ESBC Menhir
Appearance
ESBC Menhir is de âldste en tsjintwurdich ek de ienige basketbalferiening yn Snits.
De ôfkoarting yn de namme fa de feriening stiet foar Earste Snitser Basketbal Club, wêrby't de taheakking Menhir tsjut op de prehistoaryske stiennen. Dizze betsjutting komt fuort út Mean (stien, of sterk) en Hir (heech), dat beide wichtige eigenskippen foar in basketbalspiler binne. Dêrneist wurde dizze stiennen brûkt foar it meitsjen fan formaasjes fan linen of rûnten, krektas by it basketbalspul.
De feriening is oprjochte op 30 novimber 1967. Har thúswedsttriden spilet de club yn de Snitser Sporthal, dêr't it earste team útkomt yn de tredde klasse. Dêrneist hat Menhir noch seis oare (jeugd)teams. De club hat yn totaal 100 leden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |