Springe nei ynhâld

Snits

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Snits (stêd))
Snits
De Wetterpoarte
De Wetterpoarte
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 35.020 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Ferkearsieren E22 A7 N354 RING
Spoar fan Ljouwert nei Starum
Postkoade 8900 - 8939
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 2′ NB, 5° 40′ EL
Grutte of Martinytsjerke mei klokketoer
Grutte of Martinytsjerke mei klokketoer
Stedhûs fan Snits
Stedhûs fan Snits
Offisjele webside
Webstee Snits
Kaart
Snits (Fryslân)
Snits
Kaart
De Wetterpoarte
Kaart fan Snits (2014)
Dizze side giet oer de stêd Snits. Foar de eardere gemeente, sjoch: Snits (gemeente).

Snits is in stêd yn it noardeasten fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Mei 35.020 ynwenners is it it grutste plak fan dy gemeente en hat it in sintrumfunksje foar de Súdwesthoeke fan 'e provinsje Fryslân. Snits leit tichteby de Snitser Mar en is ûnder mear bekend om syn âlde binnenstêd mei de Snitser Wetterpoarte. As ien fan de alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân is Snits ek ûnderdiel fan de Alvestêdetocht. Dêrneist is de stêd bekend om de wettersport en de Snitswike. Yn 'e Saksetiid wie Snits fan augustus 1498 oant en mei maart 1500 de haadstêd fan 'e Hearlikheid Fryslân.[2] Oant 2011 wie Snits in selsstannige gemeente.

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Snits.
Snits op in kaart fan Blaeu út 1652

Snits is ûntstien dêr't de farwei (yn âlde dokuminten Magna Fossa, Grut Kanaal, neamd) nei it noarden de súdlike dyk fan de Himpolder Skerhim krúst. De farwei nei it noarden (Geau, Snitser Aldfeart) wie needsaak wurden omdat de Middelsee troch tichtslykjen ferlern gien wie. De âlde himdyk komt Snits oan de westkant binnen as Himdyk, wurdt dêrnei de Alde Dyk en rint dan fierder as de Wide en Nauwe Noarderhoarnes. Dan is er part fan de Merkstrjitte en ferfolget er syn wei as Piperstrjitte en Nauwe en Wide Boarchstrjitten, en is dêrnei de basis fan de drokke winkelstrjitte de Easterdyk. Hy giet fierder as de Ljouwerter Dyk, om op 't lêst as Griene Dyk, de polderdyk fan de Raerderhim, Snits te ferlitten.

Snits hat sûnt 13e iuw stedsrjochten, wat Snits ien fan de Fryske Alve Stêden, mar om't it dêr letter gjin dokuminten foar bybringe koe, hat it yn de 16e iuw nije stedsrjochten oanfrege en krigen. Yn 1456 naam Snits in offisjeel stedsboek oan, dêr't it rjocht yn 'e stêd mei regele waard. Dat wie ek it begjin fan in bloeiperioade as hannelsstêd dy't oant likernôch 1550 ta duorje soe. Yn 1492 waard mei de oanlis fan in nije stedsgrêft en stedswâl begûn. Yn de tiid fan Karel V waard dêr in stedsmuorre op oanlein. Nei dy tiid wie Snits de ienige ommuorre stêd fan Fryslân. Fan de âlde fêstingwurken binne no allinnich noch de Wetterpoarte en in lyts stikje bolwurk oer.

Mei it ferdrach fan Snits fan 30 april 1498 erkend Westergoa it gesach fan Albrecht fan Saksen. Dêrmei komt der in ein oan de Fryske frijheid en begjint de Saksetiid yn Fryslân. Snits waard yn augustus 1498 op oanstean fan Wilwolt fan Schaumberch de nije haadstêd fan it gewest Fryslân. De stêd Ljouwert wie op dat stuit yn hannen fan de Fetkeapers en soe pas yn it belis fan Ljouwert fan septimber en oktober 1498 ûnderhearrich makke wurde oan Albrecht fan Saksen. Yn maart 1500 rekket Snits syn status as haadstêd fan Fryslân kwyt en wurdt Ljouwert de nije haadstêd.

Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch ferdwûn de Joadske mienskip fan Snits út 'e stêd. De binnenstêd fan Snits is sûnt 1991 in beskerme stedsgesicht, de stasjonsbuert sûnt 2007.

Snits is sûnt 1 jannewaris 2011 part fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dêrfoar wie Snits it haadplak fan de gemeente Snits.

