Springe nei ynhâld

Rio 2

Ut Wikipedy
Rio 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Carlos Saldanha
produsint Bruce Anderson
John C. Donkin
senario Don Rhymer
Carlos Kotkin
Jenny Bicks
Yoni Brenner
kamerarezjy Renato Falcão
muzyk John Powell
filmstudio Blue Sky Studios
20th Century Fox Animation
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Jesse Eisenberg
Anne Hathaway
byrollen Andy Garcia
Bruno Mars
Jemaine Clement
Kristin Chenoweth
Will.i.am
Jamie Foxx
Leslie Mann
Rodrigo Santoro
George Lopez
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 20 maart 2014
foarm lange tekenfilmmusical
sjenre aventoerekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget $103 miljoen
opbringst $499,7 miljoen
filmsearje
filmsearje Rio
● foarich diel Rio

Rio 2 is in Amerikaanske aventoerekomeedzje út 2014 yn 'e foarm fan in lange tekenfilmmusical foar bern en it hiele gesin. De film stie ûnder rezjy fan Carlos Saldanha en de haadrollen waarden fertolke troch Jesse Eisenberg en Anne Hathaway. De titel ferwiist nei de Brazyljaanske stêd Rio de Janeiro. De film is in ferfolch op it súksesfolle Rio, út 2011. Yn Rio 2 wurdt djip yn it Amazônegebiet it bestean ûntdutsen fan in hiele koloanje lytse blauwe ara's, in soarte wêrfan't tocht waard dat Blu en Jewel en harren trije piken de lêste eksimplaren wiene. Hoewol't it Blu it measte net skele kin, lit er him troch Jewel beprate om nei harren soartgenoaten op 'e siik te gean. It docht lykwols bliken dat de yn hege mjitte domestisearre Blu net inkeld swierrichheden hat om yn it wyld te libjen, mar ek om troch wylde soartgenoaten akseptearre te wurden. Underwilens hawwe yllegale houtkappers it op it wengebiet fan 'e lytse blauwe ara's foarsjoen. Rio 2 krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

De lytse blauwe ara's Blu en Jewel en harren piken Carla, Tiago en Bia libje gelokkich yn in fûgelreservaat fuortby Rio de Janeiro. De yn it wyld grutwurden Jewel moat lykwols, sûnder it ferhelpe te kinnen, tasjen hoe't de piken yn harren hâlden en dragen suver mear op minsken as op fûgels begjinne te lykjen. Underwilens binne Linda Gunderson, Blu syn eardere baaske, en har man, de Brazyljaanske ornitolooch Túlio Monteiro, djip yn it Amazônegebiet op ekspedysje om in rêden fûgel los te litten yn syn natuerlike habitat. Neitiid komme se yn harren kano op 'e rivier yn in streamfersnelling telâne dy't harren oer in wetterfal hinne spielt. By de poel ûnderoan de wetterfal ûntdekke se in lytse blauwe ara.

It tinken wie dat Blu en Jewel en harren piken de iennichste oerbleaune lytse blauwe ara's yn 'e wrâld wiene, mar de ûntdekking fan Linda en Túlio feroaret dat. Se helje de media derby en op 'e tillefyzje ferklearret Túlio dat er krewearje sil om it wengebiet fan 'e lytse blauwe ara's ta in beskerme natoergebiet ferklearre te krijen. Dêrmei komt er de lieder fan in yllegale houtkapoperaasje op it sear, dy't mank syn ûnderhearrigen inkeld bekend stiet as "de Grutte Baas".

Yn Rio de Janeiro sjogge Blu en Jewel en de piken ek de nijsreportaazje op 'e tillefyzje. Jewel is troch alles hinne bliid dat sy net de lêsten fan harren soarte binne. Se wol fuortendaliks nei it Amazônegebiet om har deawaande soartgenoaten te sykjen. Blu, dy't yn hege mjitte domestisearre is, stiet in libben yn 'e wyldernis net bot oan, mar út leafde foar Jewel giet er akkoart. Fan 'e piken binne de ûndogenske soan Tiago en de leargjirrige jongste dochter Bia fuort om, mar de fan muzyk hâldende âldste dochter Carla fynt it plan fan har mem mar neat. As Blu syn freonen Rafael, in reuzetoekan, Pedro, in readtoefkardinaal, en Nico, in gielsyske, meigeane om yn it tropysk reinwâld in talintejacht te hâlden op 'e siik nei nij talint foar it Karnaval fan Rio, wurdt Carla lykwols ek entûsjast.

