Frysk Ynternasjonaal Kontakt

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

It Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK) is in organisaasje dy't as doel hat Fryske jongerein bewust te meitsjen fan harren taal en kultuer. Dat bart ûnder oaren troch útwiksels mei jongerein fan oare minderheden yn Europa. It FYK is oprjochte yn 1989.

YEN[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It FYK is oansletten by it Youth of European Nationalities (YEN). Dizze organisaasje funktionearret as oerkoepeljend orgaan foar ferskate minderheids-jongereinorganisaasjes. Sa binne neist de Friezen ek û.o. de Sorben út Dútslân, de Kroaten út Eastenryk, de Hongaren út Roemeenje en de Súdtirolers út Itaalje oansletten by it YEN.

Tal hichtepunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1994 organisearre it FYK it Peaskekongres fan de YEN, dêr’t mear as hûndert jongelju út fyftjin ferskillende lannen oan meidiene, dy’t sa’n tritich ferskillende minderheidstalen praten. Fjouwer jier letter, yn 1998, organisearre it FYK Simmerbarren 500: in projektwike foar in ynternasjonaal jongereinpublyk, mei as tema “wurk en wurkgelegenheid”. Simmerbarren waard op fjouwer plakken yn Fryslân hâlden en der diene sa’n trijehûndert jonge minsken oan mei. Yn 2002 organisearre it FYK noch ris it YEN-Peaskekongres, dat lykas acht jier earder yn Grou hâlden waard. Yn 2007 is op Skylge it jierlikse hjerstkongres fan de YEN organisearre.

Neist dizze grutte eveneminten wiene der fansels ek noch oare aktiFYKteiten. It is in FYK-tradysje om alle simmers útwiksels te organisearjen. Yn Fryslân en yn in soad oare lannen yn Europa. Der wiene ek in soad oare aktiviteiten. Mei elkoar nei iepenloftspullen, nei foarstellings fan Tryater, nei konserten of nei Aaipop. It FYK organisearre ek in pear kear sels in popfestival foar bands út minderheidstaalgebieten, Uteinrock. De lêste kear wie yn 2001 yn Frjentsjer. Bands lykas EV (Keltyske folk-rock band út Bretanje, Frankryk), Reboelje, Ramsk en De Kast spilen dêr.

De FYK-Ljepper[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De FYK-Ljepper is it papieren kontaktorgaan fan it FYK. It ferskynt 5 kear jiers yn in oplaach fan 150 stiks. Op dit stuit is men dwaande mei de 15de jiergong (2010). Yn de Ljepper, sa as it blêd graach troch de lêzers neamd wurdt, kin men oankûndigingen en ferslaggen fan útwiksels, kongressen en oare aktiviteiten fine. Ek is der plak foar beskôgings oer minderhedepolityk, lykas foar foto's, proaza en de lêste roddels.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]