Topografyske Wurkgroep Fryslân
Doelstelling fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân:
It befoarderjen fan it brûken fan offisjeel Frysktalige toponimen:
- yn de Gemeentelike Basisadministraasje (GBA)
- op buorden en hânwizers yn it lânskip
- op kaarten en yn oare navigaasjemiddels
- yn it postferkear
It e-adres fan de wurkgroep is towufry(aapke)knid.nl
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1994 hat de Ried fan de Fryske Beweging in wurkgroep oprjochte ûnder de namme: PlakNammeKommisje. In pear jier dêrfoar wienen de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel der ta oergien om harren Fryske toponimen fêst te lizzen yn de Gemeentelike Basisadministraasje. Soks hie fan gefolgen dat de Nederlânske toponimen harren offisjele plak yn de GBA ôfstean moasten. Om't de Ried fan de Fryske Beweging fûn dat dy twa gemeenten yn harren striid mei PTT wol wat stipe brûke koenen, hat hy de PNK opset.
Doe't yn 2006 de dielnimmers oan de PNK sa stadichoan allegearre gjin stiper mear fan de RfdFB wienen, hawwe se besletten de kennis, yn de 'striid' oant no ta opdien, fêst te hâlden. Se binne no selsstannich (as netwurk fan bewegers) dwaande ûnder de namme: Topografyske Wurkgroep Fryslân.
Koartlyn realisearre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2007 Gemeente Dantumadiel beslút ta it ynfieren fan Frysktalige toponimen yn de GBA op 1 jannewaris 2009.
- 2007 Ynwenners fan Alde Leie binne ree ien fan harren postkoades ôf te stean oan it nije doarp Nij Altena.
- septimber 2007 hawwe de ynwenners fan Alde Leie yn in enkête oanjûn, mei 80 tsjin 20 persint, dat sy har fan âlds Alde Leie skriuwe en net Aldeleie. Der wurdt no hurd wurke om de flater Aldeleie dy't yn ferskate listen oernaam is derút te heljen.
- 2007 Op 18 desimber hat de folsleine Ried fan Dantumadiel by moasje besletten de eigen Fryske taalkleur fan De Westerein, troch it staverjen fan de offisjele doarpsnamme yn de GBA as "De Westereen", foar de takomst fêst te lizzen. It Kolleezje fan Dantumadiel hat tasein de moasje oer te nimmen en op 29 jannewaris 2008 is de útfiering fan de moasje fêstlein. Yn de riedsgearkomste fan 18 desimber is ek de Fryske gemeentenamme Dantumadiel offisjeel fêststeld. Om't neffens de gemeentewet it ministearje fan Ynlânske Saken ien kalinderjier en ien dei yn it foar fan de nammeferoaring witte moat sil ek de gemeentenamme op 1 jannewaris 2009 yngean.
- 2008 Op 13 maart hat de Ried fan Ljouwerteradiel ynstimd mei it ferfangen fan de lêste trije Nederlânsktalige plaknammen yn de Gemeentlike Basisadmini-straasje troch harren Fryske wjergaders: Alde Leie, Feinsum en Koarnjum. It ynfieren fan de namme Alde Leie (dus losskreaun) sil fuortdaliks en de oare beide folgje gelyk mei it bebuordzjen fan de nije dyk de "Noardwesttangint" 2009/2010.
- 2008 Op 20 maaie hat de Ried fan Wymbritseradiel besletten om fan 1 jannewaris 2009 ôf de Fryske plaknammen yn de Gemeentlike Basisadministraasje te brûken. De feroaring giet om 24 fan de 28 doarpen en buorskippen. De oare 4 binne nea Fernederlânske. De gemeente Wymbritseradiel is de sânde gemeente dy't de Frysktalige fariant fan de plaknammen as offisjele nammen fêstleit.
- Simmer 2008 De digitale kaartemakker TeleAtlas hat op syn eftergrûnkaart fan Fryslân de Fryske wetternammen ynfierd. Boppedat fine jo oan de grinzen fan de provinsje net langer de namme Friesland mar Fryslân. It kommend jier wurde ek de offisjele Fryske plaknammen - foar de boppelizzende kaarten - oan de rûteplennermakkers oanbean. Jo kinne ien en oar besjen by Google Maps. (As jo by de wetternammen noch missers fine, dan kinne jo dy melde oan 'e wurkgroep.)
- 2009 Mei it Frysktalich wurden fan alle strjittenammen yn de gemeente Dantumadiel, komme der in soad Fryske toponimen by. In boppeslach yn it koarte bestean fan de TWF.
- 2009 Yn oerlis mei de TWF hat de rûteplennermakker Navteq syn kaarten by de tiid holpen. De ferzje by eksterne linken is bywurke oant en mei 31 desimber 2008.
