Springe nei ynhâld

List fan keningen fan Skotlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skotske Kroan)
De keninklike standert fan 'e keningen fan Skotlân.

Dit is de list fan keningen fan Skotlân.

De Skotske keningstitel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de tradysje wie de earste kening fan Skotlân Kenneth MacAlpin (Skotsk-Gealsk: Cinàed mac Ailpìn), dy't it Keninkryk Skotlân stifte yn it jier 843, doe't er behalven kening fan 'e Skotten (of better sein fan it Gealske keninkryk Dalriada) ek kening fan 'e Pikten waard. De keningen fan Skotlân stiene oant Donald II bekend as rex Pictorum ("kening fan 'e Pikten") en pas dêrnei as ri Alban ("kening fan Skotlân"), mar dat hat der mear mei te krijen dat de Skotske annalen doe fan it Latyn op it Skotsk-Gealsk oergiene, as mei eigentlike politike omtinkens. Tsjin op syn letst de alfde iuw lieten de Skotske keningen har yn it Latyn omskriuwe as rex Scottorum ("kening fan 'e Skotten"), in foarm dy't letter oerdroegen waard yn it Ingelsk as King of Scots, wat op syn minsten like gongber wie as King of Scotland. Hjoed de dei wurdt dizze foarm suver útslutend noch brûkt foar keninginne Marije I (Mary Queen of Scots).

List fan 'e keningen fan Skotlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
NAMME PERIOADE Opmerkings:
843 - 1034 Hûs fan ALPIN
Kenneth I de Feroverder 843 - 858
Donald I 858 - 862
Konstantyn I Follewyn 862 - 877
Aed 877 - 878
Gregoarius 878 - 889
Eochaid 878 - 889 (tsjinkening?)
Donald II de Gek 889 - 900
Konstantyn II de Middeljierrige 900 - 943
Malcolm I 943 - 954
Indulf de Oanfaller 954 - 962
Dub de Ferheftige 962 - 967
Cullen de Wite 967 - 971
Kenneth II de Heitemoardner 971 - 973 (earste regearperioade)
Amlaìb 973 - 977
Kenneth II de Heitemoardner 977 - 995 (twadde regearperioade)
Konstantyn III 995 - 997
Kenneth III de Brune 997 - 1005
Malcolm II de Ferdylger 1005 - 1034
1034 - 1040 Hûs DUNKELD
Duncan I de Sike 1034 - 1040
1040 - 1057 Hûs fan MacBETH
Macbeth 1040 - 1057
1057 - 1058 Hûs MORAY
Lulach de Ungelokkige 1057 - 1058
1058 - 1286 Hûs CANMORE (eins in fuortsetting fan it Hûs fan Dunkeld ûnder in oare namme)
Malcolm III 1058 - 1093
Donald III de Blûne 1093 - 1094 (earste regearperioade)
Duncan II 1094
Donald III de Blûne 1094 - 1097 (twadde regearperioade)
Edmund 1094 - 1097 (tsjinkening)
Edgar de Dappere 1097 - 1107
Aleksander I de Woeste 1107 - 1124
David I de Grutte 1124 - 1153
Malcolm IV 1153 - 1165
Willem I de Liuw 1165 - 1214
Aleksander II de Rûge 1214 - 1249
Aleksander III 1249 - 1286
1286 - 1290 Hûs SVERRE
Margareta 1286 - 1290
1290 - 1292 Earste Keningsleaze Tiidrek
1058 - 1290 Hûs BALLIOL
Jan Leechmantel 1292 - 1296
1296 - 1306 Twadde Keningsleaze Tiidrek
1306 - 1371 Hûs BRUCE
Robert I 1306 - 1329
1329 - 1332 regintskip fan Tomas Randolph, 1ste greve fan Moray
1332 regintskip fan Donald II, greve fan Mar
David II 1329 - 1371
1371 - 1587 Hûs STEWART
Robert II 1371 - 1390
Robert III 1390 - 1406
1406 - 1420 regintskip fan Robert Stewart, hartoch fan Albany
1420 - 1424 regintskip fan Murdoch Stewart, hartoch fan Albany
Jakobus I 1406 - 1437
Jakobus II Fjoerwang 1437 - 1460
1460 - 1463 regintskip fan Marije, hartoginne fan Gelder
1463 - 1469 seiskoppich regintskip
Jakobus III 1460 - 1488
Jakobus IV 1488 - 1513
1513 - 1514 regintskip fan Margerete Tudor, prinsesse fan Ingelân
1514 - 1525 regintskip fan Jan Stewart, hartoch fan Albany
1526 - 1528 regintskip fan Archibald Douglas, 6de greve fan Angus
Jakobus V 1513 - 1542
1542 - 1554 regintskip fan Jakobus Hamilton, greve fan Arran
1554 - 1560 regintskip fan Marije hartoginne fan Guise
Marije I 1542 - 1587 (oant 1560 grutbrocht oan it Frânske Hof; fan 1567 ôf yn finzenskip yn Ingelân)
1567 - 1570 regintskip fan Jakobus Stuart, greve fan Moray
1570 - 1571 regintskip fan Mattéus Stewart, 4de greve fan Lennox
1571 - 1572 regintskip fan Jan Erskine, 17de greve fan Mar
1572 - 1578 regintskip fan Jakobus Douglas, 4de greve fan Morton
1578 - 1587 regintskip fan kroanprins Jakobus
1587 - 1651 Hûs STUART (de Lennox-tûke fan it Hûs Stewart)
Jakobus VI 1587 - 1625 (fan 1603 ôf teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Jakobus I)
Karel I 1625 - 1649 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân)
Karel II 1649 - 1651 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân; earste regearperioade; ôfset)
1651 - 1660 oerhearsking troch de Ingelske Republyk
1660 - 1694 Hûs STUART (restaurearre, 1ste kears)
Karel II 1660 - 1685 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân; twadde regearperioade)
Jakobus VII 1685 - 1688 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Jakobus II; ôfset)
Marije II & Willem II 1689 - 1694 (regearren as man en wiif tegearre; teffens keninginne en kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de nammen Marije II en Willem III)
1694 - 1702 Hûs fan ORANJE
Willem II 1694 - 1702 (teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Willem III)
1702 - 1707 Hûs STUART (restaurearre, 2dde kears)
Anne 1702 - 1707 (teffens keninginne fan Ingelân en Ierlân)

