Springe nei ynhâld

Zane Grey

Ut Wikipedy
Zane Grey
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pearl Zane Grey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 jannewaris 1872
berteplak Zanesville (Ohio)
stoarn 23 oktober 1939
stjerplak Altadena (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre westernromans, lit. romans &
koarte ferh., berneboeken,
non-fiksje
perioade 1e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Desert Gold
Riders of the Purple Sage
Code of the West
Knights of the Range
jierren aktyf 19031939
offisjele webside
www.zanegreyinc.com

Zane Grey (folút: Pearl Zane Grey; Zanesville (Ohio), 31 jannewaris 1872Altadena (Kalifornje), 23 oktober 1939), wie in Amerikaansk skriuwer, toskedokter en filmprodusint. Hoewol't er ek yn oare sjenres aktyf wie, is er fierwei it bekendst wurden troch syn pionierswurk op it mêd fan 'e westernroman. Guon fan syn bekendste boeken binne Riders of the Purple Sage (út 1912), ien fan 'e earste echte westerns, it trijeris ferfilme Desert Gold en fierders Code of the West en Knights of the Range.

Grey hie dêrmei grutte ynfloed op 'e mytefoarming oer it Wylde Westen. Syn boeken wiene tige populêr, net inkeld yn 'e Feriene Steaten mar ek om utens, en hy wie ien fan 'e earste auteurs dy't troch har skriuwwurk miljonêr waarden. It skriuwen gie Grey ôf dat it slydjage, dat hy hie úteinlik in oeuvre fan mear as 90 boeken. Doe't er stoar lei der by syn útjouwer noch sa'n steapel manuskripten, dat der oant 1963 elts jier noch in nij boek fan him útkaam. Yn totaal ferkocht er mear as 40 miljoen boeken. Njonken de ynfloed dy't Grey op syn lêzers hie, wied er ek in grutte ynspiraasjeboarne foar lettere westernskriuwers. Boppedat krigen in protte fan syn wurken twadde libbens as film- en tillefyzjeadaptaasjes, dêr't er oant hjoed de dei ta de Amerikaanske kultuer yn it bysûnder, mar ek de Westerske kultuer yn it algemien mei beynfloedet.

Grey waard op 31 jannewaris 1872 berne yn Zanesville, yn 'e steat Ohio, as Pearl Zane Gray (syn famylje liet harren namme koart nei syn berte feroarje fan "Gray" yn "Grey"). Syn earste foarnamme wie ôflaat fan in kranteberjocht, wêryn't de rouklean fan 'e Britske keninginne Fiktoaria omskreaun waarden as pearl gray, "pearelgriis". Grey wie it fjirde fan fiif bern yn it gesin fan Alice Josephine "Allie" Zane, dy't har komôf weromfolgje koe nei de yn 1673 nei Amearika emigrearre Ingelske quaker Robert Zane, en har man Lewis M. Grey, in toskedokter.

Grey groeide op yn Zanesville, in stedsje dat stifte wie troch syn oerpake oan memmekant, Ebenezer Zane, dy't meifochten hie yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. As bern hied er as leafhawwerijen lêzen, angeljen en it spyljen fan honkbal, en dat kaam letter allegear werom yn syn skriuwwurk. Grey syn heit brocht him op strange wize grut, en seame him geregeldwei ôf mei in flink wan bruien, mar syn mem wie in sêftmoedige frou, dy't mei leafde de ynfloed fan har man besocht te kompinsearjen. Likegoed wie Grey as opslûpen jonge gauris belutsen by fjochtpartijen, wat him dan wer op in pak op 'e hûd fan syn heit kaam te stean. Grey fûn in pleatsferfangende heit yn in âldman dy't fan Muddy Miser hiet, en dy't syn leafde foar angeljen en skriuwen oanmoedige. Yn syn formative jierren brocht er in protte tiid mei Miser troch, ek al woe syn heit dat net hawwe.

Zane Grey yn 1895, as honkbalspiler foar de Universiteit fan Pennsylvania.

