regel beskôge as ien fan Shakespeare syn bêste komeedzjes, mei't it hilariteit kombinearret mei serieuze prakkesaasjes oer eare, skamte en polityk. Folle Spul om Neat moat skreaun wêze yn 1598 of 1599, en waard foar it earst publisearre yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.
Wike 23
Piet Adema (folút: Pieter Adema; De Pein, 6 novimber 1964) is in Frysk bestjoerder en politikus foar de KristenUny. Hy begûn syn politike wurkpaad op lokaal nivo foar it GPV, ien fan 'e foarrinners fan 'e KristenUny. Letter hied er sit yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân, en fan 2007 oant 2011 wied er deputearre mei sizzenskip oer ferkear en ferfier, miljeu en earmoedebelied. Neitiid tsjinne Adema as waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen, Tynaarlo en Borger-Odoorn. Ek wied er acht jier lang partijfoarsitter fan 'e KristenUny. Fan 2022 oant 2024 naam Adema de swiere post fan minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit op him yn it kabinet-Rutte IV. Mei syn plannen foar ynkrimping fan 'e agraryske sektor yn Nederlân makke er net folle freonen, mar nei't er opfolge wie troch Femke Wiersma fan 'e boerepartij BBB, die bliken dat sy mei in protte fan Adema syn plannen fierder woe.
Wike 24
Flibe (mooglik in âld lienwurd op basis fan it Latynske phlegma) is in lichemseigen floeistof, oanmakke troch de flibeklieren en ôfskaat yn 'e mûle. It bestiet foar mear as 99% út wetter, oanfolle mei in stikmannich oare stoffen. Flibe hat as wichtichste funksjes om foar te kommen dat de orale slymfluezzen útdrûgje, om as glydmiddel by it slokken en it praten te tsjinjen en om by iten dat yn 'e mûle nommen wurdt in begjin te meitsjen mei it proses fan 'e spiisfertarring.
Wike 25
Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931 - Drachten, 29 oktober 2018) wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk. Hy wie ferantwurdlik foar in grut ferskaat oan fertalings fan proaza en poëzij út it Aldgryksk, Latyn, Midfrysk, Nederlânsk en Midnederlânsk, Dútsk, Ald-, Mid- en modern Ingelsk, Frânsk, Russysk, Skotsk en Spaansk. Foar de oersettings fan trije trageedzjes fan Sofoklês (Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos) krige Bruinsma yn 1993 de Dr. Obe Postmapriis. Foar syn oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros ûntfong er yn 2005 jitris dyselde priis en yn 2007 waard er dêrfoar eare mei de Sulveren Anjer. Njonken syn wurk as oersetter wie Bruinsma ek aktyf as dichter en as skriuwer fan non-fiksje.
Wike 26
Sûker, ek bekend as kristalsûker of tafelsûker, is in fiedingsmiddel mei in tige swiete smaak, dat dêrom rûnom yn iten en drinken brûkt wurdt as swietstof. In protte minsken dogge it bgl. as kondimint yn tee en kofje, en it wurdt as yngrediïnt ek tafoege oan in protte gerjochten. Sûker wurdt yn fabriken wûn út beskate lânbougewaaksen, om persiis te wêzen sûkerreid en sûkerbiten. Men makket sadwaande ûnderskie tusken reidsûker, dat wrâldwiid folle mear foarkomt, en bytsûker, dat ûnder mear op it fêstelân fan Jeropa de merk behearsket. Sa is frijwol alle sûker yn Nederlân bytsûker. Sacharoaze, de algemiene beneaming foar sûker yn 'e skiekundige sin, is in koalhydraat, mear spesifyk in disacharide mei de molekúlformule C12H22O11.
