Springe nei ynhâld

Lexicon Frisicum

Ut Wikipedy
Lexicon Frisicum

It Lexicon Frisicum wie de oanset fan in Frysk wurdboek. It wurdboek waard yn 1872 skreaun troch Joast Halbertsma, yn it Latyn, de taal fan de wittenskip. It wurdboek beskreau 6400 wurden, wat mar in lyts diel is fan de totale wurdskat, trochdat Halbertsma ferstoar eardat er it boek ôfmeitsje koe. It boek ferskynde postúm, trije jier nei syn dea. It boek fan Halbertsma wie it earste boek dat systematysk it eigentiidske Frysk beskreau, it 'Nij-Frysk'. It Lexicon Frisicum wie bedoeld foar taalgelearden en oare wittenskippers. [1] De Lexicon Frisicum late úteinlik ta it wittenskiplike Grut Frysk Wurdboek (1984-2011) fan de Fryske Akademy, en dêrmei ta in ferskaat oan oare wurdboeken dy’t by de Fryske Akademy ferskynd binne.

Halbertsma hie in soad belangstelling foar taal. Hy wie bygelyks ek dwaande mei it Mid-Nederlânsk en oare talen. De leksikograaf Anne Dykstra beskreau yn syn promoasje hoe’t Halbertsma net allinne it moderne Westerlauwersk Frysk opnaam, mar ek it Easterlauwersk en Noardfrysk en sels it Aldfrysk, al hat er fan dat lêste net in hiel soad wurden opnommen.[2] Halbertsma gie derfan út dat it moderne Ingelsk in grut part fan syn wurdskat út it Frysk ûntliend hie. Halbertsma bestege in soad oandacht oan wurden dy’t mei folkskultuer te krijen hiene. Neffens Dykstra, dy’t promovearre op Joast Halbertsma, past it yn it kulturele nasjonalisme fan dy tiid dat er niget hie oan folksaardige gebrûken, byleauwe en soksoarte dingen. Yn taal koe neffens Halbertsma kultuer en skiednis weromfûn wurde. Westgermaanske talen en harren skiednis wiene neffens him allinnich te begripen mei in goede kennis fan it Frysk. Dêrom joech er in soad omtinken oan de etymology fan Fryske wurden. Sa beskreau er de oarsprong fan de wurden en ferwiisde dan nei itselde wurd yn oare talen, fan Yslânsk en Goatysk oant Ingelsk en Gryksk. De Grouster Halbertsma wie dûmny yn Dimter, mar hie in pleats yn Warkum. Omdat hy yn dy tiid noch gjin oare boeken rieplachtsje koe, moast er minsken befreegje oer wurden. Sa frege Halbertsma bygelyks boeren en fiskers fan alles oer harren berop. By sokke petearen hie er in skriuwboekje by de hân.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It útwreide Lexicon soe yn in Fryske oersetting in boek fan wol 1500 siden wurde. Dêrom waard troch de provinsje Fryslân keazen om in online ferzje te publisearjen. Sa koe de Latynske ynhâld troch in gruttere groep minsken lêzen wurde. [3] Yn 2020 waard in diel fan de Fryske oersetting online setten troch leksikograaf en taalkundige Anne Dykstra út Akkrum en syn kollega Bouke Slofstra en in tal frijwilligers. [4] De Fryske online oersetting wie yn 2020 foar 60 persint klear, 30 persint wie doe oerset yn it Nederlânsk en 30 persint yn it Ingelsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ‘Lexicon Frisicum’ vertaald voor sneupers en wetenschappers, Fryske Deiblêd, 25 febrewaris 2020
  2. J.H. Halbertsma als lexicograaf: studies over het Lexicon Frisicum (1872), Proefskrift Anne Dykstra
  3. 'Lexicon Frisicum' toegankelijk gemaakt voor de lezer van vandaag, Omrop Fryslân, 26 febrewaris 2020
  4. Oer de presintaasje fan de online oersetting fan it Lexicon Frisicum op 6 febrewaris 2020 yn it provinsjehûs yn Ljouwert