Bart Tromp

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tromp (mei mikrofoan) by it Sacharov-kongres (1985)

Bart Ago Geert Maria Tromp (Snits, 16 oktober 1944De Haach, 20 juny 2007) wie in Nederlânske sosjolooch en politikolooch, dy't ek gou as PvdA-ideolooch.

Tromp wie spesjalisearre yn de ynternasjonale betrekkingen en gou as de foarnaamste Nederlânske fertsjintwurdiger fan de wrâld-systeemteory. Hy wie bysûnder heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam en ferbûn oan Ynstitút Clingendael. Fan 1982 - 2003 wie hy ek ferbûn oan it departemint Politike Wittenskippen fan de Universiteit Leien.

Bart Tromp, broer fan polemolooch Hylke Tromp, groeide op as soan fan âlden dy't yn Snits in drogisterij en fotosaak hiene. Tromp studearre sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't hy cum laude ôfstudearre. Dêrnei ferhuze hy nei Eindhoven dêr't hy jierrenlang ferbûn wie oan de Technyske Universiteit Eindhoven. Hy waard der aktyf yn it PvdA-ôfdielingsbestjoer.

Tromp waard binnen de PvdA jierrenlang ta de rjochterfleugel rekkene, mar waard sûnt de jierren njoggentich binnen de partij as links beskôge. Sels stelde Tromp dat syn oertsjûging net feroare wie; de partij wie nei rjochts opskood, in proses dat him oandearde. Fan de fernijing fan de partij sa't dy troch Felix Rottenberg ynsetten waard moast Tromp neat hawwe; dy redusearre de partijleden neffens him ta applausmasine. Yn 2001 besocht hy om'e nocht om sels partijfoarsitter te wurden. Yn 2002 promovearre hy op in fergelykjens ûndersyk nei de begjinselprogramma's fan it Sosjaal-Demokratyske Bûn, de SDAP en de PvdA. Tromp wie kollumnist foar it deiblêd Het Parool en wykblêd Elsevier. Oant 2007 skreau hy ek kollumns foar De Gelderlander. Yn syn kollumns hikele er ûnder oaren de beslútfoarming by de Irakkriich. Ek fersette hy him tsjin talitting fan studinten op universiteiten op basis fan harren eineksamenresultaten, omdat foar dizze wize fan selektearjen neffens him gjin inkele wittenskiplike basis bestie.

Bart Tromp ferstoar op 62-jierrige leeftiid oan in hertstilstân.[1]

Bibliografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Elsevier-columnist Bart Tromp plots overleden, Elsevier, 20 juny 2007