Partnerstêd Kurobe

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 10 septimber 1970 is de Japanske stêd Kurobe de partnerstêd fan Snits. Doetiidske boargemaster L. Rasterhoff, brocht op dat stuit in besyk oan Kurobe en waard ta eareboarger beneamd. Boargemaster Hatsuo Terade fan Kurobe brocht yn 1972 in tsjinbesyk oan Snits. Yn 2000 besochten delegaasjes fan beide stêden elkoars stêd opnij. De Japanners ûntbleaten yn Snits in keunstwurk; de Snitsers waarden ferblide mei de ûntbleating fan in Snitsplein yn Kurobe.

De stêd leit tichteby de Snitser Mar en it Prinses Margrietkanaal en is dêrmei troch de Houkesleat ferbûn. Mei De Geau is Snits mei Drylts ferbûn. De binnenstêd leit foar in part op in terp. De doarpen Toppenhuzen, Twellingea, Offenwier, Skearnegoutum en Ysbrechtum lizze om Snits hinne, mar binne hast oan de stêd fêstgroeid en foarmje mei-inoar in lyts stedsk gebiet.

De Wikipedy hat ek in side Wiken en buerten yn Snits.

De stêd Snits bestiet út 25 wiken dy't wer opdield binne yn buerten. De âlde binnenstêd fan Snits leit binnen de stedsgrêften. Yn de lette njoggentjinde iuw en de tweintichste iuw wreide Snits him bûten de stedsgrêften út. De wiken binnenstêd en de Stasjonsbuert binne beskerme stedsgesichten. De nijste wyk, Harinxmalân wurdt sûnt 2010 yn twa fazen boud. Fierders hat Snits ferskate bedriuweterreinen: It Ges, De Himmen en Houkesleat.

Tonnemafabryk
Satelytfoto mei de stêden Snits en Drylts.
De Stedsgrêft by it Lytssân yn Snits
Bolwurk

De bekende kleanwinkelkeatling C&A begûn yn 1861 mei in winkel yn Snits. It sûkerwurkfabryk Tonnema makket pipermunt ûnder de namme KING. Dy namme hat, offisjeel, neat mei it Ingelske wurd foar kening te krijen: It is in ôfkoarting dy't stiet foar 'Kwaliteit In Niets Geëvenaard'. Snits hat fierder stielyndustry, masinebouw, in tou- en trossefabryk (Lankhorst), en sûnt 1964 in fêstiging fan de ritsslutingprodusint Yoshida YKK út Kurobe. Dat wie de earste Japanske fabryk in Nederlân, en it wie de earste Europeeske festiging fan YKK. Ek Mitsui Sekka, in Japanske fabrikant fan keunsttriedden, hat in fabryk yn Snits. De feemerk fan Snits, dy't al fan 'e Midsiuwen ôf bestie, waard yn 1992 opheft.

Snits leit oan de gongwei A7 fan Grins nei Noard-Hollân. De A7, as N7 yn it part bylâns Snits foarmet in part fan de Ring Snits. Ek de N354 fan De Lemmer nei Ljouwert foarmet in part fan de Ringwei. De A7/N7 is part fan de E22.

Fierders hat Snits twa treinstasjons - (Snits en Snits Noard) - oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Der wurdt praat oer it bouwen fan in tredde spoarstasjon yn Snits, it Stasjon Snits Harinxmalân yn de nije wyk harinxmalân. It Busstasjon Snits leit njonken it Stasjon Snits en is in mulpunt fan busferfier yn it súdwesten fan Fryslân. It busferfier mei omlizzende gemeenten wurdt fersoarge troch Connexxion en Arriva.

Boppedat leit Snits oan wetterwegen, ûnder mear de Houkesleat dy't de stêd ferbynt mei de Snitser Mar en it Prinses Margrietkanaal. Yn 2003 is it Houkesleat Akwadukt klear komd sadat Snits doe in folsleine rûnwei krige. Yn 2008 binne de Geaubrêgen, yn de súdlike rûnwei, ferfongen troch it Geau-akwadukt.

Snits is in bekend wettersportsintrum mei sa'n 130 wettersportbedriuwen en 13 jachthavens. Teffens hat it in monumintaal sintrum mei âlde hearehuzen. Yn Snits wurdt in eigen dialekt sprutsen, it Snitsersk, dat heart ta de Stedske dialekten.

