Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 27
De Evakuaasje fan Dúntsjerk, ek bekend ûnder de koadenamme Operaasje Dynamo, wie de evakuaasje fan in grut tal Alliëarde militêren fan it fêstelân fan Jeropa oer It Kanaal nei Ingelân yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Under de seiswykske Slach om Frankryk waard ein maaie 1940 in grut tal Britske, Belgyske en Frânske soldaten fan 'e rest fan it Frânske Leger ôfsnien troch de flugge opmars fan 'e Dútske troepen. Hja waarden troch de Dútsers besingele by de Noardfrânske havenstêd Dúntsjerk.
De evakuaasje sette útein op 26 maaie en duorre oant en mei 4 juny. Dêrby waarden úteinlik 338.226 Alliëarde militêren rêden en ûnder oanhâldende loftbombardeminten troch de Luftwaffe en oanfallen fan Dútske U-boaten troch in float fan marineskippen en boaten út 'e boargerskipfeart oerfearn nei Ingelân. Hoewol't de evakuëarre soldaten frijwol al harren materieel efterlitte moasten, waard dêrmei in ramp ôfkeard, om't se neitiid op 'e nij tarist waarden en de striid tsjin nazy-Dútslân ferfetsje koene. De Britske premier Winston Churchill omskreau de Evakuaasje fan Dúntsjerk yn syn ferneamde We shall fight on the beaches-taspraak fan 4 juny dan ek as in "wûnder fan ferlossing".