Under ynfloed fan Robinson Crusoe en de romans fan James Fenimore Cooper (lykas The Last of the Mohicans) en teffens ynspirearre troch de iere westernromantsjes (dime novels) en de keunstwurken fan westernyllústrators as Frederic Remington, skreau Grey syn earste koarte ferhaal, Jim of the Cave, doe't er fyftjin jier wie. Dat gie lykwols ferlern doe't syn heit it ûntdiek en it ferskuorde en him in pak op 'e bealch joech. Fanwegen finansjele swierrichheden, feroarsake troch minne ynvestearrings, ferhuze Lewis Grey syn gesin yn 1889 nei Kolumbus, dêr't Zane byspringe moast yn 'e toskedokterspraktyk en letter yn in bioskoop wurke en in simmer lang honkbal spile foar de Columbus Capitols. Dêr waard er ûntdutsen troch in honkbalskout en sadwaande krige er in sportbeurs om fan te studearjen.

Studintetiid en honkbaljierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grey learde foar toskedokter oan 'e Universiteit fan Pennsylvania, yn Philadelphia, dêr't er yn 1896 ôfstudearre. Underwilens spile er honkbal foar it universiteitstiim, mar los dêrfan hied er net in soad kontakt mei oare studinten, sawol fanwege syn bleuens, as om't er gehielûnthâlder wie. Hy brocht syn tiid troch mei honkbal, swimmen en skriuwen, wêrby't er him yn dy tiid fral talei op poëzij. Hy dreamde derfan om in honkbalstjer te wurden, mar wie reälistysk genôch ynsteld om yn te sjen dat er in bettere kâns hie om syn brea te fertsjinjen as toskedokter. Wylst er noch studearre waard der ûnder in simmerfakânsje troch de famylje fan in famke út Delphos in rjochtsaak tsjin him oanspand foar heit-wêzen, dy't er stilwei skikte foar in it bedrach fan $133,40 (betelle troch syn heit). Nei 1896 spile er noch ferskate jierren honkbal foar klubs yn it "Lytse Bûn" (Minor League), wêrûnder de Newark Colts (út Newark, yn Nij-Jersey). Yn 1903 spile er ien inkele wedstryd yn it "Grutte Bûn" (Major League), foar de Pittsburgh Pirates.

Toskedokterspraktyk en trouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er ôfstudearre wie, sette Grey yn 1896 yn New York syn eigen toskedokterspraktyk op. Dat wie oars in plak dat gjin brekme oan toskedokters hie, mar hy keas it út om't er deunby de grutte útjouwerijen wenje woe. Om 'e ferfeling fan in bestean as toskedokter te trochbrekken, begûn er jûns koarte ferhalen te skriuwen. Sels seid er dêroer: "Reälisme is foar my krekt de dea. Ik kin net oer it libben sa't it is." Hoewol't skriuwen him fan natuere maklik ôfgie, wie de styl fan syn ierste wurk stiifkes, en syn behearsking fan 'e grammatika swak. Njonken syn wurk en syn skriuwen wied er lid fan in amateurhonkbalklub en teffens gied er gauris te kampearjen mei ien fan syn bruorren yn Lackawaxen, yn Pennsylvania, dêr't se de tiid trochbrochten mei angeljen yn 'e bopperin fan 'e rivier de Delaware.

Doe't er ris te kanojen wie, mette er yn 1900 de doe santjinjierrige Lina Roth, wa har ropnamme oft "Dolly" wie. Dy kaam út in doktersfamylje en learde foar skoaljuffer. Nei in hertstochtlike hofmakkerij dy't geregeldwei ûntsierd waard troch rûzjes troude er yn 1905 mei har. Grey hie lêst fan depressive riten, opsternatens en stimmingswikselings, en dat bleau de rest fan syn libben sa, dat hy moat net in maklikenien west hawwe om mei te libjen. Boppedat ferhipte er it om syn relaasjes mei oare froulju op te jaan. Foar harren trouwen warskôge er Dolly iepentlik: "De gewoane man is tefreden mei in ridlik ynkommen, in hûs, frou, bern en sa [...] Mar ik stean in miljoen myl fan dat soarte fan man ôf en al hoe't ik it ek besykje mocht, ik sil nea feroarje. [...] Ik sil nea it part fan my kwytreitsje dat belangstelling hat foar froulju."

It Zane Grey Museum yn Lackawaxen, yn Pennsylvania.

Nei harren trouwen joech Dolly, sa't doedestiden gebrûklik wie, har baan yn it ûnderwiis deroan. Se ferfearen nei in boerespultsje by Lackawaxen, deunby it plak dêr't de rivier de Lackawaxen útmûnet yn 'e Delaware. Letter kamen Grey syn mem en suster dêr by harren yn te wenjen. (Dit hûs is no it Zane Grey Museum en stiet ynskreaun yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.) Uteinlik joech Grey syn toskedokterspraktyk op om him foltiids oan syn skriuwwurk te wijen, wêrby't Dolly har beërf harren troch de earste, finansjeel drege jierren hinne holp.

Fan 1905 oant 1925 teach Grey der gauris moannen efterinoar op út om te angeljen, te skriuwen en tiid troch te bringen mei syn mêtresses, wylst Dolly as syn manager en agint fungearre en harren trije bern grutbrocht. Hja wist fan syn ûntrou, mar liket it beskôge te hawwen as in oanberne beheining fan sines ynstee fan in frije kar. Harren hiele libben tegearre hechte Grey grutte wearde oan har beävensearjen fan syn karriêre en gesin, en oan har solide emosjonele stipe. Se wie tige ûnderlein yn it redigearjen fan syn boeken en ferhalen, mar hie ek grut talint op it saaklike flak, en se hannele alle kontakten mei útjouwers, aginten en letter filmstudio's ôf. Al Grey syn ynkommen dielde er midstwa mei har, wêrby't sy harren gesin ûnderhold út har part. Ut Grey syn omfangrike briefkerij mei Dolly docht bliken dat er nea ophold fan har te hâlden, nettsjinsteande al syn ûntrou en persoanlike emosjonele ûnstjoer.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei help fan Dolly as testlêzeresse en redaktrise krige Grey syn skriuwwurk stadichoan in bettere styl. Syn earste publisearre wurk wie A Day on the Delaware, in ferslach fan in angelekspedysje fan him en syn broer oan 'e Delaware, dat yn 1902 yn it tydskrift Recreation ferskynde. Grey lies de earste grutte westernroman, The Virginian, fan Owen Wister, en bestudearre yngeand de opbou en styl. Dêrnei besleat er him yn 1903 sels oan in roman te weagjen. Dat waard lykwols gjin western, mar in histoaryske roman, Betty Zane, oer ien fan syn eigen foarâlden út 'e tiid fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. It boek waard ôfwiisd troch ferskate útjouwers, wat Grey fuortsinke liet yn swarte wanhope. Mei jild fan syn frou of mooglik fan Reba Smith, de rike freondinne fan syn broer R.C., joech er it doe yn eigen behear út. Mei Spirit of the Border (1906), it ferfolch op Betty Zane, en The Last Trail (1908), it trêde boek fan 'e trilogy, hied er likemin folle súkses.

Nei't er yn 1907 in lêzing yn New York besocht hie fan Charles Jesse "Buffalo" Jones, dy't as jager en gids yn it Wylde Westen namme makke hie, regele Grey dat er mei koe op poemajacht yn 'e Grand Canyon. Hy naam in fototastel mei om syn aventoeren te dokumintearjen (en bewize te kinnen), en begûn ek mei de gewoante om wiidweidige oantekenings fan it hiele barren te meitsjen, net inkeld fan it lânskip en de aktiviteiten, mar ek fan 'e petearen. Syn earste beide jachtreizen wiene dreech, mar hy stiek witwat op fan syn selskipslju. It joech him it selsfertrouwen om op oertsjûgjende wize oer it Wylde Westen te skriuwen, mei't er it woeste lânskip, de personaazjes, ferriedlike rivierfurden, gefaarlike wylde bisten, stjerrende kjeld, tesinzgjende hjittens, alderferskuorrendste toarst, ûndrinkber wetter, opljeppende timperaminten en heldhaftige gearwurking allegear sels meimakke hie.

It hûs fan Zane Grey yn Altadena, yn Kalifornje.

Doe't er yn 1908 weromkearde, sette er de aventoeren fan Buffalo Jones om yn it boek The Last of the Plainsmen, mar op 'e nij waard syn skriuwwurk ôfwiisd troch de útjouwers, hoewol't it letter as fúljeton ferskynde yn it tydskrift Outing. Neitiid skreau Grey earst inkeld noch mar krante-artikels en guon berneboeken, mar mei syn earste bern op komst fielde er him ferplichte om it op 'e nij mei in roman te besykjen. Dat waard syn earste western, The Heritage of the Desert, dy't er yn 1910 yn fjouwer moannen op papier krige. It sloech daliks oan by it Amerikaanske publyk en waard in bestseller: Grey hie syn sjenre fûn. Hy gie troch mei te skriuwen oer manifest destiny en de ferovering fan it Wylde Westen. Yn 1912 publisearre er syn bekendste boek, Riders of the Purple Sage, dat ien fan 'e bêstferkeapjende westerns aller tiden waard en fiif kear ferfilme wurde soe. Ripley Hitchcock, syn redakteur by útjouwerij Harper & Brothers, wiisde it manuskript ôf, mar doe't Grey dermei nei Hitchcock syn baas gie, waard de man weromfluite. Yn 1913 kaam in oar ferneamd boek fan Grey út: Desert Gold, dat letter trije kear ferfilme wurde soe. Tsjin 1915 hie Grey syn namme fêstige as westernskriuwer.

