Springe nei ynhâld

Have Yourself a Merry Little Christmas

Ut Wikipedy
Have Yourself
a Merry Little Christmas
algemiene ynformaasje
artyst Judy Garland
   yn Meet Me in St. Louis
taal Ingelsk
sjenre krystferske
útbrocht 1944
opnommen 1944
doer ôfhinklik fan ferzje
label Leo Feist, Inc.
skriuwer Hugh Martin
komponist Ralph Blane
resultaten
sertifisearre    (goud, Sam Smith)
(goud, Sam Smith)
(goud, Sam Smith)
(goud, Michael Bublé)
covers û.o. Frank Sinatra, Bing Crosby,
Doris Day, Ella Fitzgerald, Luther
Vandross
, Tori Amos, Lorna Luft,
Michael Bublé, Christina Aguilera,
John Legend, Sam Smith
Dizze side giet oer it bekende krystferske. Foar oare betsjuttings, sjoch: Have Yourself a Merry Little Christmas (betsjuttingsside).

Have Yourself a Merry Little Christmas is in tige bekend Ingelsktalich sekulier krystferske, wêrfan't de titel betsjut "Fier foar Dysels in Fleurich Lyts Krystke". It waard yn 1943 skreaun troch tekstskriuwer Hugh Martin en komponist Ralph Blane foar de Amerikaanske filmmusical Meet Me in St. Louis. Yn dy tige populêre film, dy't yn 1944 yn 'e bioskopen kaam, waard it liet songen troch aktrise Judy Garland, dy't beskate feroarings yn 'e oarspronklike liettekst ôftwong. Letter liet Frank Sinatra de tekst foar syn coverferzje noch fierder feroarje. It is de ferzje fan Sinatra dy't tsjintwurdich ornaris oanholden wurdt.

Have Yourself a Merry Little Christmas wie ien fan ferskate lieten dy't tekstskriuwer Hugh Martin en komponist Ralph Blane yn 1943 yn opdracht fan filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) skreaune foar de oankommende filmmusical Meet Me in St. Louis, dy't it jiers dêrop yn 'e bioskopen útbrocht waard. Yn 'e film wurdt it ferske songen troch aktrise Judy Garland yn 'e rol fan Esther Smith, dy't har jongere suske Tootie (spile troch Margaret O'Brien) besiket te treastgjen yn ferbân mei in oankommende ferhuzing (tusken de kryst en âld en nij) fan 'e hiele húshâlding fan St. Louis nei New York omreden fan it wurk fan harren heit.

Garland fûn de oarspronklike begjinregels te somber en regisseur Vincente Minnelli wie it mei har iens en liet se troch Martin feroarje. De oarspronklike regels wiene: "Have yourself a merry little Christmas / It may by your last / Next year we may all be living in the past": "Fier foar dysels in fleurich lyts krystke / It soe wolris dyn lêste wêze kinne / Takom jier kinne we allegear skoan yn it ferline libje" (d.w.s. dea wêze). Garland har ferzje fan it liet waard ek útbrocht as single troch platemaatskippij Decca Records en berikte it 27e plak yn 'e Billboard-hitlisten. It ûntjoech him ta in tige populêr ferske, benammen mank de Amerikaanske troepen dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fochten.

Yn syn autobiografy bewearde Martin folle letter dat hysels sawol de lietteksten as de meldijen skreaun hie foar alle nije lieten yn Meet Me in St. Louis, en dat Ralph Blane dêr hielendal net by belutsen west hie. Neffens Martin soed er tastien hawwe dat Blane dêr yn gelikense mjitte foar neamd en royaltys foar útbetelle krige, om't hy (Martin) dat sels ferkeard regele hie, sadat "dizze bizarre sitewaasje" syn eigen skuld wie. Hy wiet dat oan syn "nayf en freeslik gebrek oan talint foar saaklike dingen".

Margaret O'Brien as Tootie en Judy Garland as Esther Smith yn Meet Me in St. Louis.

Frank Sinatra covere it liet foar it earst yn 1948, en letter died er dat nochris yn 1957 en 1963. Foar de ferzje fan 1957 naam er kontakt op mei Hugh Martin, oan wa't er fertelde dat syn nije album A Jolly Christmas ("In Fleurige Kryst") hiet, en frege oft er Have Yourself a Merry Little Christmas net wat "opfleurje" koe. Dêrop ferfong Martin de regel "Until then we'll have to muddle through somehow" ("Oant dy tiid moatte we mar sjen dat we it op 'e iene of oare manear rêde") troch "Hang a shining star upon the highest bough" ("Hingje in strieljende stjer oan 'e heechst tûke"). Hy paste ek wat lytsere dinkjes oan; sa feroare er de dantiid yn 'e notiid, sadat it fokus fan it liet ferkood waard fan in ferwachting fan in bettere takomst nei in fiering fan hjoeddeistige gelokkigens.

De ferzje fan Sinatra wurdt sûnt troch frijwol eltsenien oanholden; yn The Judy Garland Show Christmas Special, út 1963, song ek Judy Garland dy ferzje foar har bern Joey en Lorna Luft. Yn 2001 skreau Martin in folslein nije, religieuze liettekst y.g.m. John Fricke, Have Yourself a Blessed Little Christmas (Fier foar Dysels in Seinge Lyts Krystke"). Dy waard opnommen troch gospelsjongster Del Delker, mei begelieding fan Martin sels op 'e piano, mar berikte nea grutte populariteit.

De liettekst fan Have Yourself a Merry Little Christmas yn 'e tsjintwurdich gongbere ferzje is:

Ingelske tekst

Have yourself a merry little Christmas
Let your heart be light
From now on
Your troubles will be out of sight

Have yourself a merry little Christmas
Make the Yule-tide gay
From now on
Your troubles will be miles away

Here we are as in olden days
Happy golden days of yore
Faithful friends who are dear to us
Gather near to us once more

Through the years
We'll always be together
If the Fates allow
Hang a shining star upon the highest bough

So have yourself a merry little Christmas
Have yourself a merry little Christmas
So have yourself a merry little Christmas now

Fryske proaza-oersetting

Fier foar dysels in fleurich lyts krystke
Lit dyn hert licht wêze
Fan no ôf oan
Sille dy swierrichheden net mear te sjen wêze

Fier foar dysels in fleurich lyts krystke
Meitsje de krysttiid optein
Fan no ôf oan
Sille dyn swierrichheden milenfier fuort wêze

Hjir binne we, lykas yn dagen by âlds
Gelokkige gouden dagen fan alear
Trouwe freonen dy't ús dierber binne
Komme wer deunby ús gear

Troch de jierren hinne
Sille wy altyd mei-inoar wêze
As de Skikgoadinnen dat tasteane
Hingje in strieljende stjer oan 'e heechste tûke

Dus fier foar dysels in fleurich lyts krystke
Fier foar dysels in fleurich lyts krystke
Dus fier foar dysels in fleurich lyts krystke no


Have Yourself a Merry Little Christmas waard al ier, behalven troch Frank Sinatra, ek covere troch û.o. Ella Fitzgerald op har album Ella Wishes You a Swinging Christmas (1960), Bing Crosby op I Wish You a Merry Christmas (1962) en Doris Day op The Doris Day Christmas Album (1964). Yn 1995 brocht Lorna Luft it liet út yn 'e foarm fan in 'firtueel duët' mei har mem Judy Garland, dy't it yn 1963 songen hie yn in krystspecial fan The Judy Garland Show. Dy ferzje berikte it 100e plak yn 'e Britske UK Singles Chart.

Datselde jier brocht ek Luther Vandross in ferzje fan it liet út op syn album This Is Christmas. Yn 1998 song Tori Amos Have Yourself a Merry Little Christmas op 'e B-kant fan har single Spark. James Taylor naam yn 2002 in ferzje op syn album October Road op. De ferzje dy't de Kanadeeske sjonger Michael Bublé yn 2011 útbrocht, klom op ta it 49e plak yn 'e Amerikaanske Billboard Hot 100 en waard in gouden plaat yn Itaalje.

De ferzje fan Christina Aguilera út 2014 helle it 31e plak yn deselde hitlist en it 100e plak yn 'e Nederlânske Single Top 100. Datselde jiers brocht de Ingelske sjonger Sam Smith ek in ferzje fan Have Yourself a Merry Little Christmas út, dy't yn 'e top 10 fan 'e Amerikaanske en Kanadeeske hitlisten binnenkrong, en yn Finlân, Noarwegen, Sweden, Denemark, Tsjechje, Slowakije en Switserlân de top 40 helle. Dy single waard sertifisearre as gouden plaat yn 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Denemark. Yn 2018 brocht John Legend in ferzje fan it liet út, dy't it earste plak yn guon Amerikaanske hitlisten helle.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.