- 2009 Twa jier fan sykjen en plúzjen fan de digitale kaartemakker TeleAtlas tegearre mei de TWF hat resultaat. Fan no ôf kinne de rûteplenners dy't TeleAtlas as boarne hawwe de krekte plaknammen brûke. De ferzje by eksterne linken is bywurke oant en mei 31 desimber 2008.
- 2009 Op 2 april 2009 hat de gemeenterie fan Menameradiel besletten om mei yngong fan 1 jannewaris 2010 de plaknammen Frysktalich yn de GBA fêst te lizzen. Op 1 jannewaris 2011 folget de gemeentenamme har foarbyld. Soks om't de feroaring fan in gemeentenamme ien jier en ien dei yn it foar oanmeld wurde moat by Ynlânske Saken. Om't de ANWB de bebuording yn dat part fan Fryslân fernije sil en de gemeente fergees oanheakje kin, kinne de doarpsnammen dêr net op wachtsjen.
- 2009 Fan july-augustus ôf komme der alle dagen mear rûteplenners mei de krekte plaknammen. Mei it oanpassen fan de digitale kaarten hat de TWF ien fan syn dreechste tûkelteammen oplosse kind. De digitale oergong fan Nederlânske nei Fryske plaknammen kin no yn ien jier. Boppedat wurket it ek foar wichtige bûtenlânske rûteplenners.
- 2010 By de fúzje fan de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel waard troch de fiif gemeenten, de provinsje en it Ryk in konvenant sletten oer it belied foar de Fryske taal foar de weryndielingsgemeente. Soks om te foldwaan oan it "Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden", dat net tastiet dat by weryndieling de taalrjochten fan Friezen yn hokker gemeente dan ek efterútbuorkje. Om't de gemeenten Nijefurd, Wymbritseradiel en Wûnseradiel al mei de Frysktalige gemeentenamme yn de GBA stienen, moast der ek foar de nije gemeente in Frysktalige namme yn de GBA komme.
- 2011 Om politike reden hat it derop like, dat de gemeentenamme Menameradiel foarearst net yn de GBA komme soe. Dêrop waard de gemeente konfrontearre mei it Europeesk Hânfêst. Soks hat der ta laat dat de namme Menameradiel op de earder besletten datum dochs ynfierd is.
- Op 1 jannewaris 2011 is it part fan Feanwâldsterwâl dat yn de gemeente Dantumadiel leit in doarp wurden en op 14 july 2011 hat ek de ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel it buorskip de doarpsstatus jûn. Alle twa gemeenten woene dy doarpsstatus útstelle oant in mooglike weryndieling. De Topografyske Wurkgroep Fryslân hat advisearre dêr net op te wachtsjen.
- 2013 Foar it earst yn de skiednis fan de taalstriid stapt in ynstânsje, de Jongfryske Mienskip, nei de bestjoersrjochter. De Topografyske Wurkgroep Fryslân is dêrby frege foar de dossierfoarming. De oanklacht giet oer it noch altiten net ymplemintearre riedsbeslút fan de eardere gemeente Wymbritseradiel oangeande de Frysktalige plaknammen.
- 2015 Mei de nije tsjinstregeling fan 13 desimber beslút ProRail - de eigener fan de stasjons - ta it ferfryskjen fan de treinstasjons dy't hearden by de âlde plaknammen "Dronrijp, Veenwouden en Zwaagwesteinde", ta dy fan Dronryp, Feanwâlden en De Westereen.
(Fryske) plaknammen yn Wymbritseradiel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it steatsrjocht hat de gemeente Wymbritseradiel op 1 jannewaris 2009 offisjeel Fryske plaknammen krigen.
Nei’t de boargemaster syn hantekening ûnder it riedsbeslút fan 20 maaie 2008 setten hie, falt dat beslút net langer allinne mar ûnder de gemeentewet mar ek ûnder it “Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden”. It rjocht om fan 1 jannewaris 2009 ôf yn offisjele konteksten Drylts ynstee fan IJlst te skriuwen, waard net allinne takend oan de ynwenners fan Wymbritseradiel mar troch it Europeesk Hânfêst ek oan de taalminderheid yn syn gehiel; de Frysktaligen fan Fryslân.
Yn de gemeentewet stiet in mooglikheid om in beslút foar ferneatigjen foar te dragen by de Kroan, artikel 273. Mar yn de lêste riedsgearkomste foarôfgeand oan 1 jannewaris 2009 is de moasje ta foardracht foar ferneatigjen ferwurpen. Fansels hie De Kroan, hjir Ynlânske Saken, by it ferneatigjen fan it riedsbeslút rekken hâlde moatten mei de ferplichtings dy’t Nederlân oangien is mei it Europeesk Hânfêst.
It wachtsjen is no op in ministriële oanwizing fan de minister fan Ynlânske Saken om yn de Gemeentlike Basisadministraasje de Nederlânske “gedoochnammen” fan no te ferfangen troch de offisjele Fryske plaknammen.
It boarnedokumint dat de ried fan Wymbritseradiel op 16 desimber 2008 ferwurpen hat, wie in útfieringsdokumint. It hie ta doel inkelde oanpas-sings yn de stavering fan de plaknammen fêst te lizzen. Sa soe Aldegea (W) fierder as Aldegea-Wymbrits. It dokumint docht neat ôf of ta oan it rjocht om de Fryske plaknammen foar Wymbrits te brûken.
Op 24 jannewaris 2013 tsjinnet de Jongfryske Mienskip by de bestjoersrjochter yn Ljouwert in oanklacht yn tsjin de gemeente Súdwest-Fryslân, de rjochtlik opfolger fan de gemeente Wymbritseradiel. De gemeente Súdwest-Fryslân wol hawwe dat it riedsbeslút fan de gemeente Wymbritseradiel net mear fan krêft wêze soe. De Jongfryske Mienskip bestriidt soks.
Foech oer de nammejouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wa is de autoriteit? Wa hat it foech oer de toponimen? Der is oer dat foech net in soad yn de wet spesifisearre. Mar oer it generaal giet de eigener oer de namme. Sa hat de gemeente it foech om de eigennamme (gemeentewet art.158) en toponimen op syn grûngebiet fêst te stellen. Dy nammen moatte dus yn it offisjele ferkear brûkt wurde. Mar leit yn in gemeente in terrein fan it Fryske Gea dan stelt dy de namme fan it terrein fêst. Yn de fyftiger jierren hat it regear besletten om mar ien topografyske namme rjochtsjildichheid te jaan en dat is yn Fryslân foar in part de Nederlânske namme. By de ynfiering fan de automatisearre Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) binne ek de plaknammen deryn fêstlein, foar in part yn it Nederlânsk. Fryske plaknammen dy't by wet feroare/fêststeld binne, lizze yn de gemeenten Boarnsterhim, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel en Tytsjerksteradiel. Yn de oare gemeenten hinget soks ôf fan it feit oft dy plaknammen Fernederlânske wiene of net. Stiens, Kollum, Dokkum ensfh. binne nea Fernederlânske en lizze dus Frysktalich ferankere yn de GBA.
By it fêststellen fan de wetternammen hawwe gemeenten en provinsje gearwurke om't it foech oer de nammen net dúdlik wie. As de Fryske beweger Postma fan Bitgummole de gemeenten net allegearre bydel west hie, dan wie soks grif op syn alve-en-tritichst gien en hie it faaks noch tiden duorre.
Standerttaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plaknammen hâlde har net altiten oan de standerttaal. Boppedat wurde nammen by in nije stavering faak net oanpast oan de nije stavering. Soks is yn it Nederlânsk net oars. Wy skriuwe "Heerenveen" ynstee fan "Herenveen". Ek sjogge wy yn de plaknammen beskate dialektyske foarmen werom. Wy skriuwe Blauhús ynstee fan Blauhûs sa't it Standertfrysk it hawwe wol. En de lokale útspraak Hylpen stiet op it komboerd, ynstee fan it Hynljippen sa't it Frysk it earder skreau. Sa wie der foar de gemeenterie fan Dantumadiel ek romte om de eigen taalkleur fan de Westereenders yn de plaknamme fêst te lizzen.
Twatalich of dûbeltalich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Twa begripen dy't gauris trochinoar brûkt wurde. Yn de Fryske taalsituaasje wurdt mei "twataligens" bedoeld, dat yn itselde petear de iene prater it Frysk en de oare it Nederlânsk brûkt. De media sitearje de sprekkers yn de taal dy't praat wurdt. "Dûbeltaligens" betsjut yn Fryslân, dat der skeakele wurdt tusken de talen. It ferbrekken fan Friezen is sa'n gefal. De oare praat Nederlânsk en jo slute jo dêrby oan.
It Nederlânske Regear hat yn 1953 besletten, dat yn de it offisjele gebrûk mar ien toponym rjochtsjildichheid hawwe kin. In soad kaartemakkers meitsje dêrom twatalige kaarten. Se brûke allinne mar de namme dy't yn de GBA stiet. De rjochtsjildichheid fan de toponimen is dus twatalich. Sa wurde "Leeuwarden" en Feanwâlden beide yn offisjele stikken brûkt. Guon kaartemakkers wurkje dûbeltalich. Dy jouwe foar alle oantsjuttings, en de Nederlânske en de Fryske nammen. By in soad kombuorden yn Fryslân giet it om dûbeltalichheid.