As de groep ôfset, besiket in oare freon, de Ingelske buldog Luiz, harren te folgjen, mar dat wurdt neat. Ta argewaasje fan Jewel stiet Blu derop om foar de koers te fertrouwen op syn GPS-navigaasjesysteem, dêr't er de lokaasje fan Linda op yntoetst hat. Underweis komme se troch de stêd Manaus, de "poarte fan it Amazônegebiet". Dêr oerlibbet de sadistyske gieltoefkakketoe Nigel, de âlde aartsfijân fan Blu en Jewel, no as wiersizzer/oplichter, mei't er net mear fleane kin sûnt er troch tadwaan fan Blu syn measte fearren kwytrekke is (sjoch: Rio). As er Blu-en-dy sûnder euvelmoed oerfleanen sjocht, rekket er befongen troch razernij en beslút er wraak te nimmen. Mei twa hantlangers, in swijsume eameliter dy't Charlie hjit en de froulike gifkikkert Gabi, dy't fereale op Nigel is, set de kakketoe de efterfolging yn.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Blu-en-dy úteinlik nei in ommelânske reis de lokaasje fan Linda en Túlio yn it reinwâld berikke, kinne se dêr earst gjin soartgenoaten fine. As se hast wer werom sille, wurde se lykwols ûntfierd troch brúnkleurige fûgels, dy't, as se ûnder in wetterfal troch fleane, mei modder kamûflearre lytse blauwe ara's blike te wêzen. It is de swaarm fan Jewel, fan wa't se miende dat alle oare leden omkommen wiene by in boskbrân doe't se jong wie. Se fynt û.o. har heit Eduardo werom, de lieder fan 'e swaarm, har muoike Mimi, en har glêde jeugdfreon Roberto, oan wa't Blu fuortendaliks in grouwéligen hekel kriget.

Eduardo, dy't neat fan minsken hawwe moat, is bepaald net ûnder de yndruk fan syn wifkjende, knoffelige nije skoansoan, temear om't Blu in heuptaske mei minsklik ark en reau meidraacht. Hy neamt Blu in húsdier, wat yn 'e wyldernis in skelwurd is. Blu docht syn bêst om him oan te passen oan wylde ara's, mar dat slagget mar min. Hy fielt him allinnich en fergetten, mei't Jewel en de piken wól sûnder swierrichheden yn 'e groep opnommen wurde. As Nigel-en-dy it wengebiet fan 'e lytse blauwe ara's berikke, komt er mei in yngewikkeld plan op 'e lapen om Blu te fermoardzjen by in nije edysje fan it Karnaval fan Rio. Dêrfoar docht er audysje foar de talintejacht by Pedro, Nico, Rafael en Carla.

Underwilens binne Linda en Túlio noch altyd op 'e siik nei de lytse blauwe ara's, dy't har foar minsken soarchfâldich ferburgen hâlde. Op harren sneuptocht wurde se finzen nommen troch de houtsjers fan 'e Grutte Baas, dy't harren fêstbûn oan in beam yn it wâld efterlitte om te stjerren. Blu kriget moarns ier it lumineuze idee om der op eigen manneboet op út te gean om in paranút foar Jewel te heljen. Dêrby bedarret er lykwols ûngemurken yn it territoarium fan 'e gielwjukara's, dat swarde fijannen fan 'e lytse blauwe ara's binne. Felipe, de lieder fan gielwjukara's, brûkt dat foarfal om it bestân tusken de beide soarten te ferbrekken en harren oarloch te ferfetsjen.

Dy oarloch liket in ferrassend protte op in potsje fuotbal. Blu stiet derop om mei te dwaan, mar hy besljochtet de wedstryd (oarloch) troch in eigen goal te meitsjen. De lytse blauwe ara's ferlieze dêrtroch harren rjochten op it paranutebosk en alle oare leden fan 'e swaarm keare Blu de rêch ta. Nei in heechoprinnende rûzje mei Jewel pakt Blu syn heuptaske en fljocht fuort. Jewel mient dat er har yn 'e steek lit om werom te kearen nei Rio de Janeiro, mar eins hat Blu besletten om noch hurder syn bêst te dwaan om akseptearre te wurden, troch alle minsklike dingen fuort te dwaan. Hy bringt syn heuptaske nei it kamp fan Linda en Túlio, mei de bedoeling om it dêr efter te litten.

As er dêr lykwols arrivearret, treft er it kamp oer de kop helle en fandalisearre oan. Untrêstge giet Blu op 'e siik nei Linda. Roberto, dy't Blu yn opdracht fan Eduardo yn it each hâldt, kom him oer it mad en beskuldiget him derfan dat er de lytse blauwe ara's ferriede wol oan 'e minsken. Op dat stuit boalderet der in bulldozer fan 'e houtsjers foarby, dy't Roberto driget te oerriden. Roberto ferstivet yn panyk en Blu rêdt him it libben troch him oan 'e kant te skuorren. Hy stjoert Roberto werom nei hûs om 'e oaren te warskôgjen, wylst er sels fierder siket nei Linda. As er har en Túlio fêstbûn oantreft, makket er mei syn snaffel koart wurk fan 'e knopen en befrijt er harren.

It is dúdlik dat de Grutte Baas it wengebiet fan 'e bedrige lytse blauwe ara's ferneatigje wol foar't it ta in beskerme natoergebiet ferklearre wurde kin. Mei grut materieel tsjogge de houtsjers op. Linda en Túlio besykje harren om 'e nocht tsjin te kearen. Blu oertsjûget ûnderwilens de oare lytse blauwe ara's derfan dat se harren wengebiet ferdigenje moatte. As de hiele swaarm fanwegen komt om him te warren, krije de lytse blauwe ara's help fan 'e gielwjukara's en de oare bisten fan it reinwâld. Eduardo wurdt út 'e loft plôke troch in grutte grypmasine. Hy falt oer de grûn en driget ferplettere te wurden, mar Linda stelt in skomasine en triuwt de grypmasine fansiden. Túlio weaget syn eigen libben troch tusken beide masines te dûken om Eduardo op te pakken, mei him fuort te draven en him wer frij te litten. De bisten fan it wâld kinne de houtsjers wol oer, mar de Grutte Baas besiket de beammen op te blazen mei dynamyt. Dêrby moat er him lykwols yn it reinwâld weagje, dêr't er ferslynd wurdt troch in boä konstriktor. Op 'e nij komt Blu syn feardichheid mei it losmeitsjen fan knopen fan pas, en hy fljocht fuort mei in lang tou mei ferskate bondels dynamytsteaven deroan.

Nigel sjocht syn kâns skoan en begjint oan it útein fan it tou te skuorren. As it dynamyt ûntploft, wurde Blu en Nigel allebeide in ein fuortblaasd en reitsje se fertize yn lianen. Al hingjend fjochtsje se mei-inoar. Charlie helpt Nigel troch in pylkje op Blu ôf te sjitten dat ynsmaard is mei gif fan Gabi har hûd. Hy rekket lykwols by fersin Nigel, dy't in Shakespeariaanske deadsmonolooch hâldt ear't er yninoar sakket. Gabi besiket dan selsmoard te dwaan à la Romeo en Julia, troch har eigen gif te drinken. Blu syn dochter Bia wiist der lykwols op dat Gabi gjin gifkikkert is, mar in beamkikkert dy't troch mimikry de kleurtekening fan in gifkikkert neibeart. It is neffens har in frij algemien fersin om Gabi har soarte foar in gifkikkert oan te sjen. Dêrop besiket Nigel Blu noch in lêste kear oan te fallen, mar hy wurdt dwerseide troch Gabi, dy't no net mear bang is om him kwea te dwaan troch him fêst te pakken, en him meisleept de ûndergroei yn om 'e leafde te bedriuwen.

Neitiid soargje Linda en Túlio derfoar dat it wengebiet fan 'e lytse blauwe ara's in beskerme status kriget. Blu wurdt fanwegen syn heldedieden no folslein akseptearre troch de swaarm, en Eduardo is ta de konklúzje kommen dat er mis wie: net alle minsken binne kwea. Blu syn domestisearre eigenskippen wurde no as in foardiel sjoen ynstee fan as in neidiel. Blu en Jewel beslute om by de swaarm te bliuwen, hoewol't Jewel, om Blu te skewielen, foarstelt om 'e simmerfakânsjes yn Rio troch te bringen. Underwilens wurde Nigel en Gabi fongen troch Túlio, dy't de ûnôfskiedlike bân tusken in kakketoe en in beamkikkert sa nijsgjirrich fynt, dat er harren op transport set nei Rio foar fierdere bestudearring. Luiz berikt einlings en te'n lêsten it Amazônegebiet, krekt op 'e tiid foar it feest dat Pedro, Nico, Rafael en Bia mei de kandidaten fan harren talintejacht organisearre hawwe.

Jesse Eisenberg.
Anne Hathaway.
Andy Garcia.
haadrollen
personaazje                                                                akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Blu, in lytse blauwe ara Jesse Eisenberg Jamai Loman
Jewel, in lytse blauwe ara, Blu syn wyfke Anne Hathaway Kim-Lian van der Meij


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Eduardo, in lytse blauwe ara, Jewel har heit Andy Garcia Just Meijer
Roberto, in lytse blauwe ara, Jewel har jeugdfreon Bruno Mars Juliann Ubbergen
Nigel, in grutte gieltoefkakketoe Jemaine Clement Marcel Jonker
Gabi, in beamkikkert Kristin Chenoweth Noortje Herlaar
Pedro, in readtoefkardinaal Will.i.am Murth Mossel
Nico, in gielsyske Jamie Foxx Rogier Komproe
Linda Gunderson, Blu syn eardere baaske Leslie Mann Tanja Jess
dr. Túlio Monteiro, in Brazyljaanske ornitolooch Rodrigo Santoro Charly Luske
Rafael, in reuzetoekan George Lopez Hajo Bruins
Carla, in lytse blauwe ara, de âldste dochter fan Blu en Jewel Rachel Crow Pip Pellens
Tiago, in lytse blauwe ara, de soan fan Blu en Jewel Pierce Gagnon Roan Pronk
Bia, in lytse blauwe ara, de jongste dochter fan Blu en Jewel Amandla Stenberg Vajèn van den Bosch
Felipe, de lieder fan 'e gielwjukara's Philip Lawrence ?
Grutte Baas, de lieder fan in yllegale houtkapoperaasje Miguel Ferrer ?
muoike Mimi, in lytse blauwe ara, de muoike fan Jewel Rita Moreno ?
Luiz, in Ingelske bulldog Tracy Morgan Bas Keijzer
Fernando, in strjitjonge Jake T. Austin Dioni Jurando
dokter Monae, in bistedokter Janelle Monáe ?
nijslêzeresse Natalie Morales ?
Eva, in swevelboarsttoekan Bebel Gilberto ?

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rio 2 wie in ferfolchfilm, dy't makke waard op basis fan it súkses fan Rio, út 2011. Rio 2 waard, krekt as syn foargonger, regissearre troch Carlos Saldanha. Dyselde wurke diskear nei in senario fan Don Rhymer, Carlos Kotkin, Jenny Bicks en Yoni Brenner op basis fan in idee fan himsels. As produsinten wiene Bruce Anderson en John C. Donkin by it projekt belutsen foar de filmstudio's Blue Sky Studios en 20th Century Fox Animation. Foar de film wie in budget beskikber fan $103 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Renato Falcão, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell.

De distribúsje fan Rio 2 waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 20 maart 2014 yn Miami yn premiêre, en iepene dêrnei op 11 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 25 maart by platemaatskippijen Atlantic Records en Fox Music. Rio 2 kaam op 15 july 2014 út op dvd en blu-ray.

Rodrigo Santoro, de stim-akteur dy't de dialooch fan Túlio ynspriek, mei Sérgio Mendes, dy't de soundtrack fan Rio 2 produsearre, by in promoasje-evenemint foar de film.

Fan 'e filmkritisy krige Rio 2 mingde resinsjes. Yn The Hollywood Reporter skreau Justin Lowe: "Dizze rumble in the jungle foeget in kleurrike cast fan reinwâldwêzens ta oan it oansteklike gefoel fan lichthertigens dat dizze franchise hat." Justin Chang fan Variety skreau: "Húslike en ekologyske drama's binne der by 't folop yn dizze fel kleure, lûdroftige, te fol troppe ferfolchfilm." Yn 'e krante USA Today joech Claudia Puig Rio 2 in skoare 2 fan 4 stjerren. Hja skreau: "[De film] tilt op fan 'e kleurrike animearre pracht en preal en komplekse musicalnûmers, mar it swalkjende, hektyske, sij it goedhertige, ferhaal liket nearne nei." Richard Corliss fan it tydskrift Time joech de film wol in positive resinsje. Hy skreau "Sels as er ûnferfine en berekkenjend is, is dit noch entûsjast fermaak dat de bern tefredenstelle sil. Fertel harren allinne net dat de Rio-films musicalkomeedzjes binne oer in fûgelgenoside."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rio 2 in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 112 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Lykas de measte ferfolchfilms nimt Rio 2 it sjabloan fan syn foargonger oer en besiket dat grutter te meitsjen. Dat betsjut dat [dizze film] sels noch drokker, kleurriker en úteinlik wurchmeitsjender is foar sjoggers dy't net ta de jeugdige doelgroep hearre." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rio 2 in goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 34 resinsjes.

Rio 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $131,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $368,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $499,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $103 miljoen betsjut dat in winst fan $396,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Rio 2 waard nominearre foar de Satellite Award foar bêste orizjinele liet (What is Love? fan Janelle Monáe), foar de People's Choice Award foar favorite famyljefilm en foar de Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm. De film waard teffens nominearre foar fjouwer Annie Awards.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.