Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip
Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip OCW | ||
De Hôftoer dy't heart ta it ministearje OCW. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Rijnstraat 50 De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 9 septimber 1918 | |
funksjehâlders | ||
minister | Eppo Bruins | |
steatssekretaris | Mariëlle Paul | |
sekretaris-generaal | Loes Mulder | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-onderwijs-cultuur-en-wetenschap |
It Nederlânske ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, ôfkoarte ta OCW (Onderwijs, Cultuur en Wetenschap), is it ministearje dat ferantwurdlik is foar ûnderwiis, kultuer, wittenskip en it emansipaasjebelied. Inkelde kearndoelen binne 'goed ûnderwiis en in tarieding op selsstannigens en ferantwurdlikens foar elkenien', 'de mooglikheid foar ûnderwizers om harren wurk te dwaan' en 'de mooglikheid foar elkenien om keunst te belibjen'. Wat de wittenskip oanbelanget seit it ministearje dat ek 'wittenskippers harren wurk dwaan moatte kinne'.
Politike lieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it kabinet-Rutte III wie Ingrid van Engelshoven (D66) de minister en wie Arie Slob (CU) minister sûnder portefúlje foar Basis-en Fuortset Underwiis en Media.
Yn it kabinet-Rutte IV is Robbert Dijkgraaf (D66) de minister en Mariëlle Paul (VVD) (wie Dennis Wiersma, VVD) minister sûnder portefúlje. Fleur Gräper (D66) (wie Gunay Uslu, D66 en Steven van Weyenberg, D66) is steatssikretaris.
Doe't it kabinet-Schoof op 2 july 2024 oantrede, is de minister Eppo Bruins (NSC) en Mariëlle Paul (VVD) de steatssekretaris.
Ferantwurdlikens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ministearje is ferantwurdlik foar it hiele ûnderwiis: primêr, fuortset en heger ûnderwiis, mei it beropsûnderwiis en folwoeksene-edukaasje en it agrarysk ûnderwiis ynbegrepen. Ek stúdzjefinansierring falt ûnder it belied fan it ministearje.
It ministearje is ek ferantwurdlik foar it Nederlânske ûndersyk en wittenskipsbelied, mei útsûndering it op ynnovaasje rjochte ûndersyk dat ûnder it ministearje fan Ekonomyske Saken falt.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ministearje hat trije direktoraten-generaal mei ûnderlizzende direksjes:
- Heger ûnderwiis, berops- en folwoeksene-edukaasje, wittenskip en emansipaasjebelied (DGHBWE)
- Heger ûnderwiis
- Beropsûnderwiis en folwoeksene-edukaasje
- Wittenskipsbelied
- Stúdzjefinansierringsbelied
- Emansipaasje
- Primêr en fuortset ûnderwiis (DGPV)
- Primêr ûnderwiis
- Fuortset ûnderwiis
- Arbeidsmerk en personielsbelied
- Ier skoalleferlitten
- Kultuer en media (DGCM)
- Media, letters en biblioteken
- Kultureel erfguod
- Keunsten
Tagelyk binne der guon útfierende tsjiensten en rieden lykas:
- Tsjinst Utfiering Underwiis
- Ynspeksje fan it Underwiis (Nederlân)
- Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod
- Ynspeksje Oerheidsynformaasje en Erfguod
- Nasjonaal Argyf
- Underwiisried
- Platfoarm Bètatechnyk
- Ried foar Kultuer
- Kolleezje foar Toetsen en Eksamens
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foargonger fan it ministearje, it Ministearje fan Underwiis, Keunsten en Wittenskippen waard yn 1918 oprjochte, doe't it selsstannich waard fan it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. It waard oprjochte as gefolch fan de oplossing fan de skoalstriid, in skeel oer it lykskeakeljen fan de finânsjes foar religieuze en iepenbiere skoallen. By de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich waard it ministearje omneamd ta Departemint foar Opfieding, Wittenskippen en Kultuerbehâld en in selsstannich Departemint foar Propaganda en Keunsten. Yn 1965 waard it Departemint foar Keunsten yntegrearre yn it nije ministearje fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk. Yn 1982 waard dy kulturele ôfdieling yntegrearre yn it Ministearje fan Folkssûnens. Yn 1996 kearde de kulturele ôfdieling werom nei it Ministearje fan Underwiis.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) ·
Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) ·
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ·
Bûtenlânske Saken (BZ) ·
Definsje (Def) ·
Ekonomyske Saken (EZ) ·
Finânsjes (Fin) ·
Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) ·
Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) ·
Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) ·
Justysje en Feiligens (J&V) ·
Klimaat en Griene Groei (KGG)
Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) ·
Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) ·
Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) | ||
· · |