Springe nei ynhâld

Aleksander III fan Skotlân

Ut Wikipedy
Aleksander III fan Skotlân
aadlik persoan en/of hearsker
De kroaning fan Aleksander III te Scone. Hy wurdt tasprutsen troch de ollamh rígh, de hofdichter, dy't "Benach De Re Albanne" seit (yn geef Skotsk-Gaelysk: Beannachd Dè Rìgh Alban, "God Seinge de Kening fan Skotlân"). Njonken de kening steane syn frou, Margareta fan Ingelân, en Malcolm II, greve fan Fife, dy't syn swurd fêsthâldt.
De kroaning fan Aleksander III te Scone. Hy wurdt tasprutsen troch de ollamh rígh, de hofdichter, dy't "Benach De Re Albanne" seit (yn geef Skotsk-Gaelysk: Beannachd Dè Rìgh Alban, "God Seinge de Kening fan Skotlân"). Njonken de kening steane syn frou, Margareta fan Ingelân, en Malcolm II, greve fan Fife, dy't syn swurd fêsthâldt.
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 4 septimber 1241
berteplak Roxburgh (Skotlân)
stjerdatum 19 maart 1286
stjerplak Kinghorn (Skotlân)
dynasty Hûs Dunkeld (of Canmore)
etnisiteit Skotsk
Flaamsk
Frânsk
Ingelsk
Normandysk
kening fan Skotlân
regear 12491286
foargonger Aleksander II
opfolger Margareta

Aleksander III (Ingelsk en Skotsk: Alexander III, Skotsk-Gaelysk: Alasdair mac Alasdair; Roxburgh, 4 septimber 1241Kinghorn, 19 maart 1286) wie kening fan Skotlân fan 1249 oant syn hommels ferstjerren yn 1286. Hy brocht syn lân yn 'e ûnlijige Midsiuwen in perioade fan stabiliteit, mar trochdat er stoar sûnder manlike en folwoeksen erfgenamten, ûntstie der yn it Keninkryk Skotlân neitiid in machtsfakuüm dat late ta de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen mei Ingelân.

Aleksander III waard yn 1241 berne yn 'e Súdskotske stêd Roxburgh, as de ienlingssoan fan kening Aleksander II fan Skotlân en dy syn frou Marije fan Coucy. Hy wie de pakesizzer fan Willem de Liuw, en de betoerpakesizzer fan David I. Syn heit kaam op 8 july 1249 te ferstjerren, doe't Aleksander sels noch mar sân jier wie. Hy waard dêrnei op 13 july 1249 formeel ta kening kroane te Scone.

It stânbyld fan Aleksander III by de westyngong fan 'e Sint-Egidiuskatedraal, te Edinburch.

Yn 'e tiid dat de jonge kening noch minderjierrich wie, waard it Skotske politike lânskip behearske troch in ferbittere wrakseling om 'e macht tusken twa partijskippen, wêrfan't it iene laat waard troch Walter fan Comyn, greve fan Menteith, wylst it oare oanfierd waard troch Alan Durward, de opperrjochter fan Skotlân. De partij fan Menteith wie yn 't earstoan dominant, en beävensearre it houlik fan Aleksander, yn 1251, mei Margareta fan Ingelân. By dy gelegenheid easke de Ingelske kening Hindrik III fan syn jonge skoansoan dat dy, as kening fan Skotlân, himsels, as kening fan Ingelân, as syn lienhear erkenne soe, mar Aleksander wegere dat.

Yn 1255 late in oerienkomst tusken de Ingelske en Skotske keningen te Kelso derta dat de partij fan Menteith de striid om 'e macht ferlear fan 'e partij fan Durward. Mar hoewol't se út 'e geunst rekke wiene, beholden Menteith-en-dy harren ynfloed yn Skotlân, en twa jier letter wisten se troch Aleksander sels yn gizeling te nimmen, ôf te twingen dat der in regintskip ynsteld wurde soe mei leden fan sawol harren eigen partij as fan Durward sines.

Oarloch mei Noarwegen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er yn 1262 mei 21 jier mearderjierrich waard en sels it regear oer syn keninkryk opnaam, kundige Aleksander III oan dat er de Skotske oanspraken op 'e Hebriden krêft by sette woe. Dy eilannen ferkearden doedestiden nammentlik yn Noarske hannen, en de dea fan syn heit Aleksander II hie trettjin jier tefoaren in ein makke oan in earder Skotsk besykjen om 'e eilannegroep oan Noarwegen te ûntskuorren. Aleksander III makke de saak wer aktueel troch syn oanspraak op 'e Hebriden oan 'e Noarske kening Haakon IV foar te lizzen, mar dy woe dêr neat fan witte. Dy ôfstegering late ta it begjin fan 'e Skotsk-Noarske Oarloch.

Yn 1263 reägearre Haakon IV op 'e oanhâldende Skotske militêre aksjes op 'e Hebriden troch mei in grutte float oer te kommen út Noarwegen. Hy sylde om 'e Skotske westkust hinne en hold by it eilân Arran stil, wêrnei't er besocht en los de saak mei ûnderhannelings op. Aleksander gie dêryn mei en hold de Noaren op slûchslimme wize oan it lyntsje oant de hjerststoarmen oer de Britske Eilannen raasden. Uteinlik hie Haakon IV syn nocht en besleat er oan te fallen, mar ûnderweis nei de Skotske kust kaam in swiere stoarm him oer it mad, dy't in grut diel fan syn float slim skansearre. Ut 'e dêropfolgjende Slach by Largs, dy't yn oktober 1263 útfochten waard, kaam net ien fan beide siden as dúdlike oerwinner nei foarren, mar fanwegen harren lange befoarriedingslinen wie de posysje fan 'e Noaren hopeleas, en koart neitiid gie Haakon IV ferbjustere op hûs oan, wêrby't er lykwols op 15 desimber ûnderweis kaam te ferstjerren op 'e Orkney-eilannen. De Slach by Largs markearre de lêste grutskalige bemuoienis fan 'e Noaren mei de Britske Eilannen.

Aleksander III wurdt ûnder in jachtpartij troch Colin FitzGerald rêden fan in mâle hartebok.

De Hebriden wiene no foar de Noaren ûnferdigenber wurden, en yn 1266 sleat kening Magnus VI fan Noarwegen mei Aleksander III it Ferdrach fan Perth, dat it ein makke oan 'e Skotsk-Noarske Oarloch, en wêrby't Noarwegen net inkeld de Hebriden, mar ek it eilân Man, yn 'e Ierske See, oan Skotlân ôfstie. Yn ruil dêrfoar betelle Skotlân de Noaren in flink bedrach oan jild en erkende it de Noarske soevereiniteit oer de Orkney- en Sjetlâneilannen, dy't noch oant 1468 yn Noarske hannen bliuwe soene. Yn 1284 ferhefte Aleksander it haad fan 'e Clan Donald, Angus Mhor, ta hear fan de Eilannen. De folgjende twa iuwen soene de MacDonalds dêr hearskje as wiene se sels kenings, wêrby't se gauris yn botsing kamen mei de Skotske Kroan.

Houliken en neiteam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 26 desimber 1251, doe't er tsien jier âld wie, troude Aleksander III fan Skotlân mei Margareta fan Ingelân, de dochter fan 'e Ingelske kening Hindrik III en dy syn frou Eleönoara fan de Provâns. Hja kaam yn 1275 te ferstjerren, nei't hja Aleksander trije bern skonken hie:

Neffens de (net objektive, Ingelske) Kronyk fan Lanercost wie Aleksander in punthûn, dy't bûten syn houlik om en nei it ferstjerren fan syn frou allegeduerigen mei mêtresses omsloech. Guon dêrfan soene nonnen west hawwe, dy't er yn momkape yn it kleaster besocht. It is net dúdlik hoefolle oft dêrfan wier is. Doe't tusken 1282 en 1285 alle trije bern fan Aleksander koart nei-inoar kamen te ferstjerren, ûntstie der yn Skotlân in opfolgingskrisis. Yn 1284 beprate Aleksander de Steaten fan Skotlân om syn pakesizzer Margareta (de dochter fan syn dochter Margareta), in poppe dy't 'de Faam fan Noarwegen' neamd waard, as syn erfgenamte te erkennen. Op 1 novimber 1285 wertroude er boppedat sels mei de folle jongere Jolanda fan Dreux, mei as iennichste doel om mear neikommelingen oan te setten.

It monumint op it stjerplak fan Aleksander III te Kinghorn.

Safier soe it lykwols nea komme. Op 18 maart 1286, wylst er ûnderweis wie om syn twadde frou te besykjen yn Kinghorn, yn 'e krite Fife, om't it de oare deis har jierdei wie, kaam Aleksander III om by in fal fan syn hynder. Hy wie te neare nacht en by min waar syn selskipslju kwytrekke, en waard de oare moarns op it strân weromfûn mei in brutsen nekke. Men giet derfan út dat syn hynder yn it tsjuster stroffele is. Guon boarnen wolle hawwe dat er fan in klif riden is, en hoewol't der op it plak fan it ûngemak gjin echt klif is, is der wol in hege en steile ierdwâl, dy't yn it tsjuster grif in fataal ferstappen fan it hynder feroarsaakje kinnen hat. Aleksander wie by syn dea 44 jier. Hy waard begroeven yn 'e Abdij fan Dunfermline.

Opfolgingskrisis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't Aleksander III by syn dea gjin manlike neikommelingen hie en boppedat hielendal gjin folwoeksen neikommelingen, ûntstie der yn Skotlân in slimme bestjoerskrisis. De jonge keninginne Jolanda wie swier, mar krige wierskynlik in miskream. Dêrop waard Aleksander syn pakesizzer Margareta keninginne, mar doe't dy yn 1290 út Noarwegen oerfearn waard nei Skotlân, kaam hja ûnderweis op 'e Orkney-eilannen mei sân jier te ferstjerren.

Neitiid bleau de Skotske troan foarearst leech, wylst it lân regearre waard troch saneamde beskermhearen en ferskate eallju har oanspraken foarleine oan kening Edwert I fan Ingelân, dy't frege wie om as skiedsrjochter te fungearjen by in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Edwert seach yn it machtsfakuum by syn noarderbuorlju lykwols in útlêzen kâns om syn eigen macht te fergrutsjen. Hy wiisde Jan fan Balliol oan as kening, mar die doe alles om 'e macht fan dyselde te ûndermynjen. Doe't de Skotten úteinlik har nocht hiene en mei Frankryk in anty-Ingelsk ferbûn sleaten, de Auld Alliance, foel Edwert yn 1296 Skotlân binnen mei in grut Ingelsk leger. Dat wie it begjin fan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't duorje soe oant 1328, en dy't yn 1306 Robert de Bruce op 'e Skotske troan bringe soe.

Foarâlden fan Aleksander III fan Skotlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. David I, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
8. Hindrik fan Skotlân, greve fan Noardumberlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Maud, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
4. Willem de Liuw, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Willem fan Warenne, 2e greve fan Surrey
 
 
 
 
 
 
 
9. Ada fan Warenne, grevinne fan Surrey
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Elizabeth fan Fermandeezje, grevinne fan Leicester
 
 
 
 
 
 
 
2. Aleksander II, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Rosselyn, boarchgreve fan Beaumont
 
 
 
 
 
 
 
10. Richard I, boarchgreve fan Beaumont
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Konstânse FitzRoy of Maud FitzRoy
(oerwûne dochter fan kening Hindrik I fan Ingelân)
 
 
 
 
 
 
 
5. Ermengard, boarchgrevinne fan Beaumont
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Richard II, hear fan l'Aigle
 
 
 
 
 
 
 
11. Lusia, frouwe fan l'Aigle
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Edelina
 
 
 
 
 
 
 
1. Aleksander III, kening fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Enguerrand II, hear fan Coucy
 
 
 
 
 
 
 
12. Ralf I, hear fan Coucy
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Agnes, frouwe fan Beaugency
 
 
 
 
 
 
 
6. Enguerrand III, hear fan Coucy
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Robert I, hear fan Dreux
 
 
 
 
 
 
 
13. Aliks, frouwe fan Dreux
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Agnes, frouwe fan Beaudemont
 
 
 
 
 
 
 
3. Marije, frouwe fan Coucy
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Andréas I, hear fan Montmirail
 
 
 
 
 
 
 
14. Jan I, hear fan Montmirail
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Hildiarde, frouwe fan Oisy
 
 
 
 
 
 
 
7. Marije, frouwe fan Montmirail
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Willem I, hear fan Dampierre
 
 
 
 
 
 
 
15. Helvide, frouwe fan Dampierre
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Ermengard, frouwe fan Mouchy
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.