Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 33

Ut Wikipedy

T.S. Eliot (folút Thomas Stearns Eliot, St. Louis (Missoury), 26 septimber 1888Londen, 4 jannewaris 1965) wie in Amerikaansk-Britsk dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en literêr en maatskippijkritikus, dy't ta de wichtichste Ingelsktalige dichters fan 'e tweintichste iuw rekkene wurdt. Hy die yn 1915 foar it earst fan him sprekken mei it gedicht The Love Song of J. Alfred Prufrock, in masterwurk fan 'e modernistyske beweging. Syn oeuvre omfettet fierders guon fan 'e bekendste gedichten út 'e Ingelsktalige literatuer, lykas The Waste Land, The Hollow Men, The Journey of the Magi, Ash Wednesday en Four Quartets. Eliot is ek bekend om sân toanielstikken, wêrûnder Murder in the Cathedral. Yn 1948 waard oan him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.

Lês fierder