Yn 1918 ferhuzen de Grey's nei Kalifornje, dêr't se har yn 1920 nei wenjen setten yn Altadena, doe in lanlik doarpke yn 'e heuvels fan súdlik Kalifornje, no in middelgrutte foarstêd fan Los Angeles. Behalven mei syn gesin brocht Grey dêr ek fral tiid troch mei syn mêtresse Brenda Montenegro. Boppedat hied er tsjin dy tiid it jild en sadwaande ek de tiid om him oer te jaan oan syn earste passy: angeljen. Fan 1918 oant 1932 droech er geregeldwei by oan 'e ynhâld fan it angelderstydskrift Outdoor Life. Dêrby begûn er oseaanangeljen op tonyn en oare grutte rôffisken te popularisearjen. Hy fiske in protte foar de Amerikaanske westkust, by Kalifornje, en foar de eastkust, yn súdlik Floarida. Letter reizge er in protte nei Nij-Seelân, Austraalje en Tahity, poer foar it fiskjen. Grey hearde ek ta de oprjochters fan 'e saneamde "Brúnfiskklub" (Porpoise Club), dy't as doel hie om it "fiskjen" op dolfinen en brúnfisken te popularisearjen (lokkigernôch sûnder in protte súkses). Datoangeande fong er foar it earst wat yn septimber 1912, doe't er foar de kust fan Nij-Jersey in tommeldolfyn harpoenearre.

Zane Grey by in besyk oan Austraalje, yn 1939, mei in koäla op 'e earm.

Wat better oft Grey syn boeken it diene, wat mear oft guon resinsinten, lykas Heywood Broun en Burton Rascoe, him ôfrinne lieten. Hja holden út dat syn ôfskildering fan it Wylde Westen nearne nei liek, dat it lang net sa gewelddiedich west hie en dat it op oare punten likemin striek mei de wurklikheid. Dêr hiene se fansels wol gelyk oan, mar Grey hie ek nea sein dat syn ferhalen histoarysk akkuraat wiene. Fierders fûnen de kritisy syn personaazjes ûnreälistysk en koene neffens Broun "de ynhouten fan lykfol hokker twa boeken fan Zane Grey op 'e efterkant fan in postsegel skreaun wurde." Grey biet fan him ôf yn traktaat fan 20 siden mei as titel My Answer to the Critics, mar doe't Dolly dat lies, ûntprate se it him om it iepenbier te meitsjen.

De roman The Vanishing American, út 1925, dy't foar it earst as fúljeton ferskynde yn it tydskrift The Ladies' Home Journal, late ta útsûnderlik grutte opskuor. Yn it boek portrettearre Grey de wrakseling fan 'e Navaho om harren etnyske identiteit en kultuer te behâlden foar de ferdjerrende ynfloed oer fan 'e blanke oerheid en de kristlike misjonarissen. Dat útgongspunt brocht kristlike groepearrings yn 'e Feriene Steaten ta razernij. Grey sei: "Ik haw tolve jier lang stúdzje makke fan 'e Navaho-Yndianen. Ik ken harren minne punten. Mar de misjonarissen dy't dêrhinne stjoerd wurde, binne frijwol oan 'e lêste man ta deune, gemiene, swakke, ymmorele, weardeleaze lju." Om it boek útjûn te krijen, stimde er lykwols ta yn guon opboutechnyske feroarings, salang't syn boadskip mar oerein bleau.

Oare bekende wurken fan Grey binne Wanderer of the Wasteland, dat in mar kwealk bedutsen autobiografy is, en fierders The Code of the West, út 1934, en Knights of the Range, út 1939. Njonken westerns skreau er ek ferskate honkbalromans en in grut tal angeldersferhalen. Ien fan syn bondels mei ferhalen fan dat lêste soarte, Tales of the Angler's El Dorado, New Zealand, wie ferantwurdlik foar de fêstiging fan 'e Nijseelânske Eilannebaai as in earsten bestimming foar angeldersfakânsjes. Under de Grutte Depresje, yn 'e tritiger jierren, gie Grey gewoan troch mei skriuwen, mar de ekonomyske resesje hie in negative ynfloed op syn ferkeapsifers. Lokkigernôch hied er (of better sein: hie Dolly) net yn oandielen belein, dat de Beurskrach fan 1929 hied er gjin lêst fan.

