Springe nei ynhâld

Noortje Herlaar

Ut Wikipedy
Noortje Herlaar
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeNoortje Herlaar
nasjonaliteit Nederlânsk
berne22 april 1985
berteplakFlaardingen (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf2003 – no
offisjele webside
www.noortjeherlaar.nl

Noortje Herlaar (Flaardingen, 22 april 1985) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje-, film-, musical- en stimaktrise. Hoewol't se al sûnt 2003 as aktrise aktyf wie, waard se yn 2010 bekend by in breder publyk doe't se de finale wûn fan 'e talintejacht op tillefyzje Op Zoek naar Mary Poppins. Dêrtroch mocht sy de titelrol op har nimme yn 'e musical Mary Poppins, dy't yn 2010 en 2011 yn it Circustheater yn Skeveningen te sjen wie.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Herlaar waard yn 1985 berne yn it Súdhollânske Flaardingen. Hja groeide op yn Maasslûs en siet dêr fan har fjirde ôf op 'e pleatslike balletskoalle. Se gie nei de middelbere skoalle oan it Stedsk Gymnasium Skiedam, dêr't se yn ferskate skoallefoarstellings spile. Underwilens folge se yn har frije tiid seis jier lang lessen oan 'e Jeugdteäterskoalle Hofplein yn Rotterdam. Yn 2003 begûn Herlaar oan in oplieding oan 'e Muzykteäterakademy fan it Rotterdamsk Konservatoarium. Se studearre dêre yn juny 2007 ôf mei har solofoarstelling La Vie en Rose, dêr't se û.m. mei te sjen wie yn it Comedy Theater yn Amsterdam.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ôfrûnjen fan har stúdzje gie Herlaar as aktrise oan it wurk by it toanielselskip Theater Terra, dêr't se har earste rol hie yn 'e omreizgjende famyljefoarstelling Matroos in de Doos, nei in boek fan Daphne Deckers. Yn 2008 waard se cast as Lisa Houseman yn 'e musical Dirty Dancing, fan Joop van den Ende Theaterproducties. Dy rol soe se mear as in jier spylje yn it Beatrix Theater te Utert. Yn septimber en oktober 2009 wie se te sjen yn ien fan 'e haadrollen fan 'e musical Urinetown – Zeikstad.

Yn 2010 wûn Herlaar de troch de AVRO op 'e tillefyzje útstjoerde talintejacht Op Zoek naar Mary Poppins, wêrby't in haadrolspylster foar de musical Mary Poppins fan Joop van den Ende Theaterproducties socht waard. Dêrtroch mocht sy de titelrol op har nimme yn dy musical, dy't yn 2010 en 2011 yn it Circustheater yn Skeveningen te sjen wie. Op 7 juny 2010 waard bekendmakke dat Herlaar foar har rollen yn Urinetown en Mary Poppins de John Kraaijkamp Musical Award wûn hie yn 'e kategory oanstoarmjend talint.

Noortje Herlaar yn 2010.

Mei û.o. Johnny Kraaijkamp jr. spile Herlaar yn 2011 yn 'e musical De Producers, dy't lykwols flopte en in wike nei de premiêre stopset waard. Yn 2012 hie se de rol fan Stephanie Mangano yn Saturday Night Fever, op 'e nij in musical fan Joop van den Ende Theaterproducties. En yn 2014 en 2015 fetolke se de titelrol yn 'e musical Agnes van God, in produksje fan Albert Verlinde.

Op 'e tillefyzje wie Herlaar al sûnt har stúdzjetiid te sjen yn reklamespotsjes fan û.m. Reebok, Danone en KPN. Yn 2009 liende se har stim oan ien fan 'e personaazjes yn 'e tekenfilmsearje My Little Pony: Vriendschap is Betoverend. As live-action-tillefyzje-aktrise makke se har debút yn 2010, mei in gastrol yn 'e searje ’t Spaanse Schaep. Yn 2012 waard se bekend by in breder publyk troch har rol as Jeanne van Woerkom yn 'e populêre rige Moeder, Ik Wil bij de Revu. Dêrfoar waard se yn 2013 nominearre foar in Gouden Keal.

Foar har fertolking fan sjongster Liesbeth List, yn 'e minysearje Ramses, út 2014, wûn Herlaar yn 2015 ien fan De TV-Beelden. Oare tillefyzjesearjes dêr't Herlaar yn spile, wiene û.m. Bloedverwanten, Het Sinterklaasjournaal en De Zaak Menten. Yn 2016 spile se de rol fan 'e dokter yn 'e searje De Mannen van Dokter Anne. Fierders spile se yn febrewaris 2016 mei û.o. Jeroen Spitzenberger yn 'e telefilm Bouquetreeks De Film: Trots en Verlangen. Fierders wie se ek te sjen yn 'e searjes De 12 van Oldenheim (2017) en Zuidas (2018).

Op it wite doek makke Herlaar har debút yn 2014, yn 'e film Wonderbroeders. Oare films dêr't se yn te sjen wie, wiene Paradise Trips (2015), De Zevende Hemel (2016) en Toen Mijn Vader een Struik Werd (2016). Yn Knielen op een Bed Violen (2016), de ferfilming fan 'e bestseller mei deselde namme fan Jan Siebelink, en yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje The Hitman's Bodyguard spile Herlaar mei har freon Barry Atsma. Yn 2020 wûn se in Gouden Keal foar har rom as Margot yn 'e film Kapsalon Romy.

Fierders ferliende Herlaar as stimaktrise har meiwurking oan 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje fan tekenfilms as Toy Story 3 (2010), Hawaiian Vacation (2011), Gnomeo & Juliet (2011), Frozen (2013), La Belle et la Bête (2014), Rio 2 (2014), Kubo and the Two Strings (2016), Ralph Breaks the Internet (2018) en Frozen 2 (2019).

Herlaar hat sûnt novimber 2015 in relaasje mei akteur Barry Atsma. It pear hat twa bern.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2008Slim PigMuisas stimaktrise
2008Dibo, the Gift DragonAnnieas stimaktrise yn in bernesearje fan Nickelodeon
2008The Saddle ClubDeborahas stimaktrise, realitytillefyzjesearje fan Nickelodeon
2009My Little Pony: Vriendschap is Betoverend  Cheerileeas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2009Phineas and Ferbûnbekendgastrol as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2009The TroopHayleyas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring fan
2010’t Spaanse SchaepDebbiegastrol, 1 ôfl.
2012Moeder, Ik Wil bij de RevueJeanne van Woerkomminysearje
nom. Gouden Keal foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjeprogramma
2013CharlieMelissagastrol; 1 ôfl.
2014RamsesLiesbeth Listminysearje
2014BloedverwantenSanne Mokfêste rol yn seizoen 3
2014Crossing LinesAnke Joostenminysearje
2016Sinterklaasjournaaljuf Katrijngastrol; 1 ôfl.
2016De Zaak MentenBetty Knoopminysearje
2016De Mannen van Dokter Annedokter Anne Hazenberghaadrol
2017B.A.B.S.Renate (Noortje Herlaar-lookalike)  weromkearende rol; 4 ôfl.
2017De 12 van OldenheimPeggy Jonkersminysearje
2018ZuidasLavinia Vermeerweromkearende rol; 8 ôfl.
2018LoisLois Elzingaminysearje
2020The Masked Singerfokstillefyzjekwis
2022The PassionMarijetillefyzjespecial, musical
films
2006Het Kleine Spookje LabanLabolinaas stimaktrise
2010Toy Story 3Barbieas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011The Muppetsresepsjoniste fan Miss Piggyas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011Hawaiian VacationBarbieas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011Gnomeo & JulietJulietas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2013FrozenAnnaas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014WonderbroedersJessica
2014La Belle et la BêteBelleas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014Rio 2Gabias stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2015Hotwaxfroukoarte film
2015Paradise TripsMiranda
2016Knielen op een Bed ViolenMargje
2016De Zevende HemelJulia
2016Toen Mijn Vader een Struik WerdToda's mem
2016Trots en VerlangenDominique
2016Kubo and the Two Stringsde sustersas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017The Hitman's Bodyguardgriffier fan it ICC
2018Mary Poppins ReturnsMary Poppinsas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2018Ralph Breaks the InternetAnnaas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2019Het Irritante Eilandheks Amarantha
2019Kapsalon RomyMargotGouden Keal foar bêste aktrise
2019Frozen 2Annaas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2020Op Gepaste AfstandEefkoarte film
2021Just Say YesEstelle
2022Soof 3dokter Dickhoff
2022The TakeoverLinde van Erp
2022Ome Corkassiêre fan 'e supermerk

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.