Miguel Ferrer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Miguel Ferrer
MiguelFerrer.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Miguel José Ferrer
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 7 febrewaris 1955
berteplak Santa Monica (Kalifornje)
stoarn 19 jannewaris 2017
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of Ireland.svg Iersk
Flag of England.svg Ingelsk
Flag of Puerto Rico.svg Portorikaansk
jierren aktyf 19812017
prizen SAG Award 2000
offisjele webside
Miguel Ferrer op Twitter

Miguel Ferrer (folút: Miguel José Ferrer; Santa Monica (Kalifornje), 7 febrewaris 1955Los Angeles, 19 jannewaris 2017) wie in Amerikaansk akteur fan mingd blank en Latino-komôf. Hy stie benammen bekend om syn spyljen fan smjunterollen, lykas Bob Morton, de ûntwerper fan it titelpersonaazje yn 'e film Robocop, dêr't er yn 1987 mei trochbriek. Oare bekende rollen hie Ferrer yn 'e films Mulan en Rio 2, en yn 'e tillefyzjesearjes Twin Peaks, Crossing Jordan en NCIS: Los Angeles.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferrer waard yn 1955 berne yn Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan akteur en Oscarwinner José Ferrer, dy't fan Portorikaansk komôf wie, en dy syn frou, de sjongster Rosemary Clooney, dy't Dútske, Ierske en Ingelske foarâlden hie. Hy wie de âldste fan fiif bern, mei twa jongere susters, Maria en Monsita, en twa jongere bruorren, Gabriel (dy't letter trouwe soe mei sjongster Debby Boone) en Rafael, dy't krekt as hysels akteur waard. Ferrer wie in folle neef fan akteur George Clooney en in omkesizzer fan 'e sjoernalist Nick Clooney. Hy groeide op yn Hollywood, dêr't er yn syn tinerjierren as drummer yn it bandsje Seduction of the Innocent spile, mei Bill Mumy, Steve Leialoha en Max Allan Collins.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferrer begûn yn 'e iere 1980-er jierren oan in wurkpaad as akteur doe't syn maat Bill Mumy him as drummer caste yn 'e tillefyzjesearje Sunshine. Yn 1981 spile er de jongere foarm fan it personaazje fan syn heit yn 'e detektivesearje Magnum, P.I. en yn 1983 krige er in lyts roltsje taparte as in ober yn 'e film The Man Who Wasn't There. Ek hied er in lyts roltsje yn 'e science fiction-film Star Trek III: The Search for Spock (1984), as de roerman fan 'e U.S.S. Excelsior. Oare lytse roltsjes út syn begjintiid as akteur hie Ferrer yn 'e plysjesearjes Cagney & Lacey en Hill Street Blues.

Syn trochbraak kaam yn 1987, doe't er yn 'e aksjefilm Robocop de kokaïnesnuvende sakeman Bob Morton spile, it kweade genius efter de ûntwikkeling fan it ta cyborg makke titelpersonaazje. Neitiid wied er faker te sjen yn smjunterollen: as in sinistere motorrider yn Valentino Returns (1988), in oeriverige yngenieur yn DeepStar Six (1989), en in fernimstige figilante yn Revenge (1990). Fierders spile er ek yn 'e filmkomeedzje Hot Shots! Part Deux (1993), mei Charlie Sheen, en yn 'e minysearje The Stand (1994), nei in boek fan Stephen King. Yn 'e horrorfilm The Night Flier (1997), oer in al te nijsgjirrige sjoernalist dy't in fampier efter de hakken sit, hie Ferrer de haadrol.

Begjin jierren njoggentich wie Ferrer te sjen yn trije populêre tillefyzjesearjes tagelyk: as ofsier fan Justysje Todd Spurrier yn Shannon's Deal (1989-1991), as de Cajun-plysjeman Beau Jack Bowman yn Broken Badges (1990-1991) en as de synyske gerjochtlik ûndersiker foar de FBI Albert Rosenfield yn 'e kultsearje Twin Peaks. Dy lêste rol spile fertolke Ferrer ek yn 'e film Twin Peaks: Fire Walk with Me (1992).

Yn 'e pilotôflevering foar de mislearre searje Justice League of America, út 1997, spile er in supersmjunt dy't himsels 'de Waarman' (the Weatherman) neamde. Letter datselde jiers joech er syn stim oan in ferlykber personaazje, de 'Waartsjoender' (Weather Wizard), yn 'e ôflevering Speed Demons fan 'e tekenfilmrige Superman: The Animated Series. Yn 1999 liende er syn stim oan 'e superheld Aquaman yn 'e ôflevering A Fish Story fan deselde searje. Letter dat jiers waard er nominearre foar in Grammy Award foar it ynsprekken fan it bêste audioboek foar bern, ntl. The Lion King II, fan 'e Disney Studios. Ferrer syn bekendste stimrol hied er lykwols yn 'e Disney-film Mulan, út 1997, wêryn't er de rol fan 'e Hunske lieder Shan Yu fertolke.

Yn 'e tillefyzjesearje Crossing Jordan, dy't rûn fan 2001 oant 2007, spile Ferrer de rol fan dokter Garret Macy, in patolooch-anatoom. Yn 2003 makke er syn debút as toanielakteur yn New York yn 'e off-Broadwayproduksje fan it toanielstik The Exonerated. It jiers dêrop wied er as stimakteur belutsen by de de produksje fan it fideospultsje Halo 2. Fierders died er de voice-over foar de tekenfilmsearjes Robot Chicken yn 2006 en American Dad! yn 2007.

Yn 2011 spile Ferrer yn it plysjedrama The Protector de rol fan 'e Los Anzjelynske plysjeresjersjeur Felix Valdez. Fierders hied er datselde jiers in weromkearende rol yn it lêste seizoen fan 'e soapsearje Desperate Housewives. Yn 2012 hied er in weromkearende rol as adjunkt direkteur Owen Granger fan 'e NCIS (de eigen resjerzje fan 'e Amerikaanske Marine) yn 'e plysjesearje NCIS: Los Angeles. Dy rol waard yn 2013 omset ta in fêstenien, wêrmei't Ferrer in fêst lid fan 'e cast waard. Dat soed er bliuwe oant syn ferstjerren. Ek wurke er mei oan 'e film Iron Man 3, út 2013, en wied er noch te sjen yn 'e revival fan 'e searje Twin Peaks yn 2017.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miguel Ferrer kaam op 19 jannewaris 2017 yn syn wente yn Los Angeles te ferstjerren oan kielkanker. Hy waard 61 jier.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.