Langpoatmûsgoffer

Ut Wikipedy
langpoatmûsgoffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûsgoffers (Heteromyidae)
skaai glêdhierrige mûsgoffers
   (Perognathus)
soarte
Perognathus longimembris
Coues, 1875
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De langpoatmûsgoffer (wittenskiplike namme: Perognathus longimembris), ek wol langpoatwangpûdmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus), dat lânseigen is yn dielen fan it westen en it súdwesten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en yn it noardwesten fan Meksiko. It is in lyts, omnivoar nachtdierke, dat winterdeis in wintersliep hâldt en sadwaande inkeld aktyf is yn it simmerhealjier. It hat grutte, oprekbere, eksterne wangpûden dy't it brûkt om fretten te sammeljen en mei werom te nimmen nei syn hoale. De IUCN klassifisearret de langpoatmûsgoffer as net bedrige. Langpoatmûsgoffers binne yn it ferline yn it romtefeartprogramma fan 'e NASA ferskate kearen brûkt as proefdieren.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langpoatmûsgoffer is lânseigen yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje en in pear lytse grinskriten yn it uterste noardwesten fan dyselde steat, en fierdersoan yn hast hiel Nevada, it súdeasten fan Oregon, it súdwesten fan Idaho en it westen fan Utah en Arizona. Dêrnjonken komt dizze soarte ek foar yn it uterste noardwesten fan Meksiko: yn 'e Sonoarawoastyn en it noardlike diel fan it Kalifornysk Skiereilân.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langpoatmûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 5,4–7,6 sm, mei in sturtlingte fan 5,4 sm en in gewicht fan 8–8,6 g. Hy hat in brune pels dy't op 'e bealch ljochter útskaait, yn 'e rjochting fan ljochtgriis of krêm. De lytse kraaleachjes binne hielendal swart.

Ien fan 'e apartste anatomyske nuveraardichheden fan 'e langpoatmûsgoffer (en alle oare mûsgoffers) binne har ekterne wangpûden. Dy sitte net yn 'e mûle, mar ynstee oan 'e bûtenkant fan 'e kop, oer de wangen hinne en sa fierder nei efteren rinnend oant de sydkanten fan 'e hals. De iepenings sitte oan 'e foarkant, deunby de bek. De wangpûden binne oan 'e binnenkant begroeid mei hier en kinne binnenstbûtenst keard wurde om se skjin te hâlden.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It natuerlike biotoop fan 'e langpoatmûsgoffer is subtropysk drûch leechlein greidlân.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langpoatmûsgoffer is in nachtdier, dy't benammen tige aktyf is yn 'e earste pear oeren nei sinne-ûndergong. De rest fan 'e nacht komt er mar sporadysk fanwegen. Hy bringt it winterhealjier yn wintersliep troch en is sadwaande inkeld op 'e lapen fan april oant en mei novimber. De populaasje, dy't by 't winter ynkrompen is trochdat in protte bistkes kjeld en predaasje net oerlibbe hawwe, wurdt yn 'e maityd gau wer opboud oant er yn juny en july in maksimale grutte berikt.

De draachtiid duorret by de langpoatmûsgoffer 22 dagen. In wyfke smyt jiers yn trochsneed 11/4 nêst jongen. De nêstgrutte bedraacht ornaris 5 jongen, of dêromtrint, dy't by de berte neaken en blyn binne en mar 0,9 g weagje. Se bliuwe by de mem oant se mei 28 dagen, wannear't se healwoeksen binne en 4 g weagje, ôfwûn wurde.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Langpoatmûsgoffers ite behalven sied en oare dielen fan planten ek lytse wringeleazen. Se kinne dêrom as omnivoaren beskôge wurde. Har fretten lade se yn har wangpûden en nimme se op dy manear mei werom nei har hoale om in foarried oan te lizzen foar kâld of min waar.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De langpoatmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Proefdier yn 'e romtefeart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiif langpoatmûsgoffers, oan wa't de nammen jûn waarden fan Fe, Fi, Fo, Fum en Phooey, reizgen yn desimber 1972 as proefdieren nei de moanne mei de Apollo 17-misje fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA. Se rûntsjedraaiden 75 kear om 'e moanne foar't se nei de Ierde weromkearden. Fjouwer fan 'e bistkes oerlibben de reis. Seis oare langpoatmûsgoffers waarden yn july 1973 nei in baan om 'e Ierde stjoerd mei de Skylab 3-misje, mar kamen al nei 30 oeren om, doe't de stroom útfoel en de apparatuer dy't harren yn libben hold, ophold fan funksjonearjen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pasifyske mûsgoffer (Pergnathus longimembris pacificus) is in ûndersoarte fan 'e langpoatmûsgoffer dy't lanseigen is by de Pasifyske kust fan Súdlik Kalifornje lâns. Dit bistke ferkeart yn swierrichheden trochdat syn ferspriedingsgebiet gearfalt mei ferskate fan 'e grutste stêdekloften fan 'e Feriene Steaten, te witten dy fan Los Angeles en fan San Diego. Oant 1993, doe't der in lytse populaasje werûntdutsen waard, mienden mammalogen dat de ûndersoarte al útstoarn wie. De IUCN klassifisearret de Pasifyske mûsgoffer as "bedrige".

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.