Springe nei ynhâld

Kim-Lian van der Meij

Ut Wikipedy
Kim-Lian van der Meij
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kim-Lian van der Meij
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 oktober 1980
berteplak Beverwyk (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
Yndonezysk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, aktrise, model
sjongster, dûnseresse
medium tillefyzje
wurksum by Jetix, SBS, NCRV
bekend fan Goede Tijden, Slechte Tijden
CallTV
jierren aktyf 1996 – no
prizen Miss Fitness Nederlân 1998
offisjele webside
www.kim-lian.nl

Kim-Lian van der Meij (Beverwyk, 1 oktober 1980) is in Nederlânsk presintatrise, aktrise, model, sjongster en dûnseresse. Hja briek troch mei rollen yn 'e tillefyzjesearjes Kees & Co. en Costa!, mar wie letter benammen wurksum as presintatrise fan û.o. kwissen, talintejachten en realitytillefyzjeprogramma's. Dêrnjonken boude Van der Meij ek in bloeiende karriêre op as musicalaktrise, wêrby't se û.m. te sjen wie yn De Kleine Zeemeermin, Fame en Shrek de Musical. Fierders is se ek gauris as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan tekenfilms belutsen.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Meij waard yn 1980 berne yn it Noardhollânske Beverwyk en is foar in part fan Yndonezysk komôf. As bern die se mei oan ferskate pleatslike dûnswedstriden, en teffens oan guon playbackshows. Twa kear, op har sechsde en op har alfde, wie se op 'e tillefyzje te sjen yn 'e Mini-Playbackshow fan Henny Huisman. Doe't se sechstjin jier wie, sette Van der Meij útein om as model te wurkjen. Se posearre foar fotoreportaazjes en reklamewurk, en paradearre as mannekên by moadeshows oer de catwalk. Ek die se oan fitness, en yn 1998, op har achttjinde, wûn se de titel Miss Fitness Nederlân.

Tillefyzjekarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanôf likernôch 2000 wie Van der Meij as aktrise te sjen yn tillefyzjesearjes lykas de komeedzjesearje Kees & Co. en de jeugddramasearjes Bonbini Beach en Costa! Ek hie se in gastrol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Oanslutend wie se aktyf as presintatrise by CallTV en fan 'e kwis Puzzeltijd. Nei't der in pear jier net safolle fan Van der Meij fernommen wie, kearde se op 'e tillefyzje werom as presintatrise fan 'e Kids Top 20, in nij programma op 'e bernestjoerder Jetix. Yn 2006 presintearre se ek Nationale Kids TV.

Yn desimber 2007 die Van der Meij tegearre mei Sipke Jan Bousema de presintaasje fan 'e ynternasjonale finale fan it fyfde Junior Eurofyzjesongfestival yn Rotterdam. Yn 2012 presintearrre hja mei Ewout Genemans ek de ynternasjonale finale fan it tsiende Junior Eurofyzjesongfestival. Yn 2009 hie Van der Meij in rol yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen en presintearre se it spulprogramma Hider in the House by de NCRV. Yn 2011 wie se gastpanellid yn 'e sjuery fan 'e talintejacht Op Zoek naar Zorro. Datselde jiers naam se diel oan it earste seizoen fan 'e nije searje fan it spulprogramma Fort Boyard. It aktearwurk fan Van der Meij út 'e 2010-er jierren omfieme benammen rollen yn bernefilms en bernesearjes. Dêropta wie se ek in protte aktyf as stimaktrise by Nederlânsktalige neisyngronisearrings fan bûtenlânske tekenfilms, lykas yn Tangled (as Rapûnske), Rio (as de pappegaai Jewel), The Smurfs (as Smurfin), Rio 2 (op 'e nij as Jewel) en Ralph Breaks the Internet (wer as Rapûnske).

Yn 2013 presintearre Van der Meij it Gouden Televizier-Ring Gala. Yn 2014 wûn se de nijjiersútstjoering fan Paul de Leeuw syn show Ranking the Stars. Datselde jiers sette se útein mei in nije baan by SBS Broadcasting, dy't û.m. har presintaasje fan 'e rabbersrubryk Shownieuws, op 'e stjoerder SBS 6 omfieme. Fierders presintearre hja op Net 5 yn it neijier fan 2014 it programma Het Geheim van een Goed Huwelijk. Fan ein augustus 2015 ôf presintearre Van der Meij it wyklikse praatprogramma Thuis op Zondag. Oant jannewaris 2016 wie Dirk Zeelenberg dêrby har fêste ko-presintator, mar neitiid gie se allinnich troch. Yn 2022 die Van der Meij mei oan it realityprogramma Wie is de Mol?, wêryn't se de ferliezende finalist wie.

Bij platemaatskippij CNM krige Van der Meij begjin 2000-er jierren de kâns en meitsje har eigen muzykalbum. Har earste single, Teenage Superstar, waard yn oktober 2003 in top 10-hit yn 'e Nederlânske Top 40. Nei noch ferskate oare singles, wêrûnder Hey, Boy! en Garden of Love, kaam yn 2004 Van der Meij har debútalbum Balance út, dat ek ferskynde yn û.m. Belgje, Itaalje, Yndoneezje, Singapoer en Súd-Afrika. Yn 'e simmer fan dat jier publisearre se de single Kids in America, in cover fan in liet fan Kim Wilde.

Ewout Genemans en Kim-Lian van der Meij yn 2012, as presintators fan it tsiende Junior Eurofyzjesongfestival.

Yn 2005 rekke Van der Meij lykwols by CNM wei nei't der op artistyk mêd spul ûntstien wie. Dêrnei sette se dermei útein om har muzyk yn eigen behear út te jaan, begjinnend mei de single Road to Heaven en har twadde album Just Do It, beide út 2006. Yn it neijier fan 2009 waard it skeel mei CNM bylein en krige Van der Meij in nij platekontrakt oanbean. Under ynfloed fan har Sweedske frijer socht se dêrnei gearwurking mei de Sweedske sjongster Linda Bengtzing, mei wa't se de single Not That Kinda Girl opnaam en útbrocht yn Nederlân, Flaanderen, Sweden, Noarwegen en Finlân.

Musicalkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har wurk as sjongster is Van der Meij ek tige aktyf as musicalaktrise. Ein 2003 spile se de rol fan prinsesse Madelein yn 'e musical Kunt U Mij de Weg naar Hamelen Vertellen, Mijnheer? Tegearre mei Kathleen Aerts (earder fan K3) fertolke se fierders de titelrol yn 'e musicalferzje fan De Kleine Zeemeermin. Teffens spile se yn 2007 de rol fan Janis yn 'e musical Doe Maar!, wêrnei't se yn 2008 as Carmen yn 'e musical Fame te sjen wie, as de tsjinspylster fan Jim Bakkum.

It earste healjier fan 2009 wie Van der Meij te sjen yn 'e haadrol fan Ariël yn 'e musical Footloose, en fanôf oktober 2010 fertolke se de (op it wite doek troch Reese Witherspoon ferneamd makke) haadrol fan Elle Woods yn 'e musicalferzje fan Legally Blonde. Oanslutend wie se as Roos te sjen yn Daddy Cool. Fan oktober 2012 ôf spile Van der Meij ta einbeslút de haadrol fan prinsesse Fiona yn Shrek de Musical, wêrby't se William Spaaij as tsjinspiler hie.

Van der Meij hat sûnt 2013 ek in trijetal berneboeken skreaun, wêrfan twa yn gearwurking mei Gitte Spee.

Van der Meij hat sûnt 2003 in relaasje mei Daniel Gibson, in Sweedske muzykprodusint, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't er har debútsingle Teenage Superstar foar har skreau. Hja hawwe ien dochter en twa soannen. Fanwegen swierwêzen moast Van der Meij yn 2008 har rol yn 'e musical Fame in hoart dellizze, en yn 2013 waard har rol yn Shrek de Musical om deselde reden ferskate moannen oernommen troch Anouk Maas.

  • 2013 – Sinterklaas Is een Snoeperd
  • 2013 – Dierendorpje (mei Gitte Spee)
  • 2014 – Dierendorpje in Rep en Roer (mei Gitte Spee)
albums
  • 2005 – Balance
  • 2006 – Just Do It
singles
  • 2003 – Teenage Superstar
  • 2004 – Hey, Boy!
  • 2004 – Garden of Love
  • 2004 – Kids in America
  • 2006 – Road to Heaven
  • 2006 – In Vain
  • 2009 – Gemengde Gevoelens
  • 2009 – Not That Kinda Girl
  • 2012 – Dit Pakt Niemand Ons Meer Af
  • 2012 – Break the Ice
  • 2014 – Kerstmis Vier Je Samen

Presintatrise / dielnimster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Filmografy as presintatrise / dielnimster
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1999–2002 Call TV presintatrise
2003–2006 Kids Top 20 presintatrise
2006 Show Tijd presintatrise
2007 Junior Eurofyzjesongfestival presintatrise ynternasjonale finale, mei Sipke Jan Bousema
2008 Ik Hou van Holland dielnimster
2011 Ik Hou van Holland dielnimster
2012 Junior Eurofyzjesongfestival presintatrise ynternasjonale finale, mei Ewout Genemans
2014 Shownieuws presintatrise
2014 Sterren Springen op Zaterdag presintatrise tegearre mei Gerard Joling
2014 Beat It presintatrise yn 'e mande mei Jan Smit en Gerard Joling
2014 Ik Hou van Holland dielnimster
2014 Het Geheim van een Goed Huwelijk presintatrise
2015 De Nationale Tweelingtest presintatrise tegearre mei Kees Tol
2015 Popster presintatrise tegearre mei André van Duin
2015 De Grote Herkansing presintatrise
2015 Mindmasters Live presintatrise
2015–2016 Thuis op Zondag presintatrise yn 'e mande mei Dirk Zeelenberg, Patty Brard, Kees Tol, Viktor Brand
2016–2017 Zullen We een Spelletje Doen? presintatrise yn 'e mande mei Nick & Simon
2017 Ninja Warrior NL presintatrise tegearre mei Dennis van der Geest
2017–2019 Verzamelkoorts presintatrise
2018 5 Golden Rings presintatrise
2018 Stelletje Pottenbakkers! presintatrise
2018 Mag Ik Jullie Oma Zijn? presintatrise
2019 De Mannen van Taal presintatrise yn 'e mande mei Dennis van de Ven, Jeroen van Koningsbrugge en Nick & Simon
2019 Ik Hou van Holland dielnimster
2019 Helden door de Modder VIPS presintatrise tegearre mei Viktor Brand
2019–2020 Thank You for the Music presintatrise yn 'e mande mei Soundos El Ahmadi, Johnny de Mol, Sanne Hans, Danny de Munk
2020 Mensenkennis presintatrise
2020 Ik Hou van Holland dielnimster
2020 Lingo Vips dielnimster
2020–no 50/50 presintatrise tegearre mei Winston Gerschtanowitz
2021 Five days of Christmas presintatrise
2022 Wie is de Mol? dielnimster ferliezend finaliste
2022 Code van Coppens: De Wraak van de Belgen   dielnimster duo mei Kees van der Spek
2022 Waku Waku dielnimster
2023 In The Picture dielnimster
Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1997 Goede Tijden, Slechte Tijden famke gastrol; ôfl. S7.E160
1997 Kees & Co Ellen gastrol; ôfl. Moeders en Dochters
2001 Costa! Evelien gastrol; ôfl. Zwoele Nachten en Stripteasepillen
2004 Costa! Greetje fêste rol; 11 ôfl.
2004 Kunt U Mij de Weg naar Hamelen Vertellen, Meneer?   prinsesse Madelein
Lidwina's dochter
tillefyzjefilm
2008 Kinderen Geen Bezwaar harsels gastrol; ôfl. De Kleuren van Kim-Lian
2009–2010 Onderweg naar Morgen Linda Smit fêste rol; 41 ôfl.
2012 The Passion 2012 foarbygongster tillefyzjespecial
2014 Fashion Planet Nathalie-Jane Johansson fêste rol; 8 ôfl.
2015 Danni Lowinski Hetty Abbink gastrol; ôfl. Slachtoffers en Daders
2013–2016 De TV Kantine Chantal Janzen
ferskate oare rollen
weromkearende rol; 5 ôfl.
2017 Dokter Tinus Nienke Klaverblad / Natalie Fischer   weromkearende rol; 3 ôfl.
2017–2020 Rapunzel's Tangled Adventure Rapûnske as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2018 Zomer in Zeeland Brechtje weromkearende rol; 3 ôfl.
2019 De Club van Lelijke Kinderen: De Staatsgreep einredaktrise fêste rol; 8 ôfl.
2022 The Passion 2022 Marije Magdalena tillefyzjespecial
films
2005 Chicken Little Abby Mallard as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2010 Tangled Rapûnske as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011 Rio Jewel as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011 The Smurfs Smurfin as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011 Hop ûnbekend as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011 The Smurfs: A Christmas Carol Smurfin as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring; koarte film
2012 Tangled Ever After Rapûnske as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2013 De Smurfen 2 Smurfin as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014 Rio 2 Jewel as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2015 Apenstreken Madeleine
2016 Hartenstrijd Puf Juf
2017 Tangled: Before Ever After Rapûnske as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017 Bigfoot Junior ûnbekend as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017 Talent is Everywhere harsels koarte film
2018 Ralph Breaks the Internet Rapûnske as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2019 Duck Duck Goose as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2020 Bigfoot Family as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2021 Just Say Yes Guusje

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.