Femke Wiersma
Femke Wiersma | ||
politikus | ||
Femke Wiersma (2023) | ||
echte namme | Femke Marije Wiersma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 29 desimber 1984 | |
berteplak | Dokkum | |
etnisiteit | Frysk | |
lid Deputarre Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2023-2024 | |
minister fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer | ||
amtsperioade | 2024 - no |
Femke Wiersma (Dokkum, 29 desimber 1984)[1] is in Nederlânske politika út namme fan de BoerBurgerBeweging (BBB). Sy wennet yn Holwert (2024). Sûnt 2 july 2024 is sy minister fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer. Dêrfoar wie sy fan 19 july ôf 2023 deputearre fan de provinsje Fryslân. [2]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiersma waard yn 1984 berne yn Dokkum en waard oplaat by de Keninklike Marine. Hja foltôge de oplieding maatskiplik wurk yn 2007, en wurke dêrnei as amtner. [3]
Wiersma wie oant har funksje as beliedsmeiwurker fan de BBB-Twadde Keamerfraksje beliedsadviseur by de Nederlandse Melkveehouders Vakbond. Wiersma stie by de Twadde Keamerferkiezings 2021 achter listlûker Caroline van der Plas as as twadde op de BBB-kandidatelist en helle doe 25.588 foarkarstimmen.
Yn 'e Provinsjale Steateferkiezingen fan 16 maart 2023 wûn BBB fjirtjin sitten yn Fryslân [4] en krige Wiersma 8.206 foarkarstimmen. [5] Op 13 july 2023 waard it kolleezjeprogramma fan BBB mei it CDA, ChristenUnie en de Fryske Nasjonale Partij presintearre en wêryn 't Wiersma ferantwurdlik waard foar lânbou, FPLG (Frysk Programma Landelijk Gebied) en erfgoed. [6][7][8]
Op 2 july 2024 waard Wiersma beneamd ta minister fan Lânbou, Fiskerij, Voedselzekerheid en Natuur. Se lei de amtseed ôf yn it Frysk. [9]
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wiersma die yn 2010 mei oan Boer zoekt Vrouw en wenne in skoft yn Abcoude mei Gijsbert Bakhuisen. Sy wiene troud fan 2016 oant 2019. Sûnt is se allinnichsteande mem fan fjouwer bern.[10]
- Yn de simmer fan 2023 die se mei oan it tf-programma De Slimste Mens.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|