Campegius Vitringa
Campegius Vitringa sr.[1] (Ljouwert, 16 maaie 1659 - Frjentsjer, 31 maart 1722) wie in Nederlânske protestantske teolooch en hebraïst. Hy wie in neifolger fan Johannes Cocceius.
Hy studearre oan de universiteiten fan Frjentsjer en Leien, en waard professer yn Easterske talen oan de earste yn 1681. Syn beide haadwurken binne de dissertaasje oer de joadske synagoge, De Synagoga Vetere Libri Tres (Frjentsjer, 1685; 2dl ed. 1696) en syn Kommentaar op Jesaja (Ljouwert, 1714-20), dy't ferskate kearen werprinte binne yn de 18e iuw. It lêste wurk wie oant de tiid fan Gesenius de meast oansjenlike bydrage oan de eksegeze fan it bibelboek Jesaja. Fierders hat er noch Sacrarum Observationum Libri Sex publiseaare (Frjentsjer, 1683-1708).
Vitringa stoar yn maart 1722 yn de âldens fan 62 jier. Syn soan Campegius wie yn 1715 beneamd ta heechlearaar teology oan de universiteit fan Frjentsjer. Hy stoar skraach in jier letter nei syn heit yn jannewaris 1723.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De amore veritas, 1683
- Archisynagogus observationibus novis illustratus, Frjentsjer, 1685
- Aphorismi, 1688 (njoggen kear ferskynd, fiifris yn it Latyn en fjouwer kear yn it Nederlânsk as Korte stellingen, in welke vervat worden de grondstukken van de christelyke leere)
- Korte verklaring van het gelove der Algemeene Kerke aangaande de geboorte des Soons, en de tijdelijke doodt der gelovige, 1691
- Anakrisis Apokalypsios Joannis Apostoli, 1705
- Observatorium sacrae, 1711
- Verklaring van de evangelische parabolen, Amsterdam, 1715
- Typus theologiae practcae sive de vita spirituali ejusque affectionibus commentatio, 1716
- Hypotyposis historiae et chronologiae sacrae, Ljouwert, 1716
- Korte schets van de christelyke zeden-leere ofte van het geestelyk leven ende desselfs eigenschappen, 1717
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Joadske ensiklopedy
- 908 026.pdf Between Grotius and Cocceius: The 'Theologica Prophetica' of Capeius Vitringa (PDF)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|