Irakoarloch
De Irakoarloch wie de ynvaazje fan Irak troch de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en wat lytsere lannen. De lytsere lannen waarden meiïnoar de „Koalysje fan de Reewilligen“ neamd.
De ynvaazje begûn op 20 maart 2003 en op 1 maaie 2003 wie Irak folslein beset. Dêrnei waard besocht om de nije steat Irak stal te jaan. Lykols mei fûl ferset fan striders fan ferskillende groepen fan radikale Moslims, lykas Al Kaida. De rebûlje fan dy radikale groepen is sa grut, dat it hast in folksopstân neamd wurde kin. Op 2 maaie 2003 ferklearre George W. Bush dat de oarloch dien wie. De rebûlje dy't nei de offisjele ein fan de oarloch wurdt it Irakkonflikt neamd.
De grutste reden foar de oarloch wie neffens de Feriene Steaten de massaferneatigingswapens fan Irak dy't in slimme bedriging foar de nasjonale feiligens fan de Feriene Steaten en oare Jeropeeske lannen wienen.
Oanrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de Golfoarloch fan 1991 holdt de ynternasjonale mienskip Saddam Hussein fan Irak yn 'e rekken. Irak waard sanksjes oplein en wapenynspekteurs fan de Feriene Naasjes holden tafersjoch. Nei de terreuroanslaggen fan 11 septimber 2001 en de oarloch yn Afganistan (operaasje Enduring Freedom en ISAF), waarden ek de massaferneatigingswapens fan Irak in sintraal tema yn de Amerikaanske anty terreur kampanje.
Foar 11 septimber 2001 wienen der ek al lûden yn it Bush regear, om oare lannen oan te fallen at se in bedriging foar de nasjonale feiligens fan de Feriene Steaten wêze soenen. Paul Wolfowitz wie de earste dy't him dêroer oppenearre. [1]
Nei 11 septimber stipe it Amerikaanske folk it regear ienriedich. De neo-konservative groep, laat troch Donald Rumsfeld, komt mei de saneamde Bush-doktrine dy't it bûtenlânske belied sa feroaret, dat in preventive oanfal tsjin oare lannen mooglik makke wurdt út it eachpunt fan nasjonale feiligens. By de oarloch yn Afganistan wie dat net in grut probleem, mar de Irakoarloch wie dreger te ferantwurdzjen foar it Amerikaanske folk en de ynternasjonale mienskip.
Der ha in protte wapenynspekteurs yn Irak west yn ferskillende militêre objekten. Der is gjin bewiis dat Irak massaferneatigingswapens hie. Dútslân, Frankryk, Ruslân en Sina hawwe har twivels oanjûn oer de helebrens fan in militêre operaasje sûnder goedkar fan de Feriene Naasjes.
Redens foar de oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De F.S. hie de neikommende redenen foar de oarloch:
- Irak soe massaferneatigingswapens ha;
- Irak soe it ynternasjonale terrorisme stypje, benammen Al Kaida;
- Saddam Hoessein soe syn befolking ûnderdrukke en politike tsjinstanners deadwaan en moast dêrom fuort;
- Saddam Hoessein stipe selsmoardterrorisme tsjin Israel. De sibben fan selsmoardterroristen krigen dêrfoar jild fan it regear;
- Saddam Hoessein luts him neat oan fan de Feiligensried fan de FN.
De massaferneatigingswapens waard troch de Feriene Steaten as haadreden brûkt om de Feriene Naasjes safier te krijen en stypje de kriich. Nei de kriich hat de U. S. Iraq Survey Group ûndersyk dien nei de oanwêzigens fan massaferneatigingswapens. Neffens it rapport fan de ûndersyksgroep binne der nei de Golfoarloch fan 1991 gjin nije massaferneatigingswapens makke. Der wie likemin bewiis fan in link tusken Irak en Al Kaida. De Feiligensried fan de FN wie fan betinken dat it FN-Hânfêst oertrêde wie troch de Feriene Steaten. FN-siktaris-generaal Kofi Annan sei yn septimber 2004 - "Wy en it FN-Hânfêst sjogge de ynvaazje as ûnrjochtmjittich".
Ynvaazje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynvaazje, "Operation Iraqi Freedom", begjint op 20 maart 2003 om 0230 GMT mei in bombardemint op de haadstêd Bagdad. Benammen militêre doelen en Iraakske oerheidsgebouwen wienen doel fan it bombardemint. Ien dei letter wurdt Bagdad nochris swier bombardearre. Dêrnei begjint it grûnoffensyf mei in west-, east-, en noardfront. Op it westfront waarden parasjutisten dropt omdat de oare Islamityske steaten gjin Amerikaanske- of koalysjetroepen op harren grûngebiet ha woe.
Turkije falt Irak út it noarden wei oan. Turkije like dêrtroch de Britsk-Amerikaanske ynvaazje te stypjen. Lykwols die Turkije dat út eigen belang sadat de Koerden yn Noard-Irak gjin mooglikheid hienen om in eigen steat út te roppen. Tagelyk krije de Amerikanen stipe fan Koerden by in offensyf út it noarden wei. Op 10 april feroveren Amerikaanske en Koerdyske troepen Kirkoek.
Yn it suden begjint it offensyf fan it Britske en Amerikaanske leger op 22 maart. Op 4 april wurdt it fleanfjild fan Bagdad ferovere. Trije dagen letter ride Amerikaanske pânsers sûnder wjerstân troch it sintrum fan Bagdad. Op 9 april wurdt it stândbyld fan Saddam Hoessein omlutsen en dêrmei is de oarloch yn Bagdad ta in ein kommen. Op 11 april feroverje koalysjetroepen Mosoel. Op 14 april wurdt Tikrit ynnommen troch de koalysjetroepen, it Pentagon ferklearret de ein fan de oarloch. Saddam Hoessein wie op dat stuit noch net fûn.
Op 1 maaie 2003 seit George W. Bush yn in taspraak op in fleandekskip foar it Amerikaanske kustplak San Diego dat de oarloch foarby is.
Besetting sûnt 2003
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 21 april 2003 en 28 juny 2004 hie Irak in oergongsregear ûnder de namme Coalition Provisional Authority, dêrnei krige it ynterimregear de autoriteit. It Iraakske regear krijt hjirby stipe fan de Stabilisation Force Iraq. Dy legermacht waard wol goedkard troch de Feriene Naasjes.
Yn 'e rin fan de simmer fan 2003 begûn de rebûlje fan Islamityske militante groepen tsjin it demokratyske Irak. Yn april-maaie 2004 kaam it Amerikaanske leger yn opspraak troch foto's fan mishannelingen fan Iraakske finzenen, ûnder oare yn de Abu Ghraib-finzenis.
Yn 2005 waarden foar it earst frije ferkiezings holden yn Irak. Nei de ferkiezings regearre in grutte koalysje ûnder lieding fan de sjiïtyske premier Ibrahim Jaafari en de Koerdyske presidint Jalal Talabani. Sy makken in nije grûnwet dy't op 28 augustus 2005 oan it parlemint presintearre waard.
Yn 2006 krijt it Iraakske leger mear ferantwurdlikheid. It Iraakske leger krijt dan hieltyd mear provinsjes dy't se beskermje moatte. Op 2 septimber 2006 krijt de Iraakske oerheid de Abu Ghraib-finzenis wer yn behear.
De weropbou ferrint neffens it Amerikaanske leger goed. Yn july 2007 kaam de ekonomy wer op gong, sa'n 3.000 fan de likernôch 3.400 projekten fan de Iraqi Relief and Reconstruction Fund ha se dien. 60 % fan de oannimmers fan de kontrakten wienen Irakezen. Wichtich wie benammen de universele sûnenssoarch en in konstante levering fan elektrisiteit yn Bagdad.
Yn febrewaris 2008 hâlde de Amerikaanske telefyzjestjoerders ABC mei de BBC, ARD en NHK in enkête ûnder de Irakeze befolking. It gong om ferskillende fragen oer de besettingsmacht fan de earste fiif jier nei de ynvaazje. De resultaten waarden ferlike mei de resultaten fan in enkête fan augustus 2007. Dêrby wienen de ienheden fan de Multi-National Force Iraq mar by 26 % fan it folk wolkom. It persintaazje foarstanners om de Feriene Steaten en Feriene Keninkryk bûten de doar te setten ferlege fan 47 nei 38 %. Sa'n 46 % fan de Irakezen tinkt dat it better wurdt mei de feiligens yn Irak, de rest tinkt dat stagnearret of sels minder wurdt.
Grutte militêre operaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- april 2004: Operation Vigilant Resolve - earste slach by Fallujah
- novimber 2004: Operation Phantom Fury - twadde slach by Fallujah
- novimber/desimber 2004: Operation Plymouth Rock - omkriten fan Babil
- maart 2006: Operation Swarmer - omkriten fan Samarra
- novimber 2006: Operation Steel Curtain - by de Siryske grins
- maitiid 2007: Operation Imposing Law
- simmer 2007: Slach by Baquba
- juny-augustus 2007: Operation Phantom Thunder - grut offensyf yn de omkriten fan Babil en Diyala
- simmer 2007 - jannewaris 2008: Operation Phantom Strike
- maitiid 2008: Operation Phantom Phoenix
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Irakoarloch
- Skiednis fan Irak
- Oarloch yn de 21e iuw
- Oarloch yn Aazje
- Oarloch fan Irak
- Oarloch fan de Feriene Steaten
- Oarloch fan it Feriene Keninkryk
- Oarloch fan Albaanje
- Oarloch fan Armeenje
- Oarloch fan Austraalje
- Oarloch fan Azerbeidzjan
- Oarloch fan Bosnje-Hertsegovina
- Oarloch fan Bulgarije
- Oarloch fan de Dominikaanske Republyk
- Oarloch fan de Filipinen
- Oarloch fan de Oekraïne
- Oarloch fan Denemark
- Oarloch fan El Salvador
- Oarloch fan Estlân
- Oarloch fan Georgje
- Oarloch fan Hondoeras
- Oarloch fan Hongarije
- Oarloch fan Yslân
- Oarloch fan Itaalje
- Oarloch fan Japan
- Oarloch fan Kazachstan
- Oarloch fan Koeweit
- Oarloch fan Letlân
- Oarloch fan Litouwen
- Oarloch fan Moldaavje
- Oarloch fan Mongoalje
- Oarloch fan Nederlân
- Oarloch fan Nij-Seelân
- Oarloch fan Nikaragûa
- Oarloch fan Noard-Masedoanje
- Oarloch fan Noarwegen
- Oarloch fan Poalen
- Oarloch fan Portegal
- Oarloch fan Roemeenje
- Oarloch fan Singapoer
- Oarloch fan Slowakije
- Oarloch fan Spanje
- Oarloch fan Súd-Koreä
- Oarloch fan Tailân
- Oarloch fan Tonga
- Oarloch fan Tsjechje
- Militêr treffen yn 2003
- Militêr treffen yn 2004
- Militêr treffen yn 2005
- Militêr treffen yn 2006
- Militêr treffen yn 2007
- Militêr treffen yn 2008
- Militêr treffen yn 2009
- Militêr treffen yn 2010
- Militêr treffen yn 2011