HIMtsjerke
HIMtsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Smidsstrjitte 8 | |
koördinaten | 53°02' N 5°38' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Evangelyske Mienskip | |
Webside | ||
Evangelische Gemeenschap Sneek | ||
Kaart | ||
De HIMtsjerke oan 'e Smidsstrjitte is in tsjerkegebou fan 'e Evangelyske Mienskip op it yndustryterrein De Himmen yn Snits.
De Evangelyske Mienskip Snits is in jonge tsjerke, dy't oansletten is by de Feriene Pinkster- en Evangeeljegemeenten, in lanlik gearwurkingsferbân dat ek mei oare organisaasjes wurket.
Oant 2010 brûkte de mienskip de aula fan 'e Kristlike Skoallemienskip Bogerman yn Snits foar de tsjinsten. Nei't de leden fan 'e mienskip hast in heal miljoen euro byinoar sammele, koe yn 2011 in bedriuwsgebou op it yndustryterrein oernommen wurde, dat as tsjerke ynrjochte waard. Njonken in tsjerkeseal dêr't plak is foar 500 minsken, hat it gebou noch in tal multyfunksjonele romtes.
De Evangelyske Mienskip Snits hat in grutte oanlûkingskrêft op 'e jongerein en kaam yn 'e neisimmer fan 2020 yn it nijs troch it fanwegen de maatregels yn it ramt fan COVID-19 ferhûzjen fan in dooptsjinst nei De Potten by de Snitsermar, om yn 'e iepen loft dêr 24 minsken te doopjen.
De Evangelyske Mienskip Snits wit ek migranten oan te sprekken foar it evangeelje. Ienris yn 'e moanne wurde der tsjinsten holden yn it Farsy foar minsken dy't ôfkomstich binne út Iraan, Afganistan en Oezbekistan.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|