Skepper-god
In skepper-god, ek faak oantsjut as "de Skepper", is in god dy't neffens in minsklike religy of mytology ferantwurdlik is foar de skepping fan 'e wrâld en/of it hielal. Yn it monoteïsme is de iennichste God tagelyk ek de skepper. Monoteïstyske godstsjinsten binne yn it foarste plak de abrahamityske religyen (joadendom, kristendom, islaam, bahaïsme en ferskate lytsere godstsjinsten), en fierders it sikhisme en beskate streamings binnen it hindoeïsme.
Yn ferskate polyteïstyske of monolatryske religieuze tradysjes wurdt in sekundêre skepper-god ûnderskaat fan in primêre, transendinte skepper. Dêrby is de primêre skepper dan bygelyks ferantwurdlik foar de skepping fan 'e kosmos, wylst de sekundêre skepper dêr letter bygelyks de wrâld of de minsken oan tafoege hat. In foarbyld dêrfan is in diel fan it waisjnavisme, de hindoeïstyske streaming dy't Wisjnû as wichtichste god ferearet. Sa leauwe de oanhingers fan it gaudiya-waisjnavisme (of Bingaalsk waisjnawisme) dat Wisjnû de skepper is fan 'e basisstruktuer fan it hielal en fan alle 'materiaal' dat nedich is foar de fierdere skepping. Brachma is de sekundêre skepper, dy't dat materiaal bewurke hat om 'e planeten en de wrâld en alle libbene organismen te skeppen.
It leauwen dat it hielal skepen is, hjit kreäsjonisme. It leauwen dat it hielal net skepen is, mar sûnder begjin of ein altyd al bestien hat, of op natuerlike wize ûntstien is, hjit non-kreäsjonisme. Non-kreäsjonistyske godstsjinsten binne bygelyks it boedisme en it jaïnisme, dy't net it bestean fan goaden ûntkenne, mar leare dat goaden oan 'e ynfloed fan deselde natoerwetten bleatsteane as minsken, en dat se dêrom net de macht hawwe om it hielal skepen hawwe te kinnen.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarbylden fan skepper-goaden binne:
- út Aazje:
- Atingkok Marû Sidaba yn 'e mytology fan 'e Manipoerezen.
- Brachman, de belicheming fan it monistyske oerbegjinsel, yn it hindoeïsme.
- Esege Malan yn 'e mytology fan 'e Mongoalen.
- Izanagi en Izanami-no-Mikoto yn 'e mytology fan Japan, dy't de oseaan mei in spear omretten en sa de Japanske Eilannen skoepen.
- Kayra yn 'e mytology fan 'e Turkske folken.
- Kamuy yn 'e mytology fan 'e Ainû.
- Shangti yn it Sineeske universalisme.
- út Afrika:
- út de Amearika's:
- Chiminigagua yn 'e mytology fan 'e Mûyska.
- Yocahú yn 'e mytology fan 'e Taïno fan Porto Riko.
- Kukulkan yn 'e mytology fan 'e Maya's.
- Nanabozho ("Grutte Knyn"), as mei-skepper yn 'e mytology fan 'e Odjibwe.
- Quetzalcoatl yn 'e mytology fan 'e Azteken.
- Raven yn 'e mytology fan 'e Inûyt.
- Viracocha yn 'e mytology fan 'e Inka's.
- út Jeropa:
- Ipmil of Radien-Áhči yn 'e Samyske mytology.
- Odin en de oare soannen fan Borr yn 'e Noardske mytology, troch it deadzjen fan 'e reus Ymir.
- Rod yn 'e Slavyske mytology.
- út it Midden-Easten:
- Eel yn 'e mytology fan 'e Kanaäniten.
- God, dy't neffens de mytology fan it joadendom en it kristendom de himel, de wrâld en alles dêryn skoep yn sân dagen. It kristendom leart fierders dat God ek de wrâld skoep út it neat, de saneamde creatio ex nihilo, mar it joadendom leart dat de wrâld al bestie en dat de skepping derút bestie dat God der foarm oan joech. Beide lêzings binne basearre op Genesis 1:1-2, dêr't stiet: "Yn it begjin hat God de himel en de ierde skepen. De ierde wie leech en sûnder foarm. It tsjuster lei oer de ôfgrûn en Gods wyn sweve oer it wetter."
- Mardûk yn 'e Babyloanyske mytology, dy't neffens it Enûma Elisj de wrâld skoep út it lyk fan 'e troch him deade Tiamat.
- út 'e Egyptyske mytology:
- út Oseaanje:
- Makemake yn 'e mytology fan Peaske-eilân.
- Ranginui en Papatūānuku yn 'e mytology fan 'e Maoary fan Nij-Seelân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |