Nij-Apostoalyske Tsjerke (Middelseeleane, Snits)
Appearance
Nij-Apostoalyske Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Middelseeleane 8 | |
koördinaten | 53°02' N 5°40' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Nij-Apostoalyske Tsjerke yn Nederlân | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | W.C. van Asperen | |
boujier | 1974 | |
Webside | ||
Side gemeente | ||
Kaart | ||
De Nij-Apostoalyske tsjerke is in tsjerkegebou oan 'e Middelseeleane yn 'e wyk Stedsfinne fan Snits.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is boud yn 1974 en yn 1996 útwreide. It gebou is in ûntwerp fan Willem Cornelis van Asperen en hie doe plak foar 250 tsjerkegongers.
Snits hie foarhinne twa Nij-Apostoalyske tsjerken. De oare tsjerke stie yn 'e wyk Sperkhim oan 'e Johan Willem Frisostrjitte. Yn 2021 waard dêr foar it lêst in tsjinst fierd en de leden fan dy gemeente binne by de gemeente fan 'e Stedsfinne foege. Om it tanommen oantal leden plak te jaan is de tsjerke oan 'e Middelseeleane renovearre.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat sûnt 2007 in elektrysk oargel fan it type Monarke Bach Sonate.