Springe nei ynhâld

Stellingwarver Schrieversronte

Ut Wikipedy

De Stellingwarver Schrieversronte is in yn 1972 oprjochte ynstitút foar de Stellingwerver taal, literatuer, skiednis, folkskunde en identiteit fan de Stellingwerven. De organisaasje hâldt him yn 't bysûnder dwaande mei de regio yn Súdeast-Fryslân, dêr’t se fanâlds Stellingwerfsk prate. De Stellingwarver Schrieversronte is fêstige yn Aldeberkeap yn de gemeente Eaststellingwerf.

Ien fan de wichtichste útjeften fan de Stellingwarver Schrieversronte is it Stellingwerfske Wurdboek. It wurdboek kaam der yn 'e mande mei it Nedersaksysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. It wurdboek waard yn fjouwer dielen útbrocht:

  • diel II (F o/m K, 1994; 843 siden)
  • diel III (L o/m R, 1997; 1151 siden)
  • diel IV (S o/m Z, 2001, 985 siden).

Op 14 maaie 2004 ferskynde ek it lêste diel, nammentlik

  • diel I (A o/m E, 821 siden).

In grutte rol wie dêrby weilein foar streektaalfunksjonaris Henk Bloemhoff en sekretaris Jannes W. Nijholt. Op 3 septimber 2005 is der noch in ferkoarte ferzje útjûn, it Stellingwarfs-Nederlands Verklarend Handwoordenboek (704 siden).

De Stellingwarver Schrieversronte is ien fan de oansletten selskippen fan de Ried fan de Fryske Beweging. It orgaan fan de feriening hjit De Ovend dat seisris it jier ferskynt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]