Springe nei ynhâld

Fleur Agema

Ut Wikipedy
Fleur Agema
Agema yn 2025
Agema yn 2025
Algemien
Folsleine nammeMarie-Fleur Agema
Berne16 septimber 1976
BerteplakPurmerein
PartijLPF (2002-2004)
Forza! (2004)
PVV (2006-no)
TitelsMA
Politike funksjes
2003-2007Lid Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân
2006-2024Lid Twadde Keamer
2024-2025Minister fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport
Fise-premier

Marie-Fleur (Fleur) Agema (Poarmerein, 16 septimber 1976) is in Nederlânsk politika. Ut namme fan de Partij foar de Frijheid (PVV) siet hja sûnt de Twadde Keamerferkiezingen 2006 oant 2024 yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Fan 2 july 2024 oant 3 juny 2025 wie se minister fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en fise-premier yn it kabinet-Schoof.

Agema studearre arsjitektuer oan it HBO. Sy wie fan 1999 oant 2003 romtlik ûntwerper en projektlieder op in arsjitekteburo. Se eksposearre ûnder mear yn it Museon, de Grutte Tsjerke en it Gemeentehûs yn De Haach, it âlde Philipsfabryk en CraftDesign. Se hie in eigen stand op de meubelfakbeurs fan 1999. Yn 2004 helle se har mastergraad (Master of Arts) mei in ûntwerp foar in finzenis en in mastertese oer detinsje.

Yn 2003 waard sy foar de List Pim Fortuyn yn de Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân keazen. Op 17 oktober 2003 joech sy it betrouwen yn it bestjoer fan de LPF oer. Yn 2004 gie sy út de LPF fanwege yntern skeel. Sy gie fierder as ûnôfhinklike Groep Agema yn de Steaten. Yn de Steaten broch sy it yn har eagen te royale subsydzjebelied op it aljemint.[1] Yn datselde jier wie se ek aktyf op it neonazistyske ynternetforum Stormfront, dat de slogan "White Pride World Wide" brûkt. [2]

Yn 2006 gie sy by de Partij foar de Frijheid fan Geert Wilders en kaam sy yn de Twadde Keamerfraksje fan dy partij. Sy lei har dêr ta op romtlike oardening, folkshúsfesting en ferkear en wettersteat. Teffens wie hja fisefraksjefoarsitter. Sûnt 2010 die sy it wurd yn de keamer oer folkssûnens, wolwêzen en sport, jeugd en húshâlding, en subsydzjebelied.

Op 2 july 2024 waard Agema minister fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en earste fise-premier yn it kabinet-Schoof, it earste kabinet dêr't de PVV part fan wie. As gefolch fan it ministerskip ferliet se de Twadde Keamer. Dizze posysje hold se oant en mei 3 juny 2025, doe't sy tebekstapte as gefolch fan in koälisjekrisis it asielbelied oangeande [3] en de dêrnei folgjende fal fan it kabinet[4].

29 augustus 2025 makke Agema bekend har net mear ferkiesber te stellen foar in in sit yn de twadde keamer foar de PVV.[5]

Fleur Agema makke desimber 2012 bekend dat hja multiple skleroaze hat.[6] Maaie 2013 sei hja yn it EO-programma De Kist dat hja fereale wie op in man út Hong Kong[7], mar meidat har wurk net te kombinearjen is mei in relaasje om utens bleau hja single.[8] Yn 2014 krige se in relaasje mei âld-Twadde Keamerlid Léon de Jong[9]; sy hawwe tegearre in dochter[10].

Yn 2011 krige Agema de priis 'Ingel fan it Jier' fan de KristenUny-jongerein PerspectieF fanwegen har krewearjen foar it noch net berne libben en it op it aljemint bringen fan tebekbringen fan it tal abortussen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Ministers en steatssekretarissen yn it kabinet-Schoof (PVV, VVD, NSC en BBB)
MinistersDick Schoof (MP/AZ) • Fleur Agema (FP/VWS) • Sophie Hermans (FP/KGGEddy van Hijum (FP/SZGMona Keijzer (FP/VRO) • Marjolein Faber (A&M) • Judith Uitermark (BZKReinette Klevers (BHO) • Caspar Veldkamp (BZ) • Ruben Brekelmans (Def) • Dirk Beljaarts (EZ) • Eelco Heinen (Fin) • Barry Madlener (IW) • David van Weel (JV) • Femke Wiersma (LVVN) • Eppo Bruins (OCW)
SteatssekretarissenEddie van Marum (BZK) • Zsolt Szabó (BZK) • Gijs Tuinman (Def) • Nora Achahbar (Fin) • Tjebbe van Oostenbruggen (Fin) • Chris Jansen (IW) • Ingrid Coenradie (JV) • Teun Struycken (JV) • Jean Rummenie (LVVN) • Mariëlle Paul (OCW) • Jurgen Nobel (OCW) • Vincent Karremans (SZW) • Vicky Maeijer (VWS)
Opstapt as steatssekretarisFolkert Idsinga
· · Berjocht bewurkje