Springe nei ynhâld

Murk van Phelsum

Ut Wikipedy

Murk van Phelsum (Ljouwert, 6 augustus 1732 - Snits, 21 augustus 1779) wie in dokter die yn Snits wenne. It hagedissengeslacht Phelsuma (Madagaskar-deigekko's) is nei him neamd.

Van Phelsum begûn op 17 novimber 1754 medisinen te studearjen oan de Universiteit fan Frjentsjer, dêr't er ek syn doktoraal helle. Hy fêstige him as arts yn Boalsert en ferhuze yn 1764 nei Snits. Van Phelsum wie in helmintolooch, hy bestudearre (parasitêre) wjirms. Op 13 maart 1780 waard syn bibleteek ferkocht.

De datum fan syn ferstjerren is te finen op in betinkingsleppel [1]:

Murk Fekkes van Phelsen is overleeden op saterdag de 21 aug 1779 s morgens om 6 uur oud 47 jaar en 2 weeken

Yn 1825 neamde de Britske soölooch John Edward Gray in skaai fan gekko's nei Van Phelsum. Gray wie de earste dy't dit skaai beskreaun. It bestiet út mear as fjirtich soarten en tweintich ûndersoarten, dy't faak prachtige kleuren hawwe. Twa soarten binne yntiid útstoarn.

  • Historia physiologica ascaridum ( Ljouwert, 1762 )
  • Explicatio patrium pythographiae L. Plukneti ( Haarlim, 1769 )
  • Natuurkundige verhandeling over de wormen die veeltijds in de darmen der menschen gevonden worden ( Ljouwert, 1767 ); yn it Dútsk oerset troch Joh. Weisse )
  • Vertoog over de gemakkelijkste wijze om geknelde darmbreuken binnen te brengen ( Snits, 1772 )
  • Brief aan den heer C. Nozeman oer de gewelfstekken of zeeëgelen, waarachter gevoegd zijn twee beschrijvingen, de eene van een zeker soort zeewier en de andere van maden in een vuile verzwering gevonden ( Rotterdam, 1775 )
  • Twee brieven rakende de verhandeling van den heer Tissot over de vallende ziekte ( Amsterdam, 1776 )
  • Verhandelingen over tot de genees- en natuurkunde behoorende onderwerpen ( Frjentsjer, 1776 )

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hessel de Walle, Friezen uit vroeger eeuwen. Opschriften uit Friesland, 1280-1811.