Springe nei ynhâld

Ferbân fan Fryske Foargongers

Ut Wikipedy

It Ferbân fan Fryske Foargongers is in ferbân fan dûmnys, tsjerklik wurkers en oare gemeenteleden fan de tsjerke, dy’t foargean meie yn Frysktalige tsjerketsjinsten of yn it Frysk in tsjerklik ûnderwerp ynliede wolle. It Ferbân is yn 1953 oprjochte. It wie doe in inisjatyf fan Fryske dûmnys fan de Grifformearde Tsjerken, letter is it ek iepensteld foar dûmnys, oare foargongers en tsjerklike wurkers út alle denominaasjes. Ek stiet it iepen foar gasten en gastleden. It doel fan it Ferbân is 'it beroarderjen fan it Frysk yn it tsjerklik libben en de noed foar de tsjerken'. Alle jierren wurde der fjouwer gearkomsten hâlden dêr't sprutsen en diskusjearre wurdt.

Yn 2019 hie it FFF noch mar sa'n tsien leden, te min om troch te gean besleat de groep op in gearkomst yn septimber fan dat jier. De lêste gearkomst fan it Ferbân sil op 18 maart 2020 wêze [1].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In 2020 stopt Ferbân fan Fryske Foargongers, Frysk Deiblêd 16 novimber 2019