Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 41

Ut Wikipedy

Martha's Vineyard (útspr.: [ˈmaɹθəz ˈvɪɲəɹd], likernôch: "mar-zus win-jurd") is in Amerikaansk eilân yn 'e Atlantyske Oseaan, dat ek wol koartwei "the Vineyard" neamd wurdt. De namme betsjut letterlik "Martha har Wyngerd". Martha's Vineyard heart bestjoerlik ta de Amerikaanske steat Massachusetts. It leit foar de súdeastkust fan dy steat, rjocht besuden it skiereilân Cape Cod. It omfettet ek it 'eilân' Chappaquiddick, dat eins in skiereilân fan Martha's Vineyard is. It eilân waard bewenne troch de Yndiaanske Wampanôk (Wampanoag) foar't de Ingelsen it yn 1642 kolonisearren. Yn 'e njoggentjinde iuw spile Martha's Vineyard in wichtige rol yn 'e walfiskfeart. Yn dyselde snuorje hie it eilân troch in relatyf folle foarkommende erflike foarm fan dôvens in maatskippij dy't hast hielendal twatalich wie, mei njonken it Ingelsk ek it MVSL, in pleatslik ûntwikkele foarm fan dôvegebeartetaal. Yn 'e iere tweintichste iuw wie Martha's Vineyard it lêste ûntwyk fan 'e heidehin (Tympanuchus cupido cupido) foar't dy fûgel útstoar. Tsjintwurdich hat it eilân de namme in fakânsjeoarde foar de superriken út Boston en New York te wêzen. De permaninte befolking bestiet út krapoan 21.000 minsken, mar simmerdeis, as alle fakânsjehuzen bewenne wurde, waakst it ynwennertal oan ta mear as 200.000 minsken.

Lês fierder