Aventoereroman
In aventoereroman is in literêr sjenre mei as haadtema in aventoerlike en spannende útdaging, dy't foar de haadpersoan(en) aksje, risiko's en fysyk gefaar fan gefolgen hat. De aventoereroman bestiet al salang't der fiksje west hat; de Odyssee fan Homêros, út ±750 f.Kr., soe bygelyks as aventoereroman lêzen wurde kinne. De plot fan aventoereromans kin yn 't koart sa beskreaun wurde: de held(inne) giet op reis, rekket yn gefaar, mar oerwint úteinlik alle obstakels, en keart triomfearjend werom nei hûs.
Der bestiet in oansjenlike oerlaping fan 'e aventoereroman mei oare literêre sjenres, benammen mei de oarlochsroman, de maritime roman en de misdieroman, mar ek mei in protte wurken dy't ta de science fiction, fantasy, horror en western hearre. Ferneamde foarbylden fan aventoereromans binne Voyage au Centre de la Terre ("Reis nei it Mulpunt fan 'e Ierde"), Vingt Mille Lieues sous les Mers ("Tweintichtûzen Milen ûnder See") en Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours ("In Wrâldreis yn Tachtich Dagen"), alletrije fan 'e Frânske skriuwer Jules Verne, en The Lost World, fan 'e Britske auteur Arthur Conan Doyle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |