Aginda (persoanlik)

Ut Wikipedy
In wike út samar in aginda

In aginda is in boekwurk fan papier of in digitaal bestân wêryn't de dagen fan in jier steane. De aginda wurdt brûkt foar it notearjen fan ôfspraken of út te fieren taken yn de takomst, of as tiidskriuwsysteem foar it notearjen fan útfierde taken yn it ferline.

In reguliere papieren aginda befettet trochgeans alle moannen fan ien inkel kalinderjier, mei in lytse oerlaap mei desimber fan it foarôfgeande jier, en jannewaris fan it nije jier. Trochstrings is sa 'n aginda yndield op basis fan in wurkwike, wêrby 't de moandei as earste werjûn wurdt, en snein as lêste. In fariaasje op de papieren agenda, de skoalaginda, rint op it noardlik healrûn fan septimber oant en mei juny en folget dêrmei it skoaljier.

In elektroanyske of digitale aginda is net bûn oan in inkel kalinderjier, en rint yn téory ûneinich troch.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd "aginda" fynt syn oarsprong yn it Latyn. It is in gerundivum fan it tiidwurd agere (dwaan) en betsjut letterlik "de dingen dy 't dien wurde moatte".[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. M. Philippa, F. Debrabandere, A. Quak, T. Schoonheim en N. van der Sijs