Springe nei ynhâld

Frysk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Westerlauwersk Frysk)
Frysk
algemien
oare namme(n) Westerlauwersk Frysk
eigen namme Frysk
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 600.000 (2004)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
dialekten Wâldfrysk, Klaaifrysk, Noardhoeksk,
Súdwesthoeksk, Hylpersk, Aastersk,
Skylgersk, Skiermûntseagersk,
Molkwardersk
taalstatus
offisjele status Nederlân:
  ● Fryslân
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân
taalkoades
ISO 639-1 fy
ISO 639-2 fry
ISO 639-3 fry
De lokaasje fan it Westerlauwersk Fryske taalgebiet yn Nederlân.

It Frysk is de lânseigen taal dy't fan âlds sprutsen wurdt troch de Westerlauwerske Friezen, yn it gebiet dat no rûchwei omfieme wurdt troch de Nederlânske provinsje Fryslân. It hat dêr in offisjele status gelyk oan dy fan it Nederlânsk. It Frysk heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen, en foarmet dêrbinnen de Fryske taalgroep mei it yn Dútslân sprutsen Noardfrysk en Sealterfrysk. Yn akademyske fermiddens wurdt it Frysk faak fan Westerlauwersk Frysk neamd, om it fan 'e oare Fryske talen te ûnderskieden. Yn it bûtenlân wurdt ornaris fan "Westfrysk" sprutsen, mar yn Nederlân is dat de oantsjutting foar in Hollânsk dialekt mei in Frysk substraat, út 'e Kop fan Noard-Hollân.

Mei sa'n 600.000 sprekkers is it Frysk fierwei de grutste fan 'e trije Fryske talen, en foarmet in middenmoater as men nei alle Jeropeeske talen sjocht. Histoarysk is it Frysk fuortkommen út it Aldfrysk, dat him fia it Midfrysk ta it Nijfrysk ûntwikkele hat. It moderne Frysk falt útinoar yn in fjouwertal grutte dialekten dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. Dêrnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk ôfwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'e Waadeilannen en yn it lang tige isolearre havenstedsje Hylpen. Fral it Hylpersk en it Skiermûntseagersk binne wat argaysker as de oare Fryske dialekten. De Fryske standerttaal is lykwols fierhinne basearre op 'e beide grutte dialekten fan it Klaaifrysk en it Wâldfrysk. Op 't heden wurdt it Frysk op al mar mear maatskiplike terreinen brûkt, en nettsjinsteande ûnheilsprofeten dy't it al withoelang om it hoartsje krektoarsom foarsizze, liket it der net op dat it foarearst útstjerre sil.

Taalsibskip

Taalgebiet fan de trije moderne Fryske talen.

It Frysk heart ta de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't bygelyks ek talen as it Frânsk, Gryksk, Russysk, Perzysk en Hindy omfiemet. Mei û.m. it Deensk, Noarsk en Sweedsk wurdt it ta de Germaanske talen rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks it Dútsk, Nederlânsk en Jiddysk de Westgermaanske taalgroep. It Frysk is lykwols nauwer besibbe oan it Ingelsk en it Skotsk, wêrmei't it de Noardwestgermaanske talen foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'e Angelsaksyske talen en de Fryske talen.

Der wurdt wol sein dat it (Westerlauwersk) Frysk de taal is dy't it naust oan it Ingelsk besibbe is, mar noch ôfsjoen fan it feit dat dêrby foarbygien wurdt oan 'e oare Fryske talen en oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, is dat al lang net mear wier. Yn 'e Midsiuwen wiene it Aldfrysk en it Aldingelsk (of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid. Ien fan 'e wichtichste ferskillen is datoangeande de ûnbidige ynfloed dy't it Frânsk sûnt de Normandyske Ynfaazje fan 1066 op it Ingelsk útoefene hat, wylst it Frysk, benammen fan 'e sechstjinde iuw ôf, krekt in sterke Nederlânske ynfloed ûndergien hat. De oerienkomsten dy't der hjoed de dei noch binne tusken it Frysk en Ingelsk sjocht men yn 'e basiswurdskat, d.w.s. yn wurden dy't faak brûkt wurde en dy't der om it jier 1300 bygelyks ek al wiene, lykas "tsiis" (cheese) en "kaai" (key). Mar ek by de ûntjouwing fan fokalen út it Oergermaansk by wurden lykas "grien" (green), "fiele" (feel), "riede" (read) en sa folle mear. De oerienkomsten binne ek noch altiten te sjen oan 'e palatalisaasje fan bylûden as 'k' en 'g' dy't yn guon wurden yn it Frysk en Ingelsk ta 'tsj' of 'j' waarden. Fergelykje foarbylden as "tsjerke" en church en "juster" en yesterday.

De taalsitewaasje yn Noard-Nederlân.

It (Westerlauwersk) Frysk is it naust besibbe oan 'e oare beide Fryske talen, it Noardfrysk en it Sealterfrysk. It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Fryslân, oan 'e Noardseekust fan 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, krekt besuden de Deenske grins. It Sealterfrysk wurdt yn 'e krite Sealterlân, tusken Aldenboarch, Kloppenboarch en de Nederlânske grins sprutsen, yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. Dy taalfoarm is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk (of Easterlauwersk Frysk), wêrfan't it taalgebiet yn earder tiid fan 'e Lauwers oant de Wezer rûn. De trije Fryske talen binne lykwols al yn 'e Midsiuwen elk har eigen paad gien, en binne no al lang net mear ûnderling fersteanber.

Ferlykje de folgjende wurden yn it Westerlauwersk Frysk, it Sealterfrysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn it Mooring-dialekt) en it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn it Fering-dialekt):

taal foarbyldwurden
Westerlauwersk Frysk: holle / haad- foarholle each noas mûle tosk kin wang ear
Sealterfrysk: Kop / Haud- Stierne Oge Nose Mule Tusk Keeuwe Soke Oor
Noardfrysk:
(Mooring)
hood foorhood uug noos müs täis kan siik uur
Noardfrysk:
(Fering)
hood braanj uug nöös mös tus kan sjuuk uar

Taalgebiet

It Frysk wurdt sprutsen op it fêstelân fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, útsein de Stellingwerven yn it súdeasten, eastlik Kollumerlân yn it noardeasten en it Bilt, de âlde mûning fan 'e Middelsee, yn it noarden. Op 'e Waadeilannen wurdt Frysk sprutsen op Skiermûntseach en de westlike en eastlike úteinen fan Skylge, mar net op it Amelân of Flylân, en likemin yn 'e omkriten fan it doarp Midslân, op 'e midden fan Skylge. Fierders wurdt der ek Frysk sprutsen yn in lyts part fan 'e provinsje Grinslân dat tsjin Fryslân oanleit, yn 'e trijehoeke dy't bestiet út 'e plakken Mearum, De Wylp en De Grinzer Pein.

Behalven Frysk wurde yn 'e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy't yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy't lânseigen binne yn 'e súdeastlike râne fan 'e provinsje. It Stellingwerfsk is dêrfan it grutst en bekendst, mar fierders wurdt yn eastlik Kollumerlân in foarm fan Westerkertiersk sprutsen dy't wol betitele wurdt as Kollumerlânsk, wylst it doarp Kollumerpomp syn eigen dialekt hat, it Pompstersk. Dêrnjonken binne der dan noch de Hollânske dialekten, wêrfan't it no útstoarne Flylânsk as Westfrysk klassifisearre wurde kin, wylst it Midslânsk, Amelânsk, Biltsk en Stedsk mei-inoar de Hollânsk-Fryske mingdialekten foarmje.

De Stedske dialekten hiene foarhinne in hege maatskiplike status as taal fan 'e adel en de boargerlike hegerein, mar binne sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw yn dit opsjoch op har retoer. Sadwaande, en troch it ferfarren fan in protte Frysktaligen fan it plattelân nei de stêd, hat it Frysk yn 'e tweintichste iuw ek mear foet oan 'e grûn krigen yn 'e Fryske stêden, dêr't it earder minder brûkt waard. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it Frysk fan plattelanners dy't nei de stêd ferhuzen as regel wol ûnderinoar mar net sa gau tsjin net-Fryskpraters brûkt wurdt. De twadde generaasje dy't yn'e stêd opwoeksen is brûkt it Frysk al folle minder of alhiel net mear. Fierders moat op dit mêd ek ûnderskie makke wurde tusken de ferskillende stêden. Yn Ljouwert hat it Frysk bgl. folle minder draachflak krigen as yn Dokkum. Ek yn Harns bestiet fan âlds in minder positive ynstelling foar it Frysk oer. Oarsom, in (lyts) part fan de stedsjers en net-Friezen dy't nei it plattelân ferhúzje, leare en brûke dêr Frysk. Twa- en trijetaligen binne by de taal dy't hja kieze oan harren sitewaasje en relaasje bûn en dêrom binne 'Frysktaligen', 'Stedsktaligen' en 'Nederlânsktaligen' inoar oerlaapjende kategoryen, dy't allinnich yn relatyf opsicht ûnderskaat wurde kinne.

Terreinferlies fan it Frysk yn Nederlân troch de iuwen hinne. (Sjoch foar in kaartsje oer it terreinferlies fan 'e Fryske talen yn alle Fryske gebieten it artikel oer it Aldfrysk).

Skiednis

Prehistoarje

Foar it ûntstean fan it Frysk moat der yn it gebiet dat no Fryslân foarmet, in oare taal sprutsen wêze, mooglik troch de oarspronklike bewenners fan dizze kontreien, foar't de Germanen dêr't de Friezen fan ôfstamje harren hjirre nei wenjen setten. Dy taal wurdt wol oantsjut as Pre-Frysk, mar de taalkundigen binne it der net oer iens oft der fan dy substraattaal yn it hjoeddeiske Frysk noch spoaren werom te finen binne.

Tsjin'e trêde iuw begûn him út it Noardwestgermaansk fan 'e Friezen in eigen taal te ûntwikkeljen. It ierste stadium dêrfan, doe't it noch in dialekt wie, wurdt wol it Proto-Frysk of primityf Frysk neamd. Dizze taalfoarm is inkeld bewarre bleaun yn koarte, isolearre en fragmintaryske rune-ynskriften, dy't faak dreech oersetber en foar mearderlei útlis fetber binne. In bettere boarne lykje sadwaande âlde plaknammen te wêzen, dy't earst sûnt 700 lûdsferskynsels sjen litte dy't ûnderskiedend binne foar it Frysk. Dêrom wurdt yn 'e regel ornearre dat der pas om dy tiid hinne in as sadanich werkenbere Fryske taal ûntstien is.

Fan 'e sânde oant de santjinde iuw hat it Frysk oanhâldend terrein priisjaan moatten oan it Hollânsk en it Nedersaksysk. Sûnt de santjinde iuw is it Fryske taalgebiet yn Nederlân lykwols min ofte mear gelyk bleaun. De lettere skiednis fan 'e Fryske taal wurdt ornaris opdield yn trije tiidrekken, nammentlik dy fan it Aldfrysk (1150-1550), it Midfrysk (1550-1820) en it Nijfrysk (1820-hjoed). Guon taalkundigen beskôgje it Midfrysk lykwols net as in aparte perioade mar diele it by it Nijfrysk yn.

De earste side fan it Freeska Landriucht, it earste printe boek yn it Frysk, datearjend fan omtrint 1485.

It Aldfryske tiidrek

De Wikipedy hat ek in side Aldfrysk.

De Aldfryske perioade begûn eins daliks nei it ûntstean fan it Frysk yn 'e sânde iuw, mar om't it mar oerlevere is fan likernôch 1150 ôf, wurdt dat jier gauris as begjin oanholden. Yn dizze snuorje kamen yn it Frysk noch namfallen foar en wie der ûnderskie tusken de manlike en froulike grammatikale geslachten.

De âldste oerlevere Fryske tekst wie lang in fragmintaryske psalmoersetting út 'e ein fan 'e tolfde iuw, mar yn 2015 waard yn in fierders Latynsktalich manuskript in koarte notysje yn it Aldfrysk ûntdutsen, besteande út 'e wurden Lesa mi, helpe mi ("Ferlos my, help my"), dy't datearret út 'e perioade 1100-1125.[1] Alle oare oerlevere teksten, benammentlik rjochtshânskriften, binne fan 'e trettjinde iuw of letter. De measten datearje út 'e fjirtjinde en fyftjinde iuw, want tusken 1300 en 1500 belibbe it Frysk in grutte bloeitiid as skriuwtaal. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer yn Fryslân, en wie sa wichtich, dat al om 1485 hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, de Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't de boekdrukkeunst amper 35 jier earder útfûn wie.

Om 1500 hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e machtsoername troch Albrecht fan Saksen, yn 1498, dy't it Frysk as bestjoerstaal ferfong troch it Hollânsk en yn 'e jierren dêrnei in grut tal útlânske amtners oanloek. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan frijwol de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om 1550 hinne lein wurdt, kin lykslein wurde mei dizze weromfal fan skriuw- ta sprektaal.

It stânbyld foar Gysbert Japiks yn Boalsert.

It Midfryske tiidrek

De Wikipedy hat ek in side Midfrysk.

It begjin fan 'e Midfryske perioade (1550-1820) foel rûchwei gear mei it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch (1568) en it ûntstean fan 'e Republyk fan de Feriene Provinsjes (1585). Hoewol't der dus in nije snuorje fan frijheid oanbriek, krige it Frysk syn posysje fan foar 1498 net werom. Dat hie alles te krijen mei de opkomst fan Hollân as it oerhearskjende part fan 'e Republyk en fan it Hollânsk as de dominante taal yn bestjoerlike, juridyske en religieuze oangelegenheden. Benammen it ferskinen fan 'e Steatefertaling (de troch de Steaten-Generaal autorisearre oersetting fan 'e Bibel), yn 1637, wie in mylpeal foar de ynfloed en fersprieding fan it Hollânsk, en hie jammerdearlike gefolgen foar de status en wurdskat fan it Frysk en oare minderheidstalen en dialekten yn 'e Republyk. Ek de Universiteit fan Frjentsjer, de tsjerke as ynstitút, it ûnderwiis en letter de parse hawwe neat bydroegen oan it behâld fan it Frysk.[2]

Yn it Midfryske tiidrek waard der sadwaande ek hast neat yn it Frysk skreaun, behalven sprekwurdesamlings en it wurk fan guon gelegenheidsdichters. De grutte útsûndering op dy regel wie Gysbert Japiks (1603-1666), in skoalmaster en foarsjonger út Boalsert, en ien fan 'e grutste skriuwers en dichters dy't it Frysk ea fuortbrocht hat. Mei syn dichtwurk, oersettings, brieven en benammen mei syn postúm yn 1668 ferskynde Friesche Rymlerye lei hy de grûnslach foar de moderne Fryske literatuer en stavering.

Joast Hiddes Halbertsma.

It Nijfryske tiidrek

De Wikipedy hat ek in side Nijfryske literatuer.

Nei Gysbert Japiks syn dea duorre it oant it begjin fan 'e njoggentjinde iuw foar't syn oanset in ferfolch krige. Dat foel gear mei it begjin fan 'e Nijfryske perioade, dat ornaris om 1820 hinne pleatst wurdt, om't him doe de saneamde nijere brekking, in tige wichtige taalkundige fernijing, yn it Frysk oppenearre. Fierwei it wichtichst ûnder de Fryske skriuwers en dichters fan 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw wiene de bruorren Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), minnistysk dûmny te Boalsert en nei 1822 te Dimter, en Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), dokter te Grou. De trêde broer, Tsjalling Hiddes Halbertsma (1792-1852), dy't bûterkeapman te Grou wie, stie wat de literêre ynhâld fan syn wurk oanbelange yn it skaad fan syn bruorren, mar syn folkslektuer foel der wakker yn by de gewoane man. It samle wurk fan 'e bruorren Halbertsma waard yn 1822 útjûn as in boekje fan 36 siden, yn in oplaach fan twahûndert eksimplaren, ûnder de titel De Lapekoer fen Gabe Skroor. De twadde printinge, út 1829, hie 237 siden en de trêde, út 1834, hast 500. Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836, 1840, 1845 en 1858. Letter waard al it wurk fan 'e Halbertsma's sammele om postúm te ferskinen as it masterwurk Rimen en Teltsjes, it Fryske nasjonale literêre boek, dêr't yn 1993 de tsiende printinge fan útkaam en dat noch altiten populêr is.

