Springe nei ynhâld

Manlikheid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Manlikens)
In boufakker. Lju mei in berop dêr't swier lichaamlik wurk foar ferrjochte wurde moat, wurde oer it algemien beskôge as 'echte keardels'.
Dizze side giet oer it begryp 'manlikheid'. Foar it geslachtsorgaan, sjoch: penis.

Manlikheid of manlikens is in begryp dat in rige skaaimerken, manearen fan hâlden en dragen en maatskiplike rolpatroanen omfiemet dy't tradisjoneel assosjearre wurde mei manlju en jonges. It is in sosjaal konsept, dat ûnderskaat wurde moat fan 'e biologyske definysje fan it manlik geslacht. It tsjinstelde fan manlikheid is froulikheid, mar sawol manlju as froulju kinne skaaimerken fan manlikheid (en froulikheid) fertoane. In famke dat har op in manlike wize hâldt en draacht, neamt men gauris in wyldkat (of tsjintwurdich mei in Ingelsk lienwurd ek wol in tomboy). As in frou sokke skaaimerken fertoant, sprekt men gauris minachtsjend fan in 'manwiif'. As in man (tefolle) skaaimerken fan froulikheid fertoant, wurdt er omskreaun as 'ferweakke' of 'androgyn'. In besibbe begryp is machismo, in foarm fan manlikheid dy't sterk de klam leit op macht en dy't assosjearre wurdt mei it negearjen fan 'e gefolgen fan jins hâlden en dragen en de ferantwurdlikheid dêrfoar. In man dy't sok gedrach fertoant, wurdt in macho neamd. In oar besibbe begryp is firiliteit (fan it Latynske vir, dat "man" betsjut). Dat leit de klam benammen op krêft, enerzjy en seksuële prestaasjes.

Maatskiplike standerts oangeande manlikheid fariëarje neigeraden de kultuer en/of it histoaryske tiidrek dêr't it om giet. Yn 'e Aldheid wie it mank de Alde Griken typysk manlik om homoseksuële relaasjes mei oare manlju te hawwen, want seksuële omgong mei froulju hie men inkeld om bern te krijen. Yn 'e Midsiuwen wiene homoseksuële relaasjes ûntinkber, en wie it konsept manlikheid just nau ferweve mei it kristendom en mei ridderlikheid. In echte man wie moedich en goederjousk en behannele alle froulju mei respekt. Yn 'e njoggentjinde iuw wie de dandy it toanbyld fan manlikheid, wylst dy hjoed de dei as ferweakke (oftewol: fierstente froulik) beskôge wurdt. Yn 'e tweintichste iuw gou lange tiid it kredo: "echte manlju gûle net": 'echte' manlju (en jonges) moasten har tsjin alles yn gruthâlde, want gûlen wie in teken fan swakte en dêrom 'ûnmanlik'. Tsjintwurdich wurdt manlikheid, alteast yn 'e Westerske kultuer, assosjearre mei lichemskrêft, moed, selsrêdsumens, assertiviteit en in beskate mjitte fan geweld. Antropolooch Ronald F. Levant joech yn syn boek Masculinity Reconstructed de folgjende definysje fan 'e moderne Westerske manlikheid: "it mijen fan froulikheid; ûnderdrukte emoasjes; seks dy't los stiet fan intimiteit; it neijeien fan prestaasje en status; selsrêdsumens; lichemskrêft en agresje; en homofoby."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.