De ein fan 'e Skotske ûnôfhinklikens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de Act of Union, fan 1707, waarden de keninkriken Ingelân (mei Wales dêrby ynbegrepen) en Skotlân mei-inoar feriene en hold Skotlân op te bestean as in selsstannich keninkryk, om op te gean yn it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje, dêr't yn 1801 troch in nije Act of Union ek Ierlân mei gearraande. De uny mei Ingelân kaam net út 'e loft fallen; krekt oarsom, it wie in ûntwikkeling dy't al oan 'e gong wie sûnt 1603, doe't mei keninginne Elizabet I it Ingelske keningshûs Tudor útstoar en har neef, Jakobus VI fan Skotlân de Ingelske troan urf. Hy regearre dêrnei sawol Skotlân as Ingelân (en dêrnjonken ek Ierlân) yn in personele uny as Jakobus I en VI (of, sa't men yn Skotlân seit: Jakobus VI en I). Mei't Ingelân dúdlik it rikere en wichtiger part fan 'e domeinen fan 'e nije kening wie, fêstige er him fansels yn Londen. Troch de folgjende generaasjes hinne ferlearen de keningen wat langer wat mear de bân mei Skotlân; Karel II wie de lêste Skotske kening dy't noch de muoite naam om (yn 1651) nei Skotlân ôf te reizgjen om op Skotske grûn kroane te wurden (en dat inkeld noch om't yn Ingelân doedestiden de republyk útroppen wie).

Jakobityske en oare pretindinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de ôfsetting fan 'e roomske Jakobus VII, yn 1688, makken de saneamde jakobityske pretindinten noch hast oardel iuw lang oanspraak op 'e troanen fan Ingelân, Skotlân en Ierlân. Harren oanhing wie lykwols benammentlik grut yn Skotlân, dêr't twaris, yn 1714 en 1745, grutskalige (mar bloedich delsleine) jakobityske opstannen plakfûnen. Hjir folgje de jakobityske keningen fan Skotlân yn ballingskip.


NAMME PERIOADE Opmerkings:
1688 - 1807 Hûs STUART
Jakobus VII 1688 - 1701
Jakobus VIII 1701 - 1766 (de Alde Pretindint; yn Ingelân bekend as Jakobus III)
Karel III 1766 - 1788 (de Jonge Pretindint; better bekend as Bonnie Prince Charlie)
Hindrik I 1788 - 1807 (de jongste soan fan Jakobus VIII, in kardinaal fan 'e Tsjerke; stoar sûnder bern)


Nei de dea fan Hindrik Stuart, yn 1807, ferfoel de jakobityske oanspraak op 'e Britske troanen earst oan it Hûs fan Savoaye (1807-1840), doe oan 'e Modeenske tûke fan it Hûs Habsboarch-Loataringen (1840-1919), en einlings oan it Hûs Wittelsbach (sûnt 1919). De hjoeddeiske erfgenamt is Franz von Wittelsbach, hartoch fan Beieren. Noch hy noch ien fan syn foargongers hat sûnt 1807 besocht om 'e oanspraak yn 'e praktyk te bringen.

As in kuriozum kin fierders noch fermeld wurde dat de Ugandeeske diktator Idi Amin himsels fan 1976 ôf konsekwint "de ûnkroane kening fan Skotlân" neamde.