Ripley Hitchcock

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ripley Hitchcock
Livro preto.svg skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Ripley Wellman Hitchcock
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 1857
berteplak Fitchburg (Massachusetts)
stoarn 1918
stjerplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje (skiednis, keunst)
útjouwer Harper & Brothers
jierren aktyf 18851905
offisjele webside
n.f.t.

Ripley Hitchcock (folút: James Ripley Wellman Hitchcock; Fitchburg (Massachusetts), 18571918) wie in foaroansteand Amerikaansk boekeredakteur dy't foar de útjouwerij Harper & Brothers wurke. Hy hie grutte ynfloed op 'e úteinlike foarm fan 'e troch him redigearre boeken, dêr't wurken fan Rudyard Kipling, sir Arthur Conan Doyle, Stephen Crane en Zane Grey ûnder wiene. Dêrnjonken wied er ek sels aktyf as publisist.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hitchcock waard yn 1857 berne yn Fitchburg, yn 'e steat Massachusetts, as de soan fan sjirurch Alfred Hitchcock (1813-1874). Hy studearre yn 1877 ôf oan 'e Universiteit fan Harvard, dêr't er lykwols neitiid noch as "bûtengewoan studint" trochlearde yn 'e skiene keunsten en de filosofy. Dêrnjonken folge er in jier lang kolleezjes oan it Newyorkske Kolleezje foar Dokters en Sjirurgen.

Yn 1882 sette Hitchcock útein mei syn profesjonele karriêre yn 'e hoedanichheid fan sjoernalist foar de krante de New York Tribune. Yn 1890 waard er literêr adviseur foar de útjouwerij D. Appleton & Co., dêr't syn yngeande redaksje fan David Harum, mei ynstimming fan 'e op stjerren lizzende skriuwer Edward Noyes Westcott, it manuskript ta in bestseller makke, dy't letter ferfilme waard. Fan 1902 oant 1906 wie Hitchcock ûnderdirekteur fan A.S. Barnes, en fan 1906 ôf wurke er de rest fan syn karriêre as boekeredakteur by de grutte en tige foaroansteande útjouwerij Harper & Brothers, yn New York.

Hitchcock is wol omskreaun as in djip religieus en aartskonservatyf bolwurk fan 'e fêstige oarder yn 'e Amerikaanske útjouwersbrâns.[1] As boekeredakteur waard er, fral nei syn dea, berucht om 'e frijheden dy't er himsels tastie mei oarmans wurk, wêrby't er it net nedich fûn om 'e skriuwer by it werskriuwen te belûken. Sa swakke er yn 'e boeken dy't er behannele, stelselmjittich alle uterings fan seksualiteit ôf, wiske er alle flokwurden, timpere er gauris gewelddiedige passaazjes en slipe er de skerpe puntsjes fan irony en sarkasme ôf. It manuskript The Red Badge of Courage, fan Stephen Crane, feroare er troch in stikmannich yngeande en doelbewuste yngrepen fan in anty-oarlochsroman yn in oarlochsroman. En by it boek The Lone Star Ranger, fan Zane Grey, besleat er sels op eigen manneboet mar om 'e twadde helte fan it manuskript fuort te smiten en der ynstee de lêste helte fan in oar manuskript fan Grey oan fêst te plakken.

Yn Hitchcock syn tiid koe soks blykber, mar tsjintwurdich wurdt syn dwaan en litten yn 'e útjouwerswrâld rûnom as ûntalitber beskôge en gauris oanhelle as in skoalfoarbyld fan hoe't it net moat. Ferskate romans dy't troch Hitchcock "ferbettere" wiene, binne yn resinte jierren yn har oarspronklike foarm útjûn, mei dêrûnder The Red Badge of Courage fan Stephen Crane, en Desert Gold fan Zane Grey. Njonken syn redaksjewurk wie Hitchcock ek sels aktyf as skriuwer, wêrby't er non-fiksjewurken publisearre oer keunst en oer de skiednis fan it Wylde Westen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1885 – The Western Art Movement
  • 1885 – A Study of George Jenness, with a Catalogue of the Jenness Exhibition
  • 1886 – Etching in America
  • 1888 – Madonnas by Old Masters
  • 1890 – Some American Painters in Water Colors
  • 1899 – Thomas De Quincey: A Study
  • 1903 – Louisiana Purchase Explorations: Early History of the Building of the West
  • 1903 – Richard Henry Stoddard: Some Personal Notes
  • 1905 – The Lewis and Clark Expedition

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel oer Ripley Hitchcock yn A Stephen Crane Encyclopedia

  • Tuska, Jon, Foreword, yn: Zane Grey, Shower of Gold, Las Vegas, 2013 (AmazonEncore), ISBN 978-1 47 78 06 456, s. 1-3.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.