Bûsboekje
Bûsboekje | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
taal | Frysk[1][2] | |
sjenre | aginda | |
frekwinsje | 1 × jiers[1][2] | |
bestean | 1975 – no[1][2] | |
oprjochter | Durk van der Schaaf[1] | |
plak haadred. | Ljouwert | |
útjouwer | Ried fan de Fryske Beweging[1][2] | |
oplaach | 3.000[3][2] | |
offisjele webside | ||
busboekje.frl |
It Bûsboekje is in Frysktalige aginda, dy't sûnt 1975 bestiet.[1][2] Oarspronklik wie it in útjefte fan it Kristlik Frysk Selskip, mar tsjintwurdich wurdt it boekje útjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging.[1][2] It wurdt gearstald troch in groep fan fiif frijwilligers, en hat elts jier in nij tema.[1][2] De oplaach leit om 'e 3.000 eksimplaren hinne.[3][2] Oarspronklik waard it Bûsboekje oanpriizge as "de iennichste Frysktalige aginda", mar dat biedwurd is ynlutsen om't it bedriuw Krúskes ek in Frysktalige aginda (fan in grutter formaat) útbringt.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Durk van der Schaaf fan Bitgummole kaam yn 'e 1970-er jierren op it idee fan in Frysktalige aginda, dy't yn syn tinken in middel ta in doel wie, nammentlik taalbefoardering. Want "as jo in bûsboekje hawwe yn it Frysk, dan lêze jo alle dagen wat yn it Frysk."[1] Op inisjatyf fan Van der Schaaf sette it Kristlik Frysk Selskip (KFS) yn 1975 (foar it jier 1976) útein mei de útjefte fan 'e aginda.[1][2]
It Bûsboekje hie oarspronklik mear it karakter fan in almenak as fan in aginda.[2] Wat dat oangiet, wie it net unyk, want de earste folslein Frysktalige almenak waard al yn 1847 printe. Dêr stiene dingen yn lykas omrekkentabellen foar lingte-, oerflak- en ynhâldsmjitten, ôfstannen tusken plakken en wichtige merkdagen.[2] De earste útjefte dy't wat mear op in aginda liek, wie de almenak fan it Frysk Nasjonael Boun, dy't foar it earst yn 1949 ferskynde en seis jier bestie.[2] It Bûsboekje wie lykwols in folle langer libben beskern.[2]
Nei 1975 hie it ynearsten in oplaach fan 2.500 eksimplaren.[1] It die bliken dat der fraach nei soks wie, want it earste Bûsboekje wie samar útferkocht.[1] Neitiid woeks de oplaach elts jier fierder ta, oant der yn 1982[1][2] in hichtepunt fan 12.500[2] oant 13.000[1] berikt waard. Anno 2024 leit de oplaach fan it Bûsboekje stabyl om 'e 3.000 eksimplaren hinne.[2] De tebekrin fan 'e oplaach wurdt witen oan 'e digitalisearring (minsken brûke no faak de mobile tillefoan of de kompjûter as aginda) en oan it fuortfallen fan 'e Sutelaksje fan Stifting It Fryske Boek nei 2009.[2]
De gearstalling fan it Bûsboekje waard lang fersoarge troch in ploechje frijwilligers, dat ûnder de kreätive lieding stie fan Lybrich Andringa. Sy wie by de útjefte belutsen as yllustratrise, mar ek as einredaktrise dy't de kontakten ûnderhold mei de drukkerij.[1] It súkses fan it Bûsboekje makke dat de Friese Pers Boekerij fan 1978 ek in Frysktalige aginda begûn út te bringen. Dat barde op inisjatyf fan Peter de Jong, it haad Abonneminten, dy't ferskate sjoernalisten fan 'e Ljouwerter Krante frege en leverje in koartswilige bydrage.[1] It LC-boekje meat himsels in dúdlik sekulier karakter oan om him te ûnderskieden fan it (oarspronklik) kristlike Bûsboekje.[1]
De merk foar Frysktalige aginda's bliek op dat stuit lykwols net grut genôch foar twa konkurrearjende útjeften, dat ein 1980-er jierren foel nei goed tsien jier it doek foar it LC-boekje. It Bûsboekje fan it KFS gie troch ûnder lieding fan Lybrich Andringa, oant se it wurk ein 1990-er jierren omreden fan sykte net mear dwaan koe. Hja ferstoar yn 2000.[1] Har broer Piter Andringa, dy't fan berop grafysk ûntwerper is, naam doe har funksje oer.[1] Anno 2024 is hy noch altyd einredakteur fan Bûsboekje.[2]
Doe't it Kristlik Frysk Selskip yn 2008 opgie yn it oekumenysk platfoarm Krúspunt, waard de útjefte fan it Bûsboekje oernommen troch de Ried fan 'e Fryske Beweging.[1] De redaksje fan 'e Frysktalige aginda is lykwols folslein selsstannich, mei in eigen budget.[2] Anno 2024 draait de organisaasje lyk: der wurdt gjin winst makke, mar de opbringst fan elts jier is genôch om it meitsjen fan 'e oplaach foar it folgjende jier fan te beteljen.[2] It Bûsboekje makket sadwaande gjin oanspraak op provinsjale of gemeentlike subsydzjes.[2]
Foarmjouwing en ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Bûsboekje hat (sunt 1982)[2] in formaat fan 15,5 sm by 9,2 sm en in tsjûkte fan 7 mm.[3] (Yn 'e jierren 1976 oant en mei 1981 wie de aginda wat grutter.)[2] It bestiet út in boekje fan heechweardich papier mei in plestik omslach en in stoffen lintsje as boekelizzer.[3] It Fryske ûleboerd wurdt troch it Bûsboekje as in soartemint logo brûkt. It stie oarspronklik foarop, mar letter ferhuze it nei de efterkant.[2] De kleur fan 'e omslach is oer it algemien fel, wat bedoeld is om 'e boekjes yn 'e boekhannel opfalle te litten.[2]
Njonken it agindadiel, dêr't op eltse dei romte is om ôfspraken te notearjen, omfettet it Bûsboekje ek nuttige ynformaasje, lykas kalinders fan it jier dêr't it oer giet, en teffens fan it foargeande en it neifolgjende jier, data fan 'e skoalfakânsjes, in list mei Fryske plaknammen en in list mei adressen fan wichtige Fryske en Frysksinnige organisaasjes. Wat dat lêste oangiet, kin men tinke oan 'e Afûk, Tresoar, de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân, Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, de Ried fan 'e Fryske Beweging, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, it Frysk Boun om Utens, de Jongfryske Mienskip, ensfh.[3]
Teffens omfettet it Bûsboekje altyd in Frysktalich gedicht, in Frysktalich liet, in Frysktalich koart ferhaal en in Frysktalige krúswurdpuzel, dêr't men in priis mei winne kin.[2] Fierders hat it Bûsboekje elts jier in oar tema, dat yn it hiele boekje trochfierd wurdt, mei skreaune stikjes, sprekwurden en siswizen, yllustraasjes en sa mear. Yn 2005 wie it tema muzyk, yn 2009 (Fryske) froulju, yn 2016 suvel, yn 2017 film, yn 2018 taal, yn 2019 famylje, yn 2020 tiid, yn 2021 spultsjes en yn 2022 romte yn 'e breedste betsjutting fan it wurd.[3]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|