Sword and planet

Ut Wikipedy

Sword and planet (Ingelsk foar "swurd en planeet"; útspr.: [sɔː(ɹ)dændˈplænət], likernôch: "sôr-dent-plen-nut") is in subsjenre fan science fiction dat bestiet út spannende aventoerefiksje mei as setting oare planeten en as protagonist(en) yn 'e regel minsken. Dit subsjenre ûntlient syn namme oan it feit dat de haadpersoanen faak tarist binne mei blanke wapens lykas swurden, dy't blykber tsjin in heechtechnologyske eftergrûn noch altyd yn gebrûk binne, faak njonken laserpistoalen. Sword and planet datearret fan foàr de heechtijdagen fan 'e mainstream science fiction yn 1950-er en 1960-er jierren, en befettet net needsaaklikerwize in protte wittenskip (science), mei't it mear giet om romantyske fiksje (fiction) dy't eins mear besibbe is oan aventoereferhalen. Sa wurdt bgl. mar komselden útlein wêrom't it miljeu op in bûtenierdske planeet te ferienigjen is mei libben (d.w.s. de minskheid) dat him ûntjûn hat op 'e Ierde. Ek sjocht men gauris dat de technology fan 'e beskreaune bûtenierdske beskavings de bekende natoerwetten brekt.

Der binne ferskate wurken dy't, derop weromsjend, oantsjut wurde kinne as foarboaden fan it subsjenre, lykas Across the Zodiac fan Percy Greg (1880) en Lieut. Gullivar Jones: His Vacation (yn 'e Feriene Steaten publisearre as Gulliver of Mars) fan Edwin Lester Arnold (1905). A Princess of Mars, fan Edgar Rice Burroughs, wurdt lykwols rûnom beskôge as it earste echte en grûnslachlizzende wurk fan sword and planet. Dy roman kaam yn 1912 út as fúljeton yn it Amerikaanske pulpblêd All-Story, ûnder de oarspronklike titel Under the Moons of Mars. De term 'sword and planet' liket yn 'e 1960-er jierren, doe't it subsjenre in oplibbing trochmakke, betocht te wêzen troch de Donald A. Wollheim, in redakteur by de Amerikaanske útjouwerij Ace Books, dy't letter syn eigen bedriuw begûn mei DAW Books.

Der bestiet frijwat oerlaping tusken sword and planet en in oar subsjenre fan science fiction, planetary romance. Wurken kinne faak ta beide subsjenres rekkene wurde, mar net altyd. Planetary romance hat ynfloeden fan A Princess of Mars en soartgelikense wurken ûndergien, mar de setting is moderner en mear konsekwint technologysk ûntwikkele. Sword and planet beart op folle direktere wize de konvinsjes nei dy't troch Burroughs yn syn Barsoom-romansearje oer it libben op Mars fêstlein waarden. Sa is faak de haadpersoan de iennichste Ierdling en binne swurden de wapens dêr't de foarkar oan jûn wurdt. Hoewol't de bûtenierdske planeet dêr't it ferhaal spilet oer heechûntwikkele technology beskikt, wurdt dy mar yn beheinde mjitte brûkt en inkeld om 'e plot foarút te helpen of om 'e klam te lizzen op 'e swidens fan 'e setting. Dêrtroch sil de bûtenierdske planeet oer it algemien primitiver as de Ierde lykje en Midsiuwsk oandwaan. Sa ûntsteane anagronistyske sitewaasjes, wêrby't bgl. fleanende skippen yn 'e loft holden wurde troch anty-graviteitstechnology, wylst foar reizgjen op 'e grûn noch domestisearre ryddieren brûkt wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.