Oare wichtige Fryske skriuwers en dichters út 'e njoggentjinde iuw wiene û.m.: Harmen Sytstra (1817-1862), Hjerre Gjerrits van der Veen (1816-1887), Waling Dykstra (1829-1914), Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), Lútzen Harmens Wagenaar (1855-1910) en Piter Jelles Troelstra (1860-1930). Dyselde wie njonken oprjochter en earste lieder fan 'e SDAP ek skriuwer fan in grut tal Fryske gedichten en lieten, dêr't It Aldershûs en Eala Fria Fresena tsjintwurdich de bekendsten fan binne. By dy opsomming mei fierders ek Troelstra syn earste frou, Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer (1860-1939) net ûntbrekke, dy't sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk skreau en nasjonale ferneamdens krige ûnder har pseudonym Nynke van Hichtum, mei har boek Afke's Tiental (letter oerset yn it Frysk as De Tsien fan Martens Afke).

De dichter Obe Postma.

Yn 'e tweintichste iuw waard de renêssânse fan 'e Fryske literatuer fuortset troch skriuwers en dichters as Obe Postma (1868-1963), Geart Aeilco Wumkes (1869-1954), Simke Kloosterman (1876-1938), Reinder Brolsma (1882-1953), Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968), Fedde Schurer (1898-1968), Ulbe van Houten (1904-1974), Nyckle J. Haisma (1907-1943), Douwe Annes Tamminga (1909-2002), Hylkje Goïnga (1930-2001), Rink van der Velde (1932-2001), Trinus Riemersma (1938-2011) en withoefolle oaren. In apart plak wurdt ynnommen troch oersetters, lykas Douwe Kalma (1896-1953), dy't it hiele oeuvre fan Shakespeare nei it Frysk ta oerbrocht, en Klaas Bruinsma (1931), dy't al sûnt de jierren santich yn 't spier is om 'e Aldgrykske toanielstikken fan Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes yn it Fryske oer te setten, en fierders de Ilias en de Odyssee fan Homearus en oare epyske wurken út 'e Klassike Aldheid, mar dêrnjonken ek Midsiuwske ridderromans, Latynske hilligelibbens en de Spaansktalige poëzij fan 'e Sileenske Nobelpriiswinner Pablo Neruda en oaren.

De Fryske Beweging

De Wikipedy hat ek in side Fryske Beweging.

De earste organisaasjes dy't rjochte wiene op it behâld fan 'e Fryske taal en kultuer, waarden oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw oprjochte. De alderearste dêrfan wie it yn 1827 stifte Friesch Genootschap voor Geschied-, Oudheid- en Taalkunde, dat trouwens ornaris net ta de Fryske Beweging rekkene wurdt om't it it Nederlânsk as fiertaal brûkte en pommeranten út dit fermidden gauris negatyf sputsen en skreaune oer de emansipaasje fan it Frysk. Wichtiger foar it Frysk wie dan ek it Selskip foar Fryske Tael- en Skriftekennisse, dat oprjochte waard yn 1844.

It Coulonhûs, de sit fan 'e Fryske Akademy.
Eksamens yn de Fryske taal yn in Polygoonsjoernaal út 1946

Oant en mei de njoggentjinde iuw hie it ûnderwiis it Frysk iuwenlang tsjinwurke of op syn bêst negearre. Noch yn 1816 waard yn it ûnderwiisalmenak de skoalmasters oanmoanne om it "vriesch boersch" yn en om 'e skoallen dochs fral net ta te litten. Tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw kaam der yn Fryslân lykwols in rop om it Frysk as fak op 'e skoallen te ûnderwizen. Under mear ta dat doel rjochte yn 1915 in groep jonge Fryske skriuwers de Jongfryske Mienskip op, dy't doelbewust en systematysk in kampanje fierde foar de fierdere ûntwikkeling en ferheffing fan it Frysk. In geweldich súkses wie dêrby, yn 1938, de oprjochting fan 'e Fryske Akademy, dy't him mei it yn 1941 stifte Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit Grins ta it sintrum fan 'e Fryske taalkunde ûntjoech.

Op godstsjinstich mêd waarden it Kristlik Frysk Selskip, dat de protestantske denominaasjes fertsjintwurdige, en it Roomsk Frysk Bûn oprjochte, resp. yn 1908 en 1917. Dizze beide organisaasjes wiene ferantwurdlik foar it ta stân kommen fan 'e Fryske psalmberiming, it plakfinen fan 'e earste Frysktalige tsjerketsjinsten en de Fryske oersetting fan 'e Bibel, dy't yn 1943 einlik útkaam. It Roomsk Frysk Bûn waard trouwens yn 1997 opheft, hoewol't it syn wurk foar in part fuortset as de stifting Mei Alle Wille. It Kristlik Frysk Selskip waard neitiid omneamd ta Krúspunt.

It logo fan 'e Ried fan de Fryske Beweging.

Wer in oare organisaasje dy't it om it behâld fan it Frysk te dwaan is, is it Frysk Bûn om Utens, dat dernei stribbet om 'e bân tusken de Fryske migranten bûten de provinsje en it heitelân libben te hâlden. Ek hjoed de dei is it Frysk Bûn om Utens noch tige aktyf, mei 17 oansletten kriten, yn Apeldoarn, Arnhim, Assen, Boadegraven, De Haach, Haarlim, Hilversum, Hoarn, Hurderwyk, Lelystêd, Meppel, Seist, Súdeast-Drinte, Swol, Twinte, Utert en Wageningen. Teffens binne der twa kriten dy't net by it Bûn oansletten binne, yn Den Helder en yn Roan. Noch wer in oare Fryske organisaasje is de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, dy't oprjochte waard yn 1930. Hjirby binne de studinteferienings F.F.J. Bernlef yn Grins en WSSFS yn Wageningen oansletten.[3]

Yn 1945 besleaten al dy organisaasjes harren krêften te bondeljen en waard de Ried fan de Fryske Beweging oprjochte. Oant hjoed de dei ta fungearret dy as bewekker fan 'e Fryske kultuer en motor efter de emansipaasje fan 'e Fryske taal. Behalven de boppeneamde organisaasjes binne ek de Feriening foar in Federaal Europa, de Feriening foar Frysk Underwiis, it Frysk Amateur Toaniel, de Stichting Ons Bildt en de Stellingwarver Schrieversronte lid fan 'e Ried.

It Saailân te Ljouwert (yn 2007), útsjend op it Paleis fan Justysje.

Kneppelfreed

De Wikipedy hat ek in side Kneppelfreed.

Dochs duorre it noch oant 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw foar't al dat taalaktivisme fruchten ôfsmiet en de offisjele status fan it Frysk ferbettere waard. Yndirekt wie dat it gefolch fan 'e opskuor dy't op 'e middei fan 16 novimber 1951 plakfûn op it Saailân yn Ljouwert as gefolch fan 'e rjochtsaak tsjin twa Fryske sjoernalisten, Fedde Schurer en Tsjebbe de Jong. Dy beide mannen wiene oanklage foar kwealaster, om't se har yn opinystikken yn harren kranten útsprutsen negatyf útlitten hiene oer de rjochter mr. S.R. Wolthers, dy't yn ferskate rjochtsaken wegere hie om ta te stean dat der yn 'e rjochtseal Frysk sprutsen waard.

Stânbyld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean (makke troch Guus Hellegers, yn 1974).

Foar it gerjochtsgebou wie dy deis in grutte kliber folk gearkommen dy't der net yn mocht, en foar in part troch de argewaasje en de lulkens fan 'e minsken en foar in part troch it folslein ûnbehearske hâlden en dragen fan 'e plysje rûn it spul dêr alhiel út 'e klauwen. De plysje sloech sûnder ûnderskie te meitsjen mei de wapenstôk op 'e minsken yn en brûkte brânspuiten as wetterkanonnen. Dizze rebûlje is de skiednis yngien as "Kneppelfreed". De lulkens oer dit barren wie yn 'e provinsje sa grut, dat it Nederlânske regear suver yn panyk rekke by de gedachte oan in Fryske ôfskiedingsbeweging, en daliks in trijekoppige ministeriële kommisje nei Fryslân ta stjoerde om út te finen wat de minsken no eins woene.

Nei jierren fan tarieding en debatten late dat yn 'e jierren 1955 en 1956 ta de ynfiering fan nije wetjouwing oangeande it Frysk. Dêrby krige it Frysk offisjeel de status fan twadde rykstaal, wat fan Nederlân trouwens net in twatalich lân lykas Kanada makke hat, want de offisjele status fan it Frysk waard beheind ta de provinsje Fryslân. Fierders krigen Friezen it rjocht om yn Fryslân harren eigen taal yn 'e rjochtseal te sprekken en om by tsjûgenissen lykfolwêr yn Nederlân de eed yn it Frysk ôf te lizzen.

Nei Kneppelfreed

Hoewol't der troch Kneppelfreed in pear grutte súksessen behelle wiene foar it Frysk, gie ek dêrnei de taalstriid troch. Sa binne neitiid út 'e Ried fan de Fryske Beweging in stikmannich organisaasjes fuortkommen dy't spesjalisearre binne op in beskaat mêd. Foarbylden dêrfan binne de Fryske Kultuerrie, dy't him útslutend mei kulturele saken dwaande hâldt, en de ûnderwilens ophefte Stifting It Fryske Boek, dy't him konsintrearre op it promoatsjen en ferkeapjen fan 'e Fryske literatuer.

It logo fan 'e Afûk.

Boppedat kaam yn 1962 ek de Fryske Nasjonale Partij (FNP), dy't de Fryske belangen yn 'e polityk behertigje moast, út 'e Ried fuort. Sûnt 1966 is de op 'e measte mêden loftse FNP fertsjintwurdige yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hoewol't it nea ien fan 'e gruttere partijen wurden is, kaam de FNP allegeduerigen op foar de Fryske taal en kultuer en – wat wichtiger wie – hie syn oanwêzigens yn 'e Steaten in net te ûnderskatten bystjoerende ynfloed op it belied fan 'e oare partijen. Mei yn 't earstoan de wolbespraakte Jan Bearn Singelsma as lieder, wûn de FNP yn 1966 ien fan 'e 55 sitten yn 'e Fryske Steaten en troch de jierren hinne is de oanhing stabyl bleaun, mei ornaris twa of trije sitten, al is der sûnt 1999 in opgeande line te bespeuren. Yn 2011 kaam de partij foar it earst yn it provinsjaal bestjoer te sitten.

Fierders binne der ek guon frysksinnige organisaasjes dy't net drekt ferbûn binne mei de Ried fan de Fryske Beweging. Tige wichtich foar it behâld fan 'e Fryske taal is bygelyks de Algemiene Fryske Underrjochtskommisje, better bekend as de Afûk. Dy fersoarget al sûnt 1924 net allinne it lesmateriaal foar it Frysk as fak op 'e basis- en middelbere skoallen, mar organisearret ek folwoeksenenûnderwiis yn it Frysk, foar sawol Frysktaligen as net-Frysktaligen. Ek foaroan by it Frysktalich ûnderwiis stiet de Stifting Pjutteboartersplak, dy't ferskate Frysktalige pjutteboartersplakken yn 'e provinsje organisearre hat. En fierders is der noch it Frysk Ynternasjonaal Kontakt, in jongereinferiening dy't as doel hat kontakten te lizzen mei oare minderheiden yn Jeropa.

Werjefte fan 'e talen dy't yn 'e provinsje Fryslân as memmetaal sprutsen wurde (yn prosinten).

Hjoeddeistige taalsitewaasje

Tal sprekkers

It Frysk wurdt yn 'e provinsje Fryslân as memmetaal sprutsen troch 347.000 minsken, oftewol troch 55% fan 'e ynwenners. Yn 'e trijehoek Mearum-De Wylp-De Grinzer Pein, yn 'e provinsje Grinslân, sprekke noch likernôch 3.000 minsken Frysk. En bûten it eigen taalgebiet wurdt it sprutsen troch likernôch 150.000 Friezen om utens yn 'e rest fan Nederlân, benammentlik yn 'e Rânestêd, yn 'e stêd Grins en yn 'e Noardeastpolder. Dat binne lju dy't út Fryslân wei nei oare parten fan Nederlân ferhuze binne, in migraasjestream dy't al hast oardel iuw op grutte skaal bestiet, foar it meastepart fan lju dy't ôfkomstich binne fan it Fryske plattelân. Yn 'e perioade tusken 1880 en 1900 gie it dêrby om 100.000 minsken, tusken 1945 en 1970 op 'en nij om 100.000, en yn 'e perioade dêrtuskenyn ek noch om frijwat.[4] Yn harren nije wengebieten foarmen sokke 'lânferhuzers' Fryske kriten dy't fia it ramtwurk fan it Frysk Boun om Utens mei it heitelân ferbûn bleaune. Yn 'e Fryske kriten waarden eigen taal en kultuer, en dêrmei etnyske identiteit, yn gesellich ferkear bewarre. De kriten rekken fan 'e jierren fyftich ôf stadichoan marginalisearre doe't de leden net mear op inoar oanwiisd wiene en de kontakten mei Fryslân troch bgl. tillefoan makliker yn stân holden wurde koene. In oansjenlik part fan 'e Friezen om utens binnen Nederlân is meitiid fierhinne yn 'e nije omkriten opgien, hoewol't oaren, faak nei har pinsjonearring nei it heitelân weromkearden.

En dan is der noch de grutte Fryske diaspora yn it bûtenlân, dy't fuortkaam út 'e grutte emigraasjeweach tusken de Twadde Wrâldoarloch en santiger jierren. Dêryn hie Fryslân nammentlik fan alle Nederlânske provinsjes relatyf it heechste oandiel. It wurdt rûsd dat der wol 80.000 oant 100.000 Friezen ferspraat oer de wrâld libje, mei de grutste konsintraasjes yn Kanada, de Feriene Steaten, Austraalje en Nij-Seelân. Sadwaande leit it totale oantal Frysktaligen yn 'e hiele wrâld hjoed de dei om 'e 600.000 hinne. Hjirby moat oantekene wurde dat it bân mei Fryslân foar de earste generaasje, de eigentlike lânferhuzers, oer it algemien tige sterk wie, en foar de twadde generaasje (dy't faak it Frysk noch wol ferstiet mar net mear sprekt) al in stik minder sterk. De trêde generaasje, dy't yn 'e regel ek gjin Frysk mear ferstiet, mar faak noch wol in pear wurden of sintsjes út 'e holle leard hat sûnder de betsjutting wier te begripen, giet frijwol hielendal yn it gruttere gehiel fan it nije lân op.

Njonken de boppeneamde oantallen Fryske memmetaalsprekkers, kin as winst set wurde dat it Frysk as twadde taal sprutsen wurdt troch sa'n 110.000 fan hûs út net-Frysktalige ynwenners fan 'e provinsje Fryslân.

De behearsking fan it Frysk troch de ynwenners fan 'e provinsje Fryslân (yn %, 1994).

Taalbehearsking

Oer de taalbehearsking fan it Frysk is in soad statistysk fêstlein. Begjin jierren fyftich telde ûnderwiisynspekteur Krine Boelens alle legere skoallebern yn 'e provinsje foar syn De Taal van het Schoolkind in Friesland. Twa op 'e trije spriek Frysk as memmetaal. Op it Fryske plattelân (de Stellingwerven en it Bilt bûten beskôging litten) wie dat hast 95%. De bern dy't dêr net fan hûs út Frysktalich wiene, hiene it oer it algemien dochs as twadde taal oanleard, want de mienskipstaal en dêrmei ek de bernetaal wie hast sûnder útsûndering Frysk.[5] Hast fyftjin jier letter publisearre Lieuwe Pietersen yn 1969 De Friezen en Hun Taal as it ferslach fan in represintative enkête ûnder 800 minsken. It tal lju dy't yn 'e hûs Frysk sprieken, wie net merkber feroare, mar dat wie gjin stabiliteit want op it plattelân wie it mei 10% werom rûn en yn 'e stêden mei 10% foarút gien. De feroaring op it plattelân kaam troch ynstream út 'e stêd en fan bûten Fryslân, wylst de feroaring yn 'e stêd it gefolch wie fan urbanisaasje fan plattelân ôf.

Tsien jier letter waard troch ûndersikers fan 'e Ryksuniversiteit Grins op 'en nij in represintative enkête holden, diskear ûnder mear as 1.100 respondinten, sadat finere details sichtber makke wurde koene. De útkomsten dêrfan waarden troch de Fryske Akademy ûnder de titel Taal yn Fryslân publisearre yn 1984.[6] Dêrút die bliken dat it tal Frysksprekkers op it plattelân op 'en nij 10% tebekrûn wie, en dat de winst yn 'e stêd net fêstholden wurde koe. Oer it ginneraal spriek 56% fan 'e respondinten yn 'e hûs Frysk, mar mei dejingen dy't de taal as twadde taal brûkten, kaam it totaal op 73%. Ferstean koene 93% it Frysk. Dit ûndersyk waard op deselde wize werhelle yn 1994 en wiisde út dat doe fan 'e likernôch 615.000 ynwenners fan 'e provinsje Fryslân 55% it Frysk as memmetaal hie. Fierders waard fêststeld dat 94% Frysk ferstean, 74% Frysk prate, 65% Frysk lêze en 17% Frysk skriuwe koe.[7] Hjir waarden noch gjin grutte feroarings sichtber mei it ûndersyk út 1984.

De behearsking fan it Frysk troch de ynwenners fan Fryslân (yn %, 2021), neffens in enkête útfierd yn opdracht fan 'e Ljouwerter Krante.

In enkête út 2010, dy't troch it ûndersyksburo Flycatcher holden waard ûnder 1.775 Nederlanners (en inkelde fragen nei it Frysk 'meinaam' hie), joech as útslach dat it Frysk doe noch altyd troch justjes mear as de helte fan 'e ynwenners fan Fryslân as memmetaal sprutsen waard (wat likernôch oerienkomt mei de 55% út it ûndersyk fan 1994). Neffens dizze beheinde en dus net alhiel ferlykbere enkête soe fierders fan 'e ynwenners dy't yn 'e provinsje hikke en tein wiene, 80% Frysk prate kinne en 100% Frysk ferstean kinne. Fan 'e 'ymport' joech 75% oan Frysk ferstean te kinnen en 12% dat se it dêrnjonken ek sprekke kinne.[8] In tal enkêtes op lytsere skaal dat sûnt 2010 holden waard, lit lykwols in oar en ûnderling ôfwikend byld sjen. Der blykt in groeiende ôfstân te bestean tusken it brûke kinnen en it feitlik ek brûken fan it Frysk. Benammen it tal minsken dat Frysk skriuwe kin, is ûnwis, om't yn 'e enkêtes gjin foaropstelde definysje jûn wurdt fan wat ûnder 'skreaun Frysk' ferstien wurdt. Ien wichtich gegeven fan it feroaringsproses yn in ôfrûne heale iuw is dat it Frysk foar de Frysksprekkers net mear harren sprutsen haadtaal bleaun is, mar dat hja it Nederlânsk as in folslein behearske twadde, of sels lykweardige, sprektaal leard hawwe te brûken.

Yn 2018 makken taalkundigen fan 'e Fryske Akademy de útkomsten fan it taalûndersyk Taal yn Fryslân: De Folgjende Generaasje bekend, dat op gelikense wize gearstald wie as eardere ûndersiken: fan 'e FA yn 1994 en fan'e Ryksuniversiteit Grins 1980. Op basis fan 3.800 ynfolle online-fragelisten út 2015 waard dêrby konkludearre dat yn dat jier 48% fan 'e befolking fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie; 29% it Nederlânsk; 12% it Frysk èn it Nederlânsk; 4% in streektaal; en 2% in útlânske taal. As men de Frysktaligen en de twataligen byinoar optelt, betsjut dat dus dat 61% fan 'e Fryske befolking it Frysk as memmetaal hie. Hoe't dat him krekt ferhâldt ta de útkomsten fan eardere ûndersiken wie ûndúdlik, mei't dit de earste kear wie dat der mear as ien memmetaal tagelyk opjaan wurde koe. Dêrtroch wie it apels mei parren ferlykjen en koene de ûndersikers net mei wissichheid sizze oft it Frysk no terrein wûn of ferlern hie. Wol kaam út it nije ûndersyk nei foarren dat it persintaazje minsken dat Frysk skriuwe koe, licht omheech gien wie, fan 17% yn 1994 nei 18% yn 2015. De ûndersikers seagen dêryn it tanommen skriftlik gebrûk troch Frysksprekkers fan 'e eigen taal op sosjale media.[9]

It gebrûk fan it Frysk troch de ynwenners fan Fryslân (yn %, 2021), neffens in enkête útfierd yn opdracht fan 'e Ljouwerter Krante.

Yn novimber 2021 liet de Ljouwerter Krante yn it ramt fan 'e santichste betinking fan Kneppelfreed in enkête oer de stân fan saken mei it Frysk útfiere troch it buro Enigma Research ûnder 1.950 ynwenners fan Fryslân.[10] Neffens de útfierders hie dat "in hege betrouberheid" en wiek it "heechút 2,2%" ôf fan 'e wurklikheid. Wol waard tajûn dat, om't it ûndersyk fan in krante útgie, de dielnimmers boppemjittich útskaaiden nei minsken dy't lêze.[10] Neffens dizze enkête behearsken yn 2021 de ynwenners fan Fryslân it Frysk sa:[10]

  • Ferstean: 72% tige goed, 22% goed, 4% ridlik, 2% amper, 0% net.
  • Sprekken: 56% tige goed, 20% goed, 10% ridlik, 9% amper, 6% net.
  • Lêzen: 33% tige goed, 44% goed, 16% ridlik, 4% amper, 2% net.
  • Skriuwen: 10% tige goed, 32% goed, 25% ridlik, 14% amper, 19% net.

Neffens deselde enkête brûkten yn 2021 de ynwenners fan Fryslân it Frysk sa:[10]

  • Ferstean: 71% eltse dei, 12% ferskate kearen yn 'e wike, 7% likernôch ien kear yn 'e wike, 5% minder as ien kear yn 'e wike, 5% selden of nea.
  • Sprekken: 65% eltse dei, 7% ferskate kearen yn 'e wike, 4% likernôch ien kear yn 'e wike, 4% minder as ien kear yn 'e wike, 20% selden of nea.
  • Lêzen: 31% eltse dei, 23% ferskate kearen yn 'e wike, 16% likernôch ien kear yn 'e wike, 15% minder as ien kear yn 'e wike, 15% selden of nea.
  • Skriuwen: 24% eltse dei, 14% ferskate kearen yn 'e wike, 9% likernôch ien kear yn 'e wike, 12% minder as ien kear yn 'e wike, 40% selden of nea.

Ut dizze enkête kaam û.m. ek nei foarren dat wat heger it opliedingsnivo, wat ûnwierskynliker it is dat der yn 'e hûs Frysk sprutsen wurdt.[10]

In ûndersyk troch de Ryksuniversiteit Grins, dêr't 14.500 Friezen in fragelist foar ynfollen, brocht yn 2024 oan it ljocht dat der hieltyd mear Friezen Frysk sprieken, fral wat it taalgebrûk thús oanbelange. Neffens it ûndersyk spriek 48% fan 'e ynwenners fan Fryslân sûnder de Stellingwerven yn 'e hûs Frysk, wylst bûtendoar 62% fan 'e Friezen Frysk spriek. Ut itselde ûndersyk die ek bliken dat yn 'e buorprovinsjes mar 17% fan 'e minsken yn 'e hûs Grinslânsk of Drintsk spriek, en bûtendoar op syn heechsten 41%.[11]

Dialekten

De Wikipedy hat ek in side Fryske dialekten.

It Westerlauwersk Frysk kin ferdield wurde yn acht ûnderskate dialekten, dy't ûnderling yn ferskillende mjitte (fan maklik oant dreech), fersteanber binne. De fjouwer haaddialekten lykje eins sa opinoar dat der better fan taalfarianten sprutsen wurde kin. Ta dizze groep hearre de beide grutte dialekten, it Klaaifrysk en it Wâldfrysk, dy't inkeld ferskille troch de útspraak fan 'e wurden "my", "dy", "hy", "sy", "wy" en "by" en de twaklanken "ei", "ai" en "aai", mei dêropta noch in hantsjefol leksikale ferskillen. Dêrnjonken is der it Súdwesthoeksk, it meast ôfwikende fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten, dat him ûnderskiedt trochdat de nijere brekking dêryn nea trochfierd is. Wat dat oanbelanget, soe men stelle kinne dat dit dialekt it meast by sechstjinde-iuwske foarmen bleaun is. It fjirde haaddialekt, it Noardhoeksk,[12] dat trouwens faak as in foarm fan Klaaifrysk beskôge wurdt, hat krekt in ekstra brekkingsfoarm, de saneamde Dongeradielster brekking. Rûchwei kin men sizze dat it Klaaifrysk yn it noardwesten en westen fan Fryslân sprutsen wurdt, it Wâldfrysk yn it easten, it Súdwesthoeksk yn it súdwesten en it Noardhoeksk yn it noardeasten. Alle fjouwer hawwe dizze dialekten in grutte fersprieding en in sprekkerstal dat yn 'e tsientûzenen rint.

De dialekten fan it Frysk.

Njonken de fjouwer grutte dialekten besteane der ek noch fjouwer lytskes, dy't op frijwol alle mêd tsjinsteld binne oan 'e grutten. De lytse dialekten binne lokaal sprutsen taalfoarmen dy't beheind binne ta lytse mienskippen fan heechút inkele hûnderten of sels mar inkele tsientallen minsken. Trochdat se har yn isolaasje ûntjûn hawwe, wike se sterk fan it Standertfrysk ôf. Faak hawwe se âlde(re) foarmen fan it Frysk bewarre. By dizze lytse dialekten giet om it stedsdialekt fan it havenstedsje Hylpen, dat yn it ferline sterk beynfloede wurden is troch it Hollânsk fan oare kant de Sudersee, en fierders om 'e eilândialekten fan 'e Waadeilannen Skiermûntseach en Skylge.

Op dat lêste eilân wurde twa Fryske taalfoarmen sprutsen, it Aastersk yn it easten, en it Skylgersk yn it westen. Dy susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, yn it sintrale part fan Skylge, dat in Hollânsk dialekt is. Dizze dialekten wurde noch mar troch inkele tsientallen meast âldere minsken sprutsen. It Skiermûntseagersk is it iennichste Fryske dialekt dat noch in namfallestelsel hat, en kin dêrtroch en fanwegen syn ideosynkratyske klanklear nei alle gedachten oanmurken wurde foar it meast ôfwikende dialekt. It hat noch mar in hûnderttal sprekkers. Sawol it Skiermûntseagersk as it Hylpersk sil in sprekker fan ien fan 'e Fryske haaddialekten muoite hawwe om nei te kommen. It Aastersk en Skylgersk steane wat tichter by it Standertfrysk. Foarhinne waard ek yn it doarp Molkwar in sterk ôfwikend Frysk dialekt sprutsen, it Molkwardersk, mar dat is yn 'e njoggentjinde iuw útstoarn. Doetiidske taalkundigen ornearren dat it de meast oarspronklike foarm fan it Frysk wie.

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden ien oant en mei tsien yn it Standertfrysk en de fjouwer meast ôfwikende dialekten:

taal 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Standertfrysk ien twa trije fjouwer fiif seis sân acht njoggen tsien
Hylpersk een twaa trê fèuwer
fouwer
fiiuw seks saan acht
akst
nèugen
nougen
tên
Skylgersk ien twae trea fjouwer fiif seks sôn acht njoggen tsjien
Aastersk ien twae trea fjouwer fiif seks sôn acht njuggen tsjien
Skiermûntseagersk iën twa trooi fjèuwer fiif seks saun acht njuegen tsiën

De Fryske standerttaal

De Wikipedy hat ek in side Standertfrysk.
De Wikipedy hat ek in side Fryske stavering.

Yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde en de earste helte fan 'e tweintichste iuw is de Fryske standerttaal gearstald. De earste offisjele stavering datearret út 1879; foartiid skreau in elk mar sa't it him goedtocht. Dy earste stavering wie de saneamde Selskipsstavering, dy't yn 1948 ferfongen waard troch de Akademystavering (ek wol de âlde stavering neamd). Tsjintwurdich brûkt it Frysk de saneamde Steatestavering (oftewol de nije stavering), dy't yn 1980 ynfierd is.

By de standerdisaasje fan it Frysk hawwe it Wâldfrysk, as grutste dialekt, en it Klaaifrysk, dat fanâlds de heechste status hie, fierwei de measte ynfloed hân. It Súdwesthoeksk waard frijwol bûten beskôging litten, wylst de fjouwer lytse dialekten der alhielendal part noch diel oan hân hawwe. Dochs bestiet der yn it Frysk in, foar in standerttaal, tige ûngewoane karfrijheid wat it wurdgebrûk oangiet. Hoewol't soks swierrichheden opsmyt foar oarstaligen dy't it Frysk as frjemde taal leare, binne de brûkers fan it Frysk dêr oer it algemien tige mei ynnommen. Der stiek dan ek in stoarm fan protest op doe't de Fryske Akademy yn 2013 op oanstean fan 'e Steaten in "standertwurdlist" opstelle woe, mei as doel om dy karfrijheid te beheinen.

In dûbeltalich strjitnammeboerd yn Drachten.

Taalgebrûk

Yn it bestjoer en it rjochtsferkear

Offisjele status en rjochtsjildigens

It Frysk hat sûnt 1956 yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status dy't gelyk is oan dy fan it Nederlânsk. Yn dat jier waard yn it Steatsblêd 1956, 242 in begjin makke mei it formeel tastien gebrûk fan it Frysk yn it rjochtsferkear. In útwreiding dêrop waard 39 jier letter fêstlein yn it Steatsblêd 1995, 440. Hoewol't it fansels yn 'e praktyk al lang barde, krigen de Friezen doe wetlik it rjocht om harren taal yn gearkomsten fan gemeenterieden en de Fryske Steaten te brûken. Yn 1997 waarden fierders by wet de mooglikheden om it Frysk yn 'e rjochtseal te brûken, ferromme, sadat no ûnder mear ek it Iepenbier Ministearje en de rjochterlike macht dêr Frysk brûke meie.

De ynwenners fan Fryslân kinne sûnt jier en dei yn it Frysk mei de gemeentlike en provinsjale oerheden kommunisearje en korrespondearje. De provinsje en guon gemeenten hawwe der in beliedspunt fan makke om mear Frysk te brûken by it opstellen fan offisjele dokuminten. Troch in stikmannich wetswizigings binne sokke Fryske stikken no yn hast alle gefallen rjochtsjildich. Ien fan 'e lêste útsûnderings dêrop wiene de ferieningsstatuten, mar sûnt 2002 kinne dy ek yn it Frysk opsteld wurde. Trou- en berte-akten binne hjoed de dei yn alle Fryske gemeenten twatalich beskikber.

Yn 2014 waard de Wet Gebrûk Fryske Taal fan krêft, dêr't ferskate eardere bepalings yn byinoar brocht binne. Sa is dêryn is fêstlein dat it Frysk en Nederlânsk de offisjele talen fan 'e provinsje Fryslân binne, en fierders ferplichtet dizze wet de ryksoerheid en Deputearre Steaten fan de provinsje Frysân om periodyk bestjoersôfspraken te meitsjen. In ûnderdiel fan 'e taalwet is teffens it Orgaan foar de Fryske Taal. Doel fan dy kommisje is om 'e gelikense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk binnen de provinzje Fryslân te befoarderjen.

Yn 2023 waard nei in ferfelend misferstân dúdlik dat ek by naturalisearring ta Nederlanner de eed yn it Frysk ôflein wurde mei.[13]

Jeropeeske erkenning

De Nederlânske steat hat twa ferdraggen fan de Ried fan Jeropa ratifisearre. Dêrby giet it om it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden en it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen.[14] Yn 1996 hat de Nederlânske oerheid it Frysk opjûn ûnder Diel III (de heechste foarm) fan dat lêste ferdrach, dat 48 mooglikheden foar taalbeskerming jout. As útfiering dêrfan waard yn 2001 it Konvenant Fryske Taal en Kultuer sletten tusken de Nederlânske oerheid en de provinsje Fryslân.

In dûbeltalich plaknammeboerd fan Seisbierrum, mei it Frysk ûnderoan.

Fryske plak- en wetternammen

Ek op it mêd fan 'e plaknammen hat it Frysk foarderings makke. Yn Nederlân hawwe plakken nammentlik ien offisjele namme, en dat is de namme dy't bygelyks yn notariële aktes brûkt wurde. Yn Fryslân wie foarhinne altyd de Nederlânske plaknamme de offisjele, al wiene dûbeltalige plaknammebuorden al sûnt 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw yn frijwol alle Fryske gemeenten yn gebrûk. Fan 1989 ôf binne lykwols ferskate gemeenten derta oergien om 'e Fryske plaknammen offisjeel yn 'e Gemeentelike Basisadministraasje (GBA) fêst te lizzen. Dêrby giet it om Tytsjerksteradiel (1989), Boarnsterhim (1989), Littenseradiel (1993), Ferwerderadiel (1999), Ljouwerteradiel (2009), Dantumadiel (2009) en Menameradiel (2010). De Nederlânske plaknammen hawwe yn dy gemeenten no gjin offisjele status mear, al meie se fansels bûten offisjele stikken om noch wol brûkt wurde, krekt sa't dat foarhinne mei de Fryske foarmen it gefal wie.

De gemeente Ljouwerteradiel hat as iennichste fan dizze groep in offisjeel Nederlânsktalige gemeentenamme oanholden (om't Leeuwarderadeel de gemeente in bekende klank jaan soe). De gemeente Dantumadiel hat mei-iens ek alle strjitnammen yn 'e Fryske foarm yn 'e GBA fêstlein; yn 'e oare neamde gemeenten wie dat yn 'e regel net nedich om't dy al folle earder oergien wiene ta it gebrûk fan Frysktalige strjitnammen. Boppedat hawwe Provinsjale Steaten yn 1997 de offisjele provinsjenamme feroare fan "Friesland" yn "Fryslân". Yn 2004 besleat it Ministearje fan Ynlânske Saken derop ta sjen dat de foarm "Fryslân" tenei ek yn dokuminten en publikaasjes fan 'e lanlike oerheid brûkt wurde sil.[15] Fierders hat it Wetterskip Fryslân by syn oprjochting yn 2004 in Fryske namme oannommen, en yn maart 2007 binne alle wetternammen yn Fryslân, útsein in pear stedsgrêften, yn it Frysk fêstlein. De wetters yn 'e Stellingwerven hawwe doe harren Stellingwerfske nammen krigen.

In dûbeltalich plaknammeboerd fan Hylpen, mei it it Frysk boppe-oan.

It ferfryskjen fan geografyske nammen giet gauris mank mei in protte rebûlje. Oer it generaal kin steld wurde dat it de ûndernimmers binne dy't har der út alle macht tsjin fersette, om't it de ekonomy skea tabringe soe. Hoewol't fan soks noch nea wat bliken dien hat by de gemeenten dy't fanôf 1989 harren plaknammen ferfryske hawwe, wurdt dat ferlechje alle kearen weroan fan stâl helle. Yn 'e gemeenten Wûnseradiel en Wymbritseradiel, dy't yn 2011 opgien binne yn Súdwest-Fryslân, is op dy wize de plaknammeferfrysking ek wier-wier opkeard.

Per 1 jannewaris 2014 is Boarnsterhim opheft, en it grûngebiet fan 'e eardere gemeente is ferdield oer de gemeenten Ljouwert en it Hearrenfean en de nije fúzjegemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. Ljouwert en it Hearrenfean hawwe in Nederlânske gemeentenamme, en binne út noch yn net fan doel om dy te ferfryskjen. Lykwols binne se troch de anneksaasje fan in diel fan Boarnsterhim foar de wet de opfolger fan dy gemeente, en om't it ûnder it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen simpelwei ferbean is om boargers har taalrjochten te ûntnimmen (it hawwen fan in gemeentenamme yn har eigen taal ynbegrepen), sille dy beide gemeenten úteinlik dochs omlyk moatte. In wurdfierder fan 'e Topografyske Wurkgroep Fryslân, sei dêroer yn 'e Ljouwerter Krante: "Minsken út de gemeente Boarnsterhim ha dizze namme yn har paspoart te stean. It kin net sa wêze dat de Fryske gemeentenamme yn in offisjeel dokumint plakmeitsje moat foar in Hollânsktalige namme. Dat soe in efterútgong fan de status fan in minderheidstaal betsjutte. En dat mei net." Neffens boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is ferfrysking fan 'e gemeentenamme lykwols net nedich, om't de Gemeentewet boppe it Jeropeesk Hânfêst giet. Dat liket tige ûnwierskynlik, mei't Jeropeeske ferdraggen oant no ta frijwol altyd foarrang krigen hawwe. Neffens de Topografyske Wurkgroep hoecht der mar ien boarger te wêzen dy't nei de rjochter stapt, en dan komt de Frysktalige gemeentenamme der gewoan. De Ried fan de Fryske Beweging hat foar dat doel al it Fryslân Fûns oprjochte, om gewoane minsken by de gong nei de rjochter finansjeel te stypjen. De Wurkgroep ferwachtet fierder ek dat ynwenners fan 'e fjouwer opfolgergemeenten fan Boarnsterhim tenei mei súkses de ferfrysking fan 'e namme fan har eigen doarp by de rjochter ôftwinge kinne sille, mei't it net sa wêze kin dat binnen ien en deselde gemeente de ynwenners fan bygelyks Wergea wol en dy fan Wurdum net rjocht hawwe op in plaknamme yn 'e eigen taal.[16]

In Dútske postsegel út 2006, ta gelegen-heid fan it 50-jierrich bestean fan 'e Fryske Rie, wêryn't kontakten mei East-Fryslân en Noard-Fryslân ûnderholden wurde.

Yn it ûnderwiis

Yn it basis- en fuortset ûnderwiis

De Wikipedy hat ek in side Frysk (skoalfak yn it fuortset ûnderwiis).

Wat it ûnderwiis oanbelanget, waard it Frysk al yn 1937 (op opsjonele basis) as ekstra fak op 'e legere skoallen tastien, hoewol't it pas yn 1956 de status fan folweardich skoalfak krige. Yn 1980 waard it in ferplichte fak op 'e basisskoallen, en yn 1993 waard it ek ferplichte foar it earste jier fan it fuortset ûnderwiis. Ek mei it Frysk op 'e basisskoallen offisjeel brûkt wurde as lestaal (d.w.s. de taal dy't brûkt wurdt om yn les te jaan), eat dat op sa'n 80% fan 'e Fryske skoallen yn hegere of mindere mjitte dien wurdt. It brûken fan it Frysk yn it ûnderwiis is wetlik regele yn kêst 9-4 fan 'e Wet Primêr Underwiis en yn kêst 11a-2 fan 'e Wet op it Fuortset Underwiis.

Yn it ramt fan it Frysk as skoalfak binne yn it basisûnderwiis gjin einnoarmen fêststeld oangeande de behearsking fan it Frysk. It fak Frysk stiet sadwaande ek net ûnder it tafersjoch fan 'e skoalynspeksje. Yn it fuortset ûnderwiis moatte skoallen it Frysk nei it (ferplichte) earste jier as fakultatyf learfak oanbiede, en dan wurde de einnoarmen troch de eksameneasken bepaald, alteast foar de learlingen dy't it yn har eksamenpakket opnommen hawwe. Skoallen kinne ûntheffing oanfreegje fan 'e ferplichting om Frysk as lesfak yn harren ûnderwiisprogram oan te bieden en in fyfdepart fan 'e skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân makket fan dy mooglikheid gebrûk.

Yn it heger ûnderwiis

De Wikipedy hat ek in side Frisistyk.

As universitêre oplieiding hie it Frysk al yn 1896 as in privaat dosintskip tagong krigen ta de Ryksuniversiteit Utert[17] en yn 1917 ta de Ryksuniversiteit Grins.[17] Yn 1930 kaam der in lektoraat Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dat yn 1941 omset waard yn in folweardige learstoel.[17] Al earder wiene oan 'e Universiteit fan Amsterdam (1934)[17] en oan 'e Ryksuniversiteit Utert (1935)[17] bysûndere learstuollen ta stân kommen. Yn 1951 krige fierders de Frije Universiteit yn Amsterdam in gewoane learstoel,[17] dy't yn 1994 lykwols wer opheft waard. Ek de bysûndere learstoel oan 'e Universiteit Utert (de eardere ryksuniversiteit) waard yn 1990 opheft.[18]

Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wie der noch ien gewoane learstoel Frysk, oan 'e Ryksuniversiteit Grins, en wiene der trije bysûndere learstuollen Frysk oerbleaun, ien oan 'e Universiteit fan Amsterdam en twa oan 'e Ryksuniversiteit Leien. Dy bysûndere learstuollen waarden lykwols yn 'e earste beide desennia fan 'e nije iuw almar fierder útklaaid. Oan 'e oare kant kaam der yn 2019 wer in bysûndere learstoel oan 'e Universiteit Utert by doe't de Flaming Hans van de Velde dêr (foar ien dei wyks) oansteld waard as heechlearaar sosjolinguïstyk mei bysûndere oandacht foar de taalsitewaasje yn Fryslân.[19] Mar yn 2017 en 2021 waarden beide bysûndere learstuollen oan 'e Ryksuniversiteit Leien opheft.[20]

De oplieding Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins ferlear yn 2012 syn selsstannigens en waard in track binnen de bredere oplieding Minorities & Multilingualism ("Minderheden & Meartaligens").[21] Yn 2022, doe't Goffe Jensma as heechlearaar Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins mei emeritaat gie, wie der neffens it universiteitsbestjoer gjin gaadlike opfolger te finen. Dêrom waard Anne Merkuur yn it plak fan Jensma oansteld, mar as universitêr dosint Frysk ynstee fan as heechlearaar. Oer dy gong fan saken ûntstie yn Fryslân gâns trelit, mei't it opfette as in ferkapt besykjen om fan 'e learstoel Frysk ôf te kommen. De universiteit beswarde by heech en by leech dat dat net sa wie en dat der in nije heechlearaar beneamd wurde soe sadree't der him in gaadlike kandidaat oppenearre.[22][23]

Yn jannewaris 2024 die de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) de oanbefelling om foar it Frysk wer in folweardige learstoel te skeppen, wêrby't it gegeven hoefolle studinten sa'n oplieding folgje gjin rol spylje moast.[24] Inkele wiken letter makke minister Robbert Dijkgraaf fan Underwiis bekend dat er ree wie om jiers 340.000 frij te meitsjen foar in nije selsstannige bacheloroplieding Fryske taal- en letterkunde. Hoewol't de KNAW berekkene hie dat sa'n nije oplieding jiers sa'n €700.000 kostje soe, wiene de reäksjes posityf, mei't fan û.o. de Ryksuniversiteit Grins en de Bestjoerôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tusken de provinsje Fryslân en de ryksoerheid ek ferwachte waard dat se der jild oan bydrage soene.[25] In wike letter makke de Ryksuniversiteit Grins bekend dat de bachelor Minorities & Multilingualism, dêr't it Frysk dêr by yndield wie, skrast wurde soe út it opliedingsprogramma.[21]

Yn 'e media

Yn 'e deiblêden

Yn 'e media hat it Frysk wikseljende resultaten boekt. Yn 'e skriuwende parse wurdt it Frysk mar yn likernôch 5% fan 'e artikels brûkt yn 'e beide provinsjale kranten, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.[26] Op in ynternasjonale konferinsje oer twatalichheid en sjoernalistyk, dy't begjin juny 1999 yn Ljouwert holden waard, besauden Welsen, Finlânsweden, Katalanen en oare leden fan taalminderheden yn 'e Jeropeeske Uny har oer dy miste kâns. Yn oare minderheidstaalgebieten spylje nammentlik de krante(n) in wichtige rol yn 'e taalstriid, en ferskine se (hast) hielendal yn 'e minderheidstaal.[27]

De Ljouwerter Krante mei wyklikse taheakken.

De doetiidske haadredakteur Pieter Sijpersma fan 'e Ljouwerter Krante makke him derôf troch te sizzen dat it mei 5% Frysk yn 'e krante mear as takin. "Teveel Fries irriteert de lezers," sa wie syn ûnderfining, "De overschakeling van Nederlands naar het Fries in een artikel leidt de lezers af. Ze begrijpen het niet en ze vinden het niet mooi. Zou de krant overwegend in het Fries zijn geschreven, dan is het einde van de Leeuwarder Courant gauw in zicht." En oer de maatskiplike ferantwurdlikheid fan 'e Fryske deiblêden: "Wij voelen ons verantwoordelijk voor de krant en meer niet." Wol wurde yn 'e Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd Fryske sitaten yn fierders Nederlânsktalige artikels yn it Frysk werjûn, wat unyk is foar Jeropa, mar inkeld om't yn oare kranten út minderheidsgebieten it hiele artikel yn 'e minderheidstaal steld is.[28]

Ut in breed ûndersyk út 1994 die trouwens bliken dat it fral Nederlânsktaligen binne dy't har oan it Frysk yn 'e kranten steure. De measte Frysktaligen is it ien toetmem oft in artikel yn it Frysk of it Nederlânsk steld is. Neffens taalûndersiker Durk Gorter soe it dan grif ek net sa'n feart rinne mei de ein fan 'e Ljouwerter Krante as der wat mear Frysk brûkt waard.[29] Sûnt 2009 bestiet de Frysktalige ynternetkrante It Nijs, dy't oprjochte is op inisjatyf fan 'e Ried fan de Fryske Beweging, en him ta doel stelt om 'e Friezen op in folweardige manear wrâldnijs yn 'e eigen taal oan te bieden. Dit digitale deiblêd kaam neitiid lykwols yn opspraak troch amateurisme,[30] dubieuze praktiken lykas it oanhâldend bringen fan ûnkorrektheden en it wegerjen om dy te rektifisearjen,[31] en beskuldigings fan sinsuer op reäksjes fan lêzers.[32]

Topmodel Doutzen Kroes as boechbyld fan 'e aksje Praat mar Frysk.

Yn famyljeberjochten

Yn 'e famyljeberjochten yn 'e beide provinsjale deiblêden wurdt wol hieltyd mear Frysk brûkt. Neffens in telling út it begjin fan 'e santiger jierren wie doe 12% fan 'e famyljeberjochten yn it Frysk, neffens in telling út 1991-1992 23% en neffens in stekproef út 2000 sa'n 30%.[33]

Yn tydskriften

Yn 1997 waard Frysk en Frij opheft, dat it lêste breed oriïntearre Frysktalige tydskrift wie. It blêd hie op it lêst 300 oant 400 abonnees en dûbeld safolle lêzers. De provinsje loek it subsydzje yn, om't Deputearre Steaten it jild effektiver oan in hûs-oan-hûsblêd bestege seagen. Dat kaam bestege seagen. Dat kaam der lykwols net, mar ta ferfanging kaam der al in stikmannich jierren de saneamde F-side dy't ien kear yn 'e wike yn 'e beide provinsjale deiblêden ferskynde. Dat wie in Frysktalige side dy't lykwols dúdlik fan in oar kaliber wie en op it mêd fan ynhâld net yn it skaad fan Frysk en Frij stean koe. Ek oare Frysktalige publikaasjes, lykas de literêre tydskriften Trotwaer, Hjir, Kistwurk en M3 binne ûnderwilens opdoekt.

De iennichste echte Fryske tydskriften foar in folwoeksen publyk binne tsjintwurdich De Moanne, dêr't trouwens ek almar mear Nederlânsk yn stiet, en Ensafh. In net oan organisaasjes bûne Frysktalige parse is sadwaande yn it neigean rekke. Wol besteane der noch Frysktalige útjeften dy't organen fan ynstellings binne, lykas Swingel fan 'e Ried fan de Fryske Beweging; It Beaken fan 'e Fryske Akademy; Us Wurk fan it Frysk Ynstitút oan 'e Ryksuniversiteit Grins; De Frijbûtser, fan 'e FNP; en Each en Ear, fan Omrop Fryslân. Dizze tydskriften binne Frysktalich, behalven It Beaken dat oant de ein fan 'e tweintichste iuw ta meast Frystalich wie, mar hjoed de dei fierhinne yn it Nederlânsk en Ingelsk, en soms yn it Dútsk publisearret.

Foar de jongerein binne der twa tydskriften: Switsj en LinKk, dy't beide útjûn wurde troch it Taalsintrum Frysk/CEDIN. Switsj, foar bern fan 10 oant 12 jier, bestiet sûnt 1997, en hat in oplaach fan 2.300 eksimplaren, dy't benammen nei de basisskoallen giet. LinKk is bestimd foar bern fan 12 oant 15 jier, en bestiet sûnt 2001. Dit lêste tydskrift hat in oplaach fan 3.100 eksimplaren, wat foar Fryske begripen in massamedium is.

Yn oarsoartige útjeften

Sûnt 1975 bestiet it Bûsboekje, de earste en iennichste Frysktalige aginda. Dy waard oarspronklik gearstald en útjûn troch it Kristlik Frysk Selskip (KFS), mar sûnt 2008 troch de Ried fan de Fryske Beweging. De oplaach skommelet sa om 'e 4.000 eksimplaren hinne.

It gebou fan Omrop Fryslân.

Op 'e radio

Neffens hoe't it der mei de skreaune parse foarstiet, is it it Frysk op 'e radio better ôfgien. It earste Frysktalige radioprogramma waard útstjoerd yn 1946, troch de regionale stjoerder RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) dy't doedestiden sawat de helte fan Nederlân besloech. Pas yn 1977 waard de provinsjale Radio Fryslân, letter omdoopt ta Omrop Fryslân, oprjochte. Tsjintwurdich stjoert dy op 'e radio tachtich oeren yn 'e wike út en is it de populêrste radiostjoerder fan 'e provinsje.

Op 'e tillefyzje

Op 'e lanlike tillefyzje stjoert Omrop Fryslân de measte wiken in programma fan likernôch in heal oere út en fierders nochris tweintich minuten skoaltillefyzje. Mei-inoar komt dat út op 37 oeren yn it jier. Sûnt 1994 fersoarget de Omrop ek regionale tillefyzje. Yn 't earstoan omfieme dat mar ien oere jûns, mei de rest fan 'e jûn werhellings, mar letter waard de stjoertiid wat útwreide. Tsjintwurdich wurdt der ek gauris live ferslach dien fan wichtige barrens, lykas in keninklik besyk, de PC of it skûtsjesilen.

Op 'e kompjûter en it ynternet

Op it ynternet is in grut tal Frysktalige websteeën te finen, dy't in grut skala oan ûnderwerpen behannelje. Sa wurdt sûnt 2 septimber 2002 wurke oan 'e Fryske Wikipedy, dy't op it stuit 54.562 siden hat. Om yn it Frysk makliker tekstferwurkje te kinnen, hat it Amerikaanske IT-bedriuw Microsoft yn gearwurking mei de Fryske Akademy yn 2000 in Fryske staveringshifker ûntwikkele.[34] Foar OpenOffice is der sûnt febrewaris 2007 ek in staveringshifker. Utlis oer it ynstallearjen fan de Fryske staveringshifkers yn ferskillende programma's is te finen yn Frysk op kompjûters.

In Frysktalige ferzje fan 'e ynternetbrowser Firefox.

Sûnt begjin 2005 is der fan de e-blêder Opera in Fryske ferzje beskikber. Ek is der in Fryske ferzje fan 'e websneuper Firefox te krijen. Dy kin men fergees ynlade op dizze side. Yn Firefox is it ek mooglik om in Fryske staveringshifker yn te stekken. Dy kin men hjirre fine. Dêrnjonken kaam yn 2009 ek in Fryske ferzje út fan it fergeze e-mailprogramma Thunderbird 3.0, fan deselde produsint. Dy Fryske ferzje waard mei stipe fan 'e provinsje Fryslân makke troch Wim Benes en Hindrik Sijens.[35] Fierders is it Frysk ien fan 'e 45 talen wêryn't de ynternetsykmasine Google ynsteld wurde kin. En op it webstee www.hallofryslan.nl kinne wurden fan Frysk yn it Nederlânsk en oarsom oersetten wurde.

Op 'e sosjale media

Wat de sosjale media oangiet, kaam yn novimber 2014, op 'e nij troch de ynset fan Wim Benes en Hindrik Sijens, diskear holpen troch in kloft frijwilligers, de folslein Fryske ferzje fan Facebook ôf.[36]

Yn septimber 2021 promovearre Lysberth Jongbloed oan 'e Universiteit fan Maastricht op it proefskrift Frisian on Social Media. Dêrfoar hie se yngeand ûndersyk dien nei uterings yn it Frysk troch Frysktalige brûkers fan sosjale media. Sa hie se troch 2.200 Fryske jongeren fan tusken de 14 en 18 jier in fragelist ynfolje litten oer harren taalgebrûk op Twitter, Facebook en WhatsApp en letter hie se nochris 2.000 oare jongeren befrege oer harren taalgebrûk op WhatsApp, Snapchat en Instagram. Ut it ûndersyk fan Jongbloed die bliken dat fan 'e jongeren mei twa Frysktalige âlden 60% op 'e sosjale media faak of altyd it Frysk brûkt. Dat persintaazje kelderet lykwols as ien fan beide âlden, of allebeide, Nederlânsktalich binne. Ek as ien mei twa Frysktalige âlden mei syn freonen almeast gjin Frysk sprekt, of as sa'nent in minne skriuwfeardigens yn it Frysk hat, belunet de kâns dat hy of sy him of har op 'e sosjale media yn it Frysk uteret. Jongbloed konkludearre alderearst dat "it Frysk syn wei fûn hat op 'e nije kommunikaasjeplatfoarms," mar ek dat it taalûnderwiis yn it Frysk better moast. Se hie it gebrûk fan it Frysk troch Fryske jongeren op 'e sosjale media ferlike mei it gebrûk fan oare minderheidstalen troch jongeren út oare minderheidstaalgebieten yn Jeropa, te witten: Wales, Ierlân en Limburch, en hie opmurken dat jongeren út Wales en Ierlân minder faak it Welsk of Iersk as memmetaal hawwe, mar it op 'e sosjale media faker brûke as Fryske jongeren it Frysk brûke, om't se der better ûnderwiis yn krigen hawwe.[37]

Yn 'e keunsten

Yn 'e literatuer

Wat de literêre produksje oangiet, ferskynden oant foar in pear jier likernôch hûndert nije Frysktalige fiksje- en non-fiksjewurken jiers, wat hiel kreas wie foar sa'n lytse taal. De oplagen wiene ornaris altyd al frij beheind; it meast ferkochte Frysktalige boek is noch altyd de roman De Gouden Swipe (1941), fan Abe Brouwer, dêr't 30.000 eksimplaren fan oer de toanbank gien binne, al stekt Feroaring fan Lucht (1971), fan Rink van der Velde, mei 29.900 ferkochte eksimplaren, dat nei de kroan. Fan It Wrede Paradys, fan Hylke Speerstra, dat as in grut súkses beskôge wurdt, waarden 25.000 eksimplaren ferkocht.

Jitske Kingma, oprjochtster fan Utjouwerij Elikser.

Sûnt it útbrekken fan 'e ekonomyske krisis, yn 2008, wurde der wat minder Fryske boeken publisearre en is it dêrmei foar skriuwers en oersetters dus dreger wurden om har wurk útjûn te krijen. De beide grutte útjouwerijen op it mêd fan Frysktalige literatuer binne de Friese Pers Boekerij te Ljouwert en Utjouwerij Bornmeer op 'e Gordyk. Ferskate oare, lytsere útjouwerijen binne krektlyk op dit mêd aktyf, wêrûnder Utjouwerij Frysk en Frij en Utjouwerij Wijdemeer, al bringt de lêste mear Nederlânske as Fryske boeken út. De Afûk konsintrearret him op Frysktalich lesmateriaal en op berneboeken, wylst de Kristlik Fryske Folksbibleteek him taleit op kristlike en tradisjonele lektuer.

Begjin 2014 waard de nije útjouwerij Regaad oprjochte, en ein 2013 joech de yn Hoarn fêstige Hollânske útjouwerij Hoogland & Van Klaveren oan dat se tenei ek Frysktalige boeken útbringe woene. Dêrby wiene beide lêst neamde útjouwerijen fan doel om har ta te lizzen op oersettings yn it Frysk. Op datselde terrein is ek al langere tiid Utjouwerij Elikser út Ljouwert aktyf, dy't foar de útjefte fan sok wurk, mar ek fan oarspronklike literatuer, in beskieden bydrage fan 'e skriuwer/oersetter freget. Ek ferskate algemiene Nederlânske útjouwerijen hawwe har de lêste jierren op 'e Fryske merk bejûn, bygelyks Athenaeum-Polak & Van Gennep, út Amsterdam, mei de oersetting Tsiis, fan Willem Elsschot, en Luitingh-Sijthoff, ek fêstige yn Amsterdam, mei de oersetting Ynferno, fan 'e Amerikaanske skriuwer Dan Brown.

Mirjam Timmer, dy't as lid fan Twarres mei it liet Wêr Bisto? de earste Frysktalige nûmer 1 ea yn 'e Nederlânske hitlisten skoarde.

Yn 'e muzyk

Njonken Fryske boeken komme der jiers ek noch sa'n tweintich Frysktalige cd's út, almeast mei popmuzyk. Ferskate Frysktalige nûmers hawwe de lêste jierren de nasjonale hitparades helle, lykas Bonkefeart fan Anneke Douma, In Nije Dei, fan de Kast; en Wêr bisto, fan Twarres. Dy lêste hit wie de earste Frysktalige nûmer 1 ea yn de Nederlânske muzyklisten.

Yn teäter en toaniel

Op it mêd fan toaniel bestiet der in profesjoneel Frysktalich teäterselskip, Tryater, dat in frij grutte populariteit genietet. Fierders hat hast elts doarp syn eigen amateurtoanielferiening, dêr't de grutte mearderheid fan feriene is yn it Bûn fan Fryske Toanielselskippen. Dy organisaasje is wer oansletten by it Fryske Amateur Toaniel, dat lid is fan 'e Ried fan de Fryske Beweging.

Regisseur fan Frysktalige films Pieter Verhoeff (l.).

Yn film en tillefyzjedrama

De lêste desennia binne der fierders ek ferskate Frysktalige spylfilms makke troch regisseurs as Pieter Verhoeff en Steven de Jong. Sa ferskynde yn 1985 De Dream; yn 1996 De Gouden Swipe; yn 2001 Nynke; en 2002 De Fûke. Sûnt 2001 waard der ek in Frysktalige dramarige op 'e regionale tillefyzje útstjoerd troch Omrop Fryslân, mei as titel Baas Boppe Baas. Nei fjouwer seizoenen waard dy ferfongen troch Dankert & Dankert, in searje oer in pear abbekaten.

Yn 'e tsjerken

Ien plak dêr't it Frysk noch net echt trochkrongen is, is yn 'e tsjerken. De grutte mearderheid fan 'e tsjerketsjinsten is oant hjoed de dei ta yn it Nederlânsk. Dochs wurde der alle sneinen wol in stikmannich Fryske tsjinsten holden, ornaris tusken de tsien en de tweintich, ferspraat oer de hiele provinsje. Der hat yn it ferline wol altyd oandacht foar it oersetten fan 'e psalmen en lieten west. Dêrnjonken hat de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) der yn 2004 foar soarge dat it Lieteboek foar de Tsjerken no ek op cd te krijen is. Yn 1953 is it Ferbân fan Fryske Foargongers oprjochte, dat ta doel hat om it gebrûk fan it Frysk yn it tsjerklik libben fuort te sterkjen.

Yn it bedriuwslibben

It Frysk is de fiertaal op 'e wurkflier fan in protte bedriuwen yn Fryslân, benammen op it plattelân. Yn plakken as Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten, dêr't in protte 'ymport' fan bûten de provinsje wennet en wurket, is dat minder fansels, mar likegoed noch frij normaal. It komt noch mar selden foar dat wurkjouwers harren wurknimmers foarskriuwe hokker taal se brûke moatte. In foarbyld is in gefal dat begjin febrewaris 2024 yn it nijs kaam, doe't bliken die dat de bank ING syn personiel ferbea om yn tillefoanyske petearen mei klanten Frysk te sprekken, sels as it in Frysktalige wurknimmer fan 'e fêstiging yn Ljouwert wie dy't in Frysktalige klant oan 'e line hie. Dêr ûntstie yn Fryslân gâns trelit oer, mar om't ING gjin oerheidsynstelling is, falt it net ûnder de regels dy't opsteld binne foar kommunikaasje tusken oerheid en Frysksprekkers. ING makke lykwols in minne beurt, en oare banken, wêrûnder de Rabobank, ABN Amro en De Volksbank (dêr't ASN, SNS en de Regiobank ta hearre), hastigen har om buorkundich te meitsjen dat Frysktaligen by harren wól gewoan yn 'e eigen taal te wurd stien waarden.[38]

Taaleigenskippen

Grammatika

Sjoch ek: de list fan sterke tiidwurden yn it Frysk.

Namfallen

Yn it Aldfryske tiidrek beskikte it Frysk noch oer in folslein namfallesysteem, mei nominatyf, genityf, datyf en akkusatyf, sa't men dat hjoed oan 'e dei noch tsjintkomt yn it besibbe Dútsk. Tsjin it begjin fan 'e Midfryske perioade wie dat lykwols fierhinne ferdwûn. Tsjintwurdich binne sokke namfallen beheind ta in stikmannich ferstienne útdrukkings, lykas "by dizzen", wêryn't de "-n" in restant is fan 'e datyf of trêde namfal. Inkeld de genityf, of twadde namfal, is noch funksjoneel, benammen yn tiidsoantsjuttings as "moarns", "middeis" en "jûns", "twa kear jiers" of "ien kear wyks", mar ek wol yn konstruksjes as "ús heite pet", "ús memme fyts" en "ús pake hûs". In oar foarbyld is it freegjend en betreklik foarnamwurd "waans" (dat trouwens inkeld ferwize kin nei manlike en ûnsidige saken, en net nei froulike saken of meartallen). Foarmen as "dêr't it lân de soargen leannet fan der minsken warb're hân" (fan 'e warbere hân fan 'e minsken, dus) binne argaysk en sille net folle mear brûkt wurde, en perfoarst net yn 'e sprektaal. Yn 'e skriuwtaal komt soks lykwols yn guon konstruksjes noch wol foar, lykas yn: "hy hat it eigener hân makke."

Sinsbou

Op it mêd fan 'e sinsbou komt it Frysk sterk oerien mei it Nederlânsk, en in stik minder mei it eins nauwer besibbe Ingelsk. Ferlykje bgl. de ûndersteande sin:

taal foarbyldsin
Frysk: Ik koe neat sjen, om't it fierstente tsjuster wie.
Nederlânsk: Ik kon niets zien, omdat het veel te donker was.
"Ik koe neat sjen, om't it fierstente tsjuster wie."
Ingelsk: I couldn't see a thing, because it was much too dark.
"Ik koe net sjen in ding, om't it wie fierstente tsjuster."

Oan dit foarbyld is te sjen dat it Frysk deselde sinsbou brûkt as it Nederlânsk. Wat de tiidwurdsfolchoarder oangiet, besteane der lykwols dúdlike ferskillen. Dêrby ha se it wol oer de griene en de reade folchoarder, wat ferwiist nei in lânkaart yn in taalkundich standertwurk dêr't mei dy kleuren de gebieten mei ferskillende tiidwurdsfolchoarders op ynkleure wiene. It Frysk lei yn it griene gebiet (en brûkt dus de "griene folchoarder"), wylst it Nederlânsk yn it reade gebiet lei (dêr't de "reade folchoarder" brûkt wurdt). Dizze oantsjuttings binne ûnder taalkundigen yn gebrûk bleaun as ôfkoartings foar de ferskillende tiidwurdfolchoarders.

folchoarder foarbyldsin yn it Frysk foarbyldsin yn it Nederlânsk
grien: Ik tink dat er moarn bôle ite wol. Ik denk dat hij morgen brood eten wil.
read: Ik tink dat er moarn bôle wol ite. Ik denk dat hij morgen brood wil eten.

Sa't oan it boppesteande foarbyld te sjen is, kin de reade folchoarder yn it Frysk net, want ek al wurdt dy hieltyd mear brûkt troch de jongere generaasjes, dochs sil it de measte Frysksprekkers noch as skuorde klokken yn 'e earen beare. Yn it Nederlânsk, lykwols, kinne eins sawol de reade as de griene folchoarder, al waard oant noch net sa lang lyn inkeld de reade goedkard en de griene folchoarder yn 'e ban dien (mooglik om't dy behalven yn it Frysk ek yn it Dútsk brûkt wurdt).

As der mear tiidwurden yn 'e foarbyldsin troppe wurde, kin men sjen dat de tiidwurdsfolchoarder yn it Frysk persiis tsjinsteld is oan dy yn it Nederlânsk:

taal foarbyldsin
Frysk: Ik fyn dat eltsenien swimme kinne moat.
Nederlânsk: Ik vind dat iedereen moet kunnen zwemmen.
Dútsk: Ich finde, daß jeder schwimmen können muß.

"Dat eltsenien moat swimme kinne" is yn it Frysk dúdlik fout, en yn it Nederlânsk klinkt "dat iedereen zwemmen kunnen moet" ek raar, hoewol't it miskien net fuortendaliks fout is. No giet it hjirby om 'e tiidwurdsfolchoarder yn bysinnen, mar yn haadsinnen ferskilt it spul likegoed:

taal foarbyldsin
Frysk: Jan sil syn hûs moandei ferve hawwe moatte.
Nederlânsk: Jan zal zijn huis maandag moeten hebben geverfd.

Ek hjir is de folchoarder fan 'e tiidwurden yn it Frysk en it Nederlânsk wer krekt tsjinsteld. Boppedat foeget it Frysk (krekt as in protte noardlike Nederlânske dialekten) faak it wurdsje "te" tusken de tiidwurden yn:

taal foarbyldsin
Frysk: Ik haw eefkes sitten te dreamen.
Nederlânsk: Ik heb even zitten dromen.

In protte Friezen en oare Noardnederlanners (lykas Westfriezen en Nedersaksers) sille by it sprekken fan it Nederlânsk dat wurdsje "te" ek brûke (Ik heb even zitten te dromen), hoewol't dat eins fout is. Foar lju út súdliker kontreien is dat ien fan 'e skaaimerken dêr't se noarderlingen oan werom kenne. By dit foarbyld docht him trouwens noch in oar ferskil foar, want it Fryske "sitten" is hjir in mulwurd, en de letterlike Nederlânske oersetting soe dus wêze: Ik heb even gezeten te dromen. Dit ferskil komt dúdliker ta utering as it tiidwurd "sitte" ferfongen wurdt troch "lizze":

taal foarbyldsin
Frysk: Ik haw eefkes lein te dreamen.
Nederlânsk: Ik heb even liggen dromen.

In oar ferskynsel dat him yn it Frysk folle sterker foardocht as yn it Nederlânsk, benammen by de "te"-konstruksje, is nomenynkorporaasje yn it tiidwurd. Sa seit men yn it Frysk fan: "Se sit te jirpelskilen", wêrby't it haadwurd "jirpel(s)" yn it tiidwurd "skile" ynkorporearre wurdt. Yn it Nederlânsk sil men oer it algemien ynstee sizze fan: Ze zit aardappels te schillen, wêrby't him gjin nomenynkorporaasje foardocht. Yn it Nederlânsk komt dit ferskynsel by beskate wurden ek foar (tink oan stofzuigen), mar yn it Frysk kin it yn prinsipe oeral mei dien wurde. No is it wenstiger om te sizzen fan: "Jan is de hûn even oan it útlitten", mar in sin as "Jan is even te hûnútlitten" is grammatikaal sjoen yn it Frysk neat op oan te merken.

Brekking

It ferskynsel brekking nimt in wichtich plak yn 'e Fryske grammatika yn. Der besteane trije farianten fan:

  • de âldere brekking (of Aldfryske brekking), dy't yn 'e Midsiuwen plakfûn en derfoar soarge hat dat wurden as "rjocht" en "wjek" yn it Frysk in j-klank hawwe, wylst dy yn bgl. it Nederlânske recht en wak ûntbrekt.
  • de nijere brekking (of Nijfryske brekking), dy't him pas om 1820 hinne oppenearre, en dy't as ien fan 'e skaaimerken fan it Nijfrysk beskôge wurdt.
  • de Dongeradielster brekking, wêrmei't it Noardhoeksk him fan 'e oare Fryske dialekten ûnderskiedt, en dy't derfoar soarge hat dat yn it noardeasten fan 'e provinsje wurden as "bûter" en "mûle" útsprutsen wurde as buotter en muolle. Dizze lêste brekkingsfoarm makket gjin diel út fan it Standertfrysk.

Foar de beskriuwing fan it Frysk is benammen de nijere brekking fan belang. Dat is in taalkundich ferskynsel dat yn it Standerfrysk de brekking fan fiif of seis twaklanken omfiemet, wêrby't dy yn it grûnwurd in oare útspraak hawwe as yn ferbûgings:

twaklank IPA grûnwurd útspraak ferbûgde foarm útspraak
ea [ɪ.ǝ] beam [bɪ.ǝm] "bì-em" beammen ['bjɛmǝn] "bjemmen"
ie [i.ǝ] stien [sti.ǝn] "sty-en" stiennen ['stjɪnǝn] "stjinnen"
oa [o.ǝ] doas [do.ǝs] "do-es" doaske ['dṷɑskǝ] "dwaske"
oai [o:i̭] moai [mo:i̭] "moa-y" moaier ['mṷa:iər] "mwaajer"
oe [u.ǝ] hoed [hu.ǝd] "hû-ed" huodden ['hṷodən] "hwodden"
regionaal ek:
ue [y.ǝ] flues [fly.ǝs] "flú-es" fluezzen ['fljœzǝn] "fljuzzen"

Ferkoarting

In oare oanpassing yn 'e útspraak by ferbûgings is ferkoarting fan 'e fokaal. Dat docht him bygelyks foar by de meartalsfoarming ("hân" > "hannen"), by ferlytsing ("blêd" > "bledsje"), en by suffigearring (it tafoegjen fan in efterheaksel) ("leech" > "lichte"). Ek kin it foarkomme by it foarmjen fan gearstallings ("piip" > "pypskoft").

Einûntstimming

In ferskynsel dat it Frysk mei it Dútsk en it Nederlânsk gemien hat, is einûntstimming. Dêrby wurde stimhawwende bylûden oan 'e ein fan wurden stimleas. Men seit dus fan "reade", mei in [d], mar fan "read", mei in [t]. It Ingelsk hat soks net; dêr seit men fan red, mei in hearbere [d] oan 'e ein; mei oare wurden, yn it Ingelsk bestiet der dus in útspraakferskil tusken let ([lɛt]; "litte") en lead ([lɛd]; "lead"). Yn it Frysk moat sa'n útspraak oarspronklik ek bestien hawwe, en yn it tige behâldende Skiermûntseagersk komt it by hiel âlde sprekkers noch foar.[39]

Wurdskat

Nederlânske ynfloed

Hoewol't it Frysk troch de iuwen hinne in sterke ynfloed fan oare talen ûndergien hat, is de Fryske wurdskat noch foar it oergrutte diel fan Germaanske oarsprong. By in nau besibbe taal as it Ingelsk leit dat hiel oars, mei't dy taal in ûnbidige soad Romaanske lienwurden opnommen hat út it Normandysk en it Frânsk. Fral it Nederlânsk hat sûnt de santjinde iuw lykwols in tige sterke ynfloed op it Frysk hân. Hoewol't it Frysk as taal frij kûlant (!) omgiet mei lienwurden út oare talen, makket de niging dy't Frysktaligen gauris hawwe om har ôf te setten tsjin it Nederlânsk, dat krekt foar lienwurden út dy taal in útsûndering makke wurdt. Sokke wurden wurde sadwaande wol omskreaun as "ynslûpsels", "Hollânske moadepopkes", "koekútsjongen" of op syn bêsten ynterferinsjes. Eltsenien dy't Frysk lêzen en skriuwen leart, wurdt op it hert drukt dat it gebrûk fan sokke hollanismen dwersferkeard is en dêrom bûge of barste foarkomd wurde moat.

In sjeas (by it ringriden yn Ljussens), fan it Frânske wurd chaice.

Frânske ynfloed

Njonken it Nederlânsk hat histoarysk sjoen fral it Frânsk lange tiid in sterke ynfloed útoefene op 'e ûntwikkeling fan it moderne Frysk. De âldste lichting Frânske lienwurden is eins allinne foar taalkundigen noch wer te kennen. It giet dêrby om wurden as "bist"/"beest", fan it Aldfrânske beste (Nijfrânsk: bête); "duorje", fan durer; "kâns", fan chance, "sjeas", fan chaice; en "keatse", fan chasser, fia it Pikardyske cachier. It opnimmen fan Frânske lienwurden yn it Frysk sil ornaris fia it Nederlânsk gien wêze (ferlykje foar boppeneamde foarbylden de Nederlânske foarmen beest, duren, kans, sjees en kaatsen).

Mar it Frysk hat ek guon lienwurden út it Frânsk opnommen dy't yn it Nederlânsk net foarkomme, lykas "perfoarst", fan par force; "argewaasje", fan arguer; "ave(n)searje", fan avancer; "krupsje", fan corruption; "rompoai", fan rompu; "koese", fan coucher; en "aljemint", fan alignement. Foar it neist is de ynfier fan dizze foarmen lykwols ek fia it Nederlânsk gien, allinnich binne de Nederlânske ekwifalinten neitiid wer yn ûnbrûk rekke.

Ingelske ynfloed

De lêste iuw hat it Frysk njonken de oanboazjende ynfloed fan it Nederlânsk fral ek ûnder ynfloed stien fan it Ingelsk, en dan yn 't bysûnder fan it Amerikaansk-Ingelsk. Benammen op it mêd fan kompjûtertechnology en sosjale media is de Ingelske terminology faak yn syn gehiel oernommen. Dat taalpuristen en lju dy't om oare redens aardichheid oan sokke dingen hawwe eigen Fryske nammen foar dit soarte fan termen betocht hawwe, feroaret dêr neat oan.

Ek it troch-Fryske keatsen, hjir op 'e PC, yn 2006, is fan oarsprong in Frânsk wurd (chasser).

Ynternasjonalismen

In selde byld lit de grutte en groeiende kloft ynternasjonalismen sjen dy't it Frysk oernommen hat. Dêrby moat men tinke oan wurden as "kompjûter", "sport", "wykein", "terapeut", "biology", "tillefyzje", "akwadukt", "traine" en "religy". Dy wurden komme tsjintwurdich yn hast alle Jeropeeske talen foar; der binne mar inkelen, lykas it Iislânsk, dy't foar al sokke begripen in eigen wurd betinke. Yn Fryslân bestiet oer it algemien frijwat wjerstân tsjin ynternasjonalismen, benammen ûnder lju dy't fan har berop út mei it Frysk omslane, lykas skriuwers en ûnderwizers. In grut diel fan dy kategory sil bgl. leaver it wurd "godstsjinst" brûke as "religy" en leaver "oefenje" as "traine". Ek besteane der foarmen dy't fanút dizze groep propagearre wurden binne, mar dy't it net helle hawwe en sadwaande fierhinne yn it ferjit rekke binne, lykas "sneinoer", foar "wykein". Lykwols hat it ferset tsjin ynternasjonalismen nea algemien west; sa wie de skriuwer, oersetter en letterkundige Douwe Kalma (1896-1953) krekt in grut foarstanner fan 'e opname fan soksoarte wurden yn it Frysk. Hy ferwiisde nei it Ingelsk, dat ek in ûnbidige soad lienwurden út oare talen ta him nommen hat, sûnder dat it dêr in sprút minder fan wurden wêze soe.[40]

In punt dat hjirmei besibbe is, is de ferfrysking fan sokke ynternasjonalismen. Yn 'e hjirboppe neamde foarbylden waard al sprutsen fan "tillefyzje" ynstee fan "telefyzje"; dat is in oanpassing fan in frjemd wurd oan 'e útspraak fan it Frysk. "Tillefyzje" klinkt Frysker en glidet in Fries no ien kear makliker fan 'e tonge as "telefyzje". Oare foarbylden fan sa'n ferfrysking fan ynternasjonalismen binne "siktaris" ("sekretaris"), "rimmetyk" ("reumatyk"), "perfester" ("professor") en "sitewaasje" ("situaasje"). Lange tiid bestie ek dêr grutte wjerstân tsjin; soks paste in himsels respektearjende taal ommers net, it wie de útspraak fan in dommenien en wa't soks die, makke sawol himsels as it Frysk bespotlik. Sadwaande die de generaasje fan mids tweintichste iuw al sokke foarmen yn 'e ban. Stadichoan komme se lykwols allegear wer werom. En wêrom ek net, sa betoogde skriuwer Trinus Riemersma yn 1996. In grutte taal as it Ingelsk docht soks krekt-en-gelyk: psychology en architect hawwe wol har Frânske skriuwwize beholden, mar wurde útsprutsen as "saikòlledzjy" en "aketekt".[41]

Fêstlizzing fan 'e wurdskat

Der binne troch de tiid hinne ferskate Fryske wurdboeken ferskynd. Ien fan 'e earsten dy't besocht om 'e Fryske wurdskat op dy wize fêst te lizzen, wie de grutte literator Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), dy't syn Lexicon Frisicum yn it Latyn opstelde, mar net fierder kaam as de letter F. Yn 1900 ferskynde it earste diel fan it troch Waling Dykstra en oaren bewurke Friesch Woordenboek, folge troch de oare beide dielen yn 1903 en 1911. Dêryn waarden de Fryske yngongen beskreaun yn it Nederlânsk. By syn oprjochting yn 1938 stelde de Fryske Akademy him daliks ta doel om dit wurdboek te ferbetterjen. Dêrta waard mei help fan withoefolle frijwilligers in tige grut kaarte-apparaat opset. Yn 't earstoan wie men fan doel en skreau in wurdboek dat ferlykber wêze soe mei de Nederlânske Dikke Van Dale, mar der kaam safolle materiaal binnen dat men úteinlik besleat om it noch folle grutskaliger oan te pakken.

It Frysk Hânwurdboek, út 2008, it earste wurdboek wêryn't ek it beskriuwende diel yn it Frysk is.

Sa begûn it wurk oan it reuseftige Grut Wurdboek fan de Fryske Taal, wêrfan't it earste, 400 siden tellende diel yn 1984 útkaam. Uteinlik soe pas yn 2011 it 25ste en lêste diel reekomme. It is in ûnbidich wittenskiplik wurdboek wurden, dat de Fryske lemma's tige yngeand yn it Nederlânsk ferklearret en de betsjuttings yllústrearret mei withoefolle sitaten út 'e Fryske literatuer. Wylst it wurk oan dit meunsterprojekt geande wie, waarden troch de Fryske Akademy ek lytsere wurdboeken útbrocht. Sa ferskynden yn 1952, resp. 1956 it Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk en it Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, dy't yn 1985, resp. 1984 yn in folslein op 'e nij besjoene ferzje werútjûn waarden. It earste wurdboek wêryn't de Fryske wurden ek yn it Frysk beskreaun waarden, wie it twadielige Frysk Hânwurdboek, út 2008.

