Maaike Schuurmans

Ut Wikipedy
Maaike Schuurmans
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maaike Schuurmans
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 desimber 1967
berteplak Snits
jierren aktyf 1995-No

Maaike Schuurmans (Snits, 14 desimber 1967) is in Frysk sjongster en aktrise út Snits.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maaike Schuurmans folge de Teäterakademy fan Amsterdam, dêr't se yn 1990 ôfstudearre yn de fakken Kabaret en Musical. Se spile yn teäterproduksjes yn binnen- en bûtenlân. Sa spile se ûnder mear yn it kabaretprogramma Eurosuperfries fan Rients Gratama, by it teäterselskip Tryater en yn feskate musicals. Se trede earst op yn Nederlân, ûnder oare as Lina Lamont yn in toanielferzje fan Singin' In The Rain en yn de titelrol yn Peter Pan.

Sûnt 1998 wurke Schuurmans ek yn Ingelân, Belgje en Dútslân. Yn Essen wie se de ferteller yn de musical Joseph and the Amazing Technicolor Dreamcoat. By de Dútske première fan Dûns fan de Fampieren yn 2000 in Stuttgart, stie se as Magda op it poadium. Yn Hamburg spile Schuurmans de baronesse von Waldstätten yn Mozart en yn Cats de rol fan Grizabella by in toer troch Dútslân. Meardere kearen wie se te sjen op de Bad Hersfelder Festspiele, lykas Anita yn West Side Story en as de swarte panter Bagheera yn in muzikale ferzje fan The Jungle Book. Yn 2008 krige se de Hersfeld-priis foar har rol as Lucy Harris yn de musical Jekyll & Hyde. Dêrnei spile Schuurmans yn 2010 - 2011 by it Steatsteäter fan Kassel yn de musical Into the Woods en 2014 yn de komeedzje fan Friedrich Dürrenmatt De besite fan de Alde Dame yn teäter Ronacher yn Wenen. Dêr spile hja ek Miss Andrews yn de muzikale ferzje fan Mary Poppins. Yn 2016 naam Maaike Schuurmans de rol fan Madame Giry oer yn de Hamburger musical Love Never Dies.

Yn 2000 toerde Maaike Schuurmans troch Nederlân mei de musical SimmerTime. De live-opnames fan dit konsert waarden útbrocht op in CD, wat har in gouden plaat oplevere. Begjin 2006 gie har earste soloshow yn premiêre mei lieten fan Burt Bacharach yn premiêre. Anyoane who had a Heart - dat is de namme fan harren show - wie ek de titel fan har earste solo-cd.
Maaike Schuurmans is foaral aktyf as toanielaktrise en is net folle op de Nederlânske telefyzje. Se wennet tsjintwurdich yn Wenen.[1]

As sjongster yn it Frysk waard se benammen bekend troch har optreden op Simmer 2000 mei ûnder oaren De Kast. Mei dy band song se ek Wa 't ik bin yn de film De Fûke.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diskografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2000: Wa't ik bin (mei De Kast) – CD
  • 2006: Anyone Who Had a Heart - CD

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2000: Gouden plaat
  • 2008: (dú) Hersfeld-priis foar har rol fan Lucy Harris yn de musical Jekyll & Hyde

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: