Springe nei ynhâld

Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2024

Ut Wikipedy

Siden fan de wike yn 2024

[boarne bewurkje]

Wike 1

Henry Wadsworth Longfellow (Portland (Maine), 27 febrewaris 1807 – Cambridge (Massachusetts), 24 maart 1882) wie in Amerikaansk dichter, skriuwer, oersetter en heechlearaar. Hy is benammen bekend wurden troch syn epyske gedichten The Song of Hiawatha en Evangeline, en troch koarte gedichten as Paul Revere's Ride en Birds of Passage. Teffens skreau er proaza, lykas de romans Kavanagh en Hyperion. As oersetter wied er de earste Amerikaan dy't De Godlike Komeedzje, fan Dante Alighieri, yn it Ingelsk fertaalde. Longfellow wie heechlearaar oan it Bowdoin College yn Maine en letter perfester moderne talen oan 'e Universiteit fan Harvard. Syn poëzij stiet bekend om 'e muzikaliteit, en Longfellow woeks út ta de populêrste Amerikaanske dichter fan syn tiid, wylst er ek yn it bûtenlân tige bewûndere waard. Syn kritisy fûnen lykwols dat er de Jeropeeske dichtstilen tefolle neibearde, en dat er boppedat de winsken fan syn publyk boppe de keunstfoarm stelde.

Lês fierder


besjen


Wike 2

In Goudkoarts fan Klondike (útspr.: [ˈklɔndai̭k], likernôch: "klòn-daaik") wie in goudkoarts dy't ûntstie nei't der yn 1896 goud fûn wie yn 'e krite fan 'e Klondike, yn 'e Yukon, dat doe noch in bestjoerlik distrikt fan 'e Noardwestlike Territoaria fan Kanada wie. Nei't it nijs fan 'e fynst de grutte stêden Seattle en San Francisco berikte, kaam der grutte tarin fan 30.000 oant 40.000 almeast Amerikaanske goudsikers, dy't it gebiet ornaris berikten fia Skagway en Dyea yn Súdeast-Alaska en de Wite Pas en de Chilkootpas oer de bergen op 'e grins mei Kanada. Lykas mei alle goudkoartsen waarden mar inkele goudsikers ryk, wylst de measten úteinlik sûnder wat bedijd te hawwen wer fuort moasten, of omkamen yn 'e strange winters. Troch de hommelse befolkingsgroei waard de Yukon yn 1898 in selsstannich territoarium fan Kanada, los fan 'e Noardwestlike Territoaria. Tsjin 1899 wie de goudkoarts fierhinne oer, hoewol't der noch oant en mei 1907 in protte goud yn it gebiet fûn waard.

Lês fierder


besjen


Wike 3

In sniescooter (ek skreaun as snieskûter) of motorslide is in behindich soarte fiertúch foar op lân, dat spesjaal makke is foar it bereizgjen fan in tsjûk besnijde ûndergrûn of iis. Sokke masines hawwe gjin ferlet fan in wei of paad. It apparaat hat de foarm fan leech soarte fan scooter, dy't men oerskrank sittend 'beriidt'. It wurdt yn 'e regel oandreaun troch rupsbannen oan 'e efterkant en kin bestjoerd wurde mei skys oan 'e foarkant. Yn it Ingelsk sprekt men fan snowmobile, en dy term en de lienfertaling sniemobyl wurde ek wol yn it Frysk brûkt. Dêrby hoecht it lykwols net om in scooter te gean, want dêr kinne ek gruttere rupsbânfiertugen foar ferfier oer snie of iis mei oantsjut wurde, dy't bgl. tarist binne mei in kabine, mei in iepen platfoarm foar transport fan guod of mei in kraan.

Lês fierder


besjen


Wike 4

In Pickelhaube (meartal: Pickelhauben) is in typysk Dútske helm mei in pjuk der boppe-op. De namme komt fan it Dútske Pickel, "pjuk" of "pikhouwiel", en Haube, "kape" of "mûtse". Inkeld wurdt ek wol de term Pickelhelm brûkt. Sokke helms waarden yn 'e midden en de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw en de earste desennia fan 'e tweintichste iuw in soad droegen troch Dútske militêren, plysjeminsken en brânspuitlju. Hoewol't de Pickelhaube tsjintwurdich benammen assosjearre wurdt mei it Prusyske leger, waarden sokke helms yn dy tiid ek rûnom oernommen troch (ûnderdielen fan) oare kriichsmachten.

Lês fierder


besjen


Wike 5

Pamela Anderson (folút: Pamela Denise Anderson; Ladysmith (Britsk-Kolumbia), 1 july 1967) is in Kanadeesk-Amerikaansk aktrise, model en aktiviste, dy't ein tachtiger jierren bekend waard mei fotoreportaazjes as neakenmodel yn 'e Playboy. Neitiid wist se dy bekendheid om te setten yn in karriêre as aktrise, mei rollen yn tillefyzjesearjes as Maried… with Children, Days of Our Lives en Home Improvement. Ynternasjonaal waard Anderson yn 'e 1990-er jierren ferneamd om har haadrol as C.J. Parker yn 'e aksje-dramasearje Baywatch. Mei troch in stellen sekstape groeide se út ta in wier sekssymboal. Se waard noch faak weromfrege troch Playboy. Sadwaande hat Anderson noch altyd it rekôr as frou dy't it measte op 'e omslach fan dat neakenblêd stien hat. Letter spile se de haadrol yn har eigen tillefyzjesearjes V.I.P. en Stacked, en ek wie se te sjen yn films as Raw Justice, Barb Wire en Blonde and Blonder. Anderson betoande har ek in snoade sakefrou, en as aktiviste sette se har yn foar de beskerming fan bisten en oare saken.

Lês fierder


besjen


Wike 6

De shih tzu is in lyts hûneras dat oarspronklik út Tibet komt, mar letter tige algemien wurden is yn Sina. De namme wurdt ornaris útsprutsen as [ˈʃɪʦu] ("sjit-tsû"), mar soe eins [ˈʃiʦu] ("sjyt-tsû") wêze moatte. It is in lytse selskipshûn mei in koarte snút, grutte rûne eagen, ôfhingjende earen en in lange pels. De shih tzu stiet bekend as boartlik en ûnôfhinklik, mar (mei dêrtroch) harket er net altyd likegoed nei syn baaske.

Lês fierder


Besjen


Wike 7

De sniestoarm fan 14 febrewaris 1979 wie yn Fryslân de swierste sniestoarm fan 'e tweintichste iuw. Om't de waarlju yn 't foar sein hiene dat it teiwaar wurde soe en dat de snie Nederlân net berikke soe, kaam dit barren foar eltsenien as in folsleine ferrassing. Der foel safolle snie dat yn Fryslân, mar ek yn Grinslân en noardlik Drinte, it ferkear ta stilstân kaam en it iepenbiere libben folslein lamlein waard troch it rûnom foarkommen fan sniedunen fan 3 m heech. It duorre in skoftke ear't de earnst fan 'e sitewaasje ta de rest fan Nederlân trochkrongen wie. Uteinlik moast de Keninklike Lânmacht mei swier materieel fanwegen komme om 'e wegen yn Noard-Nederlân wer begeanber te meitsjen en pleatsen en hiele doarpen dy't totaal fan 'e bûtenwrâld ôfsletten wiene, te ûntsetten.

Lês fierder


besjen


Wike 8

Star Wars (Ingelsk foar "Stjerre-oarloggen") is in tige populêre Amerikaanske science fiction-mediafranchise dy't betocht is troch George Lucas. De franchise, dy't ta it subsjenre sword and planet rekkene wurde kin, is eigendom fan Lucasfilm, in filmstudio dy't yn 2012 oernommen waard troch The Walt Disney Company. Star Wars wurdt yn 'e regel ornearre begûn te wêzen mei de film Star Wars, út 1977, dy't letter mei weromwurkjende krêft omneamd waard ta Star Wars: Episode IV – A New Hope. De ferboeking fan it senario fan dy film kaam lykwols al yn 1976 út. De earste film wie in reuseftich súkses, en Star Wars ûntjoech him al rillegau ta in wrâldwiid popkultuerfenomeen.

De ferhalen fan Star Wars spylje har ôf tsjin in optochte eftergrûn "lang ferlyn, yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Yn 'e grûn giet it om 'e ivige striid tusken goed en kwea. Dêrby fertsjintwurdigje de Jedi-ridders it goede, en harren rivalen, de Sith, it kwea. It optochte universum omfiemet ek in protte tema's dy't ûntliend binne oan filosofy en religy. In foarbyld dêrfan is 'De Krêft' (The Force), in pseudowittenskiplike boarne fan enerzjy dy't de brûker boppenatuerlik lykjende fermogens jaan kin. Yn it ramt fan 'e franchise binne njonken de filmsearje adaptaasjes ta oare media ferskynd, lykas tillefyzjefilms, live-actiontillefyzjesearjes, tekenfilmsearjes, fideospultsjes, romans, strips, soundtrackalbums, kaartspullen, boerdspullen en boartersguod. Anno 2022 hawwe de Star Wars-films tsien Oscars en ien Golden Globe wûn, mei dêropta nominaasjes foar nochris tritich oare Oscars en fjouwer oare Golden Globes.

Lês fierder


besjen


Wike 9

De oanslaggen yn Bombay wiene in rige koördinearre terroristyske oanslaggen dy't oer in perioade fan fjouwer dagen fan 26 oant en mei 29 novimber 2008 yn 'e Yndiaaske stêd Bombay (Mumbai) útfierd waarden troch tsien leden út Pakistan fan 'e islamistyske groepearring Lashkar-e-Taiba. De terroristen makken gebrûk fan mitrailleurs, hângranaten en autobommen. De oanslaggen fûnen plak op 12 ûnderskate lokaasjes: it Treinstasjon Chhatrapati Shivaji Maharaj, it Taj Mahal Palace Hotel, it Oberoi Trident (ek in hotel), de Metro Cinema (in bioskoop), it Leopold Café (in kafee), Nariman House (of Chabad House, in Joadsk mienskipssintrum), it Cama Hospital (in sikehûs), de haven fan Bombay en inkele willekeurige plakken. Dêrby kamen 174 minsken om it libben, 9 fan 'e dieders ynbegrepen, en rekken mear as 300 oaren ferwûne. Ien fan 'e dieders waard arrestearre en berjochte. Mei't it spoar fan 'e dieders weromlate nei Pakistan, soargen de oanslaggen foar grutte spannings tusken dat lân en Yndia. Hoewol't Pakistan letter meiwurke oan it ûndersyk, waarden de opdrachtjouwers foar de oanslaggen nea pakt.

Lês fierder


besjen


Wike 10

De Sonoarawoastyn (Spaansk: Desierto de Sonora; Ingelsk: Sonoran Desert), is in woastyn yn Noard-Amearika dy't dielen fan it noardwesten fan Meksiko en it súdwesten fan 'e Feriene Steaten beslacht, wêrûnder in grut part fan it Kalifornysk Skiereilân. It is de hjitste woastyn yn beide lannen en is feneamd nei de Meksikaanske steat Sonoara, hoewol't er net ta de grinzen fan dat gebiet beheind is. De Sonoarawoastyn hat in oerflak fan krapoan 223.000 km². Kwa klimaat en plantegroei ûnderskiedt de Sonoarawoastyn him dúdlik fan oare, oanbuorjende woastinen, te witten: de Mojavewoastyn en de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn it noarden en de Chihuahuawoastyn yn it easten.

Lês fierder


besjen


Wike 11

De feemerk fan Ljouwert is in feemerk dy't fan âlds eltse wike op freed yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert holden waard. Tsjintwurdich is er útsmaard oer trije dagen, fan tiisdei oant en mei tongersdei. Der wurdt fee út hiel Noard-Nederlân ferhannele. Op jierbasis giet it anno 2018 om 150.000 bisten, benammen kij, skiep en keallen, wêrmei't de feemerk fan Ljouwert de grutste feemerk fan Nederlân is. De organisaasje fan 'e feemerk fan Ljouwert is yn 'e hannen fan 'e Stifting Feehannelsintrum Noard-Nederlân (offisjeel: Stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland, SVNN).

Lês fierder


besjen


Wike 12

Tarzan of the Apes is in aventoereroman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. De titel betsjut: "Tarzan fan 'e Apen". It wie it boek dêr't it personaazje fan Tarzan yn yntrodusearre waard. Tarzan of the Apes fertelt it ferhaal fan 'e aventoeren fan Tarzan, de soan fan Britske eallju dy't yn 1888 strâne reitsje op 'e kust fan Sintraal-Afrika. Nei de dea fan syn âlden wurdt er yn it tropysk reinwâld grutbrocht troch minskapen. Pas jierren letter komt er foar it earst yn 'e kunde mei de Westerske maatskippij en oare minsken, ûnder wa Jane Porter, op wa't er fereale rekket.

Tarzan of the Apes waard yn 't earstoan fan oktober 1912 ôf as fúljeton publisearre yn it pulpblêd The All-Story, mar ferskynde yn juny 1914 yn romanfoarm by útjouwerij A.C. McClurg fan Chicago. It wie it earste diel fan 'e Tarzan-romansearje. It boek sloech yn as in bom. Sà populêr wie it personaazje fan Tarzan, dat Burroughs oant yn 'e 1940-er jierren mear as 25 ferfolchromans skreau. Fan Tarzan of the Apes sels binne troch de jierren hinne withoefolle werprintingen ferskynd, en teffens is de roman adaptearre ta in grut tal oare media, lykas films, harkspullen en strips.

Lês fierder


besjen


Wike 13

Pontius Pilatus (Latyn: Pontius Pīlātus [ˈpɔntɪ.ʊs piːˈlaːtʊs]; Gryksk: Πόντιος Πιλάτος, Póntios Pilátos) wie de fyfde lânfâd (prefekt) fan de Romeinske provinsje Judeä, ûnder keizer Tibearius fan 26/27 n.Kr. oant 36/37 n.Kr. Hy is ferneamd om it proses tsjin Jezus Kristus en feroardiele him ta de dea oan it krús. It belang dat Pilatus foar it kristendom betsjutte, bewize de leauwensbelidenissen fan de apostels en fan Niseä, dêr't Pilatus yn neamd wurdt. Om't Pilatus twivele oan de skuld fan Jezus, leauwe de Etiopyske en Koptyske Tsjerken dat Pilatus letter in kristen en in martelder en hillige waard.

Hoewol't Pilatus de meast ferneamde lânfâd fan Judeä wie, binne der mar in bytsje boarnen oer syn bestjoer foarhannen. It skynt dat er út de ferneamde Pontii ôfkomstich wie, in famylje fan Samnitysk komôf. Der is lykwols net folle fan syn libben bekend út 'e tiid ear't er lânfâd fan Judeä waard en it is ek net wis wat ta syn oanstelling as lânfâd late. De Stien fan Pilatus, dêr't in ynskripsje yn stiet, en guon munten, dy't er slaan liet, binne oerbleaun fan de tiid fan syn bestjoer. De Joadske skiedkundige Flavius Josefus en de filosoof Filo fan Aleksanderje neame foarfallen fan spanning en geweld tusken de Joadske befolking en syn bestjoer. Yn dy gefallen kaam er gauris de religieuze gefoeligens fan de Joaden op it sear. De kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint neame dat Pilatus Jezus ta de krúsdea feroardiele. Josefus en de Romeinske skriuwer Tasitus neame dat foarfal ek. Neffens Josefus krige Pilatus letter dien om't er mei geweld in groep wapene Samaritanen by de berch Gerizim delslaan litten hie. Hy waard troch de legaat fan Syrje nei Rome stjoerd om him te ferantwurdzjen foar keizer Tibearius, dy't lykwols ferstoar ear't Pilatus yn Rome oankaam. Der is neat bekend wat der neitiids mei him barde. Op grûn fan wurk fan de heidenske filosoof Selsus en de kristlike skriuwer Origenes út de twadde iuw tinke hjoeddeistige skiedkundigen dat Pilatus gewoanwei mei pinsjoen gien is.

Lês fierder


besjen


Wike 14

From Russia with Love is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1963 ûnder rezjy fan Terence Young, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Daniela Bianchi as de Bond girl Tatjana Romanova. De titel betsjut "Ut Ruslân, mei Leafde". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1957 fan Ian Fleming.

It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond by in misje nei Istanbûl. Dêr moat er in wichtige kryptografyske kodearmasine yn ûntfangst nimme fan Tatjana Romanova, in meiwurkster fan it konsulaat fan 'e Sovjet-Uny dêre, dy't oerrinne wol nei it Westen. Underwilens mient Tatjana dat se dielnimt oan in kontraspionaazje-operaasje om Bond deryn rinne te litten. Wat se net witte is dat se beiden bespile wurde troch de kriminele organisaasje SPECTRE, dy't sels de kodearmasine bemachtigje wol.

From Russia with Love wie it twadde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Dr. No. It wie de earste James Bond-film wêryn't it personaazje Q foarkomt, de kertiermaster fan MI6 dy't Bond fan nije technologyske snufkes foarsjocht om syn wurk makliker te meitsjen. From Russia with Love krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In folgjend diel yn 'e rige, Goldfinger, kaam út yn 1964.

Lês fierder


besjen


Wike 15

In ferkearsknooppunt is in krusing fan autogongwegen en autowegen foar trochgeand motorisearre ferkear, dy't almeast op ûngelikese hichten útfierd wurdt. Op knooppunten hoecht it ferkear net te stopjen by it ôfslaan, mar kin it gewoan trochriden bliuwe. Troch de hege faasje fan auto's op de diken dêr't knooppunten binne, wurde de bochten mei in wide bôge makke. Finansjele omtinkens foarmje gauris in rem op it tal oergongen dat boud wurde kin. Dêrtroch is it net altyd like ienfâldich alle ôfslaggen mooglik te meitsjen en dochs de grutte fan it knooppunt te beheinen.

Knooppunten kinne in krusing of in trijesprong fan autogongwegen wêze, en bygelyks yn Dútslân yn it Autobahnsysteem hawwe se elts in eigen namme. In krusing hjit dêr in Autobahnkreuz en in trijesprong hjit in Autobahndreieck. Yn West-Jeropa wurde knooppunten almeast op ûngelikense hichte boud, hoewol't guon op deselde hichte boud binne, lykas de eardere rotonde op it knooppunt De Jouwer, dat yn 2017 en 2018 omboud waard ta in heal stjerknooppunt. Yn Nederlân en Belgje wurde knooppunten net opnommen yn it nûmerjen fan de diken, mar yn Dútslân en oare lannen wol wer. Yn Fryslân binne ek in stikmannich knooppunten. De knooppunten De Jouwer, Surch, en Werpsterhoeke binne útfierd as heale stjerknooppunten en dy fan It Hearrenfean en Drachten binne útfierd as klaverblêd.

Lês fierder


besjen


Wike 16

De wolf (wittenskiplike namme: Canis lupus), ek wol grize wolf of gewoane wolf neamd ta ûnderskie fan oare soarten hûneftigen dy't 'wolf' hjitte, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hûnen (Canis). In wyfke wurdt in wolvinne neamd. Dit bist komt foar yn grutte dielen fan Jeraazje en Noard-Amearika, hoewol't syn histoaryske ferspriedingsgebiet noch folle grutter wie. Op in protte plakken is er troch de iuwen hinne útrûge troch de minske. Yn Fryslân is er yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren nei in ôfwêzichheid fan trijehûndert jier weromkeard. De wolf is in mânsk rôfdier en de grutste libbene soarte fan alle hûneftigen. Hy is lykwols nau genôch besibbe oan lytsere soarten út deselde famylje, lykas de goudjakhals (Canis aureus) en de prêrjewolf (Canis latrans), om mei harren fruchtbere krusings te produsearjen. Wolven binne behalven karnivoaren ek sosjale bisten dy't yn ridels libje. Se jeie mei-inoar en kinne dêrtroch proaien oan dy't folle grutter binne as sysels. Der binne fan 'e wolf mear as tritich wylde ûndersoarten. De hûn (Canis lupus familiaris) is de domestisearre ûndersoarte fan 'e wolf. Ek de dingo (Canis lupus dingo), de ferwyldere hûn fan Austraalje, is in ûndersoarte fan 'e wolf. De IUCN klassifisearret de wolf as net bedrige.

Lês fierder


besjen


Wike 17

Johnny Cash (eins: John Ray Cash; Kingsland (Arkansas), 26 febrewaris 1932Nashville, 12 septimber 2003) wie in Amerikaansk sjonger, muzikant (gitarist) en lietsjeskriuwer. Syn bynamme wie the Man in Black ("de Man yn 't Swart"), om't er him fan 'e 1950-er jierren ôf altyd yn dy kleur klaaide. Syn muzyk, dy't opfoel troch syn djippe, swiere bas-baritonstim, waard ornaris omskreaun as country, mar hy song ek rock 'n roll, rockabilly, folk, blues en gospel. Cash groeide yn earmoede op as de soan fan in katoenboer yn Arkansas en briek mids 1950-er jierren troch mei it liet Cry! Cry! Cry! Letter hied er súkses mei nûmers as Folsom Prison Blues, I Walk the Line, Ring of Fire, Man in Black, it humoristyske A Boy Named Sue en it duët Jackson.

Cash ûntjoech him ta ien fan 'e súksesfolste muzikanten aller tiden en ferkocht wrâldwiid mear as 90 miljoen platen. Hy waard opnommen yn sawol de Country Music Hall of Fame (1980), de Rock and Roll Hall of Fame (1992) as de Gospel Music Hall of Fame (2011). Op it persoanlike flak wraksele Cash mei tuskenskoften fan 'e 1950-er en 1990-er jierren mei alkoholisme en drugsferslaving. De leafde fan syn libben wie sjongster June Carter, dy't er lykwols pas mette doe't se allebeide al mei oaren troud wiene. Uteinlik stapten se yn 1968 tegearre yn it houliksboatsje. Johnny Cash ferstoar mei 71 jier yn 2003, fjouwer moannen nei syn frou, oan komplikaasjes by sûkersykte. Yn syn libben wûn er 18 Grammy Awards, in American Music Award, 4 Academy of Country Music Awards en 9 Country Music Association Awards. Hy skreau mear as 1.000 ferskes en brocht by syn libben allinnich al 63 studio-albums út. Cash wurdt beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste Amerikaanske muzikanten fan 'e tweintichste iuw, net allinnich wat countrymuzyk oangiet, mar oer alle muzyksjenres.

Lês fierder


besjen


Wike 18

De Romaanske talen, soms ek wol de Latynske talen neamd, foarmje in taalfamylje fan in ûnbeskaat tal libbene en inkele deade talen, dy't allegear fuortkomme út it Latyn. De wichtichste talen út dy groep binne it Spaansk, Portegeesk, Frânsk, Italjaansk en Roemeensk. De Romaanske talen meitsje ûnderdiel út fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Se wurde fan oarsprong sprutsen yn gebieten dy't earder ta it Romeinske Ryk hearden, dat it Latyn as offisjele taal hie. Dêrby giet it om in grut oaniensletten gebiet yn West-, Súdwest- en Súd-Jeropa, en in mear fersnipele fersprieding op 'e Balkan. Sûnt de sechstjinde iuw hawwe guon fan 'e Romaanske talen, benammen it Spaansk, Portegeesk en Frânsk, har troch kolonisaasje en emigraasje ferspraat nei Latynsk-Amearika en dielen fan Noard-Amearika, Afrika en Aazje.

De ûnderferdieling fan 'e Romaanske talen is dreech, mei't taalkundigen it der net oer iens wurde kinne oft de famylje no útinoar falt yn in Westromaanske, in Eastromaanske en in Súdromaanske groep, of dat er opspjalten wurde moat yn in Italo-Westlike, in Eastromaanske en in Súdromaanske groep. De earste yndieling liket taalkundich sjoen suverder te wêzen en hat dêrom mear oanhingers. Anno 2010 hiene alle Romaanske talen mei-inoar sa'n 885 miljoen memmetaalsprekkers.

Lês fierder


besjen


Wike 19

Frederik Jan Georg (Freek) de Jonge (Westernieland (gemeente De Marne), 30 augustus 1944) is in Nederlânske kabaretier. Hy waard ferneamd doe't er fan 1970 ôf mei Bram Vermeulen optrede as it sosjaal engazjearre duo Neerlands Hoop. Fan 1980 ôf gong er solo en makke namme as kabaretier mei konferenses dy't tige fernimstich opboud wienen. Hy wie ek de earste dy't in reade tried troch syn programma rinne liet. Njonken syn teäterwurk skreau De Jonge ek in stikmannich romans, presintearre er tillefyzjeprogramma's, spile er yn inkele films en hied er in hit as sjonger. De Jonge stiet fierders bekend as fanatyk fuotbalfan.

Lês fierder


besjen


Wike 20

De 1910-er jierren, ek oantsjut as de jierren ’10 en inkeldris as de tsiener jierren, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1911 en duorre it oant en mei 31 desimber 1920, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1910 oant en mei 31 desimber 1919. Dit desennium waard dominearre troch de Earste Wrâldoarloch (1914-1918) en oare wapene konflikten dy't dêrút fuortkamen of der op oare wize mei gearhongen. De Earste Wrâldoarloch wie de lêste fan in hiele rige krises dêr't de grutmachten fan Jeropa yn behelle rekken, en dy't oant doe ta altyd mei in skamper ôfrûn wiene. Diskear wie der lykwols neat dat it fallen fan 'e dominostientsjes ûnderbriek. De moard op aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk, yn Sarajevo, op 28 juny 1914, joech sadwaande streekrjocht oanlieding ta in oarloch dêr't alle grutte Jeropeeske steaten yn fertize rekken. Dêrtroch stoar de naïviteit fan 'e Belle Époque in wrede dea.

Lês fierder


besjen


Wike 21

Manitoba is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it middensuden fan it lân, en heart ta de regio's fan 'e Kanadeeske Prêrjes en Westlik Kanada. De provinsje is wat oerflak oanbelanget ien fan 'e middenmoaters ûnder de Kanadeeske gewesten, mei 6,5% fan it nasjonaal grûngebiet. Manitoba stiet bekend om syn wetterrike lânskip, mei withoefolle rivieren en marren. De haadstêd, Winnipeg, is de op sân nei grutste stêd fan it lân. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Manitoba doe likernôch 1,2 miljoen ynwenners, wat delkomt op 3,6% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

Lês fierder


besjen


Wike 22

Pallas Atene (Attysk Aldgryksk: Παλλὰς Ἀθηνᾶ, Pallas Athēnā, útspr.: ['palas a'θɛ:na:], likernôch "pallas azênaa"), ek wol koartwei Atene neamd, is yn 'e Grykske mytology de goadinne fan 'e wiisheid, kennis, ynspiraasje, moed, krêft, beskaving, de wet en it rjocht, wiskunde, oarlochsstrategy, keunst, ambachten en feardichheid. Hja is boppedat ek de keine (altyd faam bleaune) patronesse fan 'e stêd Atene. Mar yn har rol fan beskermfrouwe fan 'e beskaving yn it algemien waard hja net inkeld yn dy iene stêd, mar yn 'e hiele Grykske wrâld fan 'e Aldheid fereare.

Neffens it bekendste ferhaal waard Pallas Atene berne út 'e holle fan 'e oppergod Seus, sûnder dat dêr in froulike partner oan te pas kaam. De myten skilderje har ôf as in snoade selskipsfrou fan dryste aventoerslju yn har rol as patronesse fan heldhaftige ûndernimmings. Har ferearing wie sa taai, dat argayske ferhalen oer har oanpast waarden om kulturele feroarings te ynkorporearjen. Pallas Atene wurdt identifisearre mei de Romeinske goadinne Minerva.

Lês fierder


besjen


Wike 23

De Slach by Midway wie in grutte seeslach oan it Pasifyske Front fan 'e Twadde Wrâldoarloch, dy't plakfûn oer in perioade fan fjouwer dagen fan 4 oant en mei 7 juny 1942 by it atol Midway, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Dizze slach waard útfochten in healjier nei de Japanske oerwinning by de Oanfal op Pearl Harbor en in moanne nei de Slach yn 'e Koraalsee, dy't op gelykspul útrûn wie. By de Slach by Midway die in float fan 'e Keizerlike Japanske Marine ûnder lieding fan 'e admiraals Isoroku Yamamoto, Chūichi Nagumo en Nobutake Kondō in wraam op it Amerikaanske Midway. De Amerikaanske Pasifyske Float, ûnder de admiraals Chester W. Nimitz, Frank Jack Fletcher en Raymond A. Spruance bûn de striid mei de Japanners oan en behelle in klinkende oerwinning by in treffen benoarden Midway dat fan beide kanten benammen útfochten waard mei loftoanfallen op 'e fijannige floaten, útfierd troch bommesmiters dy't opstige wiene fan fleandekskippen. De Japanske nederlaach yn 'e Slach by Midway wie foar de Alliëarden fan krúsjaal belang by it kearen fan it tij oan it Pasifyske Front. Yn 'e mande mei de Slach om Stalingrad yn Ruslân en de Twadde Slach by El Alamein yn Noard-Afrika wurdt dizze seeslach troch histoarisy beskôge as ien fan 'e trije wichtichste mominten út 'e Twadde Wrâldoarloch.

Lês fierder


besjen


Wike 24

Wageningen University & Research (WUR) is in fierhinne Ingelsktalige Nederlânske universiteit yn 'e Gelderske stêd Wageningen. De offisjele namme is Ingelsktalich, mar yn it algemien spraakgebrûk wurdt dizze ûnderwiisynstelling ornaris oantsjut as de Universiteit fan Wageningen. Behalven út 'e eigentlike universiteit bestiet WUR ek út in tal ferselsstannige ûndersyksynstituten fan 'e eardere Tsjinst Lânboukundich Undersyk (DLO) fan it Ministearje fan Lânbou. Dy ûndersyksynstituten dogge tapassingsrjochte ûndersyk en praktykûndersyk sûnder winsteachmerk en wurkje yn opdracht fan 'e oerheid, it bedriuwslibben en non-profitorganisaasjes. De universiteit waard yn 1918 oprjochte út in eardere rykslânbouskoalle. Yn 2018 hie WUR 12.000 studinten, dy't ôfkomstich wiene út mear as 100 ferskillende lannen. Op it mêd fan 'e biologyske wittenskippen, lânboukunde en miljeuwittenskippen heart WUR ta de bêste universiteiten fan 'e wrâld. Neffens de Times Higher Education World University Rankings is it de bêste universiteit fan Nederlân en de bêste yn 'e wrâld wat lânbou en boskbou oangiet.

Lês fierder


besjen


Wike 25

Anna fan Bretanje (Frânsk: Anne de Bretagne; Bretonsk: Anna Breizh; Nantes, 25 of 26 jannewaris 1477 – Blois, 9 jannewaris 1514) wie fan 1488 oant har dea hartoginne fan it (yn namme) doe noch ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Hoewol't se der alles oan die dat yn har macht lei om 'e selsstannigens fan har heitelân te hanthavenjen, kaam Bretanje yn har tiid stevich yn 'e hannen fan it Keninkryk Frankryk, dat it hartochdom yn 1532 anneksearje soe. Njonken har regear suo jure oer Bretanje, wie Anna keninginne-gemalinne fan Frankryk, earst as de oarehelte fan Karel VIII en letter fan Loadewyk XII. Sy is de iennichste frou dy't twaris keninginne-gemalinne fan Frankryk west hat. Teffens wie se ûndere de Italjaanske Oarloggen keninginne-gemalinne fan Napels en hartoginne-gemalinne fan Milaan. Yn Bretanje stiet Anna noch altyd yn heech oansjen as ien dy't it lân om 'e nocht tsjin 'e Frânsen besocht te ferdigenjen. Yn it tiidrek fan 'e tweintichste iuw waard se sadwaande in boechbyld fan it Bretonske nasjonalisme.

Lês fierder


besjen


Wike 26

Long John Silver (Ingelsk foar "Lange John Silver") is in ferneamd fiktyf personaazje en de wichtichste antagonist út 'e histoaryske jeugd- en aventoereroman Treasure Island, fan 'e Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson. Dat wurk waard yn 1881-1882 yn in iere ferzje as fúljeton publisearre en yn 1883 yn syn úteinlike foarm as boek. Silver is fierwei it kleurrykste en meast komplekse personaazje yn 'e roman. Hy wurdt yntrodusearre as skipskok, mar blykt de slûchslimme lieder en kaptein fan in groep seerôvers te wêzen. De opmerklikste eleminten yn ferbân mei Silver binne dat er syn lofterskonk mist en himsels fuortbeweegd mei in kruk ûnder de lofterearm, wylst er in pappegaai op it skouder hat. Long John Silver, syn foarkommen en hâlden en dragen hawwe in ûnbidige ynfloed hân op it byld dat yn 'e Westerske popkultuer bestiet fan 'de seerôver'.

Lês fierder


besjen


Wike 27

De langpoatmûsgoffer (wittenskiplike namme: Perognathus longimembris), ek wol langpoatwangpûdmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus), dat lânseigen is yn dielen fan it westen en it súdwesten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en yn it noardwesten fan Meksiko. It is in lyts, omnivoar nachtdierke, dat winterdeis in wintersliep hâldt en sadwaande inkeld aktyf is yn it simmerhealjier. It hat grutte, oprekbere, eksterne wangpûden dy't it brûkt om fretten te sammeljen en mei werom te nimmen nei syn hoale. De IUCN klassifisearret de langpoatmûsgoffer as net bedrige. Langpoatmûsgoffers binne yn it ferline yn it romtefeartprogramma fan 'e NASA ferskate kearen brûkt as proefdieren.

Lês fierder


besjen


Wike 28

De Ku Klux Klan (útspr.: [ˌkuːklʌksˈklæn], likernôch: "kûû-klaks-klên"), is in beruchte, yllegale, paramilitêre, terroristyske, rjochts-ekstremistyske groepearring yn 'e Feriene Steaten. De namme fan 'e groepearring wurdt gauris ôfkoarte ta KKK en ek wol ferkoarte ta "de Klan" (om't it gewoane wurd "clan" yn it Ingelsk mei in c stavere wurdt). In oare beneaming is it Invisible Empire ("it Unsichtbere Ryk") of it Invisible Empire of the Ku Klux Klan. Mei't der net ien inkele KKK-groep bestiet, mar ferskaten njonkeninoar, kin eins net sprutsen wurde fan in organisaasje, mar is de oantsjutting 'beweging' hjir mear fan tapassing. De KKK is fan âlds it meast aktyf yn it Amerikaanske Suden en ûnderskiedt him fan oare ekstremistyske organisaasjes mei in fierhinne gelikens gedachteguod trochdat leden har op gearkomsten klaaie yn lange wite mantels en kegelfoarmige hege wite puntmûtsen dêr't in anonimisearjend (wyt) masker oan befêstige is dat oer it gesicht hinne hinget.

De beweging waard yn 1865, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, foar it earst oprjochte en hat sûnt yn trije ûnderskate ynkarnaasjes bestien, te witten de earste Klan (1865-1872), de twadde Klan (1915-1944) en de trêde Klan (fan 1946 ôf). Hoewol't de KKK benammen bekend stiet om 'e ferfolging fan negroïde minsken omreden fan harren hûdskleur, keart de beweging him ek tsjin Joaden, Latino's, Yndianen, Aziaten, blanken dy't in relaasje hawwe mei immen fan in oar ras, roomsen, moslims, ateïsten, homo's, feministen, ymmigranten, sosjalisten, kommunisten, fakbûnsleden en foarstanners fan it rjocht op abortus, eutanasy en it homohoulik. By harren aksjes skrilje KKK-leden net tebek foar it gebrûk fan geweld of sels foar moard.

Lês fierder


besjen


Wike 29

Kim-Lian van der Meij (Beverwyk, 1 oktober 1980) is in Nederlânsk presintatrise, aktrise, model, sjongster en dûnseresse. Hja briek troch mei rollen yn 'e tillefyzjesearjes Kees & Co. en Costa!, mar wie letter benammen wurksum as presintatrise fan û.o. kwissen, talintejachten en realitytillefyzjeprogramma's. Dêrnjonken boude Van der Meij ek in bloeiende karriêre op as musicalaktrise, wêrby't se û.m. te sjen wie yn De Kleine Zeemeermin, Fame en Shrek de Musical. Fierders is se ek gauris as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan tekenfilms belutsen.

Lês fierder


besjen


Wike 30

Frjentsjer (Nederlânsk en offisjeel: Franeker) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, dy't inkeld de histoaryske stêd Frjentsjer en syn klokslach omfieme. De gemeente hie op 1 jannewaris 1981 12.657 ynwenners, en besloech in oerflak fan 17,24 km². Frjentsjer waard by de gemeentlike weryndieling fan 1984 opheft as selsstannige bestjoerlike ienheid en gearfoege mei it âlde Frjentsjerteradiel en it grutste part fan Barradiel ta it nije Frjentsjerteradiel.

Lês fierder


besjen


Wike 31

Trijekeningejûn, yn it oarspronklike Ingelsk: Twelfth Night (eins folút: Twelft Night, or: What You Will), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't it ferhaal fertelt fan 'e jonge ealfrouwe Viola, dy't skipbrek lijt foar de kust fan Illyrje. Trijekeningejûn moat skreaun wêze yn 1601 of 1602 om opfierd te wurden op Trijekeningen, oan 'e ein fan 'e krystperioade. It stik linet swier op it koarte ferhaal Of Apollonius and Silla, fan Barnabe Rich, dat wer basearre wie op in ferhaal fan Matteo Bandello. It waard foar it earst opfierd op 2 febrewaris 1602, Marije-Ljochtmis (wat doedestiden de formele ein fan it krystseizoen wie), mar waard pas foar it earst publisearre yn 1623, as ûnderdiel fan 'e First Folio. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.

Lês fierder


besjen


Wike 32

De USS Missouri is in Amerikaansk slachskip fan 'e Iowa-klasse, mei de koade BB-63 en de bynammen Mighty Mo en Big Mo ("MO" is de offisjele ôfkoarting fan 'e Amerikaanske steat Missouri, dêr't it skip nei ferneamd is). It wie mei tuskenskoften fan 1944 oant 1992 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. De USS Missouri wie it lêste slachskip dat troch de Feriene Steaten boud waard. It waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch ynset yn 'e striid tsjin Japan, en it dek tsjinne yn septimber 1945 as it plak dêr't de formele kapitulaasje fan Japan plakfûn. Neitiid waard it skip op 'e nij ynset yn 'e Koreaanske Oarloch en de Earste Golfoarloch, foar't it yn 1992 úteinlik foargoed ôftanke waard. De USS Missouri waard dêrnei in museumskip, dat ôfmarre leit oan Ford Island yn 'e lagune fan Pearl Harbor yn Hawaï. It skip krige by in breder publyk bekendheid troch syn dielname oan films as Under Siege en Battleship.

Lês fierder


besjen


Wike 33

Eachkleur is in polygene fenotypefariaasje dy't bepaald wurdt troch twa ûnderskate faktoaren: de pigmintaasje fan 'e iris fan it each en de frekwinsje-ôfhinklikheid fan 'e ferstruiïng fan it ljocht troch it troebele medium yn it stroma fan 'e iris. By de minske fariëarret de pigmintaasje fan 'e iris fan ljochtbrún oant swart, ôfhinklik fan 'e konsintraasje fan it pigmint melanine yn it irispigmint-epiteel (oan 'e efterkant fan 'e iris), de melanine-ynhâld yn it irisstroma (oan 'e foarkant fan 'e iris) en de sellulêre tichtens fan it stroma. Dat it by guon minsken liket as hawwe se blauwe, griene of hazzenútkleurige eagen, wurdt feroarsake troch de Tyndall-ferstruiïng fan ljocht yn it stroma, in ferskynsel dat fierhinne gelyk is oan 'e Rayleigh-ferstruiïng dy't de loft syn blauwe kleur jout. Noch blau, noch grien pigmint komt ea foar yn 'e minsklike iris of okulêre floeistof. Eachkleur is sadwaande ôfhinklik fan ljochtomstannichheden, fral by eagen dy't fan natuere net folle pigmint befetsje.

Lês fierder


besjen


Wike 34

Rodrigo Díaz fan Vivar, better bekend ûnder syn bynamme El Cid, (Vivar del Cid, ±1043 – Falinsia, 10 july 1099) wie in Midsiuwske ridder en kriichshear yn it Keninkryk Leön en it Keninkryk Kastylje, dy't yn it moderne Spanje noch altyd de status fan folksheld hat. Syn bynamme is in Spaanske ferbastering fan 'e Arabyske earetitel al-Sajid, dat "de Hear" betsjut. Hy stie ek bekend ûnder de bynamme El Campeador ("de Foarfjochter"). Yn it tiidrek fan 'e Reconquista, de iuwen duorjende werovering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristenen op 'e Moaren, focht El Cid yn 'e legers fan sawol kristlike as islamityske hearskers. Oan it haad fan in leger ridders dat inkeld trou oan himsels wie, kaam er oan 'e ein fan 'e alfde iuw it eastlike part fan it Ibearysk Skiereilân te dominearjen. Yn 1194 ferovere er Falinsia op 'e Moaren, dat er dêrnei oant syn ferstjerren regearre as prins. Syn dieden waarden letter ferivige yn it ferneamde Midsiuwske Spaanske epos El Cantar de mio Cid, en noch letter yn ferskate toanielstikken, films en oare media.

Lês fierder


besjen


Wike 35

Jaws is in Amerikaanske horrorskrillerfilm út 1975 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Roy Schneider en Richard Dreyfuss. De titel betsjut "Kaken". It ferhaal giet oer it fiktive fakânsje-eilân Amity, yn Nij-Ingelân, dat terrorisearre wurdt troch in minskeslinende wite haai. De pleatslike plysjekommissaris Martin Brody giet der mei marine biolooch Matt Hooper en de beropsmjittige haaiejager Quint op út om mei it bist ôf te weven. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme, in bestseller út 1974 fan Peter Benchley. Jaws krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en woeks yn 'e bioskopen út ta in fenomenaal súkses. It wie de meast opbringende film aller tiden oant twa jier letter Star Wars útkaam. Jaws wûn trije Oscars, in Golden Globe, in Grammy Award en in BAFTA. De film foarme de trochbraak fan Steven Spielberg as regisseur en fan John Williams as filmkomponist. Tsjintwurdich wurdt Jaws sjoen as in wiere filmklassiker, dy't yn 2001 opnommen waard yn it Nasjonaal Film Register. De film hie in grutte en duorjende ynfloed op oare films, de Amerikaanske filmyndustry en it byld dat in protte minsken hawwe fan haaien. It súkses fan Jaws late ta it ûntstean fan in mediafranchise mei deselde namme, dy't û.o. bestiet út trije almar as minder beoardiele ferfolchfilms. Oer it negative effekt fan Jaws op 'e haaiepopulaasje spriek Spielberg letter syn grutte en duorjende spyt út.

Lês fierder


besjen


Wike 36

Rôze is in kleur dy't eins in nei wyt niigjende tint fan read is (dus read mei in hege ljochtyntinsiteit). Sadwaande makket it gjin selsstannich ûnderdiel út fan it spektrum fan sichtber ljocht of fan 'e kleuresirkel. By additive kleurminging is rôze in tertiêre kleur (dy't ûntstiet troch it mingen fan alle trije primêre kleuren read, blau en grien), mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur (makke troch maginta en giel te mingen). Yn 'e skilderkeunst kriget men rôze troch read te mingen mei wyt. Kwa tinten rint rôze útinoar fan seeskulp, dat hast wyt is, oant it fel kleure shocking pink. Rôze wurdt assosjearre mei sjarme, fatsoen, emoasje, swietens, bern, ûnskuld, froulikheid, homoseksualiteit, romantyk en erotyk. Yn 'e heraldyk is rôze in heraldyske kleur, dy't lykwols as sadanich net algemien erkenning genietet.

Lês fierder


besjen


Wike 37

Kioto (Japansk: 京都, Kyōto, útspr.: /ˈkjoːto/, likernôch: "kjoo-tó", Lûdsfragmint beharkje; eins offisjeel Kioto-Stêd, 京都市, Kyōto-shi) is in grutte stêd yn Japan, dy't yn it súdlike diel fan it grutte eilân Honsjû leit. Oars as de measte oare grutte Japanske stêden leit Kioto net oan see. De lizzing yn it binnenlân soarget foar hjitte simmers en kâlde winters. It plak dêr't no Kioto leit, wurdt al bewenne sûnt it Paleolitikum. Fan 794 oant 1869 wie de stêd de residinsje fan it Keizerlik Hof en dêrmei de haadstêd fan Japan. Anno 2023 hie Kioto likernôch 1,4 miljoen ynwenners, wêrmei't it de op acht nei grutste stêd fan Japan wie. Mei alle foarstêden en it heal ferstedske plattelân deromhinne meirekkene hie Kioto yn 2020 in befolking fan ûngefear 3,8 miljoen minsken. Mei twa oare grutte metropoalen, Osaka en Kobe, foarmet Kioto de stêdekloft Keihanshin, dy't mear as 19 miljoen ynwenners hat. Kioto hat withoefolle boedistyske timpels, sjintoïstyske hillichdommen, paleizen en pronktunen, dy't mei-inoar opnommen binne op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. De stêd wurdt beskôge as de kulturele haadstêd fan Japan en is in wichtige toeristyske bestimming.

Lês fierder


besjen


Wike 38

De Nederlânske Kustwacht (Nederlânsk: Nederlandse Kustwacht), almeast koartwei de Kustwacht neamd, en ek wol Kustwacht Nederlân, ta ûnderskie fan 'e Kustwacht Karibysk Gebiet, is de kustwacht fan it Jeropeeske diel fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Dizze organisaasje is ferantwurdlik foar saken as kustbewekking, helpferliening by need op see, sykjen en rêden op see, tafersjoch op it neilibjen fan maritym rjocht, tafersjoch op 'e skipfeart, bestriding fan smokkeljen oer see en ynspeksje fan 'e fiskerij. De Kustwacht bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 1987 en ressortearret ûnder de Keninklike Marine. Yn opdracht fan seis Nederlânske ministearjes fiert de Kustwacht út syn haadkertier yn De Helder wei taken út y.g.m. oare ûnderdielen fan 'e Nederlânske Striidkrêften, de Nasjonale Plysje en de Dûane.

Lês fierder


besjen


Wike 39

Sharon Tate (folút: Sharon Marie Tate; Dallas, 24 jannewaris 1943Los Angeles, 9 augustus 1969) wie in Amerikaansk aktrise en model. Fan it begjin fan 'e 1960-er jierren ôf ferskynde se in reklamespotsjes en hie se lytse gastroltsjes yn tillefyzjesearjes oant se úteinlik bekend waard mei rollen yn 'e films Valley of the Dols en The Fearless Vampire Killers. Tate troude mei de Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski. Se wie acht en in heale moanne swier doe't se yn 'e nacht fan 8 op 9 augustus 1969 mei fjouwer oaren fermoarde waard troch leden fan 'e Manson Family, de sekte om searjemoardner Charles Manson hinne.

Lês fierder


besjen


Wike 40

It Njoggende Legioen, yn it Latyn: Legio IX Hispana ("Legioen IX – fan Hispanje"), ek stavere as Legio VIIII Hispana en as Legio nona Hispana, wie in legioen fan it Romeinske Leger dat bestie fan 'e earste helte fan 'e earste iuw f.Kr. oant teminsten it jier 120. It wie opmakke út 5.400 man, meast fuotfolk, oanfolle mei wat hynstefolk foar ferkenningstaken en sa. It wie legere en focht yn ferskate provinsjes fan 'e lette Romeinske Republyk en it iere Romeinske Ryk. Nei de Romeinske ferovering fan Brittanje waard it Njoggende Legioen stasjonearre yn 'e nije provinsje Brittanje, dêr't it nei likernôch 120 sûnder útlis út 'e histoaryske boarnen ferdwûn. It ûnbekende lot fan it legioen joech it de bynamme it 'Ferlerne Legioen'. Der waarden ferskate teoryen betocht om 'e ferdwining fan it legioen ferklearjen.

De bekendste fan dy teoryen, fan Theodor Mommsen, woe hawwe dat it Njoggende Legioen by in fjildtocht yn Kaledoanje (it tsjintwurdige Skotlân) alhiel útrûge wie yn 'e striid tsjin 'e Pikten. Dat idee waard mids tweintichste iuw popularisearre troch de roman The Eagle of the Ninth, fan Rosemary Sutcliff. Mank histoarisy rekke de teory fan Mommsen lykwols út 'e geunst doe't ferskate ynskripsjes oer it legioen weromfûn waarden yn Nimwegen, wat suggerearret dat it omtrint 120 dêrhinne oerpleatst is. Der wurdt no wol tocht dat it Njoggende útrûge is yn in oarloch út 'e twadde iuw, lykas de Bar Kochba-opstân yn Judeä of de Romeinsk-Partyske Oarloch fan Markus Aurelius yn eastlik Anatoalje. Yn elts gefal is dúdlik dat it legioen net mear bestie yn it jier 197.

Lês fierder


besjen


Wike 41

Tom Clancy (folút: Thomas Leo Clancy jr.; Baltimore, 12 april 1947 – dêre, 1 oktober 2013) wie in Amerikaansk skriuwer dy't bekend stie om syn technysk detaillearre beskriuwings fan spionaazje en militêre saken. Hy waard wrâldferneamd mei syn spionaazje- en skrillerromans, dy't hast allegearre bestsellers waarden, en ferkocht mear as 100 miljoen eksimplaren fan syn boeken. Clancy wie de geastlike heit fan it personaazje Jack Ryan. Dat wie de haadpersoan yn û.o. boeken as The Hunt for Red October, Patriot Games, Clear and Present Danger en The Sum of All Fears, dy't allegearre mei grut kommersjeel súkses ferfilme waarden. Nei it ferstjerren fan Clancy is de Jack Ryan-romansearje mei goedkarring fan syn erven fuortset troch oare auteurs.

Lês fierder


besjen


Wike 42

It Swahily (Swahily: Kiswahili) is in Bantoetaal dy't fan oarsprong sputsen waard troch de Swahily, in folk dat lânseigen is yn East-Afrika, oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan. Yn 'e koloniale perioade hat it gebrûk fan dizze taal him lykwols oant fier yn it Afrikaanske binnenlân ta útwreide. It Swahily is hjoed de dei in offisjele taal yn Kenia, Tanzania, Oeganda en dielen fan 'e Demokratyske Republyk Kongo. It nau besibbe Komoreesk, de nasjonale taal fan 'e Komoaren en Majot, wurdt soms as in dialekt fan it Swahily beskôge. Der binne sa'n 5 miljoen minsken dy't it Swahily as memmetaal sprekke, mar mooglik wol oant 150 miljoen minsken dy't it as twadde taal oanleard hawwe.

Lês fierder


besjen


Wike 43

Billy the Kid (Ingelsk foar "Billy de Jonge" of "Billy it Jonkje"), berne as William Henry McCarty jr. en ek bekend as William H. Bonney, Henry McCarty en Henry Antrim (New York, 23 novimber 1859 – Fort Sumner (Nij-Meksiko), 14 july 1881), wie in njoggentjinde-iuwsk Amerikaansk bandyt fan etnysk Iersk komôf. Hy wie in cowboy en revolverman dy't him oerjoech oan moard en dieverij en dêrmei in plak yn 'e Amerikaanske folkloare ferovere as ien fan 'e grutte nammen út 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy waard bekend troch syn dielname oan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County. Neffens de leginde soe Billy the Kid 21 manlju deamakke hawwe, mar histoarisy hâlde it derop dat dat oantal flink leger lei, tusken fjouwer en njoggen. Troch syn garismatyske persoanlikheid en altyd kibich klaaide foarkommen brocht er it, nettsjinsteande syn misdieden, ta de status fan folksheld.

Lês fierder


besjen


Wike 44

Beowulf is in Aldingelsk epysk heldedicht út 'e Midsiuwen, besteande út 3182 alliterative regels yn stêfrym, dat skreaun is troch in anonime dichter. It is ien fan 'e wichtichste wurken fan 'e Angelsaksyske literatuer en foarmet in tsiende part fan alle oerlevere poëzij yn it Aldingelsk. It spilet yn Skandinaavje en fertelt it ferhaal fan 'e Geatyske held Beowulf, dy't yn Denemark it meunster Grendel ferslacht. Beowulf hat in kristlik laklaachje, mar is yn 'e grûn dochs noch altiten in Germaansk heidensk helde-epos fan foar de komst fan it kristendom. It waard yn 1984 yn proaza oerset nei it Frysk troch Jelle Krol en Popke van der Zee.

Lês fierder


besjen


Wike 45

Diergaarde Blijdorp ek wol bekend as de Rotterdamsche Diergaarde en yn it Ingelsk as Rotterdam Zoo, is in dieretún yn Rotterdam. It is in bedriuw dat ûnder behear stiet fan 'e Stichting Koninklijke Diergaarde Rotterdam. Diergaarde Blijdorp (letterlik: "Dieretún Bliid-doarp") is fêstige yn it noardwesten fan 'e stêd, en waard stifte yn 1857. Dêrmei is it ien fan de âldste dieretunen fan Nederlân; yn 2007 waard it 150-jierrich fierd. De Diergaarde beslacht in oerflak fan 26 hektare en omfettet bisten fan mear as 180 soarten, yndield nei ferskate soögeografyske regio's. It is ek in botanyske tún mei in grut ferskaat oan planten. Fierders binne der in winkel, ûnderskate kafees en in ynformaasjesintrum. Diergaarde Blijdorp is lid fan û.o. de Nederlânske Feriening fan Dieretunen (NVD) en de Jeropeeske Feriening fan Dieretunen en Akwaria (EAZA).

Lês fierder


besjen


Wike 46

It Nasjonaal Park De Everglades (Ingelsk: Everglades National Park) is in nasjonaal park yn 'e Feriene Steaten, dat yn 'e steat Floarida de súdeastpunt fan it Floaridaskiereilân beslacht. It park bestiet sûnt 1947 en omfettet likernôch 20% fan 'e oarspronklike Everglades, in ûnbidich grut moerasgebiet wêrfan't de noardlike en eastlike parten yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw foar in grut part drûchlein binne foar lânbou en stêdebou. It Nasjonaal Park De Everglades is it grutste tropyske natoergebiet yn 'e Feriene Steaten, it grutste oaniensletten nasjonaal park beëasten de Mississippy en it op twa nei grutste oaniensletten nasjonaal park yn 'e legere 48 steaten (nei it Nasjonaal Park Death Valley yn Kalifornje en it Nasjonaal Park Yellowstone yn Wyoming). De UNESCO parte it Nasjonaal Park De Everglades yn 1979 de status fan Wrâlderfgoed ta en de Konvinsje fan Ramsar sette it yn 1987 op 'e list fan wetlands fan ynternasjoneel belang.

Lês fierder


besjen


Wike 47

Jerry Rawlings (folút: Jerry John Rawlings, mar berne as Jerry Rawlings John; Accra, 22 juny 1947 – dêre, 12 novimber 2020) wie in Ganeesk militêr en politikus, dy't yn 1979 lieding joech oan 'e Ganeeske steatsgreep wêrby't diktator Fred Akuffo ôfset waard. Hy droech dêrnei de macht oer oan in boargerlik regear, mar doe't de saken him net nei it sin giene, naam er de macht yn 1981 werom en joech dêrnei lieding oan in militêre gûnta dy't oant en mei 1992 it lân regearre. By frije en demokratyske ferkiezings waard Rawlings doe ta presidint keazen, sadat er noch fan 1993 oant 2001 oan 'e macht bleau. Nei syn ôftreden ûntjoech Rawling him yn Afrika ta in respektearre steatsman, dy't ferskate kearen frege waard en ûndernim in diplomatike misje.

Lês fierder


besjen


Wike 48

De Federale Finzenis Alcatraz (Ingelsk: Alcatraz Federal Penitentiary), formeel eins: de "Amerikaanske Finzenis, Alcatraz" (United States Penitentiary, Alcatraz Island), is in eardere finzenis fan 'e Amerikaanske federale oerheid op Alcatraz, in eilantsje yn 'e Baai fan San Francisco yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. De finzenis, dy't bestie fan 1934 oant 1963, wie berucht as ekstra befeilige ynrjochting wêrút ûntsnappen ûnmooglik wie. Sadwaande waarden der de swierste en meast flechtgefaarlike kriminelen pleatst. Nei de sluting fan it tichthûs waard it úteinlik in museum en hjoed oan 'e dei is it ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan San Francisco.

Lês fierder


besjen


Wike 49

De Gold Coast (Ingelsk foar "Goudkust") is in stêd en gemeente (local government area) yn 'e Austraalje. It plak leit yn it uterste súdeasten fan 'e Australyske steat Queenslân, dêr't it oer in ôfstân fan krapoan 56 km fan noard nei súd by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns rint. Yn it noarden grinzget it oan 'e stêdekloft fan Brisbane, de haadstêd fan Queenslân, en yn it suden leit it oan 'e grins mei de dielsteat Nij-Súd-Wales. Yn 2021 hie de Gold Coast likernôch 641.000 ynwenners. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Queenslân (nei Brisbane) en de op fiif nei grutste stêd fan Austraalje. De Gold Coast is in subtropysk baaiplak en in wichtige toeristyske bestimming yn Austraalje, mei as sintrum it omskriuwend neamde Surfers Paradise. Behalven om syn strannen stiet de stêd ek bekend om syn troch wolkekliuwers dominearre skyline, syn ferdivedaasjeparken en nachtklubs en syn troch tropysk reinwâld begroeide efterlân. In wichtich part fan 'e Australyske tillefyzje- en filmyndustry is yn 'e Gold Coast fêstige.

Lês fierder


besjen


Wike 50

Joe Medicine Crow (folút: Joseph Medicine Crow; Lodge Grass (Montana), 27 oktober 1913 – Billings (Montana), 3 april, 2016) wie in Amerikaansk skiedkundige, antropolooch, publisist en berneboekeskriuwer fan Yndiaansk komôf. Hy wie in etnyske Krie, en in foaroansteand lid fan 'e federaal erkende Krieë Stamme. Medicine Crow skreau in protte oer de kultuer fan syn folk en de ynfloed dy't de dominante Westerske kultuer fan 'e blanke Amerikanen dêrop hân hat, mar it bekendst fan syn oeuvre binne syn autobiografy Counting Coup en syn wurken en lêzings oer de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, fan 1876. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne Medicine Crow yn it Amerikaanske Leger en wied er it lêste oarlochsopperhaad fan 'e Krieën. Hy berikte yn 2013 de hege âlderdom fan hûndert jier, en wie it lêste libbene oarlochsopperhaad fan alle Flakte-Yndianen. Medicine Crow wie ûntfanger fan it Frânske Légion d'Honneur en de Amerikaanske Presidinsjele Frijheidsmedalje.

Lês fierder


besjen


Wike 51

De Kwartêre Iistiid, ek bekend as de Pleistosene Iistiid of de hjoeddeistige iistiid, is in iistiid dy't it hiele Kwartêr omfiemet, fan 2.588.000 jier lyn oant no. Krekt as alle iistiden bestiet de Kwartêre Iistiid út glasialen (kâldere perioaden) en ynterglasialen (waarmere perioaden). Op 't heden libje wy yn in ynterglasiaal, dy't bekendstiet as it Holoseen. Hoewol't geologen, omreden fan it feit dat der iiskapen yn 'e poalstreken en gletsjers yn 'e heechberchtmen besteane, it hiele Kwartêr as ien lange iistiid omskriuwe, wurdt yn 'e folksmûle mei "iistiid" oer it algemien ferwiisd nei de meast resinte glasiaal, dy't omtrint 11.700 jier lyn einige.

Lês fierder


besjen


Wike 52

In ingel (froulike foarm: ingelinne), soms ek wolris himeling neamd, is in mytysk wêzen dat foarkomt yn 'e mytologyen fan ferskate godstsjinsten. De bekendste foarm is ûntliend oan 'e abrahamityske religyen: joadendom, kristendom, islaam, mandeïsme en bahaïsme. Yn dy nau besibbe godstsjinsten wurde ingels yn 'e regel foarsteld as goedaardige himelske geasten mei boppenatuerlike krêften, dy't in minsklik skynlichem oannimme mei grutte wite wjukken op 'e rêch. Hja binne tsjinners fan 'e almachtige God, waans wil se útfiere. Dêrnjonken binne der ek de fallen ingels, dy't yn opstân kommen wêze soene tsjin God, en neitiid út 'e himel ferballe waarden nei de hel. Der binne ferskate oare godstsjinsten dêr't ingels yn foarkomme, lykas yn it soroästrisme. De teologyske stúdzje nei ingels hjit de angelology.

Lês fierder


besjen