Wike 27
De Evakuaasje fan Dúntsjerk, ek bekend ûnder de koadenamme Operaasje Dynamo, wie de evakuaasje fan in grut tal Alliëarde militêren fan it fêstelân fan Jeropa oer It Kanaal nei Ingelân yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Under de seiswykske Slach om Frankryk waard ein maaie 1940 in grut tal Britske, Belgyske en Frânske soldaten fan 'e rest fan it Frânske Leger ôfsnien troch de flugge opmars fan 'e Dútske troepen. Hja waarden troch de Dútsers besingele by de Noardfrânske havenstêd Dúntsjerk.
De evakuaasje sette útein op 26 maaie en duorre oant en mei 4 juny. Dêrby waarden úteinlik 338.226 Alliëarde militêren rêden en ûnder oanhâldende loftbombardeminten troch de Luftwaffe en oanfallen fan Dútske U-boaten troch in float fan marineskippen en boaten út 'e boargerskipfeart oerfearn nei Ingelân. Hoewol't de evakuëarre soldaten frijwol al harren materieel efterlitte moasten, waard dêrmei in ramp ôfkeard, om't se neitiid op 'e nij tarist waarden en de striid tsjin nazy-Dútslân ferfetsje koene. De Britske premier Winston Churchill omskreau de Evakuaasje fan Dúntsjerk yn syn ferneamde We shall fight on the beaches-taspraak fan 4 juny dan ek as in "wûnder fan ferlossing".
Wike 28
Read is in kleur dy't him oan 'e ein fan it spektrum fan sichtber ljocht befynt, krekt foar't dat oergiet yn ynfraread, dat it minsklik each net gewaarwurde kin. Yn 'e kleuresirkel grinzget read oan 'e iene kant oan oranje en oan 'e oare kant oan pears. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 625-740 nm en in frekwinsje fan rûchwei 480-400 THz. By additive kleurminging is read in primêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur. Read is de komplemintêre kleur fan syaan. Kwa tinten rint read útinoar fan oranjeread, dat ek as tint fan oranje beskôge wurde kin, oant kastanjebrún, dat ek in tint fan brún is. Op it mêd fan yntensiteit rint read útinoar fan it bleke rôze oant it dûnkere bloedread. Yn 'e heraldyk is read in heraldyske kleur en hat it de namme kiel. Yn sprekwurden seit men: sa read as bloed, sa read as fjoer, sa read as in foks of sa read as in kraal.
Wike 29
Stacked wie in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't fan 2005 oant 2006 troch de stjoerder Fox yn 'e Feriene Steaten op 'e tillefyzje brocht waard. It wie in komeedzjesearje oer in boekhannel, mei yn 'e haadrol aktrise Pamela Anderson as in atypyske boekeferkeapster. De searje waard nei twa seizoenen stopsetten omreden fan ôffallende sjochsifers. Fan 'e trettjin produsearre ôfleverings waarden der fiif nea op Fox útstjoerd. Werhellings fan 'e hiele searje hawwe sûnt te sjen west op lokale tillefyzjestasjons yn 'e Feriene Steaten en op bûtenlânske stjoerders.
Wike 30
De fealtoefspjocht (Celeus elegans) is in fûgel út it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae) en it skaai fan 'e Súdamerikaanske toefspjochten (Celeus). It is in lytseftich bist mei in fearrekleed dat fierhinne bestiet út brúntinten, mar mei in opfallende gielige (feale) toef op 'e kop. De fealtoefspjocht is lânseigen yn it Amazônegebiet fan Súd-Amearika, benammen yn noardwestlik Brazylje. Hy fret sawol ynsekten as plantaardich guod en nêstelet, lykas hast alle spjochten, yn hoalen dy't er yn beamstammen makket. Der binne, ynsafier bekend, seis ûndersoarten. De IUCN klassifisearret de fealtoefspjocht as net bedrige.
Wike 31
De Keninklike PC (in Nederlânske ôfkoarting foar Permanente Commissie; Frysk: "Permaninte Kommisje") is de wichtichste Fryske keatspartij foar manlju. Dit evenemint wurdt sûnt 1850 yn prinsipe alle jierren holden, en fynt plak op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Tsjintwurdich dogge oan dizze partij 16 partoeren mei. Allinne troch it KNKB selektearre haadklassers en earste-klassers komme yn oanmerking en nim diel oan 'e PC. Op dizze keatspartij komme alle jierren sa'n 12.000 belangstellenden ôf. De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan 1 july ôf. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei (Nederlânsk en offisjeel: Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag). Troch omstannichheden hat de PC yn syn skiednis fjouwer kear in jier oerslaan moatten. Sadwaande waard yn 2024 de 171e edysje holden.
Wike 32
It Flylânsk (Flylânsk: Flielands) wie it Hollânske dialekt dat foarhinne sprutsen waard op it ta de provinsje Fryslân hearrende waadeilân Flylân. It wie fan oarsprong nau besibbe oan it Tekselsk, it Wieringsk en it Inkhústersk. Dy fjouwer dialekten foarmen nammentlik mei-inoar de Eilânwestfryske dialektgroep binnen de gruttere kloft fan 'e Westfryske dialekten. It Westfrysk makket sels wer ûnderdiel út fan it Hollânsk. Fan it Flylânsk is net folle oerlevere, útsein in stikmannich koarte ferhalen fan ûnderwizer Engel Molenaar út 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw. De lêste sprekster fan it dialekt ferstoar yn 1993.
Wike 33
T.S. Eliot (folút Thomas Stearns Eliot, St. Louis (Missoury), 26 septimber 1888 – Londen, 4 jannewaris 1965) wie in Amerikaansk-Britsk dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en literêr en maatskippijkritikus, dy't ta de wichtichste Ingelsktalige dichters fan 'e tweintichste iuw rekkene wurdt. Hy die yn 1915 foar it earst fan him sprekken mei it gedicht The Love Song of J. Alfred Prufrock, in masterwurk fan 'e modernistyske beweging. Syn oeuvre omfettet fierders guon fan 'e bekendste gedichten út 'e Ingelsktalige literatuer, lykas The Waste Land, The Hollow Men, The Journey of the Magi, Ash Wednesday en Four Quartets. Eliot is ek bekend om sân toanielstikken, wêrûnder Murder in the Cathedral. Yn 1948 waard oan him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.
Wike 34
It Twadde Brief oan de Korintiërs, yn it oarspronklike Gryksk: Β' Επιστολή προς Κορινθιους, Bēta Epistoli pros Korinthious, ek wol koartwei 2 Korintiërs neamd, is it achtste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de trêde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, wurdt suver nea yn 'e kiif steld, al neamt er sels yn 'e ynlieding Timóteüs as mei-skriuwer. 2 Korintiërs waard om it jier 57 hinne skreaun yn Masedoanje, mei as doel om 'e kristlike gemeente yn it Grykske Korinte, dy't Paulus sels stifte hie (sjoch: Hannelingen 18:1-17) op it rjochte paad te hâlden. De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Korintiërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Wike 35
Gayle Jenkins, Lady Jenkins (famkesnamme: Hunnicutt; 6 febrewaris 1943 - 31 augustus 2023) wie in Amerikaanske film-, telefyzje- en toanielaktrise. Se kaam út in militêre húshâlding en wurke as model foar't se in karriêre as aktrise begûn. Hja spile yn goed 30 films, wêrûnder de neo-noir detektivefilm Marlowe (1969), de spionaazjefilm Scorpio (1973) en de telefyzjefilm Return of the Man from U.N.C.L.E. (1983). Ek publisearre se twa boeken. Hunnicutt troude twaris en hie twa bern.
Wike 36
Kasablanka (Arabysk: الدار البيضاء, sekuere transliteraasje: Ad-Dār al-Bayḍā’, likernôch: "Ad-Daar al-Bai-daa"; Berbersk: ⴰⵏⴼⴰ, transliteraasje: Anfa; Frânsk: Casablanca, fan it Spaanske casa blanca, "wyt hûs") is de grutste stêd fan Marokko. It plak leit oan 'e Atlantyske kust yn it noardwesten fan it lân, en is ien fan 'e grutste ekonomyske en finansjele sintra fan hiel Afrika. Kasablanka is ek in wichtich havenplak (it grutste yn Marokko nei Tanger) en de thúsbasis fan 'e Keninklike Marokkaanske Marine. Neffens de folkstelling fan 2014 hie Kasablanka doe in befolking fan 3.360.000 minsken.
Wike 37
De kukri (útspr.: ['kukri], likernôch: "kû-kry") is it tradisjonele iensnedige mês fan 'e Goerka's út Nepal en noardeastlik Yndia. De namme is eins in ferbastering út it Hindy fan it oarspronklike Nepaleeske wurd खुकुरी, khukuri (útspr.: ['kʰukuri], likernôch: "k'hû-kû-ry"). It mês wurdt brûkt as wapen, mar ek as stik ark, en it is maklik werom te kennen oan 'e karakteristike kromming fan it limmet, wêrby't de holle kant de snijkant is. De kukri is as tsjinstwapen yn gebrûk by it Nepaleeske Leger, de Keninklike Goerka Fuseliers fan it Britske Leger, de Goerka-rezjiminten fan it Yndiaaske Leger en ferskate lytsere Goerka-kontinginten yn oare lannen. It wurdt yn sa'n hege mjitte mei de Goerka's assosjearre, dat it yn 'e Westerske wrâld gauris it Goerka-mês neamd wurdt. De kukri komt ek faak foar yn 'e heraldyk fan Nepal en noardeastlik Yndia, en wurdt yn dy kriten ek brûkt by tradisjonele rituëlen, lykas brulloftsseremoanjes.
Wike 38
De Efteling is in attraksjepark yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân, dat leit yn Kaatsheuvel, tusken Tilburch en Waalwyk yn. It hat in fantasytema, dêr't eleminten yn opnommen binne fan âlde myten en leginden, mearkes, fabels en folkloare. Dêropta binne der ek generike attraksjes lykas ferskate achtbanen. De Efteling waard yn 1952 iepene en wie yn it earstoan in natoerpark mei in mearkestún ornearre foar lytse bern. Yn 'e rin fan de tiid is it in alsidich park wurden mei attraksjes foar sawol bern as folwoeksenen. Jiers komme der omtrint 51/2 miljoen besikers op de Efteling ôf. Wat dat oangiet, is it it grutste ferdivedaasjepark fan Nederlân en it op twa nei grutste fan Europa, nei Disneyland Parys en Europa-Park yn Dútslân.
Wike 39
De auerhin (wittenskiplike namme: Tetrao urogallus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e auerhinnen (Tetrao). Dizze soarte is in stânfûgel, dy't foarkomt yn grutte dielen fan Jeropa en Noard-Aazje, mar net (mear) yn Nederlân. It is de grutste rûchpoathin fan 'e Alde Wrâld en nei de beide kalkoenesoarten ek fan 'e hiele wrâld. Krekt as by de measte echte fazanten bestiet der by de auerhin gâns seksuele dimorfy. De hoanne stiet bekend om syn ornate baltsgedrach, wêrby't er klepperjende lûden fuortbringt. De auerhin libbet benammen op 'e boskflier yn âldere nullewâlden. It is in omnivoar dy't behalven plantaardich guod ek ynsekten en oare wrimelt fret. De IUCN klassifisearret de auerhin as net bedrige.
Wike 40
George Armstrong Custer (New Rumley (Ohio), 5 desimber 1839 – oan 'e rivier de Little Bighorn, deunby Crow Agency (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Flakte-Yndiaanske oarloggen namme makke as kavalerykommandant. Yn 'e Boargeroarloch focht er foar it Noarden en wied er behelle yn ferskate wichtige fjildslaggen, wêrûnder de Earste Slach by Bull Run, de Slach by Antietam en de Slach by Gettysburg. Hy berikte de rang fan generaal-majoar, mar waard nei de oarloch fanwegen in oerskot oan ofsieren yn rang weromset ta luitenant-kolonel. Nettsjinsteande syn domdrystens hie Custer tsjin dy tiid in ridlik solide militêre reputaasje opboud. Dy ferspile er lykwols neitiid troch de slachting dy't er yn 1868 ûnder de Súdlike Sjajinnen oanrjochte by it Bloedbad fan de Washita, en mear noch troch syn desastreuze rol yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't er it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint nei de ûndergong late yn 'e Slach oan de Little Bighorn, dêr't er sels ek by sneuvele.
Wike 41
Martha's Vineyard (útspr.: [ˈmaɹθəz ˈvɪɲəɹd], likernôch: "mar-zus win-jurd") is in Amerikaansk eilân yn 'e Atlantyske Oseaan, dat ek wol koartwei "the Vineyard" neamd wurdt. De namme betsjut letterlik "Martha har Wyngerd". Martha's Vineyard heart bestjoerlik ta de Amerikaanske steat Massachusetts. It leit foar de súdeastkust fan dy steat, rjocht besuden it skiereilân Cape Cod. It omfettet ek it 'eilân' Chappaquiddick, dat eins in skiereilân fan Martha's Vineyard is. It eilân waard bewenne troch de Yndiaanske Wampanôk (Wampanoag) foar't de Ingelsen it yn 1642 kolonisearren. Yn 'e njoggentjinde iuw spile Martha's Vineyard in wichtige rol yn 'e walfiskfeart. Yn dyselde snuorje hie it eilân troch in relatyf folle foarkommende erflike foarm fan dôvens in maatskippij dy't hast hielendal twatalich wie, mei njonken it Ingelsk ek it MVSL, in pleatslik ûntwikkele foarm fan dôvegebeartetaal. Yn 'e iere tweintichste iuw wie Martha's Vineyard it lêste ûntwyk fan 'e heidehin (Tympanuchus cupido cupido) foar't dy fûgel útstoar. Tsjintwurdich hat it eilân de namme in fakânsjeoarde foar de superriken út Boston en New York te wêzen. De permaninte befolking bestiet út krapoan 21.000 minsken, mar simmerdeis, as alle fakânsjehuzen bewenne wurde, waakst it ynwennertal oan ta mear as 200.000 minsken.
Wike 42
Kirk Douglas (wiere namme: Issur Danielovitch; Amsterdam (New York), 9 desimber 1916 – Beverly Hills (Kalifornje), 5 febrewaris 2020) wie in Amerikaansk akteur, filmprodusint, regisseur, filantroop en skriuwer. Hy groeide op yn earmoedige omstannichheden en tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch by de Amerikaanske Marine. Douglas makke syn debút as filmakteur yn 1946 en ûntjoech him yn 'e 1950-er jierren ta in Hollywoodstjer, mei rollen yn films as Champion, Young Man with a Horn, Detective Story, The Bad and the Beautiful, Lust for Life, Gunfight at the O.K. Corrall en The Vikings. Yn 'e 1960-er jierren belibbe er syn grutste súksessen, mei films as Spartacus, Lonely Are the Brave, Seven Days in May en The Heroes of Telemark. Douglas holp om 'e Swarte List fan Hollywood ûnder fuotten te heljen troch de as kommunist weisetten Dalton Trumbo iepentlik it senario skriuwe te litten foar Spartacus.
Yn 1963 spile Douglas op Broadway yn 'e toanieladaptaasje fan One Flew over the Cuckoo's Nest, dêr't er de filmrjochten op kocht. Dy droech er letter oer oan syn soan Michael, dy't der in mei ferskate Oscars bekroande film fan makke. Sels waard Douglas trije kear nominearre foar de Oscar foar bêste akteur. Dy wûn er nea, mar hy wûn wol in Golden Globe foar bêste akteur, en fierders oeuvreprizen as de Cecil B. DeMille Award, de Eare-Oscar en de Gouden Earebear. Op 'e ranglist fan Grutste Manlike Filmlegindes út Hollywood, fan it Amerikaansk Filmynstitút, nimt Douglas it santjinde plak yn. Mei syn twadde frou Anne Buydens joech er miljoenen dollars wei oan goede doelen. Hy oerlibbe in helikopterûngemak yn 1991 en in oerhaal yn 1996, en wie de lêste noch libjende stjer út it saneamde Gouden Tiidrek fan Hollywood. Douglas kaam yn 2020 yn 'e hege âlderdom fan 103 jier te ferstjerren.
Wike 43
Make-up (Ingelsk foar "opmaak"; útspr.: [ˈmeːkœp], "meek-up") is in foarm fan kosmetika dy't bedoeld is foar dekoratyf gebrûk, d.w.s. om 'e minsklike skientme te fergrutsjen. It tapassen fan make-up wurdt jin opmeitsjen neamd. It gebrûk fan make-up giet milennia tebek. It ierste direkte argeologyske bewiis foar it bestean fan soksoarte middels datearret út it Alde Egypte. Fral yn 'e Westerske wrâld is it tapassen fan make-up tige algemien, hoewol't it ornaris as wat foar froulju beskôge wurdt; manlju meitsje der mar amperoan gebrûk fan. Yn 'e toanielkeunst wurdt fan in bysûndere foarm fan make-up brûkt, dy't smink of grime hjit. De keunst fan it opbringen fan smink en make-up hjit fisazjy; immen dy't dêr in oplieding foar folge hat, is in fisazjist, of wannear't it foar it toaniel dien wurdt, in grimeur of make-upartist.
Wike 44
It Martenahûs (Nederlânsk en offisjeel: Martenahuis) is in stins yn 'e binnenstêd fan 'e Fryske stêd Frjentsjer. It gebou stiet oan 'e Foarstrjitte, deunby it Sjûkelân, dêr't simmerdeis de PC ferkeatst wurdt. It Martenahûs datearret út 1498, doe't it yn opdracht fan 'e haadling Hessel fan Martena boud waard. Nei de dea fan Martena yn 1517 en syn widdo yn 1541 rekke it Martenahûs troch fererving yn 'e hannen fan ferskate fan oarsprong útlânske lagen efterinoar. Ein santjinde iuw wie it as hierwente yn gebrûk foar û.o. perfester Campegius Vitringa en de ferneamde wittenskipster Anna Maria fan Schurman. Uteinlik waard it pân yn 1895 oankocht troch de âlde gemeente Frjentsjerteradiel, en kaam it as gemeentehûs yn gebrûk. Dy status behold it oant it âlde Frjentsjerteradiel yn 1984 mei de gemeente Frjentsjer en it grutste part fan Barradiel opgie yn it nije Frjentsjerteradiel. Neitiid wie de stins noch jierren yn gebrûk as bykommend kantoargebou foar de gemeentlike organisaasje, mar yn 2006 waard it Museum Martena der yn fêstige. Sûnt 1967 hat it Martenahûs de status fan ryksmonumint. Efter de stins leit de mânske Martenatún, suver in lyts park allyk, dy't derby heart.
Wike 45
Nolwenn Leroy (Frânske útspr.: [nolˈwɛn ləˈʁwa], likernôch: "nól-ûen luh-chwa"; echte namme: Nolwenn Le Magueresse; Saint-Renan, 28 septimber 1982) is in Frânsk sjongster, muzikante, lietsjeskriuwster en stimaktrise fan etnysk Bretonsk komôf. Hoewol't se oarspronklik in oplieding yn 'e klassike muzyk folge, waard se bekend as sjongster fan popmuzyk yn it twadde seizoen fan 'e Frânske talintejacht op 'e tillefyzje Star Academy. Sûnt skoarde se twa nûmer 1-hits en brocht se acht studio-albums út (teljier 2023). Har album Bretonne, út 2012, waard sertifisearre as twaris diamant. Leroy sjongt sawol yn har memmetaal, it Bretonsk, as yn it Frânsk, it Ingelsk en út en troch yn oare talen, lykas it Iersk. Yn 2015 parte Le Journal du Dimanche har it santjinde plak ta op 'e ranglist fan populêrste bekende persoanen yn Frankryk.
Wike 46
Naturalis is in natoerhistoarysk museum en ûndersyksynstitút yn 'e Nederlânske stêd Leien. De offisjele namme is it Nederlands Centrum voor Biodiversiteit Naturalis, mar sûnt 2012 tsjut it museum himsels yn it Ingelsk oan as Naturalis Biodiversity Center. It ynstitút ûntstie yn 2010 út in fúzje fan it Soölogysk Museum Amsterdam, it Nasjonaal Herbarium Nederlân en it Natoerhistoarysk Museum Naturalis. Hoewol't it museum yn syn hjoeddeistige foarm fan frij resinte datum is, kin syn foarskiednis tebekfolge wurde oant 1820. De kolleksje fan Naturalis omfettet likernôch 43 miljoen objekten, wêrmei't it ien fan 'e grutste museumkolleksjes fan 'e wrâld is. Yn 2022 loek Naturalis 440.000 besikers.
Wike 47
In pornofilm, pornografyske film of ek wol seksfilm is in film wêryn't seks tusken de akteurs eksplisyt yn byld brocht wurdt en it wichtichste ûnderwerp is. Sokke films binne bedoeld om 'e sjogger seksueel op te winen. Pornofilms kinne in plot hawwe, mar as dat sa is, dan is it ferhaal altyd fan ûndergeskikt belang yn ferhâlding ta de seks. In protte fan sokke films litte dêrom in ferhaal mar hielendal gewurde en besteane inkeld út in opienfolging fan sekssênes. De akteurs yn pornofilms binne pornoakteurs. Dyselden kinne ta sekswurkers rekene wurde, yn 'e mande mei û.o. strippers en prostituees. De ierste pornofilms datearje út 'e twadde helte fan it desennium fan 'e 1900-er jierren. De wetlike status fan pornofilms ferskilt fan lân ta lân, mar yn 'e Westerske wrâld binne se tsjintwurdich oer it algemien legaal. Dat jildt fansels net foar bernepornografyske films, wêryn't bern seksueel misbrûkt wurde, wat in misdriuw is. As men it oer de 'pornofilm' as sjenre hat, wurdt dy term lykwols ornaris begrepen as seksfilms mei mearderjierrige ynstimmende folwoeksenen as spilers.
Wike 48
De fjildmûs of lânmûs (wittenskiplike namme: Microtus arvalis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e echte fjildmûzen (Microtus). Dizze soarte komt foar yn hast hiel kontinintaal Jeropa (ynkl. Nederlân) en yn westlik Sibearje en dielen fan Sintraal-Aazje. De fjildmûs is yn Fryslân ien fan 'e meast foarkommende wrotmûzen. It is in lyts bistke mei in relatyf koart sturtsje en in foar it meastepart brune pels. Hoewol't er minskeskou is, kin de fjildmûs soms fan in ôfstân waarnommen wurde as er op 'e efterpoaten steand om him hinne gluorket. Dat komt lykwols net sa faak foar, want it is in nachtdier dat mar komselden oerdeis op 'e lapen is. Foar de lânbou wurdt dizze soarte, mei syn herbivoar dieet, soms as in pleachdier beskôge. De IUCN klassifisearret de fjildmûs as net bedrige.
Wike 49
In testamint is in persoanlik, net iepenbier dokumint wêryn't immen skriftlik fêstleit, of troch in notaris fêstlizze lit, wat der by syn of har dea mei syn of har neilittenskip barre moat yn ôfwiking fan 'e algemiene wetlike bepalings. Neffens kêst 4:42 fan it Boargerlik Wetboek treedt sa'n testamint pas yn wurking nei it ferstjerren fan 'e oanbelangjende persoan en mei it inkeld dan iepenbier makke wurde oan 'e belanghawwenden. In testamint kin sels skreaun wurde as in ûnderhânske akte dy't yn it bewar jûn wurde moat by in notaris, mar ornaris wurdt sa'n uterste wilsferklearring troch de notaris fêstlein yn in notariële akte. Etymologysk komt it wurd "testamint" fan it Latynske testamentum, mei deselde betsjutting, dat ôflaat is fan testari, dat "tsjûge wêze" betsjut. Immen dy't in testamint skriuwt of opstelle lit, is de testateur. As men yn in testamint wat neilit oan immen, sprekt men yn it Frysk faak fan "testamintsje oan".
Wike 50
Aleksander III (Ingelsk en Skotsk: Alexander III, Skotsk-Gaelysk: Alasdair mac Alasdair; Roxburgh, 4 septimber 1241 – Kinghorn, 19 maart 1286) wie kening fan Skotlân fan 1249 oant syn hommels ferstjerren yn 1286. Hy brocht syn lân yn 'e ûnlijige Midsiuwen in perioade fan stabiliteit. Yn 'e Skotsk-Noarske Oarloch ferdreau Aleksander de Noaren ûnder kening Haakon IV fan 'e Hebriden en it eilân Man en loek er dy gebieten by Skotlân. Teffens wie Aleksander ferantwurdlik foar de ferheffing fan 'e haadlju fan 'e Clan Donald (de MacDonalds) ta de hearskippij oer de Hebriden, dêr't se har yn 'e folgjende iuwen opwurkje soene ta keninkjes yn it lyts. Trochdat Aleksander lykwols stoar sûnder manlike en folwoeksen erfgenamten, ûntstie der yn it Keninkryk Skotlân nei syn dea in machtsfakuüm dat troch de Ingelske kening Edwert I brûkt waard om te besykjen it lân ûnder Ingelske hearskippij te bringen. Dat late in lange snuorje fan kriich en ûnstjoer dy't oantsjut wurdt as de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen.
Wike 51
Yntelliginsje (fan it Latynske intelligentia) is in begryp út 'e psychology dat yn 'e algemiene sin omskreaun wurde kin as it fermogen om op direkte of yndirekte wize ynformaasje op te nimmen en dy ynformaasje om te setten yn permaninte kennis, dy't letter beskikber is om brûkt te wurden yn tapaslike sitewaasjes. Yntelliginsje is in ûnderdiel fan jins persoanlikheid. Guon minsken hawwe mear yntelliginsje as oaren, sadat se bgl. makliker in taal of wiskunde leare kinne as oaren. Dêrby spylje maatskiplike eftergrûn, opfieding, oplieding en kultuer lykwols in wichtige rol. Oanberne yntelliginsje dy't sterk op ien beskaat mêd konsintrearre is, wurdt ek wol oantsjut as bejeftigens of in talint. Der wurdt almeast wittenskiplik ûndersyk dien nei yntelliginsje by de minske, mar it is ek waarnommen yn net-minsklike bisten en, neffens guon ûndersikers, yn planten. Yntelliginsje yn masines (kompjûters) wurdt keunstmjittige yntelliginsje neamd.
Wike 52
Meet Me in St. Louis is in Amerikaanske histoaryske romantyske filmmusical, filme yn Technicolor, út 1944, ûnder rezjy fan Vincente Minnelli. De haadrollen waarden fertolke troch Judy Garland, Lucille Bremer en de jonge Margaret O'Brien. De titel betsjut "Moetsje My yn St. Louis". De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Sally Benson, út 1942. It ferhaal fan dizze jukeboxmusical folget it wol en wee fan 'e famylje Smith yn St. Louis, yn 'e oanrin nei de iepening fan 'e Louisiana Purchase Exposition fan 1904 yn dy stêd. Meet Me in St. Louis krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard yn 1994 foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaansk Nasjonaal Film Register. It liet Have Yourself a Merry Little Christmas, dat yn 'e Ingelsktalige wrâld no in wiere krystklassiker is, waard oarspronklik skreaun foar Meet Me in St. Louis.