Wurdfoarming

Oars as yn it Ingelsk, mar krekt as yn it Nederlânsk en hast alle oare Germaanske talen, brûkt it Frysk by it foarmjen fan gearstallings de tichte foarm. Dus as men bgl. fan 'e wurden "beam" en "hûs" in gearstalling meitsje wol, dan wurdt dy skreaun as "beamhûs", en net mei de iepene foarm, as "beam hûs", sa't men dat yn it Ingelsk foar de moade hat (tree house). Gauris kriget by it foarmjen fan sa'n gearstalling it earste diel fan it gearstalde wurd in ferbûging: "hûnehok", ynstee fan "hûnhok". As it oaninoarskriuwen fan in gearstalling swierrichheden opsmyt of net goed eaget, dan wurdt der in keppelstreekje ynfoege: "FNP-kieslist" en "Swarte-Seekust".

Hoewol't dêr neffens de staveringsregels neat fan doocht, hat in grut part fan 'e Fryskskriuwers tsjintwurdich de niging om gearstallings yn 'e iepen foarm te skriuwen, net inkeld wurden as "FNP kieslist" en "Swarte Seekust", mar sels "syktekosten fersekerder", "oersettings debút" en "hynste stamboek". Dizze praktyk wurdt wol "de Ingelske sykte" neamd.

Dû. Geert Aeilco Wumkes wie yn 1919 ien fan 'e earsten dy't foar de oprjochting fan 'e Fryske Akademy pleite, in ynstitút dat foar de ûntwikke-ling fan it Frysk fan ûnskatbere wearde bleken is.

Stavering

De Wikipedy hat ek in side Fryske stavering.

It Frysk wurdt skreaun mei in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet. Dat Fryske alfabet bestiet net lykas it Nederlânske út 26, mar út 23 letters. Yn it Frysk komme nammentlik de letters q en x net foar. Boppedat wurdt de letter y beskôge as in fariant fan 'e i en dêr ek ûnder alfabetisearre, sadat in wurd as "ympulsyf" yn in Frysk wurdboek bygelyks foàr "inisjaasje" stiet. Fierders komt de letter c yn it Frysk allinne foar yn 'e kombinaasje ch. De letters v, z en ch komme nea foar oan it begjin fan in wurd en de letter g nea oan 'e ein fan in wurd. De karakteristikens fan it skreaune Frysk komt benammen ta utering yn 'e lûden mei diakrityske tekens (â, ê, ô, û en ú), dy't yn it Nederlânsk net foarkomme. Krekt as it Nederlânsk hat it Frysk in ekstra letter, de digraaf ij, dy't stiet foar it twalûd [ɛ.i̭], dat ek wol skreaun wurdt as ei. Mar oars as yn it Nederlânsk wurdt dy letter yn it Frysk altyd alfabetisearre as i-j, en bestiet der gjin beweging dy't der in aparte letter fan it alfabet fan meitsje wol.

Njonken de boppeneamde diakrityske tekens dy't in útspraakûnderskiedend diel fan 'e stavering foarmje, ken it Frysk ek noch ferskate oare diakrityske tekens, dy't soms tafoege wurde om 'e bedoelde útspraak dúdliker te meitsjen. It faakst komt it trema foar, dêr't mei oanjûn wurdt dat twa fokalen efterinoar los faninoar útsprutsen wurde moatte, en dus gjin lange fokaal of twaklank foarmje, lykas yn: "beëinigje", "beämte", "koöperaasje", "reüny" en "ateïsme". Fierders wurde sawol it skerpteken as it klamteken brûkt om 'e útspraak fan in wurd te fertsjutskjen troch oan te jaan wêr't de klam leit. De e mei in skerpteken (é) komt sûnt de staveringsherfoarming fan 1980 yn prinsipe noch mar yn fiif wurden fêst foar ("grouwélich", "mandélich", "oerdédich", "oerémis" en "tréwes"); yn alle oare gefallen is it tafoegjen fan in skerp- of klamteken opsjoneel (bygelyks yn "foàrkomme" en "foarkómme").

Fonology

Fokalen

It Frysk beskikt oer in tige yngewikkelde fokaalynventaris. Yn it foarste plak binne der in tsiental koarte lûden: [a] (a fan "dak"), [ɛ] (e fan "lek"), [ɪ], (i fan "pit"), [i] (i fan "bite"), [ɔ] (o fan "hok"), [o] (o fan "bok"), [u] (û fan "rûch"), [œ] (u fan "put"), [y] (ú fan "tút") en de sjwa of reduksjefokaal [ǝ] (e fan "gewoan"). Dêrby moat opmurken wurde dat der eins twa foarmen fan 'e koarte a besteane, mar dat ferskil yn útspraak is net betsjuttingsûnderskiedend. Fierders binne der 9 lange lûden: [a:] (aa fan "baas"), [ɛ:] (ê fan "bêd"), [e:] (ee fan "feest"), [ø:] (eu fan "deun"), [i:] (ii fan "wiid"), [ɔ:] (ô fan "nôt"), [o:] (oo fan "rook"), [u:] (û fan "sûch") en [y:] (ú fan "drúf"). De lange lûden [e:], [ø:] en [o:] wurde yn it Frysk almeast reälisearre as [e:i], [ø:y], resp. [o:u], dus oan 'e ein niigjend nei i, ú, resp. û. Fan 'e koarte lûden kinne der 8 en fan 'e lange lûden ek 8 nasalisearre wurde, wat foarkomt as se mei in -n derefteroan útsprutsen wurde foàr in f, j, l, r, s, w of z, lykas yn "ûnsin" of "branje". Fierders hat it Frysk 20 ôfgeande twalûden en 8 opgeande twalûden, wêrfan't teminsten 6 ek wer yn nasalisearre foarm foarkomme kinne. Ta einsluten binne der dan noch 8 trijelûden. Dêrmei is it Frysk folle klankriker as de measte besibbe talen, lykas it Ingelsk en it Nederlânsk.

Klankynventaris (fokalen)

Ienlûden
koarte ienlûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
a [a] dak koart net-rûne iepen foarlûd
a [ɑ] ham koart net-rûne iepen efterlûd
e [ɛ] lek koart net-rûne semy-healiepen foarlûd
e / i [ǝ] gewoan, mooglik koart (net-rûne) healiepen middenlûd
(sjwa, reduksjefokaal of stomme e)
i [ɪ] pit koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
i / y [i] bite, wyt koart net-rûne sletten foarlûd
o / a [ɔ] hok, kat koart rûne semy-healiepen efterlûd
o [o] bok koart rûne healsletten efterlûd
û / oe [u] rûch, boek koart rûne sletten efterlûd
u [œ] put koart rûne semy-healiepen foarlûd
ú / u [y] tút, suden koart rûne sletten foarlûd
lange ienlûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
aa / a [a:] laad, banen lang net-rûne iepen foarlûd
ê [ɛ:] bêd lang net-rûne semy-healiepen foarlûd
ee / e / é [e:] skeel, teken, grouwélich lang net-rûne healsletten foarlûd
eu [ø:] deun lang rûne healsletten foarlûd
ii / i [i:] siik, wide lang net-rûne sletten foarlûd
ô [ɔ:] nôt lang rûne semy-healiepen efterlûd
oo / o [o:] rook, smoke lang rûne healsletten efterlûd
û [u:] sûch lang rûne sletten efterlûd
ú / u [y:] optúgje, druven lang rûne sletten foarlûd
Nasale ienlûden
koarte nasale ienlûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
ern [ɛ͂] dûbeljerns nasaal koart net-rûne semy-healiepen foarlûd
in [ɪ͂] hin? nasaal koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
yn [ĩ] ynstekke nasaal koart net-rûne sletten foarlûd
an [ɔ͂] branje nasaal koart rûne semy-healiepen efterlûd
on [õ] bonje nasaal koart rûne healsletten efterlûd
un [œ͂] hun? nasaal koart rûne semy-healiepen foarlûd
ûn [ũ] ûnskuld nasaal koart rûne sletten efterlûd
ún [ỹ] túnstoel nasaal koart rûne sletten foarlûd
lange nasale ienlûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
aan / arn [ã:] aansten, Harns nasaal lang net-rûne iepen foarlûd
ern [ɛ͂:] bernsk nasaal lang net-rûne semy-healiepen
in [ẽ:] winst nasaal lang palataal net-rûne healsletten foarlûd
yn [ĩ:] hynst nasaal lang net-rûne sletten foarlûd
ân [ɔ͂:] hânsel nasaal lang rûne semy-healiepen efterlûd
eun [ø͂:] keunst nasaal lang palataal rûne healsletten foar-lûd
ûn [ũ:] dûns nasaal lang rûne sletten efterlûd
ún [ỹ:] húnsk nasaal lang rûne sletten foarlûd
Twalûden
ôfgeande twalûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
ai [ai̭] laitsje (Wâldfrysk), Tailân koart net-rûne iepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ai [ɔi̭] laitsje (Klaaifrysk) koart rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
aai [a:i̭] taai (Wâldfrysk), high lang net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
aai / ei [ɔ:i̭] taai (Klaaifrysk), dei (Klaaifrysk) lang rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
au / ou [a.ṷ] gau rutsen koart net-rûne iepen foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
ea [ɪ.ǝ] beam rutsen koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd + koart healiepen middenlûd
ei / ij [ɛ.i̭] dei (Wâldfrysk), brij koart net-rûne semy-healiepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
eo / eu [ø.ǝ] freon, seure rutsen koart rûne healsletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ie [i.ǝ] wiet rutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ieu [i.ṷ] ieu, Sieu rutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
oa [o.ǝ] boat rutsen koart rûne healsletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
oi [oi̭] hoi koart rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oai [o:i̭] moai lang rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oe [u.ǝ] goed rutsen koart rûne sletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
oei [ui̭] groeie koart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oei [u:i̭] bloei (lang net algemien) lang rûne sletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ou [ɔ.ṷ] tou (lang net algemien mear) rutsen koart rûne semy-healiepen efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
ue [y.ǝ] flues rutsen koart rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ui [ʌi̭] bui koart net-rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
uw [yṷ] senuw koart rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
opgeande twalûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
ea / je [jɛ] beammen, kjel palatale approksimant + koart net-rûne semy-healiepen foarlûd
ie / ji [jɪ] triedden, skjin palatale approksimant + koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
jo [jɔ] ljocht palatale approksimant + koart rûne semy-healiepen efterlûd
jo [jo] sljocht palatale approksimant + koart rûne healsletten efterlûd
oa [ṷa] boarje koart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne iepen foarlûd
oa [ṷa:] moarns koart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd
ue / ju [jœ] fluezzen, rjucht palatale approksimant + koart rûne semy-healiepen foarlûd
uo [ṷo] fuotten koart rûne sletten efterlûd + koart rûne healsletten efterlûd
nasale twalûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
ean / earn [ɪ͠.ǝ] leanstrookje, trijefearns nasaal rutsen koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd + koart healiepen middenlûd
ein [ɛ͠.i̭] eins (Wâldfrysk) nasaal koart net-rûne semy-healiepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ein [ɔ͠.i̭] eins (Klaaifrysk) nasaal rutsen rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
eon [ø͠.ǝ] sneons nasaal rutsen koart rûne healsletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ien [i͠.ǝ] iens nasaal rutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
oarn [ṷ͠a:] moarns nasaal koart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd
trijelûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
eau [jo.ṷ] bleau palatale approksimant + rutsen koart rûne healsletten efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
iuw [jyṷ] bliuwe (net oeral sa útsprutsen) palatale approksimant + koart rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
iuw [juṷ] liuw palatale approksimant + koart rûne sletten efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
joe [ju.ə] fjoer palatale approksimant + rutsen koart rûne sletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
jou [jɔ.ṷ] fjouwer (net oeral sa útsprutsen) palatale approksimant + rutsen rûne semy-healiepen efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
oai [ṷai̭] moaist koart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oai [ṷa:i̭] koai koart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
uoi [ṷoi̭] muoike koart rûne sletten efterlûd + koart rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd

Konsonanten

It Frysk hat teminsten 28 bylûden, dy't yn fonetysk skrift sa skreaun wurde: [b], [x], [d], [ʣ], [ʤ], [f], [ɡ], [ɣ], [h], [j], [k], [l], [m], [n], [ŋ], [ɲ], [p], [r], [s], [ʃ], [t], [c], [ʦ], [ʧ], [v], [ʋ], [w], [z] en [ʒ]. Dêrfan binne [b], [d], [f], [h], [j], [k], [m], [n], [p], [s], [t], [v] en [z] gjin fierdere útlis brek. De [x] is de ch fan "berch", dy't trouwens yn it Frysk, as it derop oankomt, ornaris fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen wurdt, as [χ]. Itselde is it gefal mei de [l], wêrfan't de útspraak yn it Frysk dúdlik "dûnkerder" of "tsjûker" is as yn it Nederlânsk of it Ingelsk, en mear oerienkomt mei de útspraakwize yn it Skotsk of de Slavyske talen. Om dat útspraakferskil wer te jaan kin it teken [ɫ] brûkt wurde. De [r] wurdt yn it Frysk krekt altyd "rôljend", op 'e punt fan 'e tonge útsprutsen; in breikjende r ([ʀ]), dy't ek wol foarkomt, is altyd persoansbûn en wurdt yn it Frysk as in spraakgebrek beskôge.

Fierders hat it Frysk twa g's: de plofklank [ɡ] (fan "goed") en de wriuwklank [ɣ] (fan "drage"), en twa w's: de [ʋ] (fan "wat") en de [w] (fan "skowe"). De [ɣ] en de [w] kinne nea oan it begjin fan wurden foarkomme, likemin as de [x], de [v] en de [z]. De [ʣ] is de dz fan "widze"; [ʤ] is de dzj fan "siedzje"; [ŋ] is de ng fan "bang"; [ɲ] is de nj fan "njonken"; [ʃ] is de sj fan "sjippe"; [c] is de tj fan "tjems"; [ʦ] is de ts fan "tsiis"; [ʧ] is de tsj fan "tsjerke"; en [ʒ] is de zj fan "garaazje". Ek komt yn it Frysk de glottisslach ([ʔ]) wol foar, mar inkeld tusken twa deselde lûden, lykas yn "koöperaasje" of "Kanaän". Dizze útspraak is dus grutdiels ûnbewust, en de glottisslach wurdt dan yn it skreaune Frysk ek net werjûn, of it moat wêze troch it trema op it twadde lûd.

Dêrnjonken binne der noch in dozyn palatalisearre konsonanten: [bʲ] (as yn "bjinne"), [xʲ] (as yn "ferlechje"), [ɟ] (as yn "djoer"), [fʲ] (as yn "fjochtsje"), [ɡʲ] (as yn "gjin"), [ɣʲ] (as yn "weagje"), [kʲ] (as yn "kjel"), [lʲ] (as yn "ljip"), [mʲ] (as yn "mjitte"), [pʲ] (as yn "pjut"), [rʲ] (as yn "rjocht") en [vʲ] (as yn "weevje"). De palatalisaasje fan dizze konsonanten wurdt lykwols ek wol taskreaun oan it feit dat se folge wurde troch in opgeand twalûd. Men kin de "jo"-klank yn "rjocht" dus op twa manearen útlizze: as "r-jo-cht" (mei in opgeand twalûd), of as "rj-o-cht" (mei in palatalisearre konsonant). Ta einbeslút binne der ek noch fjouwer labialisearre konsonanten: [dʷ] (as yn "dwaan"), [kʷ] (as yn "kwea"), [sʷ] (as yn "swart") en [tʷ] (as yn "twa").

Klankynventaris (konsonanten)

bylûden
Fryske
stavering
IPA foarbyld(en) taalkundige omskriuwing
b / bb [b] bêd, rabberij stimhawwende bilabiale plofklank
bj [bʲ] bjinne palatalisearre stimhawwende bilabiale plofklank
ch [x] ([χ]) berch (nea oan it wurdbegjin) stimleaze felêre wriuwklank
(meast reälisearre as de stimleaze uvulêre wriuwklank)
chj [xʲ] ferlechje palatalisearre stimleaze felêre wriuwklank
d / dd [d] doel, midden stimhawwende alveolêre plofklank
dj [ɟ] djoer stimhawwende palatale plofklank
dw [dʷ] dwaan labialisearre stimhawwende alveolêre plofklank
dz [ʣ] widze (nea oan it wurdbegjin) stimhawwende alveolêre affrikaat
dzj / j [ʤ] siedzje, jeans stimhawwende palato-alveolêre affrikaat
f / ff [f] fol, straffe stimleaze labiodintale wriuwklank
fj [fʲ] fjochtsje palatalisearre stimleaze labiodintale wriuwklank
g [ɡ] gers stimhawwende felêre plofklank
gj [ɡʲ] gjin palatalisearre stimhawwende felêre plofklank
g / gg [ɣ] segel, miggen (nea oan it wurdbegjin) stimhawwende felêre wriuwklank
gj [ɣʲ] weagje (nea oan it wurdbegjin) palatalisearre stimhawwende felêre wriuwklank
h [h] hout stimleaze glottale wriuwklank
j [j] jas palatale approksimant
k / kk [k] kat, wekker stimleaze felêre plofklank
kj [kʲ] kjel palatalisearre stimleaze felêre plofklank
kw [kʷ] kwea labialisearre stimleaze felêre plofklank
l / ll [l] ([ɫ]) lân, wille alveolêre laterale approksimant
(meast reälisearre as de felêrisearre alveolêre laterale approksimant)
lj [lʲ] ljip palatalisearre alveolêre laterale approksimant
m / mm [m] mar, nimme bilabiale nasaal
mj [mʲ] mjitte palatalisearre bilabiale nasaal
n / nn [n] noed, kanne alveolêre nasaal
ng [ŋ] lang (nea oan it wurdbegjin) felêre nasaal
nj [ɲ] njonken palatale nasaal
nk [ŋk] bank (nea oan it wurdbegjin) felêre nasaal + stimleaze felêre plofklank
p / pp [p] pet, leppel stimleaze bilabiale plofklank
pj [pʲ] pjut palatalisearre stimleaze bilabiale plofklank
r / rr [r] rak, barre
(altyd op it puntsje fan 'e tonge útsprutsen)
alveolêre trilklank
rj [rʲ] rjocht palatalisearre alveolêre trilklank
s / ss [s] sâlt, risse stimleaze alveolêre siisklank
sj [ʃ] sjippe stimleaze palato-alveolêre siisklank
sw [sʷ] swart labialisearre stimleaze alveolêre siisklank
t / tt [t] tosk, litte stimleaze alveolêre plofklank
tj [c] tjems stimleaze palatale plofklank
ts [ʦ] tsiis stimleaze alveolêre affrikaat
tsj [ʧ] tsjerke stimleaze palato-alveolêre affrikaat
tw [tʷ] twa labialisearre stimleaze palatale plofklank
v [v] sleven stimhawwende labiodintale wriuwklank
vj [vʲ] weevje palatalisearre stimhawwende labiodintale wriuwklank
w / ww [ʋ] wat, hawwe labiodintale approksimant
w [w] skowe (nea oan it wurdbegjin) stimhawwende labio-felêre approksimant
z / zz [z] zen, sizze (nea oan it wurdbegjin) stimhawwende alveolêre siisklank
zj [ʒ] bagaazje stimhawwende palato-alveolêre siisklank
net skreaun [ʔ] koöperaasje de glottisslach (in bytsje romte tusken twa gelikense lûden;
yn it Frysk net bewust reälisearre)

Foarútsichten

Waling Dykstra.

Al iuwenlang binne der om it hoartsje lju dy't de ûndergong fan 'e Fryske taal binnen fyftich of hûndert jier foarsizze. Sokke "ûnheilsprofeten" wiene bygelyks Foeke Sjoerds yn 1765, Johan Winkler yn 1868, Waling Dykstra yn 1884, Jan Jelles Hof yn 1927, en Tony Feitsma yn 1962.[42] Yn dit ferbân moat men der rekken mei hâlde dat it begryp 'ûndergong' by de âldere skriuwers net needsaaklikerwize betsjut dat de Frysktaligen op it Nederlânsk oergiene en harren memmetaal falle lieten. Yn Waling Dykstra syn tiid, bygelyks, spriek fierwei it meastepart fan 'e befolking nei wenst Frysk, mar rûn de kwaliteit fan 'e sprektaal bot werom. Der kamen gjin nije Fryk begripen by foar nije ferskynsels; dêrfoar waarden lienwurden út it Nederlânsk oernommen. It Nederlânsk waard dêrmei ymplisyt as noarm erkend. (Dykstra sei dêrom: "it Frysk hat de tarring.") As hjoed de dei oer 'ûndergong' sprutsen wurdt, giet it lykwols net allinnich om in kwalitative, mar ek om in kwantitative efterútgong, as Fryske memmetaalsprekkers de taal mar amper of alhiel net mear brûke of de taal net trochjouwe oan harren bern.

Yn 1951 waard in telling ûnder alle skoalbern holden troch ûnderwiisynspekteur Krine Boelens. Twatrêde part hie as memmetaal it Frysk. Op it Fryskstalige plattelân fan 'e provinsje wie dat hast 95%. De bernetaal wie dêr foar hast elk Frysk; net fan hûs út Frysktalige bern learden en sprieken Frysk troch de omgong mei harren wol Frysktalige leeftydsgenoaten. Yn 1967 waard der troch Lieuwe Pietersen foar it earst in represintative enkête oer de posysje fan it Frysk holden. It die bliken dat doe 71% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Yn 1980 fûn der op 'e nij in represintative enkête plak en dêrút bliek dat doe noch mar 55% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Dat wie dus in efterútgong fan 16% yn trettjin jier – of alteast sa liek it op it earste gesicht. As men dat persintaazje ferrekkenet mei de útstream fan Frysktaligen út Fryslân, de ynstream fan Nederlânsktaligen yn 'e provinsje en de groei fan 'e Fryske befolking, dan ûntstiet der in nuansearder byld. Doe't der yn 1994 wer in enkête holden waard, neffens it stramyn fan dy fan 1980, wie it persintaazje Frysktaligen stabyl bleaun op 55%. As men dat ferrekkenet mei de befolkingsgroei yn Fryslân yn de tuskenlizzende perioade (fan sa'n 580.000 nei 615.000), kin men dus stelle dat der yn dy perioade in absolute taname fan Frysktaligen west hawwe moat fan rom 19.000. En dan is emigraasje út 'e provinsje wei troch foar in grut part Frysktaligen en ymmigraasje nei de provinsje ta troch foar in grut part Nederlânsktaligen net meirekkene. Hoewol't harren relative oandiel yn 'e befolking fan Fryslân foàr 1980 ôfnommen en dêrnei gelyk bleaun is, kin dus steld wurde dat der, yn absolute sifers ynstee fan persintaazjes, noch nea yn 'e skiednis safolle Frysktaligen west hawwe as hjoed de dei. Under harren nimt fierders it tal twadde-taalsprekkers ta.

Wat de takomst fan it Frysk oanbelanget: resinte ûndersiken litte sjen dat hieltyd minder âlden it Frysk oan harren bern trochjouwe en dat allyksa minder bern ûnderling it Frysk brûke, ek dyjingen dy't it Frysk fan har âlden al leard hawwe. It ûnderwiis is der oant no ta net yn slagge it skreaune Frysk as taalkultuer en taalnoarm oer te dragen, en de Frysktaligen brûke it dan ek net op nivo. De lytse minderheid dy't Frysk skriuwt, docht dat foar in grut part neffens in eigen sprektaalnoarm: eins dus sûnder noarm en sûnder erkende noarmearring, wat betsjut dat it Nederlânsk (of eins 'oerset' Nederlânsk) de noarmfunksje oernimt. Dit proses soe yn 'e takomst de standerttaal-status yn gefaar bringe kinne en it Frysk weromferwize kinne nei in dialektstatus. Mar hoe dan ek, om't der hjoed de dei noch altyd bern binne dy't it Frysk as memmetaal hawwe, al wurde it geandewei minder, sil it Frysk perfoarst de twaentweintichste iuw helje. Oft dan in minderheid Frysktalich wêze sil, en wat de kwaliteit fan 'e taal dan is, bliuwt no fansels noch ûnwis.

ISO 639-Taalkoades

De ISO 639-taalkoades foar it Frysk binne "fy" en "fry". Om't it Wikipedia-projekt, sa't op it ynternet wisânsje is, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Fryske Wikipedy oantsjut mei de koade "fy:".

Sjoch ek

Keppelings om utens

Oerheid

Algemien

Kultuer

Media

Ynternet

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Boers, Erwin, Oudste Fries op perkament, yn: de Ljouwerter Krante, 23 juny 2015.
  2. Brouwer, J.H. et al. (red.), Culturele problemen, yn: Encyclopedie van Friesland.
  3. Bûsboekje 2015, s. 147.
  4. Spahr van der Hoek, J.J., en Vries, K. de, red., Friesland 1945-1970, Ljouwert, 1970 (Miedema Pers), sûnder ISBN, s. 98.
  5. Boelens, Krine, De Taal van het Schoolkind in Friesland, 1956.
  6. Gorter, Jelsma, Van der Plank en De Vos, Taal yn Fryslân, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  7. Gorter, Durk, en Jonkman, Reitze, Taal yn Fryslân op 'e Nij Besjoen, s. 8.
  8. De ‘echte’ Fries spreekt nog steeds Fries!, Flycatcher Interner Research (sjoen op 11 desimber 2010).
  9. Bosma, Willem, Taalmacht Fries boert langzaam achteruit, yn: de Ljouwerter Krante, 5 septimber 2018, s. 29.
  10. 10,0 10,1 10,2 10,3 10,4 Walthaus, Asing, Mear Prate as Skriuwe, yn: de Ljouwerter Krante, 12 novimber 2021, s. 4-5.
  11. Veltman, Melle, Friezen spreken thuis vaker Fries, yn: de Ljouwerter Krante, 18 july 2024, side 1.
  12. Boelens, K., et al., Twataligens, s. 29.
  13. Veltman, Melle, Naturalisatie-eed mag in het Fries, yn: de Ljouwerter Krante, 20 jannewaris 2023, s. 2.
  14. De Fryske taal op 'e webside fan de Ried fan de Fryske Beweging.
  15. De Bosatlas van Fryslân, s. 178.
  16. Boers, Erwin, en Grosso, Maria del, ‘Naam Ljouwert is onvermijdelijk’, yn: de Ljouwerter Krante, 25 jannewaris 2014.
  17. 17,0 17,1 17,2 17,3 17,4 17,5 Boelens, K., et. al., Twataligens, Ljouwert, 1981 (Afûk), ISBN 9 06 27 30 086, s. 167.
  18. Veldstra, Geert, Vlaming brengt het Fries terug op de universiteit van Utrecht, yn: it Frysk Deiblêd, 3 maart 2020.
  19. ——, Hans Van de Velde benoemd tot hoogleraar "Sociolinguïstiek, met bijzondere aandacht voor de taalsituatie in Fryslân", op UU.nl, 13 maaie 2019.
  20. ——, Bijzondere leerstoelen, op Fryske-Akademy.nl
  21. 21,0 21,1 Veltman, Melle, Opleiding minderheidstalen geschrapt, yn: de Ljouwerter Krante, 8 febrewaris 2024, s. 2.
  22. ——, Hoogleraar Goffe Jensma met pensioen, ongerust over toekomst studie Fries, op NOS.nl, 7 oktober 2022.
  23. ——, Advysbrief oan RUG: "Soargen oer learstoel Frysk yn Grins", op DINGtiid.nl, 3 novimber 2022.
  24. Veltman, Melle, "Status-aparte" voor het Fries?, yn: de Ljouwerter Krante, 12 jannewaris 2024, s. 1.
  25. Veltman, Melle, Minister Dijkgraaf maakt geld vrij voor een nieuwe opleiding Fries, yn: de Ljouwerter Krante, 31 jannewaris 2024, s. 2.
  26. Ytsma, Jehannes, De taal fan famyljeberjochten, yn: de Ljouwerter Krante, 19 maaie 2000.
  27. Riemersma, Gerrie, Internationale verbazing over Fries in kranten, yn: de Ljouwerter Krante, 5 juny 1999.
  28. Riemersma, Gerrie, Internationale verbazing over Fries in kranten, yn: de Ljouwerter Krante, 5 juny 1999.
  29. Riemersma, Gerrie, Internationale verbazing over Fries in kranten, yn: de Ljouwerter Krante, 5 juny 1999.
  30. It Nijs op it bloch fan Cornelis van der Wal.
  31. Opmerkings riedslid Johan Meester oer It Nijs.
  32. Vries, Daam de, Sensuer by de djipfriezen.
  33. Ytsma, Jehannes, De taal fan famyljeberjochten, yn: de Ljouwerter Krante, 19 maaie 2000.
  34. Bosker, Fokko, Microsoft met Fries in politiek mijnenveld, yn: de Ljouwerter Krante, 9 febrewaris 2000.
  35. E-mailprogramma in het Fries, yn: de Ljouwerter Krante, 3 desimber 2009 (sjoen op 4 desimber 2009).
  36. Grosso, Maria del, Laatste spurt naar 'folslein' Frysk Facebook, yn: de Ljouwerter Krante, 29 novimber 2014.
  37. Meer, Anne Roel van der, Onderzoekster Jongbloed: het Fries heeft baat by sociale media, yn: de Ljouwerter Krante, 3 septimber 2021, s. 25.
  38. Veltman, Melle, Verbod op Fries praten met klanten: mag dat eigenlijk?, yn: de Ljouwerter Krante, 10 febrewaris 2024, s. 30.
  39. Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004, s. 38.
  40. Breuker, Pieter, Fries, het Broertje van, yn: Nicoline van der Sijs, Taaltrots: Purisme in een Veertigtal Talen, s. 81.
  41. Riemersma, Trinus, Frysk Frysk, yn: Frysk en Frij, desimber 1996.
  42. Keulen, Binne, Het Fries overleeft ook de 21ste eeuw, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 1998.

boarnen:

  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Heidinga, H.A., Frisia in the First Millennium: An Outline, Utert, 1997 (Utjouwerij Matrijs), ISBN 9 05 34 51 161.
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.
  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
  • Jonkman, Reitze J. en Versloot, Arjen P., Fryslân Land van Talen: Een Geschiedenis, Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werútjefte), oarspr. printinge 2013 (Afûk), ISBN 978-9 06 27 39 264.
  • Mulder, Bertus, en Mulder, Marja, De Miskende Taaiheid fan it Frysk, Ljouwert, 2008 (Fryske Pers Boekerij), ISBN 978-9 03 30 06 111.
  • Nieuwenhuijsen, P.M., Het Verschijnsel Taal, Bussum, 1995 (Coutinho), ISBN 9 06 28 39 894.
  • Perdok, Els, Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, Skiermûntseach, 2001 (Kultuerhistoaryske Feriening " 't Heer en Feer").
  • Renkema, W.J.; Ytsma, Jeh.; en Willemsma, A., Frisian: The Frisian Language in Education in The Netherlands, Ljouwert, 1996 (Fryske Akademy).
  • Roggen, Cornelis, Woordenboek van het Oosterschellings – Wêdenboek fon et Aasters, Ljouwert, 1976 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 14 907.
  • Steensen, Thomas; Hemminga, Piet; en Lengen, Hajo van, De Fryslannen, Ljouwert, 2008 (Fryske Rie/Afûk), ISBN 978-9 06 27 37 734.
  • Visser, Willem, en Dyk, Siebren, Eilander Wezzenbúek, Ljouwert, 2002 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 19 348.
  • Wichen-Schol, Martha van, Woddenboek fan et Westers, Ljouwert, 1986 (Fryske Akademy), sûnder ISBN.


Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)