Flodder (franchise)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Flodder
Flodder.JPG
betinker Dick Maas
eigner First Floor Features
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
begjinjier 1986
einjier 1998
films
langspylfilms Flodder
Flodder in Amerika!
Flodder 3
tillefyzje
searjes Flodder
literatuer
strips sjoch hjirre
offisjele webside
www.flodder.tv

Flodder is in tige súksesfolle Nederlânske mediafranchise oer de asosjale húshâlding Flodder. De franchise begûn yn 1986 mei de komeedzjefilm Flodder, dêr't letter twa ferfolchfilms op makke waarden. Yn 'e 1990-er jierren waard der ek in tillefyzjesearje oer it gesin makke, dêr't anno 2021 noch altyd werhellings fan op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd wurde. De franchise waard betocht troch regisseur en filmprodusint Dick Maas en wie eigendom fan 'e (no fallite) studio First Floor Features fan Maas en Laurens Geels. Flodder kin beskôge wurde as in satire op 'e Nederlânske wolfeartsteat en op politike korrektens. De titel hat in dûbele betsjutting: oan 'e iene kant tsjut dy op 'e 'flodderige' steat fan 'e portrettearre húshâlding, mar oan 'e oare kant wiist de assosjaasje mei de term 'losse flodder' derop dat de Flodders, nettsjinsteande alle opskuor dy't se feroarsaakje, yn 'e grûn dochs frij ûnskuldich binne.

Personaazjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Flodders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it haad fan 'e húshâlding Flodder stiet Ma Flodder (Nelly Frijda), in sigaarsmokend, yllegale alkohol stokend, op learzens mei in skelk foar omrinnend manwiif. Al har bern hawwe ferskillende heiten. Aldste soan Johnnie is in idele mar snoade sjacherer mei in flotte babbel, dy't allegeduerigen behelle is yn lichtlik kriminele aktiviteiten om oan jild te kommen. (Yn 'e earste beide films waard Johnnie spile troch Huub Stapel, mar yn 'e tillefyzjesearje en de lêste film naam Coen van Vrijberghe de Coningh de rol oer.)

Soan Kees is dêrfoaroer in omkoal dy't faak Johnnie syn plantsjes yn it hûndert rinne lit. Ek hat er de gewoante om neakene famkes (of oanklaaide famkes oer wa't er fantasearret dat se neaken binne) te begluorkjen, wat him eltse kear wer yn 'e swierrichheden bringt. (Yn 'e earste beide films waard dizze rol fertolke troch René fan 't Hof, mar yn 'e searje en de lêste film troch Stefan de Walle.) De âldste dochter hjit ek Kees (Tatjana Šimić). Sy is in stereotypysk dom blondsje, mei in kreas foarkommen en grutte boarsten, dy't net fiis is fan wat ynsest of prostitúsje.

De beide jongste bern, dochter Toet fan alve en soan Henkie fan tsien, komme minder yn byld, hoewol't wol dúdlik is dat se folslein yn it wyld opgroeie. Om't de akteurs dizze rollen gau ûntgroeiden, waarden Toet en Henkie spile troch in opienfolging fan fertolkers. Yn it gefal fan Toet wiene dat Nani Lehnhausen (1986), Mandy Negerman (1992-1993), Scarlett Heuer (1994-1995) en Djune-Ann van Asten (1998). Yn it gefal fan Henkie gie it om Horace Cohen (1986), Melle de Boer (1992-1993), Sander Swart (1994-1995) en Rogier van de Weerd (1998).

Pake Flodder is in oan syn rolstoel bûne, pinsjonearre meiwurker fan 'e Nederlânske Spoarwegen, dy't altyd klaaid yn it unifoarm fan in stasjonssjef. Ma en de bern binne der eins net alhiel wis fan oft er wol echt famylje fan harren is. (Pake waard yn 'e earste film spile troch Jan Willem Hees, en dêrnei troch Herman Passchier). De húshâlding wurdt folslein makke troch húsdier Whiskey, in grutte swarte bouvier, waans krewearjen om 'e Flodders te helpen oer it algemien troch de gesinsleden net op priis steld wurdt.

Oaren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oare haadpersoan yn 'e franchise is Sjakie, folút: Jacques van Kooten (Lou Landré), in sosjaal wurker dy't yn 'e tsjinst is by de gemeente, en de asosjale Flodders begeliede moat by harren yntegraasje yn 'e fillawyk Zonnedael. Hy is sûnder ein nayf en bliuwt solidêr nei de húshâlding ta, ek al wurdt er oanhâldend de dupe fan 'e eksploaten fan 'e Flodders. Ek as er op eigen manneboet op 'en paad is, lykas yn 'e film Flodder in Amerika!, blykt Sjakie in ûntychlike pechfûgel te wêzen, dy't fan it iene probleem yn it oare bedarret.

Wichtige en weromkearende byrollen yn 'e franchise binne:

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flodder (film)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Flodder (film).

Yn Flodder docht bliken dat de wente fan 'e asosjale probleemhúshâlding Flodder op fersmoarge grûn stiet. Op inisjatyf fan sosjaal wurker Sjakie van Kooten (Lou Landré) wurdt harren dêrop by wize fan sojsaal eksperimint in nij wenplak tawiisd yn 'e fillawyk Zonnedael. Sjakie is der nammentlik hillich fan oertsjûge dat in better wenfermidden liede sil ta in positive feroaring yn it hâlden en dragen fan 'e Flodders. Dat blykt lykwols net sa te wêzen. Krektoarsom, de húshâlding sleept hiel Zonnedael mei omleech nei harren nivo, in proses dat kulminearret yn 'e folsleine ferwoastging fan harren filla.

Flodder waard regissearre troch Dick Maas nei in senario dat er sels skreaun hie. De film gie op 17 desimber 1986 yn premiêre, en wûn in Gouden Keal foar bêste rezjy. De film waard makke foar in budget fan ƒ4 miljoen en loek yn 'e bioskopen 2,3 miljoen besikers.

Flodder in Amerika![bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Flodder in Amerika!.

Yn Flodder in Amerika! jout de wethâlder (Jurg Molenaar}, om fan 'e asosjale Flodders ôf te kommen, harren op foar in kultureel útwikselingsprojekt yn it ramt wêrfan't se nei de Feriene Steaten stjoerd wurde. Sjakie (Lou Landré) moat mei om harren te begelieden, mar hy rekket harren fuort nei oankomst al kwyt en fynt harren nea werom wylst him it ien ûngelok nei it oare oerkomt. Underwilens binne de Flodders los yn New York, dêr't se binnen de koartste kearen de hiele stêd op stelten sette, om úteinlik as persona non grata de Feriene Steaten útset te wurden en werom te kearen nei Zonnedael.

Flodder in Amerika! waard wer regissearre troch Dick Maas nei in senario fan himsels. De film gie op 3 july 1992 yn premiêre, en waard makke tsjin in budget fan ƒ12 miljoen. Yn 'e Nederlânske bioskopen waard de film besjoen troch krapoan 1,5 miljoen minsken.

Flodder 3[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Flodder 3.

Yn Flodder 3 besykje de rike bewenners fan 'e fillawyk Zonnedael út alle macht om harren asosjale buorlju, de Flodders, út har hûs set te krijen foar't se it feest foar it 25-jierrich bestean fan Zonnedael bedjerre kinne. Trije plannen om dat foarinoar te krijen, rinne lykwols ien foar ien op 'e non. De oare bewenners krije op 't langelêst har nocht fan 'e obsesje dy't foarsitter Van Brandwijk (Alfred van den Heuvel) fan it buertkomitee foar it ferdriuwen fan 'e Flodders hat en sette him út 'e organisaasje, wêrnei't it feest ta ferieniging liedt tusken de Flodders en harren buorlju. Van Brandwijk lit it der lykwols net by sitte en besiket op 'e jûn fan it feest in tankwein mei brânstof by de filla fan 'e Flodders nei binnen te riden om dy op te blazen. Hy rekket lykwols it ferkearde hûs, wêrnei't in keatlingreäksje, feroarsake troch de feestdekoraasjes dy't alle filla's mei-inoar ferbine, derfoar soarget dat hiel Zonnedael ôfbaarnt. Utsein de filla fan 'e Flodders, dy't net fersierd wie.

Flodder 3 is eins gjin ferfolch op 'e oare beide films, mar mear in fuortsetting fan 'e tillefyzjesearje. De film waard wer regissearre troch Dick Maas, diskear nei in senario fan himsels en Wijo Koek, dat eins bestie út in gearfoeging fan 'e skripten foar trije ôfleverings út 'e tillefyzjesearje. De film gie op 29 juny 1995 yn premiêre, en waard makke tsjin in budget fan $7,5 miljoen. Flodder 3 stiet ek wol bekend as Flodder Forever of Flodder: The Final Story.

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flodder (tillefyzjesearje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Flodder (tillefyzjesearje).

Flodder is in Nederlânske komeedzjesearje dy't basearre wie op 'e earste film, mar wêrfan't de ferhalen los steane fan dy film. De searje waard makke troch tillefyzjestudio First Floor Features fan Dick Maas en Laurens Geels, mei yn 'e haadrollen, krekt as yn 'e earste beide films, Nelly Frijda as Ma Flodder, Tatjana Šimić as dochter Kees en Lou Landré as Sjakie. Huub Stapel en René van 't Hof, dy't yn 'e earste beide films Johnnie Flodder en soan Kees spilen, kearden net werom en waarden ferfongen troch Coen van Vrijberghe de Coningh, resp. Stefan de Walle.

Yn earste ynstânsje waarden der fan 1993 oant en mei 1995 foar Veronica trije seizoenen makke mei yn totaal 36 ôfleverings. De film Flodder 3 wie in fuortsetting fan it trêde seizoen fan 'e searje. Yn 1998 waarden nochris twa seizoenen mei 26 nije ôfleverings makke, sadat it totaal op 62 ôfleverings fan elts 25 minuten kaam. Flodder de tillefyzjesearje wie in grut kommersjeel súkses, en anno 2021 wurde noch altyd werhellings fan 'e rige útstjoerd op sawol de Nederlânske as de Belgyske tillefyzje.

Strips[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan 'e Flodder-franchise waarden ek twa stripboeken útbrocht mei nije, oarspronklike ferhalen skreaun troch Dick Maas en Wijo Koek. Dat wiene Het Mysterie van de Dode Blondjes út 2015 en Dochter Kees en de Opgewonden Standjes út 2017. Dêrnjonken ferskynde yn 1992 ek in stripbewurking fan 'e film Flodder in Amerika!

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.