Springe nei ynhâld

Justin Chang

Ut Wikipedy
Justin Chang
persoanlike bysûnderheden
echte namme Justin Choigee Chang
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 jannewaris 1983
berteplak Súdlik Kalifornje
etnisiteit Sineesk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
Justin Chang yn 'e IMDb

Justin Chang (folút: Justin Choigee Chang; Súdlik Kalifornje, 3 jannewaris 1983) is in Amerikaansk sjoernalist, dy't bekend wurden is yn syn hoedanichheid fan filmkritikus foar it tydskrift Variety en de krante de Los Angeles Times.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chang waard yn 1983 berne yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje en is fan etnysk Sineesk komôf. Hy krige foar it earst belangstelling foar filmkrityk doe't er op 'e middelbere skoalle siet en opmurk dat (yn syn eigen wurden) "twa of trije [...] yntelliginte minsken [deselde] film sjen en nei ôfrin folslein ferskillende reäksjes hawwe koene." Chang learde fierder oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC), yn Los Angeles, dêr't er yn 2004 ôfstudearre.

Neitiid waard er as sjoernalist oannommen by it tydskrift Variety, dêr't er yn 2010 filmkritikus waard en yn 2013 haadfilmkritikus. Yn 2011 skreau er it non-fiksjeboek FilmCraft: Editing oer syn wurk. Yn 2016 stapte er oer nei de krante de Los Angeles Times, dêr't er filmkritikus waard njonken û.o. Kenneth Turan.

Chang wûn yn 2014 foar syn wurk de earste Roger Ebert Award, in priis dy't ferneamd is nei de foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert (1942-2013). Hy is belutsen by ferskate Amerikaanske ferienings fan filmkritisy. Anno 2017 wied er tagelyk foarsitter fan 'e National Society of Film Critics en sekretaris fan 'e Los Angeles Film Critics Association. Yn 2018 makke Chang yn in artikel yn 'e Los Angeles Times bekend dat er as kristen problemen hie mei de (yn syn eagen) tige minne films dy't de Amerikaanske filmyndustry oer bibelske ûnderwerpen produsearret.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.