WSSFS

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It WSSFS is koart foar it Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje. De leden fan dizze studinteferiening studearje oan de 'Wageningen University' (eartiids de Lânbou-universiteit en derfoar wer "Lânbou hegeskoalle") as oan de Van Hall Larenstein Hegeskoalle, ûnderdiel fan de WUR.

De aktiviteiten wurde organisearre troch it bestjoer en de ferskate kommisjes. Sa bin dêr de kommisje MOARD foar de yntegraasje fan de nije leden; de Aksje foar de geselliche aktiviteiten op tiisdeitejûns en de kommisje Taal & Kultuer foar de kulturele aktiviteiten as lêzings en de jierlikse Afûk-kursussen. Ek wurdt der in soad keatst yn Weins of Weinum, sa't Wageningen ek bekind stiet.

Sûnt de oprjochting fan it WSSFS yn 1930 troch Jan Bieuwes van der Meulen (de feriening is oprjochte op 23 jannewaris, alle jierren omtrint dizze datum wurdt de Dies Natalis betocht) is de feriening oansletten by de Federaasje fan Fryske Studinteferienings (de FFS). Alle jierren reiziget in grutte delegaasje fan de feriening ôf nei de âlde Akadeemjestêd Frjentsjer foar it ferneamde Krystkongres.

Ferwizing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De thússide fan WSSFS