Springe nei ynhâld

Gayle Hunnicutt

Ut Wikipedy
Gayle Hunnicutt
akteur
Hunnicutt yn The Golden Bowl (1972)
Hunnicutt yn The Golden Bowl (1972)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 febrewaris 1943
berteplak Fort Worth (Teksas)
stoarn 31 augustus 2023 (80 jier)
stjerplak Londen
jierren aktyf 1966–1999
as aktrise, skriuwer, model
offisjele webside
IMDb-profyl
discogs-profyl

Gayle Jenkins, Lady Jenkins (famkesnamme Hunnicutt; 6 febrewaris 1943 - 31 augustus 2023) wie in Amerikaanske film-, telefyzje- en toanielaktrise. Se spile yn goed 30 films.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se waard berne yn Fort Worth, Texas as as as dochter fan kolonel Sam Lloyd Hunnicutt en Mary Virginia (berne Dickerson) Hunnicutt. Hunnicutt gie mei in beurs nei de Universiteit fan Kalifornië yn Los Angeles om Ingelske literatuer en teäterwittnskip te studearjen. Se wurke as fotomodel en waard dêrnei aktrise.

Yn har filmkarriêre waard Hunnicutt typecast as in seksy brunette. Se spile Emaline Fetty, in oplichtster dy 't jild besocht ôf te parsen fan de Clampetts yn twa ôfleveringen fan The Beverly Hillbillies yn 1966. Se spile tegearre mei James Garner yn de detektivefilm Marlowe (1969 ), dêr 't har personaazje in glamoereuze Hollywoodaktrise yn wie.

Nei 't se yn 1970 mei har man de sjoernalist David Hemmings nei Ingelân ferhuze, koe Hunnicutt har aktearprestaasjes better ta harren rjocht komme litte. Sy en Hemmings spilen tegearre yn twa horrorfilms yn de iere jierren 1970, Fragment of Fear (1970) en Voices (1973). Se hie in promininte rol as Charlotte Stant yn Jack Pulman's telefyzjebewurking fan Henry James syn roman The Golden Bowl (1972). Se spile Ann Barrett yn The Legend of Hell House (1973) en Tsarina Alexandra yn de telefyzje minysearje Fall of Eagles (1974). Se ferskynde as Irene Adler, tsjinoer Jeremy Brett, yn de earste ôflevering fan de tf-searje The Adventures of Sherlock Holmes (A Scandal in Bohemia) yn 1984. Se ferskynde ek yn in oar Marlowe mystearje yn in ôflevering fan HBO's Philip Marlowe, Private Eye (1983), diskear mei Powers Boothe yn de haadrol. Se hie in byrol yn de skriller Target (1985), mei Gene Hackman en Matt Dillon yn de haadrollen. Hunnicutt gie werom nei de Feriene Steaten yn 1989 om de rol fan Vanessa Beaumont te spyljen yn telefyzjerige Dallas oant 1991.

Yn 2012 wie Hunnicutt te sjen yn in ôflevering fan de HGTV reality show Selling London, wêryn 't se de bûtenpleats Primrose Hill presintearre dêr 't hja en har twadde man, sjoernalist en redakteur Simon Jenkins, trije desennia lang wennen.

Hunnicutt skreau twa boeken. It earste, Health and Beauty in Motherhood, waard publisearre yn 1984. Yn 2004 publisearre se Dearest Virginia: Love Letters from a Cavalry Officer in the South Pacific, mei de brieven dy 't har âlden yn de Twadde Wrâldoarloch útwikselen. [1]

Persoanlik libben en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 16 novimber 1968 troude Hunnicutt mei de Britske akteur David Hemmings, mei wa 't se in soan krige, de lettere akteur Nolan Hemmings; se skiedden yn 1975. Hunnicutt troude yn 1978 fannijs mei sjoernalist Simon Jenkins. It stel wenne yn Primrose Hill, Londen, dêr 't se har soan Edward grutbrochten. Jenkins waard beneamd ta Knight Bachelor foar syn fertsjinsten oan de sjoernalistyk yn 2004. Se giene yn 2009 útinoar. Yn 2010 krige se ferkearing mei Richard Evans, tenniskorrespondint fan The Daily Telegraph.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: