National Mall

Ut Wikipedy

De National Mall is de namme foar in parkeftich gebiet tusken it Amerikaanske Kapitoal en it Tinkteken foar Lincoln yn Washington, D.C., mei tunen, fonteinen, beammen, blomperken en monuminten dat frij tagongklik is foar eltsenien. De gebouwen dy't yn de National Mall stean, binne foar in part it kulturele en politike sintrum fan de Feriene Steaten. De National Mall is op 'e noed fan 'e National Park Service.

National Mall
The National Mall húsfest de neikommende musea en monuminten:
1. Washington Monument

2. National Museum of American History
3. National Museum of Natural History
4. National Gallery of Art
5. Westlik gebou fan de National Gallery of Art
6. Eastlik gebou fan de National Gallery of Art
7. Kapitoal
8. Tinkstien foar Ulysses S. Grant
9. Botanyske Tún Washington DC

10. National Museum of the American Indian

11.National Air and Space Museum
12.Hirshhorn Museum and Sculpture Garden
13.Arts and Industries Building
14.Smithsonian Institution Building ("The Castle")
15.Freer Gallery of Art
16.Arthur M. Sackler Gallery
17.National Museum of African Art

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]