Springe nei ynhâld

Monique Sluyter

Ut Wikipedy
Monique Sluyter
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Monique Sluyter
Monique Sluyter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Monique Sluyter
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 july 1967
berteplak Snits
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Presintatrise,
Model
medium Televyzje
wurksum by Veronica,
RTL 7
jierren aktyf 1992-
offisjele webside
moniquesluyter.nl

Monique Sluyter (Snits, 27 july 1967) is in Frysk model en telefyzjepresintatrise.

Sluyter waard op har 18e jier ûntdekt by in miss-wedstryd. Hja ferhuze nei Milaan dêr't hja as ballerina optreedde yn in Italjaansk telefyzjeprogramma. Letter waard se assistinte fan de presintator Umberto Smaila yn in programma dat yn ferskeidene lannen útstjoerd waard ûnder de naam Tutti Frutti.

Yn 1992 begûn Sluyter by de Nederlânske omrop Veronica mei in eigen telefyzjeprogramma Erotica. Yn 2004 hie hja in itensiedersrubryk op de webstee fan de Digitale Stêd Nieuwegein. Fierder spile hja in rol yn de film Langer Licht fan regisseur David Lammers dy't yn 2006 yn première gie. Yn itselde jier wie hja yn it saneamde Hotel Big Brother fan de telefyzjestjoerder Talpa.

Op de tf-stjoerder RTL 7 presintearret Sluyter yn 2005 nachts in eroatysk datingprogramma mei de namme Na Sluytingstijd en Babewatch. Dêrnei keas se foar de Italiaanske stjoerder fan Mediaset om dêr har deistige modelleshow Showgirls te presintearjen. Dat die se alhiel yn it Italiaansk (2006-2008).

Sluyter skilderet ek. Foar ûnder oare De Bijenkorf feilde se keunst, mar ek foar KiKa en it Aids Fonds. Har keunstwurk Through the eyes of a child waard yn febrewaris 2012 feild foar "Stop Aids Now" yn it tf-programma Koffietijd. Dêrneist is Sluyter skriuwster en skreau ûnder oare mei oan Brieven aan een Afgaanse Vrouw en Lachen met Kika.

Fan 2009 ôf is se direktrise fan har modelleburo Monique Sluyter Models yn Amsterdam. Dêrneist wurke se mei oan ferskate kommersjals, tf-produksjes en films, lykas Sterren Springen op Zaterdag, Koning Voetbal, Alles mag op zaterdag, Echt Waar?!, Celblok H en Beyond Sleep.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: