Nij-Apostolyske Tsjerke (Johan Willem Frisostrjitte, Snits)
Nij-Apostoalyske tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Joh. Willem Frisostrjitte | |
koördinaten | 53°01' N 5°39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Nij Apostoalyske Tsjerke yn Nederlân | |
status | bûten gebrûk | |
ôfstjitten | 2021 | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | H. Bundens | |
boujier | 1931 | |
boustyl | msterdamske Skoalle | |
Kaart | ||
De Nij-Apostoalyske Tsjerke oan 'e Johan Willem Frisostrjitte wie in tsjerkegebou yn 'e Snitser wyk Sperkhim.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn 'e styl yn 1931 fan 'e Amsterdamske Skoalle boude tsjerke is in ûntwerp fan arsjitekt H. Bundens. Yn it gebou siet earder de Wersteld Apostolyske Sindingsgemeente fan Snits.
Yn 1974 krige Snits fanwegen romtegebrek yn 'e tsjerke oan 'e Johan Willem Frisostrjitte in twadde Nij-Apostoalyske tsjerke oan 'e Middelseeleane yn 'e stedswyk Stedsfinne.
Op 21 novimber 2021 waard yn it gebou oan 'e Johan Willem Frisostrjitte foar it lêst in tsjinst holden. De ûnder de tsjerke fallende leden binne doe mei de buorgemeente yn 'e Stedsfinne tegearre gien. Foar dat doel waard de tsjerke oan 'e Middelseeleane renovearre, sadat der genôch plak wie foar de gruttere gemeente.
Snits wie it lêste plak fan Nederlân mei meardere Nij-Apostoalyske gemeenten.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke stie sûnt 1981 in oargel dat út de Bazaaltsjerke yn De Haach kaam. It ienmanualige oargel is boud troch J. van Gelder út Leien. It is net bekend (2024) wêr't it oargel no is.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|