Dongeradielster brekking

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Dongeradielster brekking is in foarm fan it taalkundich ferskynsel brekking. It Frysk as gehiel kent de âldere brekking, dy't him yn 'e Midsiuwen foardien hat, en de nijere brekking, dy't him foar it earst om 1820 hinne oppenearre. De Dongeradielster brekking is lykwols in trêde fariant fan dit ferskynsel, dy't, sa't de namme al oanjout, ta it Noardhoekske dialekt beheind bleaun is dat (ûnder mear) yn 'e Dongeradielen sprutsen wurdt. Dêrby binne wurden mei in [u] (koarte û fan "rûch") dy't yn it Standertfrysk dat lûd holden hawwe, brutsen ta in [wo]-klank (uo fan "guod"). Foarbylden binne:

Standertfrysk Noardhoeksk
bûse buosse
bûter buotter
mûle muolle

Oars as de âldere en de nijere brekking makket de Dongeradielster brekking gjin diel út fan it Standertfrysk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).