Zane Grey syn blokhut yn Galice, yn Oregon, dêr't er him weromloek om te angeljen en te skriuwen.

Underwilens wie Grey ek belutsen rekke by de filmyndustry fan Hollywood, dat net fier fan Altadena ôf lei. Dat wie al yn 1916 begûn, doe't er de filmrjochten fan Riders of the Purple Sage foar $2.500 ferkocht oan William Fox. Grey syn romans hiene in grutte ynfloed op 'e him noch ûntjaande filmyndustry, dy't mar wat graach de westernliteratuer ta in filmsjenre omfoarme. Nei't twa fan syn boeken net al te trou oan it oarspronklike ferhaal ferfilme wiene, rjochte Grey syn eigen filmstudio op, sadat er sels it tafersjoch hâlde koe oer takomstige ferfilmings. Nei sân films útbrocht te hawwen, ferkocht er it bedriuw oan Jesse Lasky, dy't sydlings belutsen wie by de grutte studio Paramount Pictures. Neitiid wie it Paramount dat noch ferskate oare ferfilmings fan Grey syn boeken makke, wêrby't Grey sels yn 'e earm nommen waard as adviseur. Uteinlik soene der mear as fiifentweintich ferfilmings makke wurde fan syn wurk.

Zane Grey ferstoar op 23 oktober 1939 oant in hertoanfal yn syn hûs yn Altadena, yn súdlik Kalifornje. Hy waard begroeven op it Union Cemetery yn Lackawaxen, yn Pennsylvania.

Hy hie by syn libben in oeuvre opboud fan mear as 90 boeken, mei dêrûnder mar leafst 67 westerns (ynkl. ferhalebondels), 12 angeldersboeken, 6 berneboeken, 5 histoaryske romans, 3 aventoereboeken, 3 sportboeken, 2 jachtboeken en 1 mainstream-roman. In oansjenlik diel dêrfan bestie út bestsellers, wat Grey ta ien fan 'e earste skriuwers fan 'e wrâld makke dy't troch harren skriuwwurk miljonêr waarden. Syn totale ferkeapsifers komme boppe de 40 miljoen út, al wie in grut part dêrfan postúm: doe't yn 'e 1940-er jierren de paperback útfûn waard, ekspodearren syn ferkeapsifers suver. Hoewol't Grey tiden hie dat der him gjin wurd út 'e pinne komme woe, en oaren dat er dei en nacht trochskreau, wied er oer it gehiel sjoen sa'n fruchtber auteur, dat syn útjouwer Harper & Brothers nei syn dea noch oant 1963 (24 jier lang) elts jier in nij boek fan him útbringe koe.

romans
  • 1910 – The Heritage of the Desert
  • 1910 – The Young Forester
  • 1911 – The Young Lion Hunter
  • 1912 – Riders of the Purple Sage
  • 1912 – Ken Ward in the Jungle
  • 1913 – Desert Gold (yn 2007 werútjûn yn 'e foarm fan Grey syn oarspronklike manuskript, ûnder de titel Shower of Gold)
    • Nederlânske oersetting: Woestijngoud (fert. Hans Olden, 1965)
  • 1914 – The Light of Western Stars
  • 1915 – The Lone Star Ranger
  • 1915 – The Rainbow Trail (ferfolch op Riders of the Purple Sage)
  • 1916 – The Border Legion
  • 1917 – Wildfire
  • 1918 – The UP Trail
  • 1919 – The Desert of Wheat
  • 1920 – The Man of the Forest
  • 1921 – The Mysterious Rider
  • 1921 – To the Last Man
  • 1923 – Wanderer of the Wasteland
  • 1923 – Tappan's Burro
  • 1924 – The Call of the Canyon
  • 1925 – The Thundering Herd
  • 1925 – The Vanishing American
  • 1926 – Under the Tonto Rim
  • 1927 – Forlorn River
  • 1928 – Nevada (ferfolch op Forlorn River)
  • 1928 – Wild Horse Mesa
  • 1928 – Don, the Story of a Lion Dog
  • 1928 – Avalanche
  • 1929 – Fighting Caravans
  • 1929 – Stairs of Sand (ferfolch op Wanderer of the Wasteland)
  • 1930 – The Wolf Tracker
  • 1930 – The Shepherd of Guadaloupe
  • 1931 – Sunset Pass
  • 1932 – Arizona Ames
  • 1932 – Robbers' Roost
  • 1933 – The Drift Fence
  • 1933 – The Hash Knife Outfit
  • 1934 – The Code of the West
    • Nederlânske oersetting: Code van het Westen (fert. Hans Olden, 1964)
  • 1935 – Thunder Mountain
  • 1935 – The Trail Driver
  • 1936 – The Lost Wagon Train
  • 1937 – West of the Pecos
  • 1938 – Raiders of Spanish Peaks
  • 1939 – Western Union
  • 1939 – Knights of the Range
    • Nederlânske oersetting: Ridders der Prairie (fert. E. ten Have, sûnder jier)
  • 1940 – Thirty Thousand on the Hoof
  • 1940 – Twin Sombreros (ferfolch op Knights of the Range)
  • 1942 – Majesty’s Rancho (ferfolch op The Light of Western Stars)
  • 1943 – Omnibus (roman)
  • 1944 – The Wilderness Trek
  • 1946 – Shadow on the Trail
  • 1947 – Valley of Wild Horses
  • 1948 – Rogue River Feud
  • 1949 – The Deer Stalker
  • 1950 – The Maverick Queen
  • 1951 – The Dude Ranger
  • 1952 – Captives of the Desert
  • 1953 – Wyoming
  • 1954 – Lost Pueblo
  • 1955 – Black Mesa
  • 1956 – Stranger from the Tonto
  • 1957 – The Fugitive Trail
  • 1958 – Arizona Clan
  • 1959 – Horse Heaven Hill
  • 1996 – Last of the Duanes (net-oanpaste orizjinele ferzje fan The Lone Star Ranger, út 1915)
  • 2003 – The Desert Crucible (net-oanpaste orizjinele ferzje fan The Rainbow Trail, út 1915)
  • 2004 – Tonto Basin (net-oanpaste orizjinele ferzje fan To the Last Man, út 1921)
  • 2007 – Shower of Gold (net-oanpaste orizjinele ferzje fan Desert Gold, út 1913)
  • 2008 – The Great Trek (net-oanpast orizjinele ferzje fan The Wilderness Trek, út 1944)
koarte ferhalen
  • 1960 – The Ranger and Other Stories
  • 1961 – Blue Feather and Other Stories
  • 1975 – Zane Grey's Greatest Indian Stories (ynkl. de oarspronklike ein fan The Vanishing American, út 1925)
  • 1979 – The Camp Robber and Other Stories

Mainstream-romans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1922 – The Day of the Beast

Histoaryske romans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1903 – Betty Zane
  • 1906 – Spirit of the Border (ferfolch op Betty Zane)
  • 1909 – The Last Trail (ferfolch op Spirit of the Border)
  • 1963 – Boulder Dam
  • 1994 – George Washington, Frontiersman

Aventoerefiksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
romans
  • 1981 – The Lord of Lackawaxen Creek
koarte ferhalen
  • 1922 – Tales of Lonely Trails
  • 1931 – Book of Camps and Trails (ûnfolsleine werútjefte fan Tales of Lonely Trails)
romans
  • 1909 – The ShortStop (honkbal)
  • 1911 – The Young Pitcher (honkbal)
koarte ferhalen
  • 1920 – The Redheaded Outfield and Other Baseball Stories (honkbal)
  • 1908 – The Last of the Plainsmen
  • 1924 – Roping Lions in the Grand Canyon

Angeldersferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1919 – Tales of Fishes
  • 1924 – Tales of Southern Rivers
  • 1925 – Tales of Fishing Virgin Seas
  • 1926 – Tales of the Angler's Eldorado, New Zealand
  • 1927 – Tales of Swordfish and Tuna
  • 1928 – Tales of Fresh Water Fishing
  • 1931 – Tales of Tahitian Waters
  • 1937 – An American Angler in Australia
  • 1952 – Adventures in Fishing
  • 1974 – The Adventures of Finspot
  • 1977 – The Reef Girl
  • 1978 – Tales from a Fisherman’s Log
  • 1982 – Angler's El Dorado: Zane Grey in New Zealand (ûnfolsleine werútjefte fan 'e edysje fan 1926: de 1ste 10 haadstikken plus bykommende ynhâld)
  • 2009 – Tales of the Gladiator

Filmadaptaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.