Kultureel Kertier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010-2012 is yn Snits in Kultureel Kertier gearstald. De gemeente Snits hie plannen ûntwikkele om fan de Westersingel en it Noarderkertier it sintrum fan kultureel te meitsjen. It plan, dêr't de kosten fan rûsd waarden op 25 miljoen euro, hold yn:

  • it ûnderbringen fan in teäter en in part fan it hjoeddeiske Sintrum foar de Keunsten (SfdK) yn de eardere Noardertsjerke;
  • it ûnderbringen fan oare parten fan it SfdK yn It Bolwurk, yn eardere skoalgebouwen dêrneist en yn it Van Loohûs;
  • nijbou foar in teäter mei in kapasiteit fan 600 sitplakken op it stee fan it doetiidske TPG-gebou.

It plan is útfierd troch alle dy gebouwen binnen de stedsgrêft ta ien nei gebou Atrium gear te foegjen. Om ek it nije teäter hjirmei te ferbinen waard tocht om de ouwers fan de Westersingel en de Tsjerkegrêft mei in rinbrêge te ferbinen en in driuwend poadium yn de grêft te lizzen. Dy plannen binne lykwols net útfierd.

De Martinitsjerke is part fan it Kultureel Kertier yn dy sin dat it kulturele gebrûk fan de romte troch de deselde organisaasje dien wurdt. De Iepenbiere Bibleteek is allinnich in oare kulturele ynstelling yn itselde gebiet, mar hat gjin organisatoaryske bannen.

De Wikipedy hat ek in side List fan ryksmonuminten yn Snits.
De Wikipedy hat ek in side List fan gemeentlike monuminten yn Snits.
It Krúsrak yn de Ring Snits

De Snitser Wetterpoarte út 1613 is it symboal fan de stêd Snits. Ferskate ferienings, stiftings as bedriuwen brûke de wetterpoarte as logo of ferwize yn harren namme nei de wetterpoarte. Om it jier 1550 hinne waard in begjin makke mei it stedshûs fan Snits. Yn de 18e iuw krige it stedshûs in renovaasje. By de renovaasjes krige it gebou in gevel yn rokokostyl. De Martinitsjerke út 1498 hat in kariljon mei 50 klokken. Foar 1681 hie de Martinitsjerke twa tuorren en in ruterke; hjoed-de-dei hat de tsjerke allinnich in koepeltsje. De Sint-Martinustsjerke is in let-njoggentjinde-iuwske Cuyperstsjerke mei in Maarschalkerweerd-oargel.

Houkesleat by de Snitswike

Op 12 novimber 2005 wie de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Snits. By de Wetterpoarte lei Pakjesboat 12 foar de wâl.

Frysk Skipfeart Museum
CineSneek

De Sulveren Krystbal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Sulveren Krystbal.

De kultuerpriis fan Snits hjit De Sulveren Krystbal. De ûnderskieding wurdt alle jierren útrikt oan immen dy't him op it mêd fan muzyk en kultuer foar Snits en omkriten ynset hat. Winners wienen ûnder oaren:

Bogerman-Kolleezje

In Snits binne tsien basisskoallen en trije middelbere skoallen. De basisskoallen binne:

  • Thomas fan Akwino
  • De Wyken
  • De Aldfeart
  • Bonifatiusskoalle
  • Swetteskoalle
  • Simon Havingaskoalle
  • De Fjoerflinter (fúzje tusken De Standerd en de Jan van Nassauskoalle)
  • Julianaskoalle
  • Johannes Postskoalle
  • It Harspit
  • De Trijemêster

De trije middelbere skoallen binne:

Antonius Sikehûs
Befolkingsûntjouwing fan Snits [3][4]
Jier 1796 1850 1875 1900 1920 1931 1941 1950 1960 1970 1980 1990 2000 2010 2018
Ynwennertal 4.893 7.886 9.579 11.696 13.647 14.737 17.092 19.463 21.066 27.129 28.519 29.282 32.137 33.260 33.135

Bekende Snitsers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
sjoch ek

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch: Kerncijfers wijken en buurten 2021 (CBS).
  2. De Sneeker munt, ArGeos
  3. dr. J.A. Faber - Drie eeuwen Friesland. Economische en sociale ontwikkelingen van 1500 tot 1800, (Ljouwert, de Tille, 1973)
  4. De provinciale Friesche Almanak
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

wizigje
Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
· · Berjocht bewurkje
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje