Naturalis

Ut Wikipedy
Naturalis
  museum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
plak Leien
adres Darwinweg 2
koördinaten 52°09′53″N 4°28′24″E
Algemiene gegevens
type natoerhistoarysk museum
ûndersykssintrum
wurkmêd soölogy, botany, mykology,
paleöntology, geology
oprjochting 2010
besikers 440.000 (2022)
tal objekten 43 miljoen
Arsjitektuer
arsjitekt Fons Verheijen (1998)
Neutelings Riedijk Arch. (2019)
boujier 1998, 2019
ferdjippings 9
boukosten €60 miljoen (1998)
Offisjele webside
www.naturalis.nl
Kaart
Naturalis (Leien)
Naturalis
Lokaasje yn Leien.

Naturalis is in natoerhistoarysk museum en ûndersyksynstitút yn 'e Nederlânske stêd Leien. De offisjele namme is it Nederlands Centrum voor Biodiversiteit Naturalis, mar sûnt 2012 tsjut it museum himsels yn it Ingelsk oan as Naturalis Biodiversity Center. It ûntstie yn 2010 út in fúzje fan it Soölogysk Museum Amsterdam, it Nasjonaal Herbarium Nederlân en it Natoerhistoarysk Museum Naturalis. Hoewol't it museum yn syn hjoeddeistige foarm fan frij resinte datum is, kin syn foarskiednis tebekfolge wurde oant 1820. De kolleksje fan Naturalis omfettet likernôch 43 miljoen objekten, wêrmei't it ien fan 'e grutste museumkolleksjes fan 'e wrâld is. Yn 2022 loek Naturalis 440.000 besikers.

Misje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Naturalis beheart it grutste diel fan 'e Nederlânske natoerhistoaryske kolleksjes. It museum sjocht it as syn doel om 'e besikers te ynformearjen oer it bioferskaat op 'e Ierde. Wichtich binne yn dat ramt de ûntjouwing fan moderne edukative trajekten foar sawol it basisûnderwiis as it fuortset ûnderwiis. Dêropta is ek it behear fan in protte natoerynformaasjewebsiden by Naturalis ûnderbrocht, wêrûnder digitale databases as it Nederlânsk Soarteregister en it Nederlânsk-Karibysk Soarteregister. It museum produsearret ek apps foar mobile tillefoanen, lykas de Naturalis Museumapp en de Dierenzoeker. Yn totaal wurde de troch it museum behearde digitale ynformaasjetsjinsten mear as 5 miljoen kear yn 't jier besocht (teljier: 2014). It museum sels mocht yn 2022 440.000 besikers ferwolkomje.

It skelet fan in wolhierrige mammoet.

Undersyksynstitút[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken in museum is Naturalis ek in wittenskiplik ûndersyksynstitút, dat bannen ûnderhâldt mei de ûnderskate universiteiten yn Nederlân. Yn 2012 wurken by Naturalis likernôch 100 ûndersikers en sa'n 200 gastûndersikers oan bioferskaatfraachstikken. Dy profesjonele wittenskippers wurde yn harren wurk ûnderstipe troch in grut netwurk fan frijwillige amateurûndersikers. Undersyksmêden dy't by Naturalis in spesjalisme wêze kinne, binne: marine en terrestryske soölogy, botany, mykology en geology. De meiwurkers fan Naturalis ûntwikkelje ek lesprogramma's foar it heger ûnderwiis en fersoargje út en troch gastkolleezjes oan universiteiten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan Naturalis giet tebek oant 9 augustus 1820, doe't yn Leien by Keninklik Beslút en op inisjatyf fan 'e foaroansteande Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje (RMNH) oprjochte waard. Yn 1978 waarden dêrfan de geologyske en mineralogyske kolleksjes ôfspjalte om it nije Ryksmuseum fan Geology en Mineralogy (RGM) te foarmjen. Dat hie net de útwurking dy't men hope, dat de opdieling waard al rillegau as in flater beskôge. Yn 1984 fusearren it RMNH en it RGM wer ta ien museum, dat it Nasjonaal Natoerhistoarysk Museum (NNM) kaam te hjitten. Dat waard yn 1995 ferselsstannige yn 'e Stifting Nasjonaal Natoerhistoarysk Museum. By de iepening fan 'e nijbou yn 1998 waard dit museum omneamd ta it Natoerhistoarysk Museum Naturalis.

Yn 'e tuskentiid wie yn 1838, mei de oprjochting fan dieretún Artis, de grûnslach lein foar it Soölogysk Museum Amsterdam oan 'e Universiteit fan Amsterdam. De skiednis fan it Nasjonaal Herbarium Nederlân, dat fêstigings hie oan 'e Ryksuniversiteit Leien, de Ryksuniversiteit Utert en de Lânbou-universiteit Wageningen, giet tebek oan 1829. Yn dat jier rjochte Carl Ludwig Blume yn Brussel, yn it doe foar de ôfspjalting fan Belgje noch Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen, it Ryksherbarium op, nei't er dêr by Keninklik Beslút fan kening Willem I opdracht ta krigen hie.

Yn 2010 kaam it ta in fúzje fan it Natoerhistoarysk Museum Naturalis mei it Soölogysk Museum Amsterdam en it Nasjonaal Herbarium Nederlân. De nije organisaasje kaam it Nederlânsk Sintrum foar Bioferskaat Naturalis (Nederlands Centrum voor Biodiversiteit Naturalis) te hjitten. It waard sawol in natoerhistoarysk museum as in ûndersyksynstitút en it waard fêstige yn 'e gebouwen fan it âlde Natoerhistoarysk Museum Naturalis yn Leien. It nije ynstitút waard op 9 febrewaris 2010 offisjeel iepene troch minister fan Underwiis en Wittenskippen Ronald Plasterk en minister fan Lânbou Gerda Verburg.

De eardere yntree fan Naturalis fia it Pesthûs.

Yn 2013 gie ETI BioInformatics, dat yn 1990 troch de UNESCO oprjochte wie, op yn Naturalis. Dêrmei waard de ôfdieling dy't wijd is oan bioferskaatynformatika fuortsterke. Sa waard de Catalog of Life (CoL) dêr ûnderbrocht en waard bydroegen oan 'e Global Biodiversity Information Facility (GBIF).

Fan septimber 2018 oant mids 2019 wie it grutste diel fan Naturalis foar publyk sletten omreden fan in grutte ferbouwing. Lytse tydlike útstallings waarden yn dy snuorje wol holden yn it Pesthûs, it âldste diel fan it museumgebou. Op 31 augustus 2019 gie it museum wer hielendal iepen, mar binnen trijefearns jier moast it fan maart 2020 ôf fannijs in skoft de doarren slute, diskear fanwegen de lockdown yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy. Fierdere lockdowns folgen yn 'e winter fan 2020 op 2021. Yn dat lêste jier waard Naturalis by de jierlikse prizen fan it Jeropeesk Museum Foarum (EMF) útroppen ta Jeropeesk Museum fan it Jier.

It atrium fan 'e nijbou fan it museum.

Museumgebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje yn 1820 oprjochte waard, wie it eins bedoeld foar wittenskippers en net foar Jan en alleman. It wie dêrom mar beheind tagonklik foar it publyk en yn guon perioaden wie it hielendal sletten. Dat bleau mear as oardel iuw sa. Yn 1986 waard lykwols it beslút nommen dat Naturalis tenei foar eltsenien tagonklik wêze moast. Dat betsjutte dat de doetiidske húsfêsting fan it museum net mear foldie: foar de útstallings dy't men fan doel wie te meitsjen, wie folle mear romte nedich. Yn dy tiid wie Naturalis fêstige yn it Pesthûs, dêr't fan 1954 oant 1984 it Legermuseum sitten hie. It Pesthûs is in histoarysk gebou yn 'e Leiske binnenstêd dat datearre út 'e santjinde iuw en oarspronklik brûkt wie foar de karantêne fan lju dy't oanhelle wiene mei de pest of oare besmetlike sykten.

Foar de nijbou fan it haadgebou waard 60 miljoen útlutsen, wat it op dat stuit ta it djoerste museumgebou fan Nederlân makke op it Ryksmuseum yn Amsterdam nei. De Leiske arsjitekt Fons Verheijen ûntwurp it nije gebou, dat in toer fan 62 m heech omfette. Dêryn kamen njonken publyk tagonklike útstallingssealen en in bibleteek ek in ekspedysjeromte en laboratoaria. It Pesthûs bleau ûnderdiel fan it museum; dêr waarden de yntree, de garderôbe, in museumwinkel en in kafee yn fêstige. De beide dielen fan it museum waarden mei-inoar ferbûn troch in rinbrêge fan 80 m lang. It nije musuemgebou waard op 7 april 1998 formeel iepene troch keninginne Beatrix.

Doe't yn 2010 de fúzje fan Naturalis mei it Soölogysk Museum Amsterdam en it Nasjonaal Herbarium Nederlân in feit waard, wie fuortendaliks dúdlik it museumgebou op 'e nij útwreide wurde moatte soe om 'e trije kolleksjes húsfêstje te kinnen. Dêrta ûntwurp arsjitekteburo Neutelings Riedijk Architecten in nijbouplan dat hast ta in ferdûbeling liede soe fan it oerflak fan it museum. De blikfanger waard in grut atrium dat tagong jout ta de njoggen ferdjippings fan it nije gebou. Dat atrium ferfong de eardere yntree fia it Pesthûs, dat dêrtroch oerstallich rekke en yn 2020 ferkocht waard. De nijbou late lykwols ta in konflikt tusken Naturalis en Fons Verheijen, dy't de foargeande útwreiding fan it museumgebou yn 1998 berêden hie. Hy dage it museum foar de rjochtbank om't er de nije ferbouwing seach as in oantaasting fan syn auteursrjocht. De rjochter joech him dêryn gelyk en by in skikking betelle Naturalis oan Verheijen in skeafergoeding fan €1,5 miljoen. Uteinlik waard it nije museumgebou op 31 augustus 2019 iepene.

Kolleksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kolleksje fan Naturalis omfette yn 2022 mear as 43 miljoen objekten. Dêrmei is Naturalis, alteast kwa omfang fan 'e kolleksje, ien fan top fiif natoerhistoaryske museä yn 'e wrâld. De kolleksje fan it museum is trochsykber op 'e webside Bioportal. De kolleksje is sa grut dat yn it museumgebou mei syn acht útstallingssealen altyd mar in lyts diel foar it publyk te sjen is. De acht sealen hawwe elts in tema: libben; it tiidrek fan 'e dinosauriërs; de iere minske; de ferlieding; de iistiid; evolúsje; de dea; en de Ierde. Dêrnjonken is der ek in LiveScience-laboratoarium, dêr't ûndersikers sjen litte wêr't se mei dwaande binne. It bekendste objekt út 'e kolleksje fan Naturalis is it skelet fan in Tyrannosaurus rex, dat yn 2016 foar in bedrach fan seis sifers út 'e Feriene Steaten wei oanskaft waard en dat de namme Trix krigen hat. De kolleksje fan Naturalis bestiet fierders út:

It skelet fan 'e Tyrannosaurus rex Trix is ien fan 'e haadobjekten út 'e kolleksje fan Naturalis.
In útstalling fan stienten en mineralen.
It boppeste diel fan 'e plasse fan in Javaminske.
Rekonstruksje fan it skelet fan in dodo.

Ta de kolleksje hearre ek de fjildoantekenings en oare papierren fan in stikmannich iere biologen, ûnder wa:

Digitalisearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 ûntfong Naturalis €13 miljoen út it Fûns Ekonomyske Struktuerferbettering om in oansjenlik diel fan syn kolleksje te digitalisearjen. Dat projekt sette yn 2011 útein en duorre oant yn 2015. Der waarden 7 miljoen objekten digitalisearre en opslein yn in foar eltsenien tagonklike online-database. Dat paste net inkeld yn 'e misje fan Naturalis om ynformaasje te ferskaffen oan it bredere publyk, mar makke ek wittenskiplik ûndersyk op ôfstân mooglik, dat ferrjochte wurdt troch ûndersikers út oare dielen fan 'e wrâld. Digitalisearring fan 'e âlde kolleksjes fan Naturalis mei de restearjende 36 miljoen objekten dy't it museum op 'e noed hat, fine nei behoefte by de tiid lâns plak. Yn 2015 en 2016 waarden mear as 275.000 ôfbyldings fan 'e kolleksje fan Naturalis opladen nei Wikimedia Commons, de yllustraasjedatabase fan Wikipedia.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side, en: References, op dizze side.