Springe nei ynhâld

Wurknimmer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Personiel)

In wurknimmer, employee of emplojee[1] (fan it Frânske employé) is immen dy't foar syn of har berop by in oar yn 'e tsjinst is en yn ruil foar de diene arbeid in jildlik lean ûntfangt. By in bedriuw wurde alle wurknimmers mei-inoar wol oantsjut as it personiel of personeel[2] (fan it Frânske personnel, dat tebekgiet op it Latynske personalis, in ferbûging fan persona, "persoan"). De wurknimmers fan 'e oerheid wurde oantsjut as amtners of allegear mei-inoar as de amtnerij of de amtlike stân. Dejinge by wa't in wurknimmer yn 'e tsjinst is, wurdt in wurkjouwer neamt. Tusken in wurknimmer en in wurkjouwer wurdt in ûnder de arbeidswetjouwing binende arbeidsoerienkomst ôfsletten, dêr't de rjochten en plichten fan beide partijen yn fêstlein binne. Om sterker te stean yn 'e ûnderhannelings mei wurkjouwers ferienje wurknimmers har faak yn in fakbûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 388